To Seisbierum wenne in boike,
Dêr in sémanskop op stoe,
En dy de earen wyld opstike
As er Noarman hearre koe.
“Hark!” sei Tsjerk den oan syn âlders,
“Hark! ik hear de sé al wer.
“Lit my farre, lit my sile,
“Ear’t ik op it lân fordjer.
En den siet syn mem to suchtsjen,
En bilove klean en jild,
Det er ôfseach fen dy raenjen,
En him hâldde op ’t romme fjild.
Mar hjir holp nin memme-suchtsjen,
Gjin formoanjen fen syn heit.
As er boartte, makke er skipkes,
Plankjes mei in mêst fen reid.
’t Wier syn sliepen en syn weitsjen,
d’ Oceäen syn himmelryk:
As de weagen ’t pealwirk bûtsten
Den wier ’t hearlik op ’e dyk.
Hy kaem ’ris yn Harns by skippen,
Rêd hie him syn heit forlern,
En hy kladdere yn de mêsten:
’t Wier in griis om oan to sjen.
En syn heit dy wier forlegen,
Hwent it roun al tsjin de joun,
Mar hy hie ek gânsk syn moed net,
Do hy Tsjerk by skippen foun.
O, ho krinkte it de âlde Hidde!
’t Wier sa’n fluch, sa’n proastich bern!
Thús do groude er op it boike,
“Dou scilst’ noait de sé wer sjen.
“Ploegje ljeaver hjir ús terpen,
“Men it ripe noat yn hûs.
“Och, dyn mem kryt hjar ta wetter,
“Aste weifljochst’ fier fen hûs.”
En syn mem bigoun to kriten,
Mar it boike skriemde mei;
Snikjend rôp er: “Ik moat stjerre.
“As ik noait nei sé ta mei.”
Wylst dy trije dêr sa tsjierden,
Kaem in liereman der oan,
Goike mei syn houten stompe;
’t Wier in Grienlânfarders soan.
Hy hie ek de sé biswabbe,
Mar hy wier nou earm en bleat;
Hwet er mei de liere opskoaide,
Oars hie de earme stimper neat.
“Jy komm’ hjir al moai fen passen,”
Sa spriek do de âlde boer,
“Jy moatte oan myn soan fortelle
“Al de sé syn swiet en sûr.”
“’t Himelinkje, dat sa skriemt hjir,
“Siket sémans lot en wé,
“Praet hjir jimmer foart fen farren,
“Hwent syn hert lûkt nei de sé.”
Goike bliuw hjir mar to nachte,
Yt en drink en sliep hjir swiet,
En fortel den oan myn boike,
Ho it sémans libben giet.
_Goike Liereman._
’k Scil de sé net priizgje ef lekje,
Hwent dy hat syn wille en wé;
Mar ik scil myn lot fortelle,
Dat ik hawn haw op de sé.
Ho ik swalke en swiere
Om dizze âlde liere.
Heit hat ek de sé biswalke,
En dy wier der ek op bleaun,
Dy is oan Straet-Davis klippen
Twiske bergen iis to-treaun.
Dy binn’ dêr sa forklomme;
Der koe nin siel ontkomme.
En dêr bleau ús mem do sitten;
Treast en steun hie hja forlern.
Hele nachten koe se weine
As earm widdou mei seis bern;
As wy dêr onnoaz’len laeine,
Nachts oan ’t widstou weine.
En wy fregen ek nei heit al,
Dy brocht jild en koeke mei.
Bitter kriet ús earme mem den,
Hwent for ivich bleau er wei.
En mem bleau stil en sletten:
By ús wier ’t gau forgetten.
Ho myn bêste mem my rette,
Om to bliuwen oan de kust,
Sy koe noait myn sin forsette,
Hwent de sé dat wier myn lust,
Mei syn hege wylde weagen,
Mei syn stoarm en touwer-fleagen.
’k Hie in broer, in skoander jonge,
Dy in jier twa jonger wier,
Dy liet him fen my forlokje
Om to smaedzjen memme rie.
En dêr teagen wy do hinne,
Lieten mem bidrukt allinne.
Meast op fluit- en koffeskippen
Teagen wy om hout to fjild,
By de Noaren yn hjar skjearries,
En fortsjinnen frij hwet jild,
Om den ús skoane hieren
Op ’t iis wer to forswieren.
En sa swalken wy to gearre
Ek nei Ruslân ef de Eastsé.
Lang det ús nin reis mislearre,
Mar op ’t lêst do kaem it wé.
’t Die ús mem it stjerren.
’t Is yslik om to hearren!
Hwent ús wiffe losse sinnen
Dwelmden heel de wrâld yn ’t roun,
Do ús in great Smirnaes-farder
For in reis nei Zante woun.
O losse jonge jierren!
O wylde sémans-hierren!
Skoander skip foer noait út Hollân,
Mei it flinkste folk er op;
Myn broer Ynte wier de gnapste,
Ynte mei syn krûze kop.
En eft ús mem al rette,
Hja koe ’t ús net bilette.
