ALD GREULT-OMME.

Ald Greult-omme wenne yn Twellingea;

Dy hie hwet efter ’t linnen,

Mar hjerstmis wier er meast heal dea,

Den hie er frjemde sinnen.

Den suchtte en stinde Greult-om sa,

Yn ’t bêd ef de hirdsherne,

Den sûgd’ en rach’le it boarst him sa

As ’t dounsjen fen de tsjerne.

“Dat komt fen al dat stoffich hea,

“Dat komt fen ’t simmerreinen;

“Men foerret minske en bisten dea.”

Sa siet de man to weinen.

Hy wier nou twa-en-sauntich jier,

Sa meager as in range.

Hwet hiene ’er folle jier op jier

Al nei syn dea forlange!

Yn ’t ein ús Greult-om hie ’t wer wei,

Mar ’t waerd net folle achte;

“Och! sein’ de boden, ’t is hjerstdei;

“It is wer de âlde klachte.”

Mar ’t like slimmer dizze kear:

De âld boer dy bleau mar lizzen,

En alle lidden dien’ him sear;

Hy wier hast net to rissen.

En hetsich wier dy âlde man,

Hy dronk mar farske sûpe.

Dat stoe syn frjeonen machtich oan,

Dy woen’ syn pong wol strûpe.

Hy wirdt, sa ’t liket, swakker oan;

Hy freget om de kaeijen;

Hy wiist al oan syn âldste soan

In himd om to biklaeijen.

Syn gouden knopen út it himd

Dy skonk er for de namme;

In bernsbern Greult dy hat se nimd,

Den bleauwen se yn de stamme.

En testamintsje moast er ek:

Notaris moast bistelle,

Det al syn spil kaem yn de heak,

Ear ’t him de dea bihelle.

Syn lânnen gongen hân oer hân

Oan bern en berne-erven,

Dat noaske hjar; de pong wier wan;

Hja hien’ hast neat to kerven.

Syn lytsfaem tsjinne him hwet skoan,

Dat koe men heel wol merke:

Dêr makke er tûzen goune oan;

In miedstik oan de tsjerke.

En Dokter kaem ’er ek op ta,

Dy roun der flitich hinne:

Dy tocht: “âld Greult scil stryksom ha!

“Dêr scoe ’k my bryk om rinne.

“Hwent in dukaet twa min ef mear,

“Dat kin syn bern net bate;

“Hja krije it jild, en dizze kear

“Scil nimmen my biprate.”

Mar sûpe hâldt âld Greult him oan,

Hy woe nin dranken hawwe,

Mei ’t fearke moast al oan en oan,

Dy Bils-faem him den lave.

Dy koe de âld man soms ek to mûk

In plattekoek tatriuwe.

Dy klitse! o, dy wier sa tûk,

Dat kin gjin minske leauwe.

Syn bern en bernsbern kamen op,

’t Wier merke by Greult Rommerts,

Fen Offenwier en fen de Top,

Fen Drylst en Heech en Hommerts.

Dat spriek dêr mar de flesse oan,

De frouljue kofje drinke;

Net ien syn mage wier bidoarn;

Hwet snienen se yn de skinke!

It flêsk dêr snien’ se net by troch,

Dêr waerd mar tige yn fege,

En hie ’t hwet dûrre, mei in sjoch

Wier ’t hele flêskfet lege.

En klontsjes as in lytshús, man!

(Dy scoe ik hast forjitte;)

Dy treauwen se yn de kofjekan,

Ja, yn de bûse yette.

De aeijen treauwen se yn ’e hoed,

De bûter yn de doeken;

De tsjizen stielen se fen ’t boerd,

Trochsnúfden alle hoeken.

Den gongen se nei Greult-om ta,

Sa hwet om him to treasten.

Hy draeide ’m om, en knikt’ hjar ta;

Ynwindich koe ’r de measten.

As ’t ljocht den fen de himel gong,

Den stoepen se wer hinne;

Hwent Greult-om net, mar och, syn pong

Wier ’t reisgjen om allinne.

En ûnderweis den gong it mâl,

Den koen’ se oan ’t fjochten reitsje.

In earme sweager wêrzen se al:

Dy stakker woe al pleitsje.

Yn ’t ein hja lizze ’m yn de bank,

Dêr woe er oars net hinne;

Dêr roun ek bygeloof mei mank:

Lyk as dy âlden binne.

Twa bûrren moatte nacht op nacht

Dêr oer de flier omkrûpe,

En hâlde dêr by Greult-om wacht,

En lave him mei sûpe.

Dat dûrre sa in nacht ef tsjien;

De man waerd tydliks swakker,

En alle man dy wier bigien

Mei ’t lijen fen dy stakker.

