MINNE JORRITS REIS NEI IT KOLLUMER OPROER YN 1797.

Laat dwazen om den vorm van ’t hoog bewind vrij kampen,

Die ’t best gehandhaafd wordt, voorkomt het best ’s lands rampen.

Bilderdijk.

Lansljue!

It scoe lykje kinne, det ik mei it forhael yn dizze blêdden alle

forbettering en foroaringe yn de steat fen ús lân as onnedich, ja sels

as bilaeitsenswirdich yn it iepenbier ten toan stelle woe.

Né, it is my to dwaen, om ljue, dy nediger by hjar wirk binne, ôf to

hâlden fen dingen, dêr hja gjin forstân fen hawwe; hwent hja binne

dochs meastal to biskouwen as de smid, dy it gleone izer út it fjûr

hellet, om mei swier wirk der in fatsoen oan to jaen, wylst in loaije

mar slimme jonge oan de pûster stiet, om it fjûr oan to treasten.

It gemien stiet oan it ambyld en de greaten oan de pûster.

De forkiezingen binne nou hwet se wêze moatte. De deadsliep, dêr it

folk tritich jier yn laein hat, is oer; der is libben yn ús folk komd,

en dat is goed. Lit ús hoopje det it jinge yn oare lânnen mei bloed en

geweld to rjuchte komt, hjir yn ús lân mei in sêfte en bidaerde sin yn

it libben komme mei.

Der binne ljue genôch yn ús lân, dy graech seagen det jimme clubs

oprjuchten, lyk as ’er ien yn dit boekje biskreaun stiet, en dy graech

seagen det jimme de wevers en de skoenmakkers nei Ljouwert stjûrden, om

yn de staten to sitten, en det jimme de boeren after it mjukskret wei

hellen en yn den Haech brochten, om it lân mei to bistjûren, om sa

dwaende de boel oer de kop to jeijen. Wêz’ foarsichtich! spegelje jimme

oan de Bataefske republyk. It net fen aristocratie en fen nepotismus,

dêr jimme sa lang ûnder biflapt west hawwe, is britsen; de tsjoele is

stikken, mar de simmen wirde yet troch de machtigen fen it lân fêst

hâlden. Fiskjes! stek net to fier yn it fjild, de snoeken loere yette.

Friezen! ik bin nou griis wirden; ik suchtsje mei jimme ûnder de twang

fen forjierre ynstellingen en hege, hege lêsten, mar ik bin yette

deselde as foar trije-en-tritich jier, do ik yn Heidelberch by de

Burschenschaft mei fjûr en foarsje song:

“Und noch regt sich mit Adlers Schwung

Der vaderländ’sche Geist,

Und noch lebt die Begeisterung

Die alle Ketten reisst.”

1851

Minne Jorrits wier in boeresoan, dy yn Goijengamieden wenne. Syn âlders

wierne bêste, froede ljue fen de âlde styl, âld gereformeard en goed

prinsgesind. Mar Minne wier troch it krantsjen, dat er folle die as er

to Snits kaem, en binammen troch it praet fen Binnert-om, syn memme

broer, dy to Drylst wenne, alleheel en al omkeard. Hwent de swimel fen

it patriotismus hie him de holle op ’e rin brocht. Hy hearde fen

frijcorpsen praten, en nou learde er yn it geheim it manuael mei it

gewear fen in âld sergeant, dy to Snits fen syn pensioen libbe, sa goed

as er koe, en om in sûpke to krijen, learde er skermjen en it gewear to

hantearjen, ef hy snei pluggen en swikjes for de brouwers en

skoenmakkers, ef hy stie oan de Houkesleat to angelfiskjen om in

soadtsje. As Minne den by him kaem, den wier Ferdinant—sa hjitte dy

âlde Waldecker—yn de wolken; hwent hy brocht ornaris in stik spek ef in

timpe tsjiis mei. Nou, alle greate en gewichtige dingen bigjinne en

eindigje mei de flesse. As in minske ommers for it earst yn de widze,

ef for it lêst yn de kiste lein wirdt, de drank wirdt ’er seldsom by

forgetten, en sa gong it ek mei de exercitie fen Ferdinant en Minne.

Der waerd den jild op ’e tafel smiten, de flesse waerd pakt en den

Ferdinant op in hountsjedraf nei frou Keidel, dy de Toppenhúster boeren

Tryn Skjippetyk neamden, omdet hja sa roun en sa lyts wier as in

boaits. Den sei Ferdinant altyd: “Puerfrauw, keef mij kouw voor sex

daiten; die ferflugte rekruten! ik heb taar weer soon tomme

poerepringel, die moet ik ’t manuaal leren, taar moet in slokje pij.”

“Ja, sei Tryn, dat scherpt it boereferstân wat op. It vaiderlân mut

ferdedigd wudde, in as ien it hoár lere kin, dan bin jou it, buerman,

dat weet ik.”

“Tat keloof ik, puerfrauw, wier it andert do, wie ich voor jaren meine

compagnie exerciren lies, da klopte mir der prins von Waldeck op de

schulder, ont sagte: Ha, mein braven scherjant, deine kerle exerciren

wie die engel im Himmel.”

Do waerd ’er yet in mingelen yn de flesse getten, en den waerd it

manuael leard, en stapt en laden en swinkt en laden en fjûrre, sa lang

as der in drip yn de flesse wier, en Minne de positie net hâlde koe, en

de tonge him dûbeld yn de mûle sloech. Mar Ferdinant wier neat oars oan

to sjen, as det syn noas in kleur krige as in blije bellefleur-apel, en

den song dy âlde Waldecker syn gewoan sankje:

“Es zogen drei regimenter wohl über dem Rhein, etc.”

Trije dagen nei it nije jier fen 1797 stoep Minne wer ta de doar út, en

eft syn folk it him al ôfrette, eft syn mem de wetterlânners al

opkamen, it holp neat, hy moast nei Ferdinant om syn leksom to heljen,

en do er dêr fen dinne kaem, mei in jager op stôk, do lokke in goe’

frjeon him bûten de poarte fen Snits yn in _vaderlandsche societeit_,

dy yn it geheim hâlden waerd, omdet der yet al frij hwette Oranjeljue

yn Snits wennen, en oars hienen de Toppenhúster boeren der licht ek wol

de kat ’ris yn smiten.

