In reis fen Gabe Skroar. Utjown troch Doctor E. Halbertsma.
Gabe hie in omke op in doarpke yn de greidhoeke wenjen. Dêr wier it
oars noait merke, mar ienris yn it jier yn de neisimmer waerd de
opsleat flagge, dy nei it doarp ta roun, en dat diene de boerefeinten
mei eltsoarren; en jonge boeren, dy de hjouwere yet ek net alleheel end
al forroun hiene, kamen dêr ek al mank; mar kaem ’er willens ef by
ongelok in faem by, dy waerd sûnder wilens troch dy droege opsleat
helle, en dat neamden se dêr foetwaskjen, en sa koene dy sloven den,
oan de middel ta klaei, op hoasfoetlingen nei hûs ta peasgje.
As de opsleat den ophimmele wier, den kamen al dy ljue by eltsoar yn de
skoalle; dêr siet de âlde master den mei in great kanne mei brandewyn
op swarte beijen, en masterske mei in kanfol mé for de fammen. Domenij
en pastoarske koene by sa’n rûch spiltsje net wêze, mar skikten der de
koffy en koeke by, en sa waerd dat in gearjefte, dêr neiby it heale gea
oan to pas kaem. It meltsjen waerd oanbisteld, en de allerâldste ljue
wierne op sa’n joun by Domenij to koffydrinken.
Dy goede minsken, dy oars noait nin drank ûnder eagen krigen, mienden
for sa’n pas, det it sûpe wier, en sa geaten se it der ek yn, en den
barden der al nuvere dingen yn dy âld skoalle. Master, de âlde stadige
master, dy oars neat song as psalmen Davids, bigoun den to sjongen fen:
_O Holland schoon, met eenendertig steden_, of: _Daar was er een ruiter
en de meid_, en al sokke oerdwealske bierpsalmen mear, dêr it jongfolk
hjar danich mei formakke, en dat dûrre krekt sa lang, det de âlde hear
de prûk dwers op ’e holle siet, en det er troch masterske
sleeptoffeljende nei bêd laet waerd. Sa’n dei trof Gabe dêr ek ’ris, en
hy hie him foarnomd om dy ienfâldige ljue ’ris op in fine menier fen in
nuvere kwael to genêzen. Hja hiene dêr de bynamme fen mirden, en as men
it wird mird ef wezeling mar neamde, den scoene se yen deaslaen; as men
fen stank praette, den wier it al mis, ja, al snúfde men mar ’ris tige
op, dêr koene se mar just oer. Gabe woe hjar genêze, mar hy wier to
slim om mei de doar yn it hûs to fallen: dêrom brûkte er in greate
omhael fen forteltsjes, dy neat ta de saek diene, om sadwaende de ljue
for him yn to nimmen, en mear yngong to finen, as er einlinge mei de
hele hûd útfoel.
Syn omke, dy him wol graech ’ris oan it praten hawwe woe, stelde him
foar om ’ris in forteltsje to dwaen fen de reis, dy er foar trije jier
’ris dien hie nei de Dockumer klaei. “Dat haste my faek biloofd, jonge;
dwaen it nou; den kinne de fammen en feinten it ek hearre.” Dêr skoarre
Gabe earst wakker tsjin oan sa beare, mar de feinten, dy by it
feartflagjen wol sjoen hiene, det it in snedigen hond wier, rôpen
allegearre: “Dou scilste, Gabe; ef wy helje dy troch de opsleat.” Mar
driigjen holp hjir neat; dêr waerd er steech tsjin op. Einlinge komt de
gnapste faem út it hele selskip by him, dy lei him de hân op it
skouder, en sei: “To, Gabe! dochste it net om it oare selskip, dwaen it
den om de fammen; der sit ommers wol frouljuflêsk oan dy.” “Dat scoe ik
miene, sei Gabe, en it scoe skande wêze as it sa net wier; mar as it
âld folk fen kant is, den wol ik neist dy sitte.” “Dat kin wol lokke,”
andere sy him dêrop, en do gong it oan. Hy set de iene hân op syn
kreupele skonk, en bigjint to fortellen, lyk as hjir to lêzen stiet.
“Wy hawwe ’ris in arbeider fen de Dockumer klaei by myn âlders hawn, dy
alle jierren by ús kaem to sichtsjen, in bêsten pronten keardel! Dat
dûrre wol tsjien jier efter ien, mar it lêste jier klage er ús heit syn
need, det er mei syn húsgesin fen acht berntsjes fen arbeidzjen allinne
net mear libje koe; hy frege ús heit om fjirtich goune jild; dêr scoe
er in foech kampke terp to Westergeast for hiere, om ierdappels op to
bouwen, en den scoe er ús heit earst tweintich koerfol ierdappels
stjûre, dêr ús mem folle fen hâlde, en yn de winter scoe er ús de oare
efterstallingen werom bitelje. Omdet it in man wier, dêr nin spyn oan
wier, dy ús altyd earlik en trou tsjinne hie, sa waerd him dat jild
dalik op in goed gelove ôf tateld. Mar de oare simmer liet er ús in
brief troch de skoallemaster skriuwe, det er net komme koe om to
sichtsjen, omdet er siik wier; mar it slimste wier, det er ek nin
ierdappels kamen do de tiid om wier, det dy út de groun komme moasten.
Do sei ús Rommert (dat altiid in bol-David wier): “Dêr ha we de
Duvelderij al geande; ik tochte wol faek, dy fine snaek scil ús wol by
it foetsje hawwe.” Dat sei er, omdet de man sneins flitich yn ’e bibel
lies, dat syn menear net wier. Rommert tipte, keatte, ef koekslingere
sneins ljeaver, mar Rommert wier tweintich jier, en Ynte al fyftich.
“Dêr scil ik aeijen yn klopje!” rôp Rommert. “Ik smyt moarn it gat op
’e rún, en ryd nei dy keardel ta.” “Dêr scille wy net fen hawwe, man!
sei ús heit, dou biste to balstjûrrich yn it oankommen, en to wreed om
to moanjen; dêrby biste my ek to swier for dat jonge rúntsje. Lit Gabe
dat dwaen; dy is lichter, en rom sa bislepen om mei minsken om to gean
as dou; en dêrby mei Gabe ek wol ’ris fen de biezen; dy sit my dochs
genôch: dat seit master Freark ek, dy hat in sprekwird, dat is:
_Dy al to folle sucht en sit,
Op ’e stoel wol nei ’t grêf ta rit._”
[Yllustraasje: GABE OP ’E NOARGER-RÚN FOAR “DE HOUTEN ROMER”.]
Dêrom gong dy reis oan. Us mem joech my fiif inkelgounen, en in stik
spek en brea mei op reis, mar ik treau yet fiif-en-tweintich goune âld
skroarslean by my for de kweade ûre. Ik tochte der koe my ’ris in
ongelok oerkomme, en dêrby it is sa mar yn de wrâld gelegen, in folle
pong is in frijpas, dy de greatste gaudief for in earlik man trochgean
lit, mar in lege pong is in lúsangel. Sa teach ik op reis mei ús
noarger rúntsje, dy do op syn edelst wier; it gong ’er hird oer, en de
wei wier nei de tiid fen it jier yet al skiklik, mar de loft hong eft
er katten spije woe: gallich, kin ik jimme sizze. Ik kom oan in
kroechje, dêr hong in greaten houten romer ta út: sa great wier it
boppe-ein as in earnamer, fammen; en dy hong mei in swier keatting oan
in lange spjirre, dy ta de gevel útstiek as in brebierstôk, en dêr stoe
op: _Een stuivertje maar, dan benje klaar._
Ik tochte, dat is in skoane mjitte for in stûr, en ik sei tsjin ’t âld
wyfke, dat foar kaem: “Scoene jy my ek for in stûr jenever jaen kinne?”
Dêr kaem dat wyfke oan mei in romer as de Tjeukemar, en by ongelok
dreau it kikkertskroas ’er op; it sloof moast de sleat to bate nimme om
in greate mjitte to jaen. Ik sei: “Hwet is dat wyfke?” “O, in lyts
bledtsje fen de linebeam, dy lit jinwirch los.” “Kom, jaen it hynzer in
bytsje wetter, en my in koaltsje fjûr.” “As ’t jo bljeaft, keapman!”
Wylst ik dêr stoe to oanstekken, en to praten, kaem der in lang keardel
oanrinnen mei blauspinalen hoazzen oan en in koarte spanbroek; in lange
blauwe rôk hie er om, hy hie in hege hoed op, in kattestirt yn de
nekke, en hy roun op lege spitse skoen; hy wier sa meager det er wol
mei de keninen troch ’e tralies frette koe. “_Goeyen avond!_” sei de
man tsjin ús, en hy hime as in ôfbeund hynzer. “Goeijen avend!” sei ik
en it wyfke: “Wel man, hwet binne jy gysten en forbaesd!” “_Ei ja, wat
duwel!_ sei de man, _ik loop my de bonken haest uut it lyf; ik hef in
slagtbeest koft van Doede, dat suud fan daag slacht wudde; en al wie
dat komt, Doede komt niet. Myn buurman de kuper suud er de helte fen
hewwe; die is al soo heislike kwaad. ’t Is om tureluursch te wudden. Ik
bin soo flau as in beest; ik hef by myn nicht te Aalsom al twie
pekelhearingen der in slagen. Frou, geef my in glas bier!_” “As ’t jo
bljeaft!” en even rimpen as de man, tapet se him yn in glês, dêr in dea
mûs yn laei. Sûnder wilens slacht de man dat glês bier mei de mûs der
yn nei binnen ta. Earst waerd er bont en blau om ’e holle; mar hy
kokhalze hwette, en do rekke de mûs ’er troch. Ik hie dy mûs wol sjoen,
mar ik tochte, dêr scil dy stedman wol foar opstrûpe. Dea-binaud wier
dy man! Ik sloech him sêft op ’e rêchbonke, en sei: “Man, jy drinke to
stjelpich.” “Né, rôp it wyfke, der laei in bytsje kien op it bier, dêr
is de man yn forsketten.” “_Poepeldery!_ rôp de man, _ik weet wel wat
it weest is, die duwelsche brouwers te Dockum! ik ken se wel, want ik
bin sels in Dockummer, die suwere hoor bier niet goed fan de hop, it is
in hopblaatsje weest, dat my inne hals seten het._” Sa moast it wêze,
sei it wyfke, en sa koe de man mei syn deade mûs en twa pikelhearringen
yn de mage wer fierder reisgje.