Mei in friske easterkoeltme
Stauwen wy hast troch ’t kanael,
Lâns âld Ingelâns wite bergen
Fleagen we as in bliksemstrael;
Sa as swellen fleane,
As se nei ús ta geane.
Op de hichte fen kaep Finster
Moast it folk nei boppen ta:
’t Wier in neare tsjustre hjerstnacht,
En it skip dat helle sa.
In onwaer woe bigjinne;
De stoarm koe ús birinne.
Ynte roun net, mar hy fleach hast.
O, it wier sa’n fluggen kwant!
Mar troch ’t swypkjen fen de mêsten
Rekke Ynte út it want:
Hy tommele yn de weagen.
O minsken, slút jimme eagen!
’k Woe him yet in tros tasmite,
’k Hie as man to roer de wacht,
Mar ik heard’ him aeklik roppen:
“Goike, yn ivichheit goe-nacht.”
Oan help wier net to tinken:
Syn lot wier dêr fordrinken.
’k Waerd útsinnich do fen rouwe,
’t Libbenssin wier my forgien.
’t Hat myn wylde sin bitomm’le,
’k Hie neiby my sels fordien.
Mar do hat God my sparre,
En for dat kwea biwarre.
En do sylde it skip foardelich
By Gibraltars klippen lâns,
Mar by ’t eilân fen Majorca
Stille nachts it wyntsje gânsk.
Dat siichjes deadlik swijen,
Dat brocht ús skip yn ’t lijen.
’t Greate deiljocht boarstte steatlik
Ut de Grykske seën op,
En dêr dreau it machtleas hinne,
Seil en wimpels hongen slop.
Mar, o, dy blide dage
Moast ús sa wreed bidrage!
Fen de Barbarijske kusten
Dage in swarte roaver op,
Roeijende mei fyftich riemen,
Mei de bloedflagge yn de top,
Om ús oan board to klampen.
Dêr wier net tsjin to kampen.
Daedlik sprongen tweintich Turken
As de kweade ús oan board,
En hja fleug’len ús as skjippen,
En wy moasten mei hjar foart
Nei ’t Algierske yn Barbarijen,
Yn de wrede slavernije.
En dêr haw ik saun jier tsjinne
Mei de slaven op it lân,
Dêr dy Afrikaenske sinne
Barnde op it gulle sân.
Hoop en treast forfleagen
As we ús boalen seagen.
Stjerren wier myn greatste sucht do,
’k Waerd wanhopich yn it lêst.
’k Fluchtte, mar op in galeije
Klonken sy ta straf my fêst,
Fêst om yn swiere boeijen
For ivich dêr to roeijen.
Mar Gods hân hat my biwarre,
Hwent in Franskman hat ús nomd
En in koegel naem myn skonk wei,
Mar gjin Turk is do ontkomd.
Ik moast wol pine lije,
Dochs koe it my bifrije.
’k Waerd bihann’le as in broer do,
’k Tink ’er yet mei triennen om.
’t Wierne my wol frjemde ljuwe,
Mar wy hien’ ien Christendom.
Dat hat my biwarre,
En myn libben sparre.
’k Koe ús Ynte dea forjitte,
Mar de slavernije net.
’t Flymde my troch siel en sinnen,
’t Wier to wreed for ’t Fryske hert.
O, ljeaver smerten lije,
As sokken slavernije!
’k Foun ús mem yet al yn libben,
Mar do ik fen Ynte spriek,
Niigde se as in wite leelje,
Dy in rouwe hân to-briek.
Dat koe se net forwinne;
Sy wile en stoar der hinne.
En nou siikje ik sa myn iten
As in earme liereman,
Strompelje sa mei myn stompe
Oeral troch it Fryske lân,
Om sa mei goede wirden
Myn earme brea to bidden.
“Wolst’ de sé nou yette ploegje?
Spriek de heit syn Tsjerk do oan,
“Yslik is it om to hearren!
“Is ’t net wier, myn bêste soan?
“Wy haww’ lânnen, wy haww’ grounen;
“Bliuw den by dit stille wirk.
“Joechste dy oan ’t wylde farren,
“Licht forfoelste by de Turk.
“Oerfloed haste hjir en wille,
“Frijheit haste hjir, en brea;
“En de neare slavernije,
“Slimmer is se as de dea.”
““Hwet sizz’ jy fen slavernije?
““Dat wirdt noait Tjerk Hiddes lot.
““’k Scil my noait oan minsken oerjaen,
““Mar ik jaen my oer oan God.
““Né, ik wol net warleas farre!
Sa sprong Tsjerk do fen syn sté,
““’k Wol se straffe en to-gniedzje,
““Dy my oantaest op ’e sé.
““’k Haw nin skrik for sa’n forteltsje,
““’k Scil se boarje yn de groun:
““Dy oait op myn frijheit loere,
““Scil ik deije as in houn.”
En hy hâldde wird, it boike,
’t Fyt’re ’im oan, dit near forhael,
En in simpel boeresoantsje
Wirdt in Fryske admirael,
Dy troch de admirael de Ruiter
’t Neist oan him gelyk waerd steld;
’t Wier Tsjerk Hiddes fen Seisbierum,
’t Wier de greate Fryske held.