Yn Ipekolsgea wenne Murk,
In riken boeresoan;
Hy hie de divel fen it wirk,
Syn mem hie him bidoarn.
Hy waerd ek wol Murk-ropper neamd,
Om det er heislik skreaude,
En faek tsjin alle reden oan
Om nietichheden kreaude.
Nei folle merken reisge er ta
Mei bûse-follen jild;
In fryster moast er altyd ha,
Sa teach er den to fjild;
Dat gong him meast al kwalik ôf,
En mennich glûpske makker
Dy laette Murk den om it hôf;
Hwent hy wie’ oars in stakker.
To Heech dêr wenne in âlde Foek,
Dy mear seach as in oar:
Dy wier ek yn de kaerten tûk,
Alteast dêr gong hja foar.
It roun nou tsjin de Ljouwter merk,
Hy woe syn lot wol wite.
“Den kin my, sei er, Kei, noch Tsjerk,
“Noch Rommert wer biskite.”
Sy lei foar him de kaerten del,
En seach do gleon op Murk;
It roun him kâld lâns by syn fel.
Do sei se: “Klear is ’t wirk!
“Dou krijste in siden mantel oan;
“Scilst’ mei in jiffer ride.
“Mar leau my, greate Beinte soan,
“Net ien scil ’t dy binide.”
Dêrop waerd Murk al grutsker oan,
En brûkte ek frij hwet drank.
Den wier ’t in walgelik persoan
For frouljue troch de bank.
To Snits dêr wenne in winkelier,
Dêr hien’ se folle komste;
Dy man syn húsgesin wie’ swier,
Dy hie it net fen ’t romste.
Syn âldste dochter hjitte Rinsk,
Dat wier in snedich ding,
Sa’n flodderkous en hansom minsk,
En mansiik net gering.
Dy frege Murk op Ljouwter merk
Om mei hjar út-to-riden;
Hjar oanstean hoefde er heel net sterk,
’t Wie’ rekke oan beide siden.
In tige rike boeresoan
Dy kaem dêr wol to pas,
It stoe de âlders hearlik oan,
Dy wiern’ wol yn hjar sas.
De frou rôp al hjar bûrren ta:
“Heww’ jimm’ ’t al hoard fan Rinske?
“Die sal na Lieuwter merke toa,
“Die het alheel hoar winske.
“It is in seun fen greate Beint.
“It binne rike maats;
“En ’t is in heel bestendich feint;
“Die het niet feul gepraats.
“Ik weet wel, ’t is in boereseun,
“Maar dat ken Rinsk niet bruije;
“Syn ouders binne kloek en deun,
“Die heww’ wat in te struijen.”
De merke dy kaem einling oan,
En dêr kaem Murk yn hûs.
Hy hie in gloednij pakje oan,
En bûsjild by de rûs.
Hy hie in lange rôk oantein,
Dy sloech him op ’e kûten;
In bûsdoek oan de tip útsnein
Dy hong ’er healwei bûten.
In machtich greate fine hoed
Siet him yn de eagen del;
De rânne like in wetterboerd,
Dy hong ’er slûk by del.
Hy wosk him oars sa daechliks net,
Oars net as sneins foar tsjerke;
Nou sparre er ek de sjippe net;
Hy glimde as in jerke.
De faem dy seach al nuver op,
Hwent it posture raer.
Sy wier oars gâns in modepop:
Dit like sonderbaer.
“Och, Murk, gain jou na buten toe,
“Om ’t ryttuug klair te maken.
“De minsken sien’ as ’k weten ’t hoe.
“Der binn’ hier rare snaken.”
“De modens hier of op it lan,
“Dat is ien ander ding,
“En die him dan niet schikke kan,
“Dat is in sonderling.
“Dan gain ik mar it bolwerk om,
“Dat my gien minsken siene.
“Want as ik dair met jou an kom,
“Wat sud’n de minsken miene?”
Dat noaske Murk mar just sa hwet,
Mar dochs hy die ’t om hjar.
Hy tochte, bin ’k mar bûten gat,
Den haw ’k myn eigen kar.