Nei ’t ik my wize litten hie hwer Ynte wenne, ried ik nei de man ta. Ik
hie al fen it wyfke heard, det dy ljue danich yn omslach sieten, mar ho
bisaude ik, do ik yn dy wenning ynstoep. Seis earme berntsjes sieten om
de hird, heal neaken. It wiif, dy just de goarre trochstien hie, siet
mei in tekken om, en hie nin lust om op to sjen. Einlinge waerd de
bêdsdoar iepene en dêr seach Ynte ta út. Syn ynfallene eagen boarstten
de trienen ta út.
“Biste dêr, Gabe! sei de man snikjende: Ik bin bliid, det ik dy sjoch,
en kel derby; ik wit dyn boadskip foarôf; dou biste altyd in minske
west, Gabe, en mear as in minske, dou wierste in minskefrjeon; mar as
men jild oan de minsken skildich is, den binne ’t nin minsken mear, mar
divels.” Dêr stoe ik nou: it roun my iiskâld troch al myn lea; it
meilijen oermastere my sa, det my de wetterlanders oerrounen. Ik koe
myn triennen net ynhâlde, en nin wird útsprekke. Mar ik spriek
ynwindich tsjin my sels: Scilstou, Gabe Skroar, noch in minske wêze, ef
in divel? en ik tochte oan de wirden fen mynhear van Haren:
_Hoe velen is nog min geluk beschoren,
Die d’ysren armoe fel met scherpe tanden byt,
Die nacht en dag het kermen horen,
Van ’t teder kind dat honger lijdt!
Heeft d’ aarde dan geen voedzel voor ons allen?_
[Yllustraasje: GABE YN ’E WENTE FEN YNTE.]
En ik sei tsjin my sels: “Né, Gabe! dou scilste in minske wêze; hwent
dou kinste hjir mear wêze as in minske; dou kinste in Ingel wêze.” Ynte
forhelle my do, det syn wiif en hy tagelyk siik wirden wierne, en det
er al syn jild formastere hie, en det syn ierdappels fortribele wierne
troch de droechte; hy hie de bysitter ek al oanwest om ûnderhâld, en dy
hie bilove det ’er yn foarsjoen wirde scoe; mar mei det nou de
hazzejacht ynfallen wier, hie de man it glêd forgetten, en it wier by
biloven bleaun; en mei det er de hele simmer fen de baen west hie, sa
wier fen de heawinninge ek net komd; hy hie oars fjouwer aerdige kijkes
stean, dy him yet al troch de winter slepe koene, en nou scoe er dêr
twa fen forkeapje moatte. “Och, Gabe, suchtte de man, as goede minsken
my net bysteane, den moat ik dizze winter mei myn earme berntsjes
omkomme: ik kin net betterje fen swierichheit, ik lit earmen en skonken
hingje, en wachtsje myn lot hjir boppe wei: wistou ek rie, Gabe?” Nou
tochte ik by my sels: Dy man kinste helpe aste wolste, en aste dy man
fen dizze winter mei syn earm húsgesin omkomme litste, dat hastou for
dyn rekkening, en it scil dy ivich as in stien op dyn gewisse lizze. Ik
wol ljeaver de lêste stûr weijaen as onbarmhertich wêze, tocht ik. “Ja,
Ynte, sei ik, ik kin jo helpe, ik wol jo helpe, en ik scil jo helpe;
mar net prate fen hânnen en foetten hingje to litten, om as in bult
fodden foar ’e wyn ôf to driuwen, hwent dy komme onaris op in
rúchskerne ef yn de jarredobbe to lânne, frjeon! Jy hawwe fjouwer
bisten, en mar for twa hea; wol nou, ik haw in moai klibke hea to
Skraerd sitten; dat haw ik yn it foarjier yn in boelgûd koft. Stjûr
jins broer mei syn pream mei tweintich koerfol Westergeaster ierdappels
for ús mem: den is dy ek to frede, en lit him den dat hea fen Skraerd
helje en bringe dat oan jo; den hawwe jou bisten fretten. Dêr hawwe jy
foarearst yette twa trijegounen om jo hwet út de earste need to helpen,
en as je dêr dy feare kou útmolken hawwe, dy dêr stiet, den stjûr hjar
ús wer; wy moatte takommene jier dochs in weidkou hawwe. As jy den it
gelok hawwe, det je wer opfleurje, den kinne jy werkomme to sichtsjen,
en sa kin de rekkening wer goed komme. En nou scil ik yette in goe’
wird dwaen for jo by de master, dy oer jo giet.” “O, Gabe! rôp de man,
ik hoef nin medicinen mear; ik kin wol betterje fen blydskip.”
“Dat haste ’ris gnap makke, sei syn omke. Gnap, gnap!” rôpen se
allegearre troch de hele skoalle. “Net al to gnap, andere Gabe; hwent
as frij feint hie ik him alles skinke en forearje moatten, mar om de
hele winter it gejeuzel fen ús Rommert net to hearren, woe en doarst ik
it net dwaen.”
Ien fen de fammen, dy hwette weak fen aerd wier, en dy op it hearren
fen de earmoede en ellinde fen Ynte soms al djippe suchten litten hie,
frege hastich oan Gabe: “en ho is it tonei mei Ynte gien, dy earme
stakker?” Opperbêst faem, sei Gabe; hy is opfleure, en hy hat yette twa
simmers by ús sichte, en hy is yn ’t forfolch yet in wolsteld boer
wirden op in nuvere menear.
Hy hie in ryk omke yn de Trynwâlden wenjen, dy nin bern hie, mar hy
mocht Ynte net lije, omdet er him de wierheit wol ’ris opsei oer syn
goarjen. Dêrom hie Ynte noait tocht, det er dêr in stûr fen erve scoe,
mar dy man wier lyk as de measte gjirrige rike ljue, freeslike bang for
de dea, en hy woe net testamintsje, omdet er miende, det it mês den for
him klear laei. Mar do oerfoel de man mei de seine him onfoarsjoens, en
it libben gong ’er út wylst er in leppelfol brij yn scoe; en sa waerd
Ynte yn syn steed boer to Moarmelswâlde, dêr ik forline jier by him
út-fen-hûze haw; en nou jowt er my altyd de bynamme fen bysitter;
“Hwent bysitter scoe yn myn need foarsjen, seit er, en dou haste it
dien.” Mar gjin minske licht dêrom de hoed for my, al binn’ ’t ek noch
sokke greate eagentsjinners.” Master, dy de prûk al min ef mear op ’e
side bigoun to krûpen sei: “Hawar, Gabe! priuw ’ris mei my; dou kinste
prate as in pastoar; mar dat fen dy keardel mei de mûs yn it bier, dat
roun der by troch, maet.” Hwerop Gabe sei: “’t Is wier, master; mar it
wier in hele reis alleheel en al tichte by Bolswert wei nei de Dockumer
klaei ta; dêrom pleistere ik efkes, en omdet ik bang wier, det it jimme
ek sa gean scoe, nou pleistere ik ek ’ris mei myn forteltsje; en dêrby,
dy in strou om in aei, en in forteltsje om ien lyts flouke bidjert, dy
is net felle wiis. Mar, master, det er greate dingen troch in lyts
kielgat gean kinne, dat hat in neef fen my ’ris ûnderfoun: dat wier in
kofskipper, in lichtmis fen in keardel, dy gâns âlders erf hie, dy
dêrby forskate oanstjerten krige, en yn it bigjin heel gelokkich op sé
wier: dy brocht it sa fier, det er mei in gnappe koffe mei in lading
Rigaske balken to Amsterdam kaem. Dêr forkeapet er skip en lading, en
jowt him oan it rintenieren, mar syn lichte sinnen fordwaelden yn dy
greate bûrren. Hy rekket oan it swieren en slampampjen, en hy lapet ’er
syn hele boel yn koarte jierren troch.