Yn dy club gong it der al nuver om ta. De president, in klokmakker út

Snits, sloech mei de hammer op ’e tafel en rôp: “Stilte burgers! de

hoeden af, klompen uet en de pruemkes weg. Ik ferklaar in den naam van

de eene en onverdeelbare Bataafsche republiek de fergadering voor

geopend; de frijheid of de guillotine! weg met de aristocraten! leve de

republiek!”

Dêrop rôp de hele club Hoezee! dat it hûs dreunde. De secretaris lies

de notulen fen de lêste forgaderinge; en do bigoun de

klokmakker-praeses dizze koarte mar krêftige oanspraek:

“Burgers! gij allen sijt frij, maar sal die frijheid duurzaam weze, dan

mut eerst it lan suwerd wurde fen aristocraten en Oranjekraaijers. Min

must har de tongen to de hals uet haile, dat ze nooit weer die

forfloekte kreet fan Oranje boven uetblettere konnen.”

“Dat sude in heel krewei wurde! foel him ien yn de reden; en ik bin der

glad teugen, want wair suden myn kakynjes dan allegaair belande mutte,

die ik alle dagen by duzenden maaik, as er so veul tongen toe de hals

uet musten, want die mutte met de tonge opslikt wurde.”

“Swiich dou, met dyn kakynjes, en doen liever dat onfatsoenlijke

pruemke uet dyn vreet!” snaude de president him ta.

“Ja, forfolge de man, die forflokte aristocraten! ik wude wel dat ze

allegaair mar ien kop hadden.”

“En ikke niet, foel him in hoeddemakker yn de reden; “want ik hew er

myn beste klanten onder, en ien hoofd daar kin gien winkel as mines fan

bestaain.”—

“Swiich, burger! sei de praeses, swiich, en kom naderhan niet weer in

de fergaderinge; de duwel mocht hier presidint weze, as min altyd in de

reden fallen wurdt.

“Maar, forfolge de president, “der binne ook slymgasten of halve

patriotten in onze fergadering, en die vrees ik meer as tien duzend

prinselui buten de fergadering, al waren se zoo goed as oker; want die

draeye met alle winen, en die kinne it lan nog verrade, en ten einde

nou al die slymgasten uet ons fergaderingen te weren, zoo verzoeke wij

alle burgers, die hier vergaderd binne, om te zweren, dat zij dat

gehate en fervloekte hues van Oranje nooit ofte nimmer weêr in het lan

roepe sille, en dat ze it vaderlan met goed en bloed ferdedigje sille.”

Nou frege Jan Rinkelman it wird, en dy sei: “Burgers! het voorstel, zoo

even door de president gedaan, kan ik niet aan voldoen. Vechten ben ik

bereid toe, mits op kosten van de republiek; ik ben zonder famielje.

Maar hoewel ik het leven veil heb voor het vaderlan, zoo kan ik myn

goed niet misse. Want ik hew een klein kapitaaltsje en daar wil ik mij

voor in het gasthues kope, zoodra het vaderlan vrij is.”

“En ik swar net en ik fjucht net,” sei in boer, dy minnist wier.

Dy twa waerden for slymgasten forklearre en moasten de forgaderinge

forlitte.

Mei sokke nuvere ynfallen dûrre dy oanspraek yet in healûre, en it is

klear út dizze dingen to sjen, det der seldsom in patriot sa suver is,

dy net in lyts hierke fen eigenbilang op de holle hat. Op it lêst frege

de klokmakker-president eft der yet ek ien fen de burgers wier, dy it

ien ef it oare foar to stellen hie. Do stoe der in grouwe boer út de

Hommerts op en dy rôp:

“Ik heb nog in foorstel to dwaen.”

“It woord is aan den burger Tjipke Feikes, sei de president; stilte

burgers!”

De burger brimde ’ris en swolge ’ris, en do sei er mei in bevende

stimme: Ik heb namentlijk, burgers! in poest om iets ferroessele te

laten, en derom sude ik dizze vergadering van burgers it foorslag dwaen

om it tekkenflach, dat by mennichte út de sloten haald wurdt, by it

leger van de Bataafsche republiek in te voeren en te bruken voor

matrasten en dekens yn de brakken.”

Nou boarstte de hele forgadering út fen laeitsjen; bihalven de burger

ef ljeaver de boer, dy it foarstel dien hie; hy forsloech ’er alleheel

ûnder en winske heimelik det er mar stil yn de Hommerts bleaun wier by

syn kij en skiep en wiif en bern.

Einlinge stie er in lang hear op, dat in doctor wier, in earste

bysfeint, en dy der mar ’ris komd wier om it spil ’ris troch it gat to

sjen, en dy patriotsje spile om de nocht. Dy striek syn hier to rjuchte

en sette syn tsjokke das yn de hichte, en frege it wird, dat him dalik

tastien waerd:

“Burgers! spriek er mei deftichheit, het voorstel, zoo even door ons

geacht medelid, den burger Tjipke Feikes, uit de Hommerts, gedaan,

hoewel niets dan eene groote bezuiniging bij het leger bedoelende en

mitsdien niets dan zuivere vaderlandsliefde ademende, daar bezuiniging

de eerste bron van staatsgeluk niet alleen daarstelt, maar ook van de

dringendste noodzakelijkheid geworden is in deze republiek;—dit

voorstel, hoe welgemeend dan ook, kan naar mijne wijze van zien niet in

getreden worden, want het is bij de natuurkundigen wel bekend, dat onze

sloten en stilstaande wateren van eene menigte ongedierte en ontelbare

meer of minder bijtende en vergiftige insecten wemelen, welke ik in

deze vergadering niet bij name zal behoeven te noemen, dewijl dit

minder ter zake doet; maar waarvan men weet, dat zij jaarlijks hunne

eijeren in dat dekenflag komen te leggen, welke later in diertjes van

de zelfde venijnige eigenschappen zich ontwikkelen, en daar onze

Bataafsche armee, volgens ingewonnen rapporten, reeds genoeg door

allerhande soort van ongedierte geplaagd wordt, zoo acht ik het niet

raadzaam, om deze stof in onze kazernen te brengen en ten gebruike in

te voeren. Verre zij het evenwel van mij, om de welgemeendheid en den

waren burgerzin van het voorstel te betwisten.