Do spriek ’er yet syn bûrfeint ta,

Dy by him sit to weitsjen:

“Och! Pier, dou tsjinnest Greult-om sa;

“’t Past him dy hwet to meitsjen.

“Ik meits oan dy’t horloazje ta;

“Dat wit ús Rommert lizzen.

“Mits den bigear ik dy ’er ta

“Om ’t leed mei om to sizzen.

En dat beloofde Pier him trou:

Dy miende hwet to toppen.

Dy hie fen ’t weitsjen gjin birou,

En wier wol yn syn noppen.

De toalfde nacht do sieten twa,

Dat wierne froede minsken;

Dy griisde âld Greult-oms leger sa,

Det hja syn ein mar winsken.

Hy slepte yn de foarnacht skoan,

Hy frege ek nin drinken,

En spriek syn sitters einling oan:

“Ik droom fen spek en skinken.”

“Dy sûpe, spriek er, wêrzet my,

“Ik kin ’t net mear fordrage.

“Och! siikje in flaubyt dochs for my.

“Ho sleau wirdt my de mage.”

De ien dy seach de oare oan,

En tocht: “Scoe bûrman baze?”

Mar Greult-om spriek al oan en oan:

“Ik moat fen honger raze.

“Scoen’ dêr nin barge-finken stean,

“Dêr yn dy âlde spine?

“Ik wit, de lytsfaem hat gûd sean;

“Dêr scille jimme it fine.”

Hja fine op it ûnderst boerd

In alderedelst krouske

Fen ’t alderdreechste barge-gûd,

Fiks ûnder ’t smoar bisouske.

“Hjir Greult-om! hjir is bargegûd;

“It binne barge-finken.

“Mar ik nim it net op myn noed;

“Hwent dit rint út de kinken.”

Hy yt net, mar hy fret ’er fen;

Sa wier dy man forhong’re.

Hy sei: “’t Is kost, dy helpe kin.

“Dêr hie ik lang op long’re.”

Hy nimt in fine bôle yet

Om ’t pantsje om to feijen;

Hy waerd gesoun, en mei in snjit

Wier ’t kreunen oer en ’t kleijen.

De sitters gongen lilk nei hûs.

Hja wierne ek biskamme.

Hwent lake waerd ’er by de rûs,

En ’t joech sa ’n rare namme.

De feint, dy hjar de doar útliet,

Dy rôp: “’t Is wer gedonder;

“As Greult oan ’t sûpe-drinken giet,

“Den hat er ’t hypochonder.

“Mar hy moat jouns in sûpke ha,

“En neist de lytsfaem sitte.

“Dy streaket en dy streelt him sa,

“Dat kin nin minske witte.”

De frjeonen wiern’ biteut’re do,

Dat Greult syn dea mislearre,

En det er finken ite koe,

Dat moasten se do hearre.

De winter dy foel einling yn,

En Greult moast ek ’ris ride;

’t Wirdt sterker, en hy nimt syn

Tryn Mei yn de hynsteslide.

Heel Twellingea kaem op in ein

Bihalven dy twa sitters;

Der waerd fen ’t bargegûd hwet sein

Fen bizen en fen sitters.

Hy ridt by al syn bern yn ’t roun

Om ’t hjar bikend to meitsjen.

Ho det er op syn libbens-joun

Yet oan it wiif scil reitsje.

Sein’ al syn bern al: “Heit is mis;

“Hwet woll’ je ûnderwine?”

Sei Greult: “Hwet ien allinne is,

“Dat moast ik ûnderfine.

“Dy twa-en-sauntich jierren het,

“Dy kin yet tweintich krije.

“Ik haw myn sin op Tryntsje set,

“’k Wol sa net langer lije.

Do skelde en skrieme by de rûs,

Forwite allykfol hwette;

Mar Tryn dy ried mei Greult nei hûs,

En koe dat heel wol sette.

Hwent Tryn dy hâldde fen syn splint,

En hâldt de âld man yn wêzen.

De bern (is ’t net inpertinent?)

Woen’ Greult-om ûnd’re ’e gêrzen.

Sa rekke Greult ta mannichs spyt

Oan ’t wiif, en ek ’er ûnder.

Hy rekke lân en grounen kwyt,

En ek it hypochonder.

Hwent Nynke libbe ’er hearlik fen,

En hie in earm famylje;

For ’t hypochonder joech se wan,

Den koe se joepsom spylje.

_Grou_, 3 Dec. 1838.

E. H.

[Yllustraasje: MURK STAPT DE WINKEL YN.]

Rimen en Teltsjes · 第 144 / 279 题