Do er mar in stûr mannich mear yn de bûse hie, do gong er nei in dokter
ef master ta; dy frege er eft er him ’ris yn de kiel sjen woe, hy scoe
wol in splinter yn de kiel hawwe, tocht him. “_Een splinter in de keel,
man?_ spriek master, _Daar heb ik nooit van gehoord, maar wel in de
handen._” “It moat dochs sa wêze, sei myn neef, sjen der mar yn op.” De
master seach him yn de kiel, mar hy seach neat. “Den moatte jy it yet
’ris tige bisjen, sei er, en de master drukte him de tonge mei in plat
izer del. Mar de master sei: “_Ik zie niets, volstrekt niets; maar hoe
is het mogelijk, dat je op dat denkbeeld komt, vriendje?_” “Wol,
mynhear, spriek myn neef do, dêr is in koffe fen njoggentich lêst mei
in lading Rigaske balken der yn mei seil en treil trochflein, en nou
liket it my nuver ta, det er net ien lyts splinterke fen hingjen bleaun
is. “_Ja, vriesje_, sei de master, _ik geloof, dat het je begint te
reutelen; loop naar het buitengasthuis bij de gekken; daar hoor je te
huis, maar niet bij mij._” En dêr hie de master dochs ongelyk yn; by de
gekken hearde neef net, mar by de swiften en doognetten op in
oarlochskip. Myn neef hie wirk it laitsjen yn to hâlden; hy roun hird
ta de doar út, en hy forronsele him nei Eastynje. Dêr libbet er nou
yette as siketreaster op it eilân Ambon; hwent hy kin sa de man wol,
den út it Hegelied, en den wer út Jeremias.” “Dat is ek in biis west,
Gabe; gjin hier better as dou,” rôpen se de hele skoalle troch. “Nou,
dat is ta dêroan ta, mar ik forhelje hwet ik wit, en mear kin ik net;
en dy dat ek wol is in gek. Mar ik scil nou mar fen Ynte Sapes
ôfstappe; dy man wier nou bisoarge. Mar nou moast ik ûnder tek; hwent
by dy earme minsken koe ik net bliuwe, en dêrby woe ik Ynte syn master
sprekke. Ik ried nei in doarp dêr tichte by; ik seach in âld weardshús,
en dêr hinge in boerd út dêr hwette op stie; mar dat wier forwettere
troch waer en wyn, det ’er neat mear fen to biskieden wier, as oan de
iene side in kattekop, mei in healfearntsjekantsje oan de oare kant fen
it boerd. Tonei forstoe ik fen de kastelein, det ’er op stien hie, oan
de kat syn kant:
_De katten branden zich aan brij._
en oan de oare side:
_De menschen branden zich aan mij._
Ik sprong fen it rúntsje en rôp: folk! Dêr komt de kastelein oan, in
great keardel mei in wyt kyltsje oan, op houten klompen en mei in great
swart rûge mûtse op; hy brocht myn rúntsje op ’e stâl, en dêr skrobbe
ik de foetten ôf. “De diker! sei de man, dat is in rúntsje as in
jifferke yn ’t flewiel; in edel ding! Nou, it liket my ek ta, det in
goed hynzer jo wol past; dat stylwirk stiet der al hwette strampelich
by mei jo.” Sjê, dêr moast ik my dalik myn kreupelheit al forwite
litte. “Mar, kastelein; sei ik, kin myn hynzer it hjir goed hawwe?” “Jy
hawwe nearne mear nei om to sjen, hwent ik hâld mear fen in jong hynzer
as fen in âld wiif; ja, sels al wier it in jong frouminske, den moast
hja der yette al moai by wêze, scil ik ’er mear fen hâlde. Gean jy mar
nei de keamer ta.” Ik traepje de holle stiennen gong lâns, mar do ik
just by de keamersdoar kaem dêr hear ik in frouminske forheftich
roppen: “Aste der yn komste, den hou ik dy mei de bile foar de kop!” en
ik as de blits dêrop wer nei de stâl ta nei de kastelein. “Ho nou! sei
dy, dooch it dêr net better, det je sa gau werom komme?” en ik forhelle
him de set. “Dat klinkt nuver, sei de man; den moat ik ’ris mei,” en do
waerd ús ’t ding klearder. Dy hospes dêr dy wier ek skjippeslachter; hy
hotte just syn bile do ik mei it hynzer foar de doar kaem, en do lei er
de bile op ’e tafel om my to rêdden; it wiif siet to smoarranen, en dêr
stoe in pôt met rie snien smoar ûnder de tafel en dêr woe in lyts
mophountsje fen frette, en dêrop wierne dy wirden fallen, krekt do ik
de klink fen de doar yn de hân krije scoe. Do ik yn de hoeke siet,
easke ik koffy om to bikommen, en do bigoun it wyfke to kleijen, det de
koffy sa yn de mounle omdwarle: sa sei se: “Onwaer krije wy wis;
hark’ris, hwet kreaket it úthingboerd, en de kat hat hjoeddeis al sa yn
de beam opflein. Dêrmei komt de kastelein, en dy frege my al dalik:
Hwer is jins pas, jong feint? it bistjûr nedicht ús ’er ta om it to
freegjen.” Ik liet him de pong sjen. “Goed, sei de hospes, dy bringt dy
troch alle lânnen; ja, troch it fagefjûr en de hel.” Ik tochte, dou
biste in nuveren kastelein; en do forhelle ik him dalik hwer ik fen
dinne kaem, en hwet myn reis wier: hwent ik seach wol, det it in man
wier, dy my wol paste: en do sei er ek: “Nou, it is goed; ik wit nou
hwa ik ûnder myn pannen hab: dou moaste dy nou mar nei wenjen sette;
dou scilste it hawwe as in soan oan hûs.” Hy joech my in âld jas oan,
in blauwe sliepmûtse op, en in pear âlde útdroege toffels mei
skjippebloed ’er op oan de foetten, en sei: “Hawar, dêr haste in lang
piip.” Mar de piip wier net klear, en ik sûgde en helle, en it holp
net. Do joech de kastelein my in nijen ien, en sei: “Hawar, heite; dêr
is in oaren, mar ik ried dy om takomme jier ’ris nei Boarnwerder merke
to riden, om in nije sûchlape; dy wirde dêr forkoft.” Ik sei: “Is der
op sa’n lyts doarpke yet in merke?” “Wel ja, man; wiste dat net? sei de
kastelein. Dêr is foar jierren, do ik yet in jonge wier in mirakel
bard, dêr alleman him oer bisauwe moast. Der wier in âld soldaet fen ’t
regiment Oranje-Friesland, dy to Dockum wenne, en dy in houten skonk
hie; dy, omdet de man fen syn pensioen net libje koe, him mei
swevelstôk-meitsjen en pluchsnijen genearje moast. Dêr koe er yette net
fen bistean, ef hy moast it flearhout, dêr de man syn pluggen fen snie,
der by kape; hy hompele by jountiid ta de stêd fen Dockum út nei
Boarnwerd ta, en dêr seage de man in great fleartûke fen in
boerehieminge ôf, mar hy waerd bitrapt en dalik mei fleartûke en al yn
de toer set. De moarnsier, nei det er goed útslept wier op in gruze
mannich strie, waerd er út de toer litten, en dalik foar de
doarpsrjuchter brocht, en dy frege him, hwet er foar hie? “Wel, sei de
man, ik wiste det it moarn Boarnwerder merke wier, en nou woe ik de
ljue hjir ’ris to fiter hawwe, en sette dizze maibeam op ’e toer.” “Dou
dy maibeam hjir op ’e toer sette? Dêr forsjen ik in goune op.” “Jaen my
de goune mar, as de maibeam net op ’e toer komt, sa set my der den mar
wer ûnder.” Hy kriget de goune op hân, en kladdere mei fleartûke en al
yn de toer op, en do er boppe op ’e nael fen de toer kaem, do boun er
syn sek mei pluggen op ’e rêch, en dêr in great bosk swevelstokken
boppe oerhinne, en do gong er skonkjeoer op ’e fleartûke sitten. Do
lichtte de man syn hoed, en hy sei: “Ik tankje de boargers fen
Boarnwerd for de húsfestinge en it reispenningske.” En sa fleach er nei
Dockum ta by syn âld wiif wer foar de doar.” “Nou, sei de kasteleinske,
aste noait leagen haste den dochste it nou.” Jouke gnyske sa hwet, mar
ik sei dêrop: “Sêft, sêft, wyfke, rin net to fier, en smyt alles net
fen jo; it kin nuver; der binne rare minsken yn de wrâld. Der hat yn ’t
jier 1503 ’ris in âld wiif west to Allingawier by de Makkumer mar, dy
hiette Houkje; dy hie in jong gnap keardel troud, mar dy op in swarte
namme laei, dy it oars skoan dwaen koene: boerkjen en fiskjen wier hjar
wirk, mar Houkjen-moi ginde nin minske hwette as hjar sels; hja jage
hjar Jakle mar nei it lân ta, en siet sels mar yn de hirdsherne to
spinnen, en iet en dronk fen it allerswietste en bêste iten en drinken,
en as de man den út it fjild kaem, den koe er nei de sûpmogge ef nei de
waiboaits rinne, en ite dêr syn droege brogge by op. Op in jountyd komt
er wakker forklomme oer iis fen Makkum ôf; der wier nin fjûr op ’e
hird, nin lampe opstitsen, sa siet se as in flearmûs yn de skimering
troch it finster to mikerjen en to spinnen, hwent dat koe se by de fiel
dwaen. Hy sei, goejoun, mar hy krige mar kwalik in goe’ wird werom.