“En eindelijk verzoek ik den burger Tjipke Feikes, en allen wien zulks

mogt aangaan, om zich in het vervolg, bij mogelijk voor te dragen

voorstellen of bij het uitbrengen van adviezen, wel stiptelijk te

houden aan het artikel van ons reglement, waarbij bepaald wordt, om in

onze vergaderingen zich van de zuivere Nederduitsche taal alleen te

bedienen.” Hwerop de president, dy der ek al frij hwet Snitsersk hakmak

mei ûnder grjimmanke, sa read om ’e troanje waerd as in bûzekoal. Dy

brocht it foarstel oer it tekkenflach al dalik yn omfrage, mar it waerd

ôfstimd en lykwol wierne der yet al gekken, dy der foar stimden. De

dokter die nou in foarstel, om Tjipke Feikes oan it hoofd fen in

commissie to stellen, om to ûndersiikjen, yn ho fier it tekkenflach

tsjinstich wêze koe for stoppen yn it kanon, ef as wirk, om de float

fen de Bataefske republyk to brouwen. Dit foarstel waerd oannomd, en de

commissie ek dalik oansteld. Omdet ’er nou neat mear oan de stôk wier,

en de president de skram fen de dokter yet yn de mage siet, sa sloech

er forheftich mei de hammer op ’e tafel en slútte de club.

Nou waerd ’er smookt en dronken, en elkoarren de holle hjit praet, de

oranjeljue forwinske, en songen en rinkelroaid, in gat yn de nacht op.

Einlinge om ien ûre yn de nacht, teach Minne heal salich op reis nei

hûs ta, mei in laden roer op it skouder. Dy goede, bêste jonge, dy

earst sêft en froed opbrocht wier, waerd troch dat patriotsjespyljen ek

al drankswiet en forwyldere, en wier yn dy forgaderinge sa opfizele,

det er de prins en syn hele famylje yn dy nacht wol mei syn eigen

hânnen deije kind hie. En lykwol hiene dy minsken him noait nin strie

oerdwers lein. Dêr stoep er hinne! It wier ien fen dy stille frjeonlike

winternachten, as ’er nin fûgel mear heard wirdt, en alles yn in stille

djippe sliep forsonken laeit. It ierdryk wier mei in tinne snie

biditsen en op dy snie stie mansheech in kâlde, tichte mistdamp, dy

alles hwet der ûnder stie onsichtber makke, en alles hwet er oan rekke

mei in tsjokke rime biditsen hie, dat as sierlike fearren en franjes

oan tûken en twiichjes hinge. De stille steatlike keuninginne fen de

nacht, troch tûzenen stjerren as wachten omjown, dreau boppe yn de

loft, om hjar ivige baen troch to rinnen, en dat hearlike toaniel to

forljochtsjen.

Us jonge patriot stoep moedich it paed lâns, mar wier blyn en stom for

de stille stimme fen de forhevene nachtlike natûr. Hy wier sûzich en

troch dy gesprekken to forwyldere fen sinnen, om syn hert to forheffen

ta de ivige oarsaek fen dit toaniel. Einling after in hikke forhefte in

stille steile gestalte syn holle boppe de miste omheech. Sûnder

bitinken rôp er: Werda! dat troch de stilte fen de nacht fier klonk! It

skyn bleau stom, mar in lytse biweging fen de holle folge. Minne digere

yet ’ris, en nou miende er det ’er in domenij after de hikke stoe mei

in steek op, mei in wite bef foar, mar dêr wier it him to great ta. Nou

rôp er dalik: ferdich, aan, vuur! Hy mikte en it roer gong ôf, en dêrop

folge dalik in slach tsjin dy hikke oan, en do stauwen him de stikken

hout om de earen, en de splinters foelen him op ’e klean. It wier syn

bûrmans âlde swarte bles, dy flak foar de hikke stoe. Do hie er de

earen for de rânnen fen de steek en de bles for in bef oansjoen. It

beest forlear in ear fen de kop, en sloech yn de earste skrik de hikke

yn grús, en fleach do as in koegel út in kanon, blazende en snuvende de

finne op en del. Nou bigriep er syn mis-set dalik; hja neamden it âld

sloof tonei altyd de prinseman sûnder earen, om Minne to húnjen; en as

er dat tonei altyd hearre moast, den winske er wol, det de koegel it

bist mar del lein hie, den wier it bidobbe en hy mei biteljen frij

west; mar nou moast er it hearre sa lang as it bist libbe, en it roun

for syn spektakel oan it paed. Hy slûpte nou stil troch skûrre en

bûthús nei it milhûs, en it earste hwet him mette, wier de kat, dy him

mei hjar sêfte siden om de skonken wreau en syn frjeonlik “uórre uórre”

hearre liet. “Ja poes, sei er, “dou komst ek wol ’ris let thús, mar dat

is net for frijheit en faderlân, mar for dyn eigen plezier;”—hwent hy

wiste wol det er mis wier. Nou hie de feint toarst, en den dronk er

ornaris kâlde kofje; mar de faem hie him to fiter hawn, en hie op de

pleats, dêr it gewoanlik stoe, in pôt fol roetwetter, dat út de

skoarstien dript wier, del set. Dat sette er forheftich oan de mûle, om

syn hetsige mage to laven, en ear det hy it preau, hie er al trije

greate swolgen nei binnen slein. Do hy it merkte, wier er razend. Hy

smiet de pôt yn tûzen eleminten, en flokte sa ôfgryslik, as er oait in

patriot sont Noächs tiden dien hie. Nou hong yn dat milhûs in ekster,

dy praette en it hele húsgesin by de namme neame koe. Dy waerd troch

dat geraes ek wekker, en dy rôp by tafal: Minne, Minne maet! Nou miende

Minne yn syn heale rûs, det dit dier him biskrobbe, en hy snaude him

ta: “Hâld de toet ju, dou snetterbek, ef ik scil dy ek sok gûd to

drinken jaen. Men kin oan dyn giele bek wol sjen, detste ek al sa’n

divelske prinseman biste. Men moast dy de stirt út it gat lûke en in

kaem op ’e kop sette, en litte dy for in stûr op ’e merken bisjen.”

