_Bolswert dizze âlfde fen Heamoanne 1836._
JOUNTIIDS WéMOED.
Oer de Elzen beamkes oan it mêr
Blonk sleaukes Hesperus lampe.
De lêste goudene sinne sonk wer
Yn dauwe en dampen,
En de Elzen oan it mêr
Dy slepten wer.
Ut dy dauwige skimering kamen
Alde bylden en nammen
Fol fen oantinsens nocht.
O skynsels fen frjeonen! O sjammen!
En de Elzen oan it mêr
Dy slepten wer.
“Hilligen! Ljeave! Bliuw yn jimme wrâld!
“Och, nin joun fen dizze wrâld
“Kin ús sielen forienigje......”
Hesperus wier útdien,
En de Elzen oan it mêr—
Dy slepten wer.
PRINS WILLEM DE IVde OP DE FROSKEPôLE.
It is al nuver, det de prinsen fen Nassau de earste prinsen wierne, dy
it mei de Friezen roaije koenen. Mar dat lit him noch al hearre, as men
bigrypt, det se mei eltsoar tsjin Spanjen libben om libben fochten
hiene; hwent it trochstean fen deselde gefaren makket wol ’ris frjeonen
fen twa minsken dy eltsoar oars hiel net pasje scoene. Dêrby hie
Fryslân sokke condities mei dy prinsen makke, det se in bulte goed en
nin kwea dwaen koenen. Dêrtroch kaem it ek by, det Fryslân bistindich
yn de bêste ienichheit mei syn prinsen libbe hat, en sont Lodewyk fen
Nassau altiten ien fen syn neikommelingen ta Steedhâlder hie, wylst de
prinsen fen Oranje troch de oare provinsjes den ’ris efterôfset en den
wer ’ris hildige waerden. Twaris binne der jierren en jierren forroun,
det de Hollânners nin Steedhâlders hienen, en twaris is it hûs fen
Oranje nei in bulte oproer, plunderjen en moardzjen der wer ynroppen.
In forieniging, dy yn nin 150 jier ea ôfbritsen west hie, lei in fâlde
yn it hert fen de Friezen, dy to lang sitten hie, om der suver wer út
to gean. De prinsen fen Nassau seagen klear, det se sûnder de Friezen
neat wierne; hwent as dy hjar loslieten, lyk as de Hollânners faek de
prinsen fen Oranje dienen, den skeat ’er for hjar neat oer, as hjar
lytse steatsjes yn Dútsklân wer op to siikjen en dêr hjar tiid mei
hertejeijen to fordriuwen. De Friezen oan hjar kant ûnderfounen, det se
yn frede en yn oarloch earlik en trou tsjinne waerden fen Prinsen, dy
sa folle bilang by hjar frjeonskip hienen. It bilang en de tankberheit,
forsterke noch troch de wente, dy út lange kunde oan eltsoar foartkomt,
makken det men eltsoar mei in fortrouwen en forkleeftheit bihandele, dy
by it folk ta in libbensbigjinsel oergong. Dit dûrre oan 1748 ta, do
Willem de IVde út de tsjinst fen Fryslân ta de hearskippije fen al de
saun provinsjes oergong, en Ljouwert forliet. Sa binne de soannen fen
Nassau yn de skirte fen Fryslân bakere en biwarre, om earst algemiene
Stedehâlders, en by einbislút yn ús tiden keningen fen it hiele lân to
wirden.
[Yllustraasje: DE HEGE GASTEN OP ’E FROSKEPÔLLE.]
Dy lêste prins, Willem de IVde, de oarreheit fen ús kening[43],
forienige alles yn him om de ljeafde fen in folk as it Fryske ta it
heechste punt to fieren. Hy wier gol en deftich fen troanje, dimmen en
minsum yn syn praet. Seft fen aert, hie er in griis fen gewelt en
bloed. Fen natúre wier er net hird-dragende, en as in oprjucht kristen
koe er syn erchste fyanden forjaen. En dat sa folle by de Nederlanners
yn it algemien en de Friezen yn it bisûnder ôfdocht, om in prins de
herten fen it folk to winnen, hy wier gemiensum yn de omgong. Lit in
prins in held en in staetsman tagelyk wêze, as hy in heech boarst set,
kin er op dizze groun nin goed dwaen. Yn Ruslân en Prusen mei dat; hjir
is it de pest. As der hwet oan Willem de IVde hapere, den wier er hast
al to sêft for in prins; hwent hy wier bang det er immen bisearje scoe,
en bleau faek healwei stykjen, as er trochtaeste moast. Troch syn
sêftens en heale mjitterigels is folle fen it goede, det er ús
foarâlders tatocht hie, efterbleaun. Mei dat al bliuwt it wierheit, sa
lang as hy to Ljouwert wenne, is der nearne yn nin steat fen Europa sa
folle folksfrijheit mei sa folle earbied en ljeafde for in prins
forienige west as hjir yn dit ús Fryslân.