“Haste wer neat klear? hwet bin ik in ongelokkich minske; ik bodzje de
hele lange dei, en dou tinkste mear om dyn spinwiele as om my. Jaen my
dochs hwet waerms.” Do sei dy fekke: “Men scoe ’t sizze! kinste dyn
sûpkop net by it hirdtsje sette? Den haste hwette waerms: dou kinste dy
altyd wol rêdde, dwaen it nou ek mar, ik moat oan myn wirk bliuwe. Fea,
sa’n omslach, en dat by ontiden, men scoe ljeaver by de hoanne op ’e
toer wenje, as by sa’n keardel astou ien biste. “Dêr kinste wol komme,
sei Jakle mei in driigjend lûd, en aste wolste, joun yette.” En sy
spitich en skeetsk: “Dat scoe ik wol ’ris sjen wolle fen sa’n
ierdmantsje.” “It scil dalik oangean, sei hy, en hy smit syn wiif mei
de spinwiele en in bindel flaeks yn de kroade, en kroadet hjar by de
toer fen Exmorra op. Hy plantte hjar en de spinwiele op de toer, en
sei: “Dêr sitte nou twa húsdîvels; spin nou dêr dyn tried for it ivige
libben wei, âlde tsjoenster.” “O Jakle, dy tried scil dy yette sauntich
jier nei dyn dea pleagje!” rôp Houkje him efternei. “Sauntich jier!
tocht er, Sauntich jier! Ja wol, âlde iegewiege; dou biste yet net heal
fordroege op ’e Exmoarster toer, ef ik haw in ljeaf jong frouminske by
my op bêd. Fries dêr út op dy âlde toer! fortoarje! forronfelje en
forskronfelje! En dou âlde trouwe noardeastewyn, strui hjar mei
spinwiele en flaeks as yeske oer de mar, en sa nei de sé de Fryske
wrâld út. Lit se spiele en driuwe tsjin de klippen fen Yslân oan; hwent
ik haw myn nocht fen dy âlde têst.” Jakle kaem wer fen de toer ôf en
brocht syn kroade thús, en gong op bêd lizzen en slepte; mar Houkjemoi
waerd de oare deis dea op it tsjerkhôf foun mei de spinwiele neist
hjar. It sizzen gong, det dat sloof nei in nift fen hjar út to spinnen
en út to joun-praten scoe, lyk as do menear wier, en det se hjar fen de
kjeld bijown hie, lyk as mear bard is yn hirde winters. Houkje waerd
bigraven, en Jakle troude ytlike wiken dêrnei in jong wyfke, dêr er
frij goed mei libbe, mar hy gong dochs ivich mei de kweade om. Op in
jountiid, ek al yn de wintertiid, siet er allinne yn syn fjûrherne to
netbreidzjen, en dêr komt ús maet oan mei syn hynstepoat, en dy seit:
“Joun, Jakle!” “Joun, mynhear! seit Jakle. Hwet wier der fen jins
bijeartme.” “Wel, sei Joast dêrop, ik haw hjoed in forkeard miel hawn;
ik haw earst in Domenij briede litten, mar dy wier my to meager; do in
Docter yn de medicinen, en dy stonk my to folle nei rhubarber en
knyflok; do pakte ik in Abbekaet oan, mar dy wier my ek to bienbitich,
en om dy de wierheit to sizzen, ik wist net eft ik fisk ef flêsk foar
hie; do krige ik in boer foar it mês, mar dy wier my ek to laf; en nou
kom ik by dy om in soad fisk.” “Goed, mynhear, sei Jakle; it kin
lokke.” En hja gongen mei eltsoar op de mar, dêr Jakle bitten kapt hie,
en dêr fiske er mei setangels. It earste bit it bêste sei Jakle al: “Dy
strampel is ôfroun: hjir scil wol ien oansitte.” Hy niicht him foaroer
om de snoek ’er ôf to krijen, mar syn tiid wier om: de kweade man briek
him de nekke en treau him ûnder it iis, en tonei hat er wol tachtich
jier dêr op ’e wâl omspoeke, krekt sa lang as de lêste tried fen al ’t
webdoek, dat syn Houk him oanret hie, forsliten wier, en dêrom wirdt it
dêr yet altyd neamd fen _Jackleset_.”
“Fij, Gabe! rôpne alle fammen yn de skoalle, hâld dêr fen op; dat is
ôfgriselik.” “It is ek krekt út, fammen, en de kasteleinske praette
krekt as jimme, mar master skynt it net to grizen; dy hat it fel al oer
’e eagen.” En do laken se allegearre. Mar de kastelein lichte syn rûge
mûtse, en sei: “Dou hast it woun, Gabe heite, fier woun; dou kenste
mear, en ik scil dy moarn wer op de tekst bringe, mar dou biste nou
sliep nedich; ik scil dy op bêd bringe. Wy hawwe joun in oansit, en as
dat den hwette lûdroftich wirk waerd, den koeste soms net yn de sliep
komme.” Wy gongen mei eltsoar in âld rammelich treppen op, en do brocht
er my op in âld hol keamer, dêr neat op stoe as in swier langwerpich
tafel mei draeide poaten, ien dêr wol in okse op slachte wirde koe
sûnder to brekken. “Dit hat alear in weerhuis west, sei de kastelein;
dêr is dyn bêd, Gabe, en as it gefal wol, detste moarn to ier wekker
biste, en it fortret dy op bêd, gean den yn de jachtweide; dêr stiet in
sjoeltafel, en dêr hinget in ringheakking; formeitsje dy dêr mei.” “Ik
tankje, kastelein,” sei ik. Ik tommele yn it fjouwerkant, en slepte as
in roas yn ien sé oan lân, krekt as in minske dy nin geweten hat. Ik
waerd wekker in ûre foar tsjerketiid: hwent it wier krekt snein. En ik
roun út nijsgjirrichheit ek al nei tsjerke ta, lyk as de measte minsken
dwane, dy fen ôfkomste ef gewente der ek al hinne traepje. Op oanrieden
fen myn kastelein gong ik ’er tweintich minuten letter hinne as it oare
folk. “Ik bigryp it is dy om de woartels to dwaen, en it lof laeit dy
net oan gelegen: it gebet, sei er, is altyd it selde sont
fiif-en-tweintich jier, det de man hjir stiet as domenij: it dûrret sa
hwet tsjien minuten foar it sjongen en oare byspillen. Meitsje nou dyn
rekkening.”[45] Krekt do ik yn de tsjerke kaem, do kondige de man de
tekst ôf, en dy wier, det it makliker gean scoe, det der in kemel troch
de oes fen in niddel gong, as det der in rike yn de himel kaem. Do er
de tekst forklearje scoe, do rôp er: “_Geliefde toehoorders, gij allen
weet wat een naald en het oog van de naald beduidt; gij weet ook wat
een kemel of kameel beduidt, maar hier op deze plaats wordt niet een
groote, levendige, gebochelde kameel beduid, maar een fijn draadje van
kemelshair. Begrijpt ge het nu?_” Ik lake al yn myn fûst, mar ik
tochte, ik scil en wol dy preek dochs úthearre. Dat preekjen wier
allegearre al in nuveren biddeltekken, mar ik haw ’er mar in bytsje
mear fen heard. Hwent it dûrre mar in eagenblik, do kaem der in
freeslyk geraes en gemoart ûnder de frouljuestoellen. De frouljue
spattene oerein; de stoven rekken om, en de yeske stau oer de tsjerke,
en de domenij hâldde op fen preekjen; en dêrmei kaem in lyts parmantich
keardeltsje mei in houwer op side en in stôk yn de hân by de
tsjerke-doar wei, en dy rôp je fen fierren al: “Hâld faesje, domenij!
de houn scil der út al wier er fen de divel.” En nou, kin ’k jimme
sizze, waerd it my to mâl, en ik roun yette hirder ta de tsjerke út as
de houn; de biisjager siet my net efternei, mar it laeitsjen. Do ik sa
gau werom kaem rôp de kastelein fen fierren al: “Hwet nou? biste nou al
út de leare?” Ik forhelle him de grap en hy lake mei my, mar do ik him
de tekstforklearringe forhelle, do fleach him it bloed yn de eagen, en
hy sei sa forheftich as er koe: “Nou hat den donder him sels
skjinmeitsje wollen. Ik bigryp him wol, heel wol. Domenij hat lânnen en
grounen; hy wennet mei in âld faem allinne; hy jowt nin duit oan de
earme minsken, en libbet sa earmhertich det it in skande is. Hy yt soms
grouwe earten mei lang sop, en den lit er dy âld faem it sop for koffy
opdrinke; hy kriget soms wol ’ris in stik mest kealle-flêsk, ef in
poepeskinke út de stêd, mar dy wirdt dalik op ’e studearkeamer efter it
slot set: mar oars komt der noait nin winterflêsk yn hûs: mar as der
folle hearringen komme, den wirdt de skoarstien sa fol hearringen
hinge, det de reek der mar amper troch kin, en dy hinget er sa heech,
det gjin minske der sûnder ljedde by komme kin; en dy ljedde berget er
yette op ’e studearkeamer, dy ivich op it slot sit; hwent dat is
egentlik in provisiekeamer, dêr al syn lekker iten en reade wyn op
bisletten sit. Lyk aste sjochste, Gabe,” sei er, “hy wennet midden yn
de klaei, en hy slacht dochs winters neat as wâld-ierdappels op, en den
sit er de hele joun mei in pear greate klompen mei hea der yn, en
foetsokken fen sâltsekken oan, by in lyts fjûr, om dy wâldierdappels om
it hirdtsje to brieden; en dêr ite syn âld faem en hy den elts in
hearring ta: mar as er net genôch nei syn sin kriget, den giet er tonei
’ris eventsjes nei syn studearkeamer, net om preken to meitsjen, mar om
de lege hoekjes fen syn mage oan to follen, wylst de âld faem by my ef
in oar rint om in stik brea op to skoaijen, dat earm sloof!” Do sei ik:
“Den ha jy as slachter ek net folle oan de man?” “Ei man, sa goed as
neat, sei Jouke; forline hjerst do slachtte ik in âld baerch; nou, it
spek doarst er net fen keapje, mar it ôffal, lyk kop, poaten en de
stirt, dat wier hearlik, tocht him, op ’e winter by syn koalrapen;
hwent men moat him de eare neijaen, det der nearne better koalrapen
forboud wirde as by him; as syn preken ek sa goed wierne den wier er al
lang prefester west.” “En ho gong dat mei dat barge-gûd, Jouke?” “Dat
waerd yn it sâlt set,” sei Jouke, “mar hy hâldde der in barge-ear út;
en dêr hawwe hy en de âld faem trije kear fen iten. De earste kear is
’er sop fen sean, de twade kear hawwe se it bûtenste swaerd en it
bytsje spek, dat ’er op siet, by de ierdappels opiten, en de tredde
kear moast de âld faem it knarsbien mei sipels opsnorkje, en meitsje
der in krouske fen om jouns by de brette ierdappels op to smullen. Ja,
Gabe, hy is sa heidenske gjirrich en oerginstich, det er nin miet fen
is. Forline jier miende er einlinge det er forroppen wirde scoe, en do
helle er de greate beane wer ta de groun út, dy al útroun wierne, en dy
liet er syn âlde faem siede, sa bang wier er, det syn opfolger dêr de
frucht fen rispe scoe. Okkerdeis is syn mem stoarn, dat minske wenne
oan de Harnzer kant; dat sloof hat lang omtierme foar det se ta
stjerren komme koe. As er der den ’ris hinne reisge om hjar to
bisiikjen, den koe ik, as er werom kaem, bynei altyd wol riede, ho it
mei de patient gong: hwent as er bidrukt werom kaem, den wier it hwette
better, mar as er forkearde tafallen west wierne, den wier er fleurich:
sa langhalze er nei it jild fen it minske, dêr de man dochs noait nin
gebrûk fen nimme doar, en dat him earder minder as better makke hat.