Do Gieltsjemoi, syn mem, dat geraes hearde,—hwent hja hie al lang

wekker laein—formoanne se him om nei bêd to gean, “hwent, sei it sloof,

de kij binne moarn nedich hoffene en stirtwosken to wirden, dat is

alleheel en al oerkomd,” sei se.

“Stirtwaskje”, rôp Minne, “dat docht gjin patriot; mar de oranjeljue,

de koppen to wasken mei it bloed fen aristocraten en de slymgasten, dat

is it wirk fen in patriot. Pas jy mar op jins goudtsjeblommen, det dy

net bifrieze; nacht mem! ik krûp op de bûthúsbalken.”

Sa libbe dat alle dagen hinne, mei ús patriot Minne. It wirk kearde hy

de rêch ta, hy waerd lid fen it frijcorps, en as er thús kaem, den wier

’t rûzje mei syn âlders. Hwent de rûzje, dy yn de maetskippij wier,

gong yn de húshâldingen oer, as hja yn sa’n hûs net allyk tochten oer

de prins en ’t lân. En nou briek it Kollumer oproer los! In moaije

gelegenheit for Minne, om syn moed ’ris sjen to litten, en syn âlders

hûs, dêr hy dochs gjin frede mear foun, for in tiid alteast to

skouderjen.

De Nationale Vergadering yn den Haech hie in commissie yn Fryslân

oansteld, om de folkswapening mei kracht to bifoarderjen en troch to

setten.

Dit gong yn Westergoa frij goed, mar yn Oostergoa, hwer de minsken mear

oranjegesind wierne, roun dit sa flot net fen de tried. Yn Kollumerlân,

it Burumerlân en yn de beide Dongeradelen kamen de ljue mar traech op,

om hjar oan to jaen, ef as hja al kamen, joegen se forkearde nammen

oan, om de boel yn de maling to bringen. Under oaren wier der in Abel

Reitses, fen Monnikesyl, dy sette de hoarnen yn de wâl, en dy rôp mar

net as Oranje-boven!

Op ’e tredde February fen it jier 1797 waerd Abel fen de witsjers

oppakt, om nei it blokhús to Ljouwert brocht to wirden. Eerst waerd de

man tige fêstboun en boeid nei Kollum brocht en den after de skoattels

set. Nou roun heel Kollumersweach, Aldwâlde en Westergeast by hûnderten

to heap, mei alderhânne moardridskip by hjar. Hja twongen alleman mei

geweld, om mei hjar to gean, en kamen yn Kollum, en dêr twongen hja it

bistjûr, om Abel Reitses los to litten. Hja filen syn boeijens los en

twongen de siktaris de bilofte ôf, det er Abel noch nimmen oars oait ef

immer wer oppakke scoe om dy saek, namentlik de Oranje-kraeijerij. De

witsjers fluchtten nei Stroabos en dy stjûrden yn it geheim de commiis

Leiber nei Ljouwert ta, om birjucht oan it bistjûr to jaen fen it

oproer, dat der oan de gong wier.

De reisgers, dy mei it skip de jouns fen Stroabos nei Dokkum kamen, en

dy ek al fen dy troepen folk sjoen hienen, forhellen dat ek al to

Dokkum, en sa waerd dat gau ruchtbar yn de hele stêd. De boarger Hector

Feugen, wier do commandant fen de gewapende macht yn Dockum, en dy liet

dadelik in krychsrie bilizze.

Dy krychsrie wier gleon en praette nearne fen as fen strop en swird, en

krûd en lead; mar de regearring fen Dockum wier bidaerder, en hie der

net folle smucht op, om it bloed fen hjar brave boargerij op to

offerjen for in saek, dêr hja mar heal klearrichheit fen hiene. Mar op

it lêst sprong der ien fen dy hearen oerein, dat in echte patriot wier,

en sei mei in krêftige stimme:

“Wat duwel, burgers, binne jimme ook vaderlanders? Halve patriotten,

slymgasten binne jimme, as jimme in dizze saek niet deurtaste. Dockum

wurdt nog in spot in spiktakel voor heel Fryslan, dat it nooit weest

het, as jimme dat reau van Kollumerswaag niet te keer gane, in bij slot

van rekening steke se Dockum nog op vier hoeken in de bran, in ons

vrouwluden die hange se op!—nee, ophange? ville sille se ons nog, krekt

as se hor oude peerten doene, dat prinsereau.”

“Ja burger, spriek do de boargemaster, late wy ons goed te wapen

stelle, dan kenne wy dat hantsjefol boeren gerust voor de stad

ofwachte, want in hon vecht nooit vuelder as op syn eigen hiem. Wy

sille ons rattelwachts elk ook in geweer met kruud en lood geve.”

“Noeme jy dat in hantsjefol boeren, burger municipael? Ja wel, spriek

de patriot do, duzenden binne al in de wapens, in eer dat 24 uren om

binne, dan hewwe wy se al voor de stad as hagel en saad.”

Dy wirden holpene, en hja kamen ta it cordate bislút om 56 man

skutterij mei in stik kanon, ûnder commando fen de stêdscommandant to

stellen, en op de fyand los to gean. Folle fen dy Dockumer boargers

wierne al hwette slim fen de bierbanken to rissen. It ôfskied gong ek

net sûnder folle snikjen en sobjen fen de Dockumer frouljue, mar hja

gongen der einlinge dochs manmoedich op los. Hie de achtbare rie fen

Dockum der twa hûndert man mear hinne stjûrd, den hiene se net mei de

hoas op ’e holle werom komd, en de saek hie mei in slach bislist west.

Mar der siet yet ek al Oranjebloed yn Dockum, en as al it folk der út

tein wier, den hiene se thús yet fen hjar eigen hounen biten wirden. De

nachts om twa en trije ûre kaem dy troep to Kollum. Dêrnei kamen de

commissarissen Ament en Germans út Ljouwert mei in mennich huzaren. De

boarger Ament naem mei dizze troepen 66 man boeren yn Kollumersweach

gefangen, en dizze hynstefilderstroep waerd to Kollum yn de tsjerke

opsletten en mei in sterke wacht wol biwarre. Mar de oare deis briek it

oproer wer los, en de Oranjeljue kamen by tûzenen der op ta. Luitenant

Visser, dy mei in piquet Dockumer boargers op it Kollumer ferlaet stie,

moast de flint skouwe, mar de commandant Feugen jage dat soadtsje mei

it kanon wer afterút.