In âlden hierknol foar de sjeas,
Dat bong’le ’er sa hwet hinne,
Mar Rinske wie’ bisondre kreas,
En hie it wird allinne.
Hwent, o! it wier sa’n snippren faem;
Mar hy wier greatsk en dom,
En hwet er yn de mûle naem,
Dêr tocht er meast net om.
Hy gong to jow net mei sa’n spil
En mei sa’n faem to fjilde!
De stokljue moasten op ’e dril,
Jild moast it hjoed ’ris jilde.
Hy dronk moarns-ier al reade wyn,
En smiet de helt hast wei,
De middeis wie’ it heal in swyn,
It stedfolk piuwd’ him nei.
Yn ’t alderheechste logement
Dêr moast dat pear do ite.
Hy siet oan tafel as in Drint,
Hja woen’ him dêr wol slite.
In officier dy oer him siet,
Dy boarnde him mei wyn,
It iten smakk’ him dochs net swiet,
Dat koe der hast net yn.
Do ’t mâl gong, holp ek Rinsk him mei,
Hja naem him op ’e foarke;
En Murk waerd ûnder ’t iten wei,
Sa det er skielik snoarke.
Nou kuij’ren Rinsk en de officier
Plezierich troch de stêd.
It skieden foel hjar heel net swier,
Hwent Murk siet dêr foar slet.
En de officier wie’ wol yn ’t skik:
Dat folk hâldt meast fen slinen:
Hja rinne folle op ’e slik,
En dat yn oarljues spinen.
Mar dy man hâld’ him opperbêst,
Dy brocht ús Rinsk yn ’t skip.
En Murk dy smieten se op it nêst:
De doar kaem op de knip.
De jouns do Murk to wekker kaem,
Do waerd it yet net better.
Hy skopte en sloech om feint en faem,
En flokte as in ketter.
It lûd wie’ troch de toarst forgien,
De tonge wie’ him skrok.
Hy wie’ alheel forheard, ontdien;
Hy miend’, hie siet yn ’t hok.
De feint rôp: “Poerke, sjop so niet;
“Je pin noch niet kefangen.
“Vor lauter sjaamte ond verdriet
“Is ’t meisk’ al fort kekangen.”
“Is that, kottorie, supen poer?
“Het is te slim, mijnheer.”
Sa hikk’le him dy Dútsker oer,
Dy kaem him op it lear.
Hy poetste him syn klean hwet út,
Hy joech him thé en wetter.
Dy wosk en kjimd’ him ta bislút,
En do wier Murk wer better.
Mar ’t stiek him machtich yn it krop;
De skamte sloech him oan.
Hy skoerd’ it hier him út de kop.
De divel wier yn ’t koarn.
Hy tocht om ’t wird fen Foek to Heech:
_Scilst mei in jiffer ride._
“’t Is wier, dou âlde hellefeech,
“Gjin minsk’ scil ’t Murk _binide_.
“Nou moast de _siden mantel_ oan;
“Mar dat oerkomt my net.
“Ik wie’ to dronken dizze moarn,
“Mar joun wird ik nin slet.”
De houn, dy moarns him biten hie,
Syn hier moast him genêze:
Dat wier do sa hwet yn syn rie,
Der moast mar wyn wer wêze.
Ien flesse tocht him, koe nin kwea,
Dy geat er him ek yn.
Mar ’t gong him fluch wer troch de lea.
Hy kaem wer troch de wyn.
Nou dwaeld’ er troch it merkgekriel,
Troch al dy minsken hinne;
Hy tocht, de merke-skiere-iel
Dy scil to nacht wol rinne.
Net lang tonei dêr kaem al ien,
Dy sloep him skean foarby,
Dy knikte him en seach sa grien;
“Ha! tocht er, Dy ’s for my.”
Dy laet him nei in optrek ta
Yn in foarname strjitte.
“Kom, tocht er, hjir kin ’k wille ha.
“Dat kin in keamer hjitte.
Dêr wennen oars twa sisters yn,
Dat wierne âlde ljue.
Dy jiffers wierne wakker fyn,
En jild dat hien’ se rju.
Syn sleep dy hie in kaei fen ’t hûs,
Dy hie as faem dêr tsjinne.