Mar einlinge, do it minske ’er útskaette, moast hy de leedbrieven
skriuwe. Dat papier en dat lak like him to bigreatsjen, en nou naem er
fen de Dockumer skipper fen eltse brief in dûbelstûr; dat hjitte
útsketten jild. Dat wier fyn, net Gabe? Mar bigrypste nou wol, hwerom
det er dy forgelikenis fen de kemel en it oes fen in niddel oars
forklearje wol as in oar?”
[Yllustraasje: GABE FOAR DE SJOELBAK.]
“Nou, seine de ljue yn de skoalle, den hawwe wy in oar Domenij. Dy
praet net allinne, mar hy docht.” “My tocht, wy moasten de gesontheit
mar ’ris drinke fen Domenij en pastoarke,” sei Gabe. “Den moaste ek
’ris rêste, heite,” sei omke. Dat diene se, en do bigoun Gabe wer. Do
dit forteltsje fen Jouke-kastelein út wier, do bigoun it to reinen.
“Hwet hear ik dêr? sei ik, rein, Jouke?” “Ja wis, rein; reine moat it
hjoed as de sé: dêr hat de loft krekt nei stien.” “Dat moeit my: ik woe
ljeaver, det it sa net wier.” “Hear i’s, Gabe,” sei de hospes, “dou
moaste mar tinke as it wiif alear to Dockum. Dy hjar man waerd ophinge,
omdet er it der nei makke hie; dat wiif sei: It is altyd moai waer:
reint it, den groeije myn koalplanten, en droeget it, den droeget myn
man oan de galge.” “Ja, mar ik woe graech joun yette to Ljouwert weze.”
De man sei: “Dou moaste op in snein net reisgje, Gabe; dou kinste ek
net mei sa’n waer.” “Ik haw it al sein, sei de kasteleinske, det it
waer foroarje woe. De kat fleach sa yn de beam op, en de koffy dwarle
yn de mounle om.” “Ja, sei Jouke, ja, moeije, en de houn friet gêrs;
mar dou bliuwste hjir, Gabe. Ik krij hjir joun in geselskip, dêr kinste
dy genôch mei formeitsje, mear as to Ljouwert: en dêrby aste mar mei
dei foart-tsjochste, den kinste mei dyn flugge rún yn ien dei bêst oer,
en dêrby rint in hynzer altyd hwette luftiger as it op hûs oan giet, as
det it der fen dinne giet.” En wy ieten en dronken, en spilen op it
sjoelboerd; wy smieten nei de ring, en sa roun dy dei oan de joun ta
to’n ein: en do roun ik by de kastelein yn de stâl, dêr myn rúntsje
ôffoerre waerd.
Do ik dêr wier, sei myn húsbaes Jouke: “Hear ’ris, Gabe; ik haw
jisterjoun oan dy fornimd detste masterlik ien stâlle en opsnije
kinste. Wiste ek in forteltsje fen Dockum?” “In gnappen, Jouke, sa gnap
as jy noait ien heard hawwe, hospesom. Mar hwet woll’ jy dêr mei
útfiere?” “Wel, heite, wy hawwe hjir in ontfanger yn it doarp; in ryk
man, dy ek sa hwette fetweider is, en dy hjir gânsk de brette hoanne
spilet, en dy folle ljuwe foar eagen hâlde moatte, omdet er hjar de
foet dwers sette kin. It is in Dockumer fen geboarte, en dy smyt wakker
mei syn geleardheit om; en omdet hy folle lêst en ik neat, sa set er my
alle jounen sa faek as er hjir komt oer staech. Dy kinste noait better
genêze as detste op Dockum smeulste. Dou moaste dy earst mar simpel
hâlde; ik scil dy wol stevigje.” Sa sein, sa dien; de jouns om fiven en
seizen kamen der al forskate healútlibbe âlde boeren op toffels
oandribbeljen om in sûpke. Aftersteekjes hiene se op, sarjes rokjes
oan, en inkelde hiene blokjes oan de piip, en stopjernen prûken op.
Einlinge komt ontfanger ek, in steil en parmantich Dockumer, mei in
hege hoed op, in lange blauwe rôk oan mei in freeslik tsjokke wite
kropdas om; koartom in man nei de mode fen syn tiid klaeid. Hy naem
dalik de hoeke yn, en hie ek dalik it heechste wird. Dy âlde stakkers,
dy mei him yn de rige sieten, diene it swijen der ta, as ontfanger
praette, omdet se neat wisten, en al wisten se al hwette, den doarsten
se yette net. Hja wierne âlde Friezen, dy foart alles net seine hwet se
wisten. As er hjar hwet frege, den seine se mar: ’t Is sa, ontfanger.
En dat bloes de man den yette mear op. Ik hie de hoed yn de eagen
litsen, en siet mei de toffels oan yn de hoeke op in âld briedstoel mei
in holle matte der yn, en dêr hong ik sa sleau hinne, eft ik heal nôch
wier, mei de holle op ’e side, wylst my de flibe ta de hoeke fen ’e
mûle útroun. “_Wie is die persoon, Jouke?_” sei de ontfanger al gau.
“O, dat is in feint, dy is hjir jister to peerde komd, en dy om de
felle rein hjir hjoed hingjen bleaun is; ’t is in skroar, seit er,
ontfanger.” “_In schroor, in die te peerte hier? dat lijkt ook raar._”
“Ja, mar it is in nuveren feint; it is in gelearde skroar, dat siz ik
jo. Hy hat hjir nou in etmiel west, mar ik wit net hwet ik oan dy feint
haw.” _Geleerde? een geleerd lapschroor? Maar wat bij een slachter
geleerd is, dat is het daarom niet bij mij._” “Krekt sa! Krekt sa!”
rôpen al dy âlde boeren. Nou bigoun ontfanger to brimmen, en mei de
stoel to skikken, en op it lêst flapte er forheftich mei de bierkanne,
det ik kwanskwys wekker waerd, en in pear forbaesde eagen opsloech. En
nei de gewoane praetsjes foel de man dalik oer my hinne mei alderhanne
praetsjes en fragen. Einlinge frege er my, eft ik ek Latyn forstoe. “Al
sa min sa mear, ontfanger,” sei ik dêrop. “_Nu, lees dan is op, heer
snijder!_” sei er spytgniizjende, wylst er de âld boer, dy neist him
siet, mei de earmtakke oanhompte. En dêrop sei ik mei in kleare
stimme:[46]
“_Integer vitae_,
Mem, hwet scille wy ite?
_Scelerisque purus_,
Al hwet op it fjûr is.
_Non eget Mauri_
Sûpen-brij mei groat ’er by
_Pharetra sagittis._
As it net to hjit is.”
“_Ha! ha! domme kinkel! wie heeft u gezegd, dat dat Latijn is? Het is
Latijn in boersch._” “Wel, mynhear, dy it my leard hat, dy hat it my
sein, sei ik dêr boppe oer hinne. Mar wit jy it út jo sels, det jou
Latyn better is as mines, mynhear?” Koartom, dat Latyn hie ontfanger
net foldien, en hy hie er sels de gek mei. En do frege er my, eft ik ek
Gryksk forstoe? en ik sei dalik: “Sa goed as de bêste skroar fen
Dockum.” “_Laat eens hooren_,” sei de man heel permantich, en do bigoun
ik fen degen oan:
“Liepai kâi skriers-ai
Tjirk-ai kai grieneskyl ein-ai.”