[Yllustraasje: DE KOLLUMERSWEACHSTERS YN ’E TSJERKE TO KOLLUM OPSLETTEN.]

Yn Kollum grypten de Oranjeljue wer moed. Hja bigounen op de Dockumers

to fjûrjen en mei stiennen to smiten. Hja drongen troch, en forlosten

hjar makkers wer út de tsjerke. Nou wier goe rie djûr. De representant

Germans hie yette wol moed, mar it gefaer groeide oan. Do spriek de

representant N. W. Keuning, fen Kollum, wirden, dy in Romein út âlde

tiden him net hoefde to skamjen.

“Burgers van Dockum, spriek er, “ik prijs uwen moed, maar keert in Gods

naam naar Dockum terug, en laat mij en mijn huisgezin aan het noodlot

over. Het is beter dat ik alleen ongelukkig worde, dan dat gij u

opofferen zoudt, om mij te beschermen en dat Dockum dus verloren zoude

gaan.”

Nou teagen de Dockumers yn oarder wer nei hûs ta. Hja waerden fen ter

siden al ’ris oanfallen, mar kamen dochs de jouns twiske saun en acht

ûre bihâlden yn Dockum oan, meast mei greate blierren ûnder de foetten.

Hwet wierne dy frouljue bliid. Hwent sy hiene tocht, det hjar manljue

sa mar libbensliif nei de slachtbank gongen, en nou se hjar sa gau

werom yn Dockum hiene, wierne se útlitten fen blydskip. De iene sei:

“Biste daar, Koen? Min kin wel sien, daste in ’t fuer weest biste; dou

siest er soo keerdelachtich uet.”

De oare rôp: “Biste daar weer, keuninkje? Dou suuste van aven

riezenbrij met butter en suker hewwe, hoar hartsje!” en sobben en

patten op hjar om, krekt eft se tsjin de swarten oan it fjuchten west

hiene.

Do waerden de brêgen ophelle, de wachten útset en de skippen yn de

grêft oan de stêdskant brocht, en mar koarte tiid dêrnei kaem de troep

al mei hûnderten foar de stêd. Hja gûlden en swetsten wakker, en

skeaten mei goezzeroeren, dy se de Damwâldster en Geastmer ljue ôfnomd

hienen, en easken de stêd op; mar dit waerd mei it kanon fen it bolwirk

biändere. Earst skeaten se troch it tek fen in skûrre after de herberge

bûten de wâldpoarte, det de pannen rottelen, mar dêr hiene hja de gek

mei. Do jagen de Dokkumers mei it kanon in druvetros yn dy heap, en do

kaem der in gejammer fen och Heare, myn earme siele! dy earme halzen!

en hja fleagen troch riden en sleatten, troch strûken en struwellen nei

hûs ta, sa hird as se mar koene, en smieten hjar wapens wei. Yn Kollum

wier it twiske beiden rou gien oer de patriotten. De boarger

representant Keuning syn hûs waerd plondere en plôke. Yn de earste

pleats moast de drank en it spek en flêsk der oan, wiif en bern waerden

mishanle, de man sels fluchtte op it hea, fen it hea yn it hynsterib.

Jan Binnes en syn maet Tsjibbele skeukten yn it bûthús en de hynstestâl

roun, om him op to speuren. Do se tichte by dy hynstestâl kamen, sei

Jan Binnes: “Hwer scoe de divel nou sitte, Tsjibbele?”

“Ik wit net, sei dy do, “mar ik tink det er yn de hoannebalken fen de

skûrre sit, ef det er ta it tek út fluchte is; mar aste him nou yn ’e

hânnen krigeste, hwet woeste den mei him dwaen, Jan?”

“Deije woe ik dy divelske patriot, deije woe ik him, wier it antwird;

“earst woe ik him libben fille, den woe ik him it grim ta de bealch

úthelje, den woe ik syn termen spinne as reap en meitsje der stroppen

fen om al dy patriotten en lânopfretters fen Dockum en Ljouwert der oan

op to hingjen.”

Dy dêr after it hea laei yn it hynsterib scil ek wol raer to moed west

hawwe; lyk as wol stiet to tinken. Lykwol, hy kaem ’er mei de skrik ôf,

hwent de stâl wier tsjuster en de hynzers stienen foar him to fretten.

Jan Binnes sels kaem ’er tonei sa goed net ôf, lyk as wy neijer

forhelje scille.

It kanonschot to Dockum hie fiif deaden en saun swiere gekwetsten

makke. Chirurgyn Stelwagen en Doctor Visscher gongen nou bûten de

poarte om dy earme liders to helpen en to treasten, sa goed as it hjar

kinst meibrochte, en de oare deis waerden de deaden fen de famylje

ôfhelle.

En sa roun it Kollumer oproer ten ein, mar nou teagen de troepen út

Ljouwert, en dy waerden oanfierd troch de colonels van Slooten en Haije

Beekkerk mei kapitein Groenia. Dizze troepen hiene neat út to

rjochtsjen as to iten en to drinken, hwent de boeren wierne wer yn de

skulp krûpt. Hja teagen troch de wâlden en baeiden troch de klaei fen

de Dongeradelen, seagen de deizen, skoarstiennen en wynkelders fen de

Oranjeljue naukeurich nei, en treauwen mennich patriotske tútsjes op

Oranjemûltsjes, en teagen yn frede werom nei Ljouwert, hwer det se op

de fraterniteit tractearre waerden op tsjiis en brea, en spielden de

mûlen lustich om mei wetter dat troch in stôk roun wier.

Nou wier it Kollumer oproer ôfroun, mar de gefolgen yette net. De

neismerte wier min for folle minsken. It giseljen wier do oan de oarder

fen de dei. Great tachtich minsken waerden yn it blokhûs set, ljue fen

alle stânnen, dêr mar in rookje fen Oranje ef aristocratie oan wier. En

Jan Binnes, dat oars gjin kwea man wier, moast der de holle by

forlieze! Master Dirk van Gorkom, dy do it officie fen boal to Ljouwert

hie, wier al sauntich jier âld. Hy hie oars sa folle rizenbrij en

hjitte poffen útdeeld, en hy hie sa mennich troch it himpen finster

sjen litten! Lykwol, de man foun him biswierd. Mar in witsjer, Hendrik

Gjalts, sloech ’er de holle mei ien slach ôf det er rôlle! Sa treurich

gong it der do oan beide kanten ta; dy it geweld hie, brûkte it. Ien

foarbyld út de mennichte. In bline spylman, dy to Idsegahuzen Wilhelmus

van Nassauwe spile, om in dûbeltsje to fortsjinjen, waerd op 8 February

1796 gisele, en twa boerefeinten, dy dat deuntsje dounse hiene, waerden

net allinne gisele, mar yette fiif jier lang yn it tichthûs set der by!