Den koe se stelle by de rûs,
Lyk as dy klitsen binne.
Dy âlde fammen wierne foart,
Dy ieten by hjar broer;
Dat dûrre yn de merk’ net koart,
Dat wist dy leaze hoer.
Hja fynt al gau de brandewyn,
En jowt him mar to drinken.
Hy wier mei ’n ûre wer in swyn,
Lyk as wol is to tinken.
Hja pûlet him de bûsen út,
Ontnimt him rôk en hoed,
En lit him rôlje ta bislút
Yn ’t bêd gerêst en goed.
Mar do bigoun yet earst syn krús!
Wylst hy dêr laeit to sliepen,
Dêr komme de âlde jiffers thús,
En dwaen de doarren iepen.
Hja gongen meast by moanneskyn
Sa sûnder ljocht to koai,
Hjar nachtgûd laei den op ’e wryn
Heel eptich yn de ploai.
Dat knoff’le dêr al jierren lang
Jouns yn it tsjuster hinne.
Foar oaljebarnen wiern’ se bang,
Hja woen’ ’t er fyn út spinne.
De jongste stoep de keamer yn,
En sei: “Hoe hew ’k it hier?
“Hier staet in fles met brandewyn;
“Hestou dair toe weest, Knier?”
““Hea, Styntse! ikke brandewyn?
““’k Hew ommers sere bienen.
““Ik bruukte it in gien jair of tien.
““Hoe stootst’ et út de schienen?””
“Mystiit! wat stain de stoelen rair!
“En ’t bedgordyn is scheurd.
“It wurdt my mislik, wee, en nair:
“Want hier is wat gebeurd.”
Hja giet nou op it bêdsteed oan,
Om mûtse en jak to krijen:
Mar taest op greate Beinte soan,
En do bigoun it lijen.
Do gúlje en moartsje: “Dieven hier!”
Hja tomm’len oer elkoar.
De bûrren kamen yn it spier,
De rottelwacht foar doar:
Hja stiekne gau lantearnen op,
In swird moast op ’e side.
“Kom, sein’ se, fris ’er mar by op.
“Him sal de duvel ride.”
De rottelwacht dy spriek him oan,
En sei: “Wat doestou hier?”
““Och! ik bin greateBeint syn soan,
““Ik bin hjir for plezier.””
“Wy wete hier fan greate Beint,
“Of fan syn seun gien donder.
“Mar earlik biechte súste, feint,
“Of dou raikst in ’t fooronder.”
“Dou maikste hier in nachtgerucht
“By groate luu an huus,
“In ’t is ook lang gien merkeklucht;
“Die boel is hier niet pluus.”
Hy bycht ek alles hwet er wist,
Dêr wie’ net tsjin to kriemen:
Mar do er jild en klean ek mist,
Bigoun er lûd to skriemen.
Dêr stoe er nou yn de ûnderklean;
Ho graech skau Murk de flint!
Mar sa doarst hy dochs ek net gean
Yn sa’n great logemint.
De rottelwacht seach yn in kast
In âlde siidne tabbert.
“Dair! sei er, Hang die om dyn bast;
“Dat is noch krekt soa ’n swabbert.”
Hja sjouden nei it logement;
De âlde poep kaem foar;
Dy rôp: “Kotz tausend sapperment!
“Dat steht er schnurrig voor.”
Kredyt dat hie er dêr yet wol.
Hy koe him klaeije en skoaije,
En de oare moarns mei de âlde knol
Werom nei Snits ta toaije.
By tsjuster gong er do nei hûs,
Den hie dat ding gjin wird.
De rôk en hoed dat wier ’n abús;
Mar ’t praet dat foel him hird.
“O! rôp er, âlde galgestrik!
(Hy miende Foekje-moeije)
“Dou wist it alles op in prik;
“Ik scoe dy wol forfoeije.”
En hwa nou oait nei merken teach,
Us Murk dy kaem ’er net.
It joech oars al in nuver each,
Mar ’t ballet ôf, sa’n set.
Hy tocht net mear om frijerij,
En gong noait wer to sink.
Hy hâldde hinnemeltserij,
Twa ljurken en in fink.