“_Ha! ha! allemaal eijers! Hoe komme de minschen er bij om jou dat voor
Grieksch te verkoopen? Ben je zot, kareltje? daar is maar één Grieksch
woord in, en dat is het woordje_ kâi _dat_ en _beteekent._” Ik sei:
“Mis, ontfanger! Us Domenij sei, dat _einai_ it twade is, en dat
bitekent _zijn_. En jy hawwe my niis frege, eft ik sot wier; mar ik
freegje jo, mynhear; eft it net gek is, det in skroar Gryksk leare
scoe. Forsteane de Dockumer skroarren dat? Ik haw oars wol sizzen
heard, det dy nin goed krús yn de broek sette koene.” En dêr waerd
ontfanger al stikelich oer; hwent hy koe gjin kwea fen Dockum hearre.
Einlinge smiet de hospes der in kneppel yn, en dy sei: “Gjin gehaspel
mear oer Gryksk en Latyn. Hwent dy dêr fen it measte forsteane, dêr
wirdt men onaris it measte mei bidragen. To, Gabe heite; dou haste
jister-joun bitoand, detste mastereftich forhelje kinste. Dwaen dat
ljeaver ’ris as al dat gehakketak yn eltsoarren om.” “_Ik geloof_,
spriek ontfanger, _dat het ook beter met syn boeretrant en verstand
overeenkomen zal._” “Nou, sei ik, den scil ik jimme ’ris fen in nuvere
grap forhelje, dy yn âlde tiden yn de stêd fen Dockum bard is; it liket
raer, mar as ik leach, leach ik yn commisje, hwent ik haw it út in âld
boek lêzen.” “_Van Dockum? Kom, dat mag ik hoore, sei ontfanger, dat is
mijn geboorteplaats._” “Soa, sei ik, it scil de kasteleinske ek better
foldwaen as dat fen Jakkele en Houkje.” “O ja, Gabe, dat wier aeklik,”
sei se. Mar it kaem dochs oars út; it foldie hjar net, frjeonen; en do
bigoun ik dit forteltsje.
“It is bard yn ’t jier 1623, det in skipper mei in lading hout út
Noarwegen kaem, en op Iezumersyl binnen roun. Dy skipper hie for in
aerdichheit ytlike libbene kreeften yn in koer meibrocht for syn
keapman, dy to Ljouwert wenne; dy droech er by jountyd, det it al
tsjuster wier, troch de stêd fen Dockum, en do rekke er troch ongelok
ien fen dy bisten út de koer to fallen, krekt foar de doar fen in
froedsman Grada. De oare moarnsier, do de faem de strjitte oanfeije
scoe, foun se dat bist dêr lizzen; hja roun forskrikt yn ’e hûs, en
rôp: “_Here vroedsman! Kom gau ris voor deur. Here, wat leit dair ien
rair ding op strait!_” Froedsman mei in reade japon oan, mei de wite
sliepmûtse op ’e holle, en de hoazzen op ’e slomp, roun dalik nei
bûten. Hy sloech de hânnen yn elkoarme, en sei: “_Dit is in mirakel!
suud dat ook in jong weze fan die roek, die hier boven in de lineboom
nestelt?_” It dûrre net lang ef der roun al skielik in heal hûndert
minsken to heap, om it skepsel to oanskôgjen. In Catechisearmaster, dy
der ek foarbykaem, dy rôp: “_Minschen! Minschen! sien it beest dochs
niet an; want ik loof dat et de Basiliscus is, daar men fan inne
schrift leest; et kon jimme allegaar et leven koste.”—“It mocht in
skyt, meester!_ sei in turfdrager, dy der mei syn koer foarby kaem, _Ik
hew him al goed in syn freet sien; et stomme beest zal ons niks doen,
in die er in mingelen bier voor over het, dan zal ik him daadlyk met de
tange in myn korf legge, en drage him waar de vrienden him hewwe
wille.” “Dat gait an!_” sei froedsman. De tange waerd helle, de kreeft
yn de koer lein, en do earst nei de brouwerij om it minglen bier op to
nimmen. Dêr fen dinne rjocht út nei de boargemaster mei in sleep jonges
efternei. De turfdrager sette de koer yn it foarhûs del, en froedsman
gong yn de keamer by boargemaster. Hy spriek de boargemaster mei in
heel bidrukte en in heel forskrikte troanje oan en sei “_Goeien morgen,
Burgemeister!”—“Goeien morgen, vroedsman! jou hier zoo vroeg al over de
vloer, man?”—“Ja, Burgemeister! Wy hewwe hier in rair stuk,
Burgemeister. Wy hewwe van de morgen in levendig ding op strait fonnen,
in gien minsche weet wat ding of it is, of hoe et hiet, Burgemeister.
Wy hewwe it metnomen, Burgemeister; et stait in ’t voorhuus,
Burgemeister. Wil Burgemeister it ook ’ris sien, Burgemeister?”—“
Vooral in beliewen vroedsman_, sei dy hear; _Jou wete, seldzaamheden
ben ik altoos nieuwsgierig na._” De Boargemaster, dat in biis út de
bizen wier, seach dalik wol det it in kreeft wier, mar dy hâldde him
yette dommer as froedsman yn wêzen wier. Dy sloech de hânnen gear en
sei: _Vroedsman! Vroedsman! ik loof dat er ons slimme dingen over et
hoofd hange; zoo’n ding staat in gien kronyk beschreven, en zoo lang as
de wereld staat is er zoo’n ding in Dockum niet vertoond. Het is een
stuk van te veel belang; daarom gevoel ik mij verpligt om nog heden
morgen om tien uur de raad te beleggen, om dan te bepalen, wat of wij
mei dit monster zullen aanvangen. Jou komme dochs ook, Vroedsman?”—“Ja,
wis Burgemeister._”
De moarns om tsjien ûre kamen de hearen by eltsoarren op it stêdshûs,
en omdet it sa’n bûten-extranaris ding wier, hie froedsman in skjinne
wite bef fen froedsmanske om krige, en dêrby in splinter-nije broek
oantein, ien sunder flappe, mar mei in gulfje der yn, lyk as de âlde
ljue fen dy tiid droegen: en omdet it âld stedshûs fen Dockum do hwette
lek wier, wierne der krekt op ’e stoel fen froedsman Grada ytlike
drippen roetwetter fallen, en omdet er bang wier, det er syn nije broek
mei dat wetter bismoarkje scoe, sa spraette dy goede man syn wite
bûsdoek oer de stoel. Dêr gong froedsman deftich op sitten.
De koer waerd op it stedshûs brocht, en dêr seach elts den beurt foar
beurt yn en den gong elts wer op syn pleats sitten. En inkelde fen dy
hearen hiene mar just it hert om it onnoazele beest oan to sjen. Do se
allegearre wer sieten, do sei de boargemaster: _“Heren van de raad van
Dockum! De Heren hebben gezien, dat er in onze stad een wonderlyk
creatuur gevonden is, en daar men niet weet, welk dier dit is, en van
waar het gekomen is, zoo heb ik hetzelve hier gebracht ten einde het
advijs van de Heren te horen. Daarom, u, vroedsman, Grada, als de
oudste van de raad dezer stad, vraag ik het eerst, wat dunkt u van dit
dier?” “Ikke?”_ sei froedsman Grada, _“Ikke blijf bij mijn eerste
advijs, dat et namentlik ien van die jonge roeken is, die voor mijn
deur dair in die hoge lineboomen nessele; want waar duwel suud et ding
anders weg komen weze. ’t Ken ook niet uut de straitstienen kropen
weze.” “Daar ben je mis in, vroedsman_,” sei de boargemaster, “_Mijn
zoon heeft onlangs een nest-fol roeken uitgehaald, en die jonge roeken
geleken nergens meer op als op oude roeken. Nu is de beurt aan u,
vroedsman Inia.”—“Here mistijd, Burgemeister, wat weet ik vroedsman
Ynje van vremde gediertens? Ik hew wel zeggen hoord, dat de
kanarjeveugels as ze jong binne, dat ze dan kropen; suud et ook in
kanarjeveugel weze?”—“Zou een jonge kanarievogel dan groter zijn als
een oude?” dat spreekt zich immers zelfs tegen_,” spriek dêrop de
boargemaster. “_Dat weet ik niet_, spriek froedsman Inia. “_Wy sien
alderdegenst, dat grote minschen klein wurde kenne. Myn grootvader is
van Burgemeister al bierdrager wurden._” Nou wier de beurt oan de
froedsman Starkenbolte, in Grinslander, in ryk man en in fyn man; fyn
yn de tsjerke, en fyn yn de wrâld. Hy die deis in lûd gebet oer de
tafel, dat in kertier dûrre, en it iten mocht mar in heal dûrje, en dêr
hiene syn boden gjin nocht oan. Dy hiene ljeaver in heal kertier
bidden, en in kertier iten. Dêrby forstoe er hwette fen de swarte
kinst. As de Dockumer ljue mei froedsman Starkenbolte yn it trekskip
sieten, en as er den út de skrift bigoun to praten, den hâldden se
hânnen op hjar horlogies; hwent as er dat die, den fierde er dy kinst
it measte út. Do it dy syn beurt wier om to sprekken, dy sei op syn
Grinzers: “_Ik wijt nijt, ik leuf burgemeister, dat onze meister Douwe
nog geliek hat het, dat het nomentlik in Bosiliskus of in ploagbeest
is, daor de Here ons met besuiken wil veur onze zonden en
ongeregtigheid, en al et goddeloze vlouken, dat in Dockum daon wert.