Is oait djûrder deuntsje dounse as dat? Hwet wirdt ’er al net in kwea

forrjuchte op de namme fen dy edele heilige frijheit. Men kapte do de

wapens fen de grêfstiennen en fen de poarten en tsjerken, en mennich

earbiedwirdich oerbliuwsel fen âlde tiden en geslachten waerd mei in

bline woede forgriemd.

Mar om nou ta ús patriot, Minne Jorrits, tobek to kommen,—dy kaem dat

birjucht fen it oproer yn de earen, as in ljochtstriele fen de sinne yn

de eagen fen in blineman, dy yn lange jierren de dei net sjoen hat.

Troch it libben, dat hy mei de patriotten lei, wier hy thús mar in

bytsje tel mear. Hy pakte gewear en wapens, en naem tachtig goune út

syn kiste, teach mei it Snitser skip nei Ljouwert, en joech him dêr oan

as frijwilliger, om tsjin de muiters to striden. Hy waerd dalik ûnder

commando steld fen Rein Jeremias fen Belkom, colonel fen de burgerwacht

fen Menaldumadeel. De troep wier hûndert man sterk en hie in fjildstik

mei artilleristen by hjar.

Hja marchearren den út Ljouwert, en kamen de jouns mei hjar fjouweren

by in bakker to Tietsjerk yn it kertier, dêr it hjar yn it bakhûs goed

bifoel. Syn trije maets wierne Beltsommers, dy men yn de wandelinge wol

’ris de bynamme fen hountsje jowt, dat Minne net ienris wiste. En do

sei de iene, dy corporael wier, tsjin Minne, det er syn broek en skoen,

dy op ’e swarte wei wakker bislingere wierne, in bytsje ôfpoetse moast,

ear det se op it appèl komme moasten. Minne, dy gjin commando wend

wier, sei bidaerd wei tsjin de corporael: “Dat scil ik sels witte.”

“Né, sei de corporael, “dat scil ik witte, en nimmen oars, fordomde

koumelker!”

Do sei Minne bidaerd wei: “Jy lykje wol wakker fen it _hountsje_ biten,

det jy sa dalik mar bigjinne to flokken en to skelden om sa ’n

wysjewasje, corporael!” hwerop dy trije Beltsommers sa razend waerden,

det se him oer it bakhûs smieten, en him mei alle macht op de hûd

tichelen. Mar de baes bakker naem knaphandich in skepfol gleone yeske

en smiet dat op de fjouwer fjochtende patriotten. Hja fluchtten

forheard en forbouwerearre it bakhûs út en hiene wirk genôch, om

elkoarren it fjûr en de yeske út de klean to slaen. De corporael wier

sa razend, det er mei de blanke sabel wer yn it bakhûs opfleach; mar de

baes bakker helle de gleone loete út de oun, en hâldde dy de corporael

foar de noas. Hjir deinsde er foar, en de rûsje waerd forfolgens yn in

sûpke smoard.

Minne fielde mei dat al syn lidden wol fen dat earste pak bruijen, dat

hy for de saek fen de frijheit útstien hie. Nou gong it al fierder op

mei de troep, mar it oproer wier ôfroun, en it folk waerd yn de

Dockumer wâlden by de boeren yn kertier lein, trije, fjouwer wiken

lang, om alles op to iten, hwet los en fêst wier, en hjar op dy menear

it Oranje boven roppen ôf to learen.

Minne syn earste kertier, dêr hy yn de kost kaem to lizzen, wier by

Pieter Pypkeniel, dat in bijker wier, dy tagelyk ek in foech winkeltsje

hie; in hjitten patriot, en dêrby in nuveren foetfeint. Op in dei, det

Minne en hjar yn syn hûs ûnder eltsoarren sieten to riddenearjen oer de

lânssaken en as goede patriotten de jeneverflesse oansprieken, kaem der

in koekebakker út Dockum ynstappen. Dy waerd dêr frjeonlik onthelle en

dalik in romer fol skonken, en Pieter snapte mar foart; mar de baes fen

Dockum wier stil, en it wier eft ’er al hwet op ’e lippen hie dat der

net út woe by de man. Mar do er it hert ’ris kel makke hie, sei er

tsjin Pieter:

“Mar hoar ’ris, Pieter! wy sitte hier al te proeven en te kaekelen ien

lang en twie breed, wy mutte ook er ris over wat anders prate. Hoe is

dat met dat gladgued gaan, dat jou voorleden harst van mij kregen? Is

’t allemaal verkoft?”

“Forkoft, man? As aeijen út de koer. Om sok gûd to forkeapjen der hoart

it noait oan. Hwent jy witte wol, baes, bern dy frette alles op,

bihalve hinnekjitten en fjûrstiennen; hwent it iene is hjar to weak en

it oare to hird.”

“Dan sude ik jou ook vrindelik versoeke om de betaling of dat jou my er

heuning aan stuurden; want it jild is krap met die roerige tiden, en

die achttien gulden, die kon ik nou adig inplejeere.”

“Jild? Ja wol, Pypkeniel baes! Just omdet it jild krap is, haw ik it ek

krap, en nou komt dy ynkertiering derby, dy wy oan jimme

oranjekraeijerij to Kollum to tankjen hawwe. As jy om jild komme,

Pypkeniel baes, koekedaei!”

“Mar waar duwekater mot dat hene met ons? Zoo ken ik gien koekebakker

blive, as ik gien geld voor myn goed beur.”

“Wird den kakynjebakker, sei Pieter, en gean mei in tafeltsje by de

poarte stean, dêr is nin boarch.”

“Dat sude mij in myn eere gaan, Pieter! Ik bin van in goede komof, want

myn vader het vroedsman weest, en dan daar met in diske bij de poart te

staan! Mar dat doet niks toe de zaak; geld is hier de hoofdzaak; zonder

dat ken ik niet bakke, want de heuning en de granen binne duur.”