Fen âlde ljue hab ik as bern nou en den wol ’ris teltsjes heard fen de
gemiensumheit fen de prinsen fen Nassau, en fen de genegenheit fen it
Fryske folk for dy prinsen. Ik scil jimme der ien fen sizze, dêr mûlk
in bulte de skouders fen ophelje; hwent it is nin dichter, dy hjir
opsnijt, en de prins mei in folle hunichkwast om de mûle strykt; it is
ek nin greate mieltiid, dêr de gasten sa lang toasten op de gesontheit
fen de prins en syn folk drinke, det de helte smoar-dronken ûnder de
tafel laeit. It is mar in platte plompe boere-set; mar dêr men even
dudelik, ja, mûlk al sa dudelik, as út it galmjen fen in dichter, ef it
klinkjen fen de champanje-glêzen, de wolmienendheit fen in from
ienfâldich minske út priuwe kin.
Op de jachtpartijen, dy Willem de IVde hâldde, do er noch geef wier,
foel der meast al it ien ef oare mei in boer ef in arbeidersman, dy se
yn ’t fjild metten, foar, en as er mei syn smite op Camstra-state, op
Sytsje-bûrren, to gast wier, den koe it der wol ’ris suver nationael,
dat is, rûch trochskoerre. Dêr wierne den, bihalven de gewoane
omballingen fen de Prinsen, ek folle by Groustins, Oene en Willem fen
Haren, en mear sokke bysfeinten, dy termen yn ’e holle hienen, as it
mei wysheit to redden wie, mar dy op syn tiid ek in bulte fen de
gekheit hâldden. Sa is ’t ’ris bard, det se út to jeijen west hiene, en
let yn de eftermiddei mei de honger yn de hals oan de Froske-pôle
kamen. Dêr fregen de hoflingen oan de boerinne, eft se ek hwet for hjar
to skaffen hie; it wiif, dat in sloofke like, sei koart ôf: Né. “Mar
habbe jy den neat yn hûs, moeije?” frege de hongerichste út de heap.
“Neat, den scoe ’k flouwe, sei it wiif; ik kin wol hwet pankoeken for
jimme bakke.” De prins fen Nassau mei syn hofstoet pankoeken ite op de
Froske-pôle yn ’t gesicht fen Ljouwert? Dat like al hwet nuver. Mar hja
tochten, dat wiif ken ús dochs net yn dizze jachtplunjes; en hwet kin
’t ús ek skele, as wy mar in eintsje fen ús holle termen fol krije.
“Kom, meitsje den mar klearrichheit,” sei de hofling, en mei ien gong
de jagertrop yn hûs. De prins waerd in wâldstoel yn ’e hirdsherne set,
en dêr folgen de oaren op skammels en banken neist; sa sieten se om in
great fjûr fen smoezen en takken hinne hjar to koesterjen en út to
pûsten. Mei in lyts kertierke briek moeije mei de bisleekspôt troch it
centrum fen de hearen hinne, en de pankoekspanne yn de lofter en in
pankoeksizer yn de rjuchterhân, frege se: “Hwa scil earst?” “De man yn
’e hirdshoeke,” antwirdde ien fen de hoflingen. It wyfke dribbele gau
nei in aed ta yn de molkenkeamer, dêr se in pantsje fol fersktsjerne
bûter úthelle; do noch in potsje mei fine wite struisûker út de
boddelerij, en it pankoekjen naem in bigjin. Hja bakte de man yn de
hirdsherne lytse flitterkes fen pankoeken; fine, swiete, danige swiete
pankoekjes, siz ik jimme, en hy krige noch in silveren foarke ta, om se
mei op to iten. Do de man yn de hirdsherne syn biderf hie, wier de bar
oan numero twa, dy allerneist him siet. De foarke mei de bûter en de
sûker waerd earst weibirgen; en dêrop draeit de boerinne der him in
dregen strou yn oalje út; eft it for in slatter west hie, it mochte
bikend stean. _Moedertje, wy lusse ook wel pannekoeken in boter_, sei
de hofling, dy der alleheel nin tinsen op hie, det de boerinne