Daorom hol ik my oan meister Douwe.”—“Meister Douwe_, foel froedsman
Grada dêrop yn, _die het wel eerder de planke mis weest. Voorleden jaar
song er voor it bordtsje in de kerk “aller ogen wagten” op in
karsmorgen._” Op dy ynfal bigoun de hele rie fen Dockum to laitsjen,
mar de boargemaster net; dy moast syn deftichheit ophâlde, en dy spriek
do wer: “_As er dan niemand van de Heren is, die mij eenige
inlichtingen in deze zaak geven kan, zoo laat ons dan nog eens de beide
stadsboden boven komen, of die ons ook in dit geval ook nog eens konden
dienen._ De boden kamen boppe en seagen ien foar ien yn de koer. De
iene wier in stakker, dy doarst it bist net bisjen; dy leaude ek steech
oan master Douwe. “_Ik sal der myn ogen niet na draye, Heren_, spriek
dy man, _want_, sei er, _as it gien Baesliscus is, dan is et in
plaigbeest, die nagts omlope in pest in kwalen verkondige, in ik suud
er voor weze om et hele beest met korf in al te verbrannen._” Mar de
twade stêdsbode sei rounút, det it in skroar wier, omdet er twa fikse
skjirren foarútstiek. “_In sienje wel, burgemeister? hy houdt de ogen
van die scheren afteruut, omdat er voor alle man niet wete wil, hoe
groot of ze binne, krekt as alle schrooren. Mar as it in schroor is,
dan is er betsjoend; want hy kruupt, in andere schrooren lope. Is ’t
niet wair, Heren? ik zeg mien zin, want daarom ben ik hier ropen.”
“Accoord_, sei de boargemaster, _jou hebbe het geraden, bode; en wy
zullen er dadelyk de proef van nemen. Kom, bode; ik had juist een
nieuwe rok besteld; het laken is er al voor gekocht; wees zoo goed en
haal dat van mijn huis._” Do dat lekken op ’t stedshûs kaem, waerd it
oer de flier spraet en de kreeft derop set. Do bigoun er to krûpen, en
do moast ien fen de boden mei in skjirre, krekt it selde paed lâns, it
lekken trochknippe; en do waerd ’er dalik om in skroar stjûrd, om ’er
in rôk for de boargemaster fen to meitsjen. Dizze skroar wier in âlden
Dútsker, dy hjitte egentlik Labbenbach, mar hy sels spriek dy namme
altiid út als _lappenback_, en nou neamden de Dockumers him yn de
wandeling sljochtwei fen _lappenpacker_; ik tink wol, omdet er de
lappen, dy syn klanten fen rjochten takamen, sels ynpakte. Hy kaem op
it stedshûs mei de sliepmûtse yn de hân, en sei: “_Koeten morje,
mynheer Pirgemeister! En koeten morje, brave Heren al gesamt, Wat heppe
te Heren te pefelen?”_ De boargemaster forhelle oan de skroar it hele
gefal, en liet him dat toknipte lekken sjen.—“_Tausend elemente!
Hundert tausend elemente! Das hat keen mensch ketaan, mar de lebendige
teufel. Donnerrontoria, prave Heren! tat is keen tijt, keen roye tijt
meer weerdig. Daar kan ik een lappekrone voor de kinder van make, mar
keen rok voor de Pirgemeister von Dockum._” Mar do er de kreeft yn de
koer lizzen seach, do waerd er yette bleker om syn smelle kieuwen as
tsjien bleke skroarren mei eltsoarren; en hy rôp it út: “_Kott bewahre,
Heer Pirgemeister! soll mich die swernoot straffen, wenn sich solchen
peest langer in de stat von Dokkum tolden soltte. Et is de teufel,
prave Heren, de lebendige teufel; on wan ikke Pirgemeister war, ik that
den hundsfott in de kragt kooyen on versupen him.”—“Heb ’k et nijt
said_, sei froedsman Starkenbolte, “_dat we’t hjir met de kwaode te
doen hebbe? Dat komt nou van ’t vervlouken, en kaortspeulen, dat de
naotie hier dout; nou loat de Here hem los, en geft hem aan de kwaode
over.” “Ja_,” sei froedsman Ynia, “_as it de kwade is, dan is versupen
de baes; want dan helpt gien verbrannen; want die is vuurvast._” En de
hele rie fen Dockum rôp fen: “_Versupe mar!” Versupe!_” De turfdrager
smiet de kreeft yn de grêft, en de hele stêd fen Dockum wier bliid, mar
de kreeft yette blider. Mar by it einsluten fen de rie hiene se yette
in grap mei froedsman Grada. Dy goede man wier troch de sterke
oandacht, dy er op it dispút oer de kreeft hawn hie, glêd troch it sin
gien, det er syn wite bûsdoek op ’e stoel lein hie, en do er
ûnderwilens ’ris efkes de eagen foardel sloech, do miende froedsman,
det him it himd ta de gulf fen de broek úthinge, en do hâldde er syn
greate roune flaphoed foar it liif, en moffele sa glûpswize dy wite
bûsdoek ta de broek yn; mar boargemaster, dy flak neist froedsman siet,
en dy de man troch en troch koe, hie wol oan syn forlegenheit sjoen,
det der hwet geande wier: dy seach ’ris skean efter de hoed fen
froedsman, en do seach er dat hele wirk oan, mar hy liet him neat
merke. Dit gebeurde al do se mar just op it stedshûs sieten. Yn it ein,
do de Hearen opstean scoene, do seach froedsman ’ris efterom, en sei:
“_Gunst nog toe! Burgemeister! waar sude mijn witte buusdoek weze?” Mar
gjin minske wist it. “Suud er ook onder myn stoel legge; want hy het er
op leid, dat weet ik_,” sei froedsman. “_Sude dat rare ding my die doek
ook uet de buusse weg tsjoend hewwe.”—“Om jou de waarheid te zeggen_,”
sei de boargemaster, “_hy sit in jou eigen broek. Zie maar, er hangt
nog een tipje toe de gulft uut.” “Ja, waarlyken!_” sei froedsman, en hy
helle de hele wite bûsdoek ta de broek út. Froedsman krige in kleur as
in hoannekaem, en swarde, det er noait wer in broek mei in gulf drage
woe, en de hele rie fen Dockum gong laeitsjende nei hûs, mar de
boargemaster yette aldermeast.”
It hele selskip dêr yn ’e herberge lake wakker om dit forteltsje,
bihalven de ontfanger; dy seach my stiif oan, en knarste soms op ’e
tosken; mar do frege Jouke my: “Wiste ek, Gabe, ho eft it tonei mei dy
kreeft gien is?” Ik sei: “Ja, kastelein, dy is op in simpele menear wer
to lânne komd. Ytlike jierren dêrnei, do de kreeft al lang forgetten
wier, do fisken de hearen fen Dockum de stedsgrêften mei in seine ôf,
en do fongen se ús maet de kreeft wer.” “_Zoo’n grote grenaal is er
noch nooit in Europa fonnen as dizze hier in dit kleine Dockum_, sei in
hopman fen de Boargerwacht; _Die zal ik beware zoolang as syn Hoogheit
de Prins hier komt._” Dy lei him oan in silveren keattinkje ûnder in
brêge fêst om him yn it libben to hâlden.” “_Het dat nou langer noeg
duurd, duvelskyn, met dyn smeulen en tryttrotten? Ik hew myn nocht!_”
rôp de ontfanger pûr razend, en hy griep de tange út de hoeke om my der
’ris helder ôf to ticheljen; mar de hospes sprong twiske beiden, en do
wier it dien. De ontfanger stau omtrint breinroerd ta de doar út. It
hele selskip, en binammen Jouke, lakene wakker; mar de kasteleinske
wier ek al lang stymsk; dy woe my nin goed wird mear jaen, omdet hjar
pake ek in Dockumer west hie. Dêrom ried ik de moarns heel ier foart en
kaem de jouns yette thús.”
Do rôpen se allegearre yn de skoalle: “Wierne dy ljue den gek, Gabe,
det se hjar oan in grap steurden. Us hat dat forteltsje skoan smakke.”
“Yette sa gek net as jimme, sei Gabe dêrop. As ik jimme nou allegearre
’ris for mirden útrachte, den scoene jimme my it ljocht wol út de holle
helje, en den wierne jimme yette dommer as de Dockumers. Dy binne yette
lilk as men hjar in ding oantiget, dat se wêze kinne, namentlik dom en
onnoazel; mar jimme binne lilk as men jimme mirden neamt, en dat kinne
jimme ommers noait wirde.” Hja moasten Gabe gelyk jaen, mar dy lytse
lilke tapassing op dy moaije lange preek stoe de ljue net oan: hja
mochten it wird net ienris hearre, en de iene nei de oare roun noartich
ta de skoalle út, en fen it koardegearjen mei de fammen kaem dy joun
net. Gabe koe mei syn omke nei hûs ta strampelje, en do wier it
feartflagjen út.
TAHEAKKE
fen J. H. Halbertsma.