“Pypkeniel, sei Pieter, “dy glêddingen, dy jimme bakke, dêr komt net

folle hunich en moal by to pas, hwent ik wit wol hwer jimme dy fen gear

grieme. Jimme jane yn de Maitiid, as de jiermerken bigjinne, oan de

koekkreamers alderhânne gûd mei op it útsliten. Dat wirdt den bitomke

en birûkt fen Jan en alleman. De modder fen de klaei, it sân fen de

wâlden, de kouwedong fen de fémerken, de snufdrippen fen de kreamwiven,

de tabaksyeske fen de boerefeinten, alles sit ’er op. Einlinge bigjint

it to skimmeljen, en as de kreammeljue de eare der net mear op hâlde

kinne mei de boarstel, den krije jimme it werom; en as dat gûd den thús

komt, den smite jimme it boppe de oun, om út to droegjen. Dêr wirdt it

den sa hird as bonken, en as Sinteklaes den yn it lân komt, den smite

jimme al dat koekegûd, dy janhagel, sûkerkreakelingen, en

bitterkoekjes, al dy dúmkes en deademansfingers, fjirderlei en

spikkelaesjes en al sok reau mear, yn in great fet, en dêr komt siedend

wetter oer, en dat litte jimme in nacht stean to meuken, en den wirdt

dat krouske sa fyn makke as moster en dêr smite jimme hwet grou moal,

dêr wy de bargen mei mêste, troch om ’er in daei fen to meitsjen, en

dat is it gûd, dêr jimme de Dockumer taeimantsjes fen meitsje, dêr sa

fen pocht wirdt; dêr scoe ek hunich yn komme, jawol, Pypkeniel baes!”

“Dou snaak, daste biste, snaude de baes him do ta, “suuste ons gued nou

ook nog lake? Nou suuste te minsten betale of de duwel sil de keers

houde; daar kenste op an, ik wik it dy, hoor, of sil de duwel de keers

houde.”

“Lit dy de kears mar hâlde, sei Pieter do laeitsjende wei, “as er him

my mar net ûnder de noas hâldt; mar aste him as dyn procureur

oanstelste, dy kriget allike min jild as dou, Pypkeniel baes, hjoed net

en moarn net.”

“Betaal dan de helt maar eerst ris.”

“Ja wol, Pypkeniel, de helte net en de fjirdepart net, Pypkeniel baes!”

“Ik sil dy anders op dyn hued tromme, hoor.”

“Pypkeniel”.

“Ik zal dy opzitten leere, daar is nog wel regt in Fryslan.”

“Pypkeniel,” sei Pieter wer.

“Och ju, ik wude wel datste de pip kreegste, met dyn Pypkeniel, met

drie dagen heste de deurwaarder, hoor, ofzettersbaas!”

“Pypkeniel, Pypkeniel, Pypkeniel!” rôp Pieter him afternei en knipte op

’e fingers.

Do de baes der út wier, sei Pieter tsjin Minne:

“Sa bitelje ik myn skulden oan de oranjeljue; hwet tinkste der fen,

kameraet?”

Minne sei: “Ik tink ’er oer det it lân sa net bihâlden wirde kin;

prinsman ef patriot, dat kin net skele, dat men skuldich is, dat moat

bitelle wirde.”

Pieter, dy al in moaije slok op hie, en dêr by in sterke wâldman wier,

sei:

“Bistou ek in patriot? In slymgast biste, en dou draechste yet ek

gewear en wapens for it faderlân;” hy grypte Minne by de kraech en

tromme him mei de fûsten op ’e kop op in danige wize, krekt sa lang det

it wiif hjar skaette. Dat wier it twade pak bruijen, dat Minne for de

saek fen de frijheit opdie. It tredde kaem yette hwet efternei.

De hele saek roun dêr mei ôf, det Pieter Pypkeniel in nacht yn it

hounegat ûnder de toer set waerd,—hwent hie Pieter in Oranjeman west,

den hie er in giseling op folge—en det Minne in oar kertier krige, by

goede froede minsken, dy prinsgesind wierne. Dêrom woe Minne dêr yn it

earst de boel al wakker opskeppe mei flokken en swetsen, mar hy

bidaerde gau do ’t er seach, det him neat wegere waerd. Koartom, mei

fjouwer dagen wier Minne al thús yn dy húshâldinge; hy fette syn âld

wirk wer op, bigoun mei to djirheinen en learde it terskjen ek. Mar nou

kaem him in ongemak oer, dat him sa lang húsarrest bisoarge, det syn

kameraten al ontslein wierne, do ’t hy yette mei de foet yn it kjessen

siet. Dy wâldboer hie ek forskate bern. De âldste wier Wypk, in hansom

jong faem fen achttjin jier, mar dy altyd mijend wier, en de eagen

foardel sloech, as Minne hjar oanseach. Mar der wier yet in lyts jonge

fen acht jier âld yn dy hûshâldinge. Dat wier Minne syn boartfeint, dy

it gewear for him nei it appèl droech en dy wier bûten de skoalle-ûren

jimmerwei om ef by him.

It wier ’ris op in snein, det ’er in âld keardel fen sauntich jier,

libbensliif oan syn eigen deakiste fêstneile wirde scoe, mei oare

wirden, det dy âld gek trouwe scoe mei in jong fromminske fen

acht-en-tweintich jier, en it is licht to bigripen, det elts

nijsgjirrich wier, om dat pear to sjen. Minne gong ek mei syn

boartfeint Oeble nei dy lytse tsjerke ta, om dat spektakel oan to sjen.

