OANTINKEN OAN JUSTUS.

Nou is ús ljeave Justus wei,

De fleur fen ’t húsgesin.

De rouwe, dy myn hert oerstjelpt,

Biskriuwt nin swakke pin.

It wier sa’n frolik derten bern;

Sa boartlik en sa goed.

O, as ik om dat boike tink,

Bin ik sa near to moed.

Ik wier syn makker op en-út;

Ik waerd om him in bern.

Syn aert, syn namme wier

my ljeaf; Eilaes! dat is forlern.

Wier ik soms trurich yn ’t gemoed,

Hie skild myn siel bidrukt,

Syn freugd, syn onskild wier myn treast:

Dy treast is my ontrukt.

It hûs, dêr ’k al dy wille hie,

Is my sa stil, sa near.

Ik sjen syn ljeafste boartersgûd,

Syn boartfeint sjen ’k net mear.

Forplettere is it húsgesin.

De faem, him sa getrou.

Syn âlde trouwe foedstermoer

Forkniest fen leed en rou.

De winter hat mei stringe hân

It fjild mei snie bifracht’;

Yn ’t hôf, dêr ’k mei him kuij’re hab,

Is ’t winter en is ’t nacht.

Faek rikte hy my ’t hanke ta,

Ef naem myn rôksseam faet,

En hy formakke my yn ’t hôf,

Mei ljeaf healmûlich praet.

De keale strûken stean nou dêr,

De roazen, o! sa skoan,

Dêr ’t boike faek syn lust oan hie,

Dy binne as hy forstoarn.

Dy habbe ienris bloeije dochs,

Troch Gods almachtichheit,

Sa ljeaflik, en sa swiet en myld,

Byld fen syn majesteit.

Sa libbet ljeave Justus wer,

As dizze roazestrûk,

Hjir boppe yn it parradys,

Sa hearlik en sa smûk.

Rimen en Teltsjes · 第 164 / 279 题