MYN REIS MEI PARSOP NEI STED.

Us Lânhearre forhelle my ris, det men fen parren wyn meitsje koe as

oalje, en om ’t ik de romt’ fen parrebeammen yn ’t hôf hab, sei ik

forline moandei tsjin myn wiif: ik scil Lânhearre de eagen ’ris

útstrike. Ik naem in fetsje fol parren, en treau se twiske twa toellen

út, ik liet it sop troch in broudoek rinne, en tape ’t yn in flesse. De

oare moarns teach ik mei dy flesse en trije hûndert goune lânshier nei

stêd.

Daelk dêr ik de Easterpoarte yn stoep, stie in man mei in spaensk reid,

dêr in silveren keatting oan en in passeleinen knop op siet, yn ’e hân;

dy seach my oan as in earn en frege rimpen: _Heb je daar water,

boer?_—Wetter, man! hwet wetter? frege ik.—_Ziekewater_, sei de man.—Yn

dy flesse, mien’je? né man, dat is parsop.—_Zoo, dat is wat anders_,

sei de man; hy seach de poarte út, en sei: _het is niet best te gaan,

boer_.

[Yllustraasje: DE EASTERPOARTE TO SNITS.]

Fiif húzen fierder stie in oaren ien, en dat wier der al wer: _Wat heb

je in die flesch, boer?_—Neat Hear! sei ik.—_Wat duwel, dat is in raar

antwoord; jou heb er dochs wat in._—Nou ja, sei ’k, as je ’t krekt

witte wolle, parsop for ús Lânhearre.—_Zoo, krekt, dat is zoo, vraag

excuus; in sludderich weertje, he?_—en dêrmei gong hy fierder nei de

poarte.

Nei ’t ik op ’e Easterdyk noch in kear oanraemd wier om de flesse, kaem

ik bihâlden en wol yn ús kertier op ’e pôle. Dêr sieten twa

fellekeapers mei in bûterkeaper to redenearjen oer Domenijs-earlikheit,

konsjinsje en gnap biteljen. Ik sette myn parsop yn ’t finsterbank en

sei: dêrmei kom ik wer; ik scil my gau skearre litte.—Do ik wer kaem,

seach ik in pear spjochtige keardels mei de flesse skodzjen en

wrakseljen; den digere de iene der troch, en den de oare; en hja

gloerden der sa fûlbandich troch eft ’er in sekje sechstehealen út to

skoerren wier. Ik sei, dat is in divels wirk, hwet wolle jimme mei dy

flesse?—_Is ’t van jou zelfs, boer, of van jou vrouw?_ fregen se.—It is

úzers mei eltsoar, sei ik; parsop, dat ús Lânhearre habbe scil.—Mei ien

seagen se ús master mei de inketkanne reisgjen; en dêr fleagen se op

ta, det se hast oer eltsoar hinne trûzelen. Bliid det ik ’er ôf wier.

Heare, kasteleinske, sei ik, hwet is der dochs geande yn ’e stêd? Ik

bin hjir wol ’ris mei ’n mirdefel hinne tein, det my in heal snies

smouzen oan ’t baitsje hingene, ear ik de stêd troch de mist sjen koe,

mar noait hab ik it sa sjoen, as hjoed mei dy flesse; miene se det de

boeren de stêdsljue forjaen wolle, ef is ’t oars hwet? dat binne der

nou al fiif dy oan dy flesse toarnd ha? hwet hâldt dat yn?—Ei, dat scil

ik je sizze, myn goede man, sei it wyfke. Folle nearringen binne slop,

en mei dat wiete waer de ierdappels djûr, en nou de bûter de hele

simmer sa goekeap is, is ’t net better. Om koart to gean, wy habbe hjir

rom genôch dokters, en dat scoe oars wol gean om oan ’t brea to kommen,

as de mâlktapers hjar mâlke en sûpe forkoften sa se ried en foer; mar,

noed fen hjar mingers steande, smite se der in treddepart wetter

yn;—nou kin lyts en great it fortarre en krije selde in mismiel. Koen’

de dokters lyk as de ljue dy oansteld binne, om de iene d’oare de bûter

en tsjiis ta to weagen, fen beide kanten fen ’e evenar hwet gnobje as

hjar traktemint to lyts is om ’er earlik lâns to kommen, den wier it

hwet oars, mar nou moatt’ se ’er op út, ef de stôk yn ’e hals; en dy de

ljue de kwalen by sekfollen út it wetter oplêze kin, en bêst to foaren

lige doar mei in from gesicht, dy giet ’er mei op. It is in bidroefd

krús.—Ja, mar wyfke, sei ik, goede dokters habb’ jimme net licht to

folle.—Dat sizz’ je wol, man, sei se, mar hwer fyn’ jy se allegearre

goed, dêr sa ’n keppel binne? d’iene houn wirdt mei d’oare fûl.—In

slachter, dy syn healfearntsje dêr naem en der ’ris raer mei de greate

bile ynhouwe kin, sei: ik bitrou se bêst; ik hab ’ris mei in miel fen

in âld baerch, dy ik d’oare deis slachte en yn ’t sâlt lein hie, nei ’n

dokter west, om ris to sjen, hwet er dêr út meitsje scoe, en it earste

wier: _Pas vroeg man, vier dagen later had het mis weest! De patient

leit, hé!_ Ja dokter, as in stien. _Geen eetlust?_—Né, dokter.—_En het

andere wil ook niet?_ Glêd dien, dokter.—_De tong beslagen?_—Sa ’n

minsketonge habb’je noait sjoen, dêr is er dokter; en dêr mei lei ik de

baergetonge op ’e tafel, en spile hakken op.

Rimen en Teltsjes · 第 228 / 279 题