It wier dêr sa fol, det min der gjin fûst yn stekke koe, en de minsken

stiene by elkoarren op, eft it in reidmar wier. Lykwol Minne kringde

der frij hwet in ein yn op, mei de lytse Oebele op it iene skouder, mar

dy smiet gau syn oare skonkje oer Minne syn oare skouder en fette him

mei syn beide hantsjes yn syn Brutuskop, en nou like it wol det it

boike him ynbyldde, det er op hjar âlde kjedde siet, en den skopte er

mei syn lytse skonkjes foarút. In great steil frouminske, dy flak foar

Minne stoe, rekke dit ûnder de koarte ribben. Dat wiif wier Houck

Fûlbird, sa as se neamd waerd, in kweade hynstepresser fen in wiif. Dy

liet hjar net lang tergje, mar dy waerd sa fûleindich fen dat pjukken

en hompen en stompen yn de siden, det se Minne út alle macht mei hjar

koaihakken op ’e teannen heide en stampte, sa det hy op ’e tosken bite

moast, om it net út to gûlen fen de pine. It wier slimmer as in

giseling, en einlinge biet er Houck yn it skouder, det se midden ûnder

de preek fen pine útrôp: “Divel, hâld op!” De Domenij, dy miende det it

him rekke, dy hâldde ek op fen preekjen, mar de hounegiseler, dy tichte

by Houck stie, pakte hjar beet en sette hjar ta de tsjerke út. Mar

Minne moast dy hele lange jammer fen in trouprekatie mei formulier en

al, mei syn tobûke teannen trochstean, hwent dy wierne sa weak stampt

as seane catrine-prommen, en dêr moast er earst yet in kertiersûre mei

troch de snie wadzje ear det er it hûs birikke koe. Oebleman fottele

mei, en wiste net det hy de onskuldige oarsaek wier, det syn frjeon sa

lompte. Do hy thús kaem, briek him it swit ta alle kanten út. Pine,

lilkens, skamte, alles kaem by eltsoar om de patriotske held mismoedich

to meitsjen. De minsken hiene meilijen mei de man, binamen do de

hoazzen út kamen; alle teannen wierne bont en blau en bletten. It âld

wiif sei: “Dêr moat sûpenbrij op mei knikelsbledden der yn, oars komt

’er de roas yn.” Sa sein sa dien. Dêr siet nou ús heldhaftige patriot

mei de beide foetten yn it kjessen; mar ien ding treastte him yette,

det er nou to minsten frij wier fen it appèl, hwent (ho koart it ek

dûrre hie) hy hie al in wearaksel oan it soldaetsje spyljen.

En nou forfolgens forboun Wypkje, de âldste dochter, syn wounen mei

blomkesoalje; sa sêft gong hja der mei om eft it hjar eigen soan wier;

dat joech blydskip, en do er wer gean koe waerd it frijerij.

Einlinge koe Minne wer reisgje. It sêfte froede libben, dat hy by dy

goede ljue lein hie, hie him goed dien. Hy woe hjar jild jaen, mar hy

koe it net kwyt wirde. Dêrom joech er Oebleboi syn âld silveren

horlogie ta in oantinken. En de âld boer, dy ’t er de earste dei, do er

dêr oan hûs kaem, mei it hounegat driigde, omdet er út in pantsje iet

dêr prins Willem yn ôfbylde stie, bitanke er nou mei triennen yn de

eagen. Hertlik wier ek it ôfskied fen syn doctoresse Wypk, en de

bilofte om wer to kommen waerd ek better neikomd as by folle oare

soldaten. Nou joech er him wer ôf nei hûs ta, en do er ûnderwei op it

Mingeltsje kaem, tichte by Snits, do liet er dêr gewear en wapens

stean, hwent dat spil wier er al sêd; en hy seach ’ris even by in neef

to Spears oan, en do er dêr hearde, det syn folk thús him net wakker

miste, en det er licht net heel frjeonlik onthelle wirde scoe, sa

tochte him bêst om earst mar ’ris nei Binnert-om to Drylst to gean. Mar

do hy to Snits by de Oosterpoarte kaem, yn de skimerjoun, do stie dêr

in tropke folk, en do dy syn kokarde seagen, do seine dy:

“Hwet biste, boer, in prinsman ef in patriot?”

“In patriot,” rôp er.

“Dou kees, detste biste,” seine dy maets do, hja pakten him beet en

sloegen him ’er ris helder ôf. Hy forlear der hoed en kokarde by. As in

razend minske fleach er do yn de stêd op en koft in learen klappet, en

dêr mei scoe Minne de Noarderpoarte út; mar dêr stoe wer in tropke folk

to praten, en dy fregen him wer hwet er wier? “In prinsman,” sei de

man, mar do krige hy fen syn eigen folk, de patriotten, yette helte

greater pak, dek op mar; hja sloegen him bont en blau, en sa roun er

mei in forwoed gemoet bûten om, de Hemdyk lâns, nei Drylst ta.

It wier do ljocht-moanne wirden, en op ’e brêge to Drylst stie wer in

tropke folk fen it gemienste soarte, en do dy him sa forheard oankommen

seagen, do seine dy ek al gau: “Hwet biste, maet, prinsman ef patriot?”

“Ik bin divels,” sei er, en sette in gesicht as in lieu.

Dit holp, en hy kaem ’er onforhindere troch, en kaem after azem by

Binnert-om, sa bliid as in staring, det hy al dy torminten ontkomd

wier.

Hy wier nou genêzen fen it patriotsjespyljen, en do er by syn âlders

kaem, hie de man net folle heil mear yn hûs; dy ljue wierne to steech

om sokke dingen gau to forjitten.

Mei ytlike wiken gong er wer nei syn âld kertier yn de wâlden, en lyk

as it giet, det fen trouwen ek wer trouwen komt, sa gong it Minne ek,

hy naem Wypkjen ta syn wiif en joech him oan it arbeidzjen. It gong him

goed yn de wrâld, hy wier prinsgesind noch patriotsk, bihalven as Houck

Fûlbird him op ’e wei to mjitte kaem, den waerd er wer echt patriotsk

yn syn gemoet.

Tonei kaem Minne to Dockum to wenjen, en dêr krige hy yet in lyts ampt

ef bitsjinninge fen de stêd, dat er op toffels waernimme en dêr hy

aerdich fen libje koe. En do einlinge de Fransken foart gongen en it

lân omkearde, do roun hy troch de stêd om, mei in Oranjestrik op ’e

hoed sa great as in botses boltsje. En as de Dockumers den Oranje boven

tsjin him rôpen, den rôp hy út hals en kiel werom:

“Oranje boven en de Franschen er onder, “En die anders seit, die slaat

de donder.”

Hy wier oars yet al blau fen binnen, mar hy waerd nou giel fen bûten,

om syn bitsjinning net to forliezen.

Rimen en Teltsjes · 第 227 / 279 题