Hwet Gabe hjir yn syn reis fen de houn yn ’e tsjerke forhellet, wit ik
net eft wier is. Mar efkes nei 1787 is der yn in tsjerke fen
Eastdongeradeel in ding bard, dêr ik foar ynstean. Dêr preke in domenij
mei in fyn forstân, en dy ’t hert op it rjuchte steed siet; mar hy hie
it ongelok, det hy net sa gleon for ’t hûs fen Oranje wier lyk as der
do wol folle bearden. Hy hearde, lyk as men it neamde, ta de
patriotten, en de patriotten wierne troch de bajonetten fen de Prusen
ta swijen brocht, sa det se moai ûnder de knip sieten en amper kikke
doarsten. De domenijs krigen allegearre in foarskrift hwet en ho se for
de prins bidde moasten; dy it net dienen, wisten hjar lot. Do ús
domenij, dêr ik niis fen sei, yn it neigebet oan dy wirden ta kaem, hie
de master, dat in biis wier, in houn ûnder de bank by him klear lizzen,
dy er sa ongenedich op de stirt trape, det it earme bist moarddedich
bigoun to janken en do dit al oanboaze, stiek de hele gemeinte de holle
op. Domenij bleau midden yn dy wirden stykjen, en sei Amen. Sa as
domenij fen de stoel kaem wier syn earste wird oan de master:
“_Meester, wat schandelyk leven was dat met dien hond?_” “Ja, domenij,
sei master, as jy for de prins bidde, den gûle de hounen it út.”
De Friezen is altyd in frij folk west, frije ljue litte hjar net licht
oan it lyntsje bine fen ceremonies; as it ding, dêr it op oankomt, yn
’e heak is, kinne hjar de omballingen net folle skele, en hwet de ljue
mei complimenten fen hjar sizze, dêr laitsje se hwette om. Dat sjucht
men noch oan de Ingelsken; en sa wier it to foaren ek mei de Friezen.
In folk nou, dêr sa’n frije geast yn spilet, hat kwinkslaggen en
oanslaggen, dêr in folk, dat nei oarmans pipen dounset, nin bigryp fen
hat. As ik de Friezen forgelykje mei ús lânsljue yn de oare provinsjes,
den leau ik, det der wol minder Kristenen binne as hja. Flokwirden dy
yn de mûle fen oare provinsje-ljue bistoarn binne, en spotten mei de
godstsjinst, wier hjar in grouwel, mar dat naem net wei, det der yn dy
pleatsen, dêr se oars nin wird kikke doarsten, onfoege dingen barden,
dêr wy nou suver tsjin opsjenne. Yn de tsjerke selme, dêr de Friezen
oars sa dimmen en stil binne, koenen se it net litte om soms mear mei
hjar gemak, mei hjar lust en spotfûgelige aert as de deftichheit fen de
pleats to riede to gean. Ik scil der jimme in pear staeltsjes fen
sizze, mar ik wol nin nammen neame, howol ik se wit. De neikommelingen
fen dy nammen libje noch, en dy scoene licht tinke, det dit wier om
hjar in stikel to stekken, dêr it fier fen dinne is. Wierheit siz ik,
mar ik bin bang, det de ljue my dochs net leauwe scille, omdet ik nin
nammen neam. In tûk leagener hat dit boppe my foarút, det er altyd syn
minsken neamt, en de ûre, en de pleats.
In Domenij fen Aldegea bipreke Hynlieppen eftermiddeis, as it dêr
vacant wier. Yn de toer to Aldegea wier in klok, mar sûnder slachwirk,
en omdet er bang wier, det er to lang preekje scoe om yn tiids to
Hynlieppen to wêzen, liet er syn dochter om tsjien ûre mei in kneppel
op de tsjerkedoar bonzje. As dy pomp kaem, wier de ûre forroun, en
Domenij sei Amen.
De Domenij to Eastermar, dy de twade Augustus 1705 stoarn is, kaem as
elts treftich predikant mei rôk en mantel op stoel; mar as it simmers
myld wier, en de boeren yn de tsjerke sieten to switten en to sliepen,
den hong er syn rôk en mantel oer de rânne fen ’e preekstoel, en preke
yn in rea damasten baitsje mei silveren knopen, dêr peerdtsjes op
wierne. Ik leau, as dat nou barde, det der mear om it baitsje as de
preek fen domenij komme scoenen, en lykwol preket it baitsje net ef de
mantel en rôk, mar de man, dy der yn sit.
In domenij, dy twiske de 4 en 5 April 1745 stoar, stie yn ’e
Haskerdiken, dêr do in lytse gemeinte wier. De man wier bêst, mar hy
koe it ein net fine; hy preke to lang. Ienders waerd it sa let, det de
boeren ien foar ien dripjende út de tsjerke sloepen; op it lêst bleau
de master allinne oer. Mar dy makke it ek koart, en sei by it útgean:
“Domenij, as je dien hawwe, woll’je den de doar hwet efter jo talûke?”
Sommige domenijs lieten ek wol ’ris Frysk yn de preek floeije. De
foargonger fen myn stalke sei ’ris op Palmpeaske oan de gemeinte:
“Frjeonen, ik forsiikje jimme takommene Freed to bigraffenis, mar der
wirde nin bôlen jown.” Hy woe sizze: “Onaris komme jimme op bigraffenis
om de leedbôlen; as ’t jimme dêr hjir ek om to dwaen is, moatte jimme
mar thús bliuwe. Hjir is it om de deade to earjen.” De lêzer sjocht, de
wirden, dy sa ienfâldich en plat lykje, sneinen as in flime.
Mar net alle Domenijs hiene sa folle forstan as dizze man. In bulte
wierne better yn de flêsk-kûpe en hjar hôf thús, as yn de boeken. Dat
giet yn alle fakken sa; goeden en tsjoeden rinne troch eltsoar, ek
ûnder de doctors en abbekaten, mei dit ûnderskie, det in kindich doctor
ef abbekaet, dy flitich is, fierder yn de wrâld komt, en det it domme
heapske in kindich domenij meast sitte lit, as se him mar net
forkettert. Sa meitsje domme gemeinten domme domenijs, en beide binne
se oan eltsoar weage. In ljeaf lyts eximpeltsje scil jimme dat klearder
meitsje.
In domenij yn Frentsjeradeel hâldde der saun ef acht preken op nei. As
er No. 8 preke hie bigoun er wer mei No. 1 fen foaren ôf oan; den hie
er skjin linnen. De boeren hiene dy acht hirddravers sa faek rinnen
sjoen, det se it eindlik sa wirch waerden as spein spek. Twa boeren
klagen do hjar need oan de Grytman Sicco Goslinga, dy hjar frege, hwet
for teksten dy acht preken hiene? De boeren karden de holle; de iene
seach de oare oan, mar nin ien fen beide wist it. “My tinkt, sei de
Grytman, den moat domenij sa mar foartfarre ta jimme my dat sizze
kinne.” Mar de snoade man ontbea de domenij, en rette him, om for syn
eigen goede namme sa lang to studearjen ef to soldearjen, det der noch
acht preken bykamen.
Hjir sjit my by yn ’t sin, hwet Lodewyk de XIVde ’ris oerkomd is do er
in reis troch Frankryk die. Hy kaem ek yn in doarp, dêr er in bytsje
lyn in pryster skikt hie, dy útmintte yn geleardheit. De kening frege
oan de skout en syn bysitters, eft er dat net kapitael mei hjar makke
hie? Nou ja, dat koe wol, seinen se. “Ho? sei Lodewyk, skilt der den
hwette oan?” Dêr woene se net folle fen sizze, mar de kening faksearre
hjar sa lang, det it hege wird ’er einlinge útkaem. “Om jou majesteit
de wierheit to sizzen, anderen se, den hienen wy fen de kening
forwachte, det er ús in persoan stjûrd hie, dy trochstudearre wier, en
dizze keardel is to dom om foar de divel to dounsjen; hwent hy sit noch
fen moarns-ier ta jouns-let to studearjen.”
Jimme bigripe wol, dy Fryske staeltsjes binne opteikene; oars koe ik se
net witte. Hja binne mei in heel bult oare opteikene fen in âld
treftich Bolswerter, dêr in skrandere holle op siet, en dy sokke dingen
opskreau om der ús de kleur en de geast fen dy tiden út to learen. Mar
det hy se oanteikene hat is al in blyk, det dy dingen alle wiken net
barden; hwent den hie nimmen der niichheit oan hawn. As jimme dêrom út
dizze staeltsjes miene, det de domenijs fen 1700 in soadtsje
onbiskoften wierne, dêr skik ef fetsoen by wier, den scoene jimme de
planke drôvich mis wêze. De deaker, né! dy hearen wierne sa edel. Hja
lieten hjar it tsjiende part net dwaen ef sizze, dat se nou as
swietekau trochswolgje. En hwet it fetsoen bilangt, dat lústere mei
hjar folle nauwer as yn ús tiden. In moeike fen myn wiif wenne yn 1750
by hjar heit, dy predikant to Goutum wier, en dy hat my forhelle, det
in domenij by hjarres om, dy apels út syn hôf forkoft hie, nin holle by
syn collegas heel hâlde koe. Dat wier poetsje it each út! In domenij
apels forkeapje, krekt as in boer ef in gnjirker? Oan syn frjeonen ef
de earmen moast hy se jown hawwe, as er to folle hie. Ik leau net, det
de iene collega de oare tsjinwirch op de rêch oansjen scoe, as er apels
forkofte, dy er mei syn húsgesin net op koe.
Hwet scil men sizze? Sa lang as in minske hwette to sizzen hat, fielt
er him sels; mar as er neat yn to bringen hat, lit er de moedfearren
sinke, en it kin him net folle skele, ho er in wintertarring for wiif
en berntsjes binnen kriget. Aste to folle ierdappels oan de merk
bringste, hawwe boargers en boeren ’er de spot mei, en sa is it folle
domenijs mei hjar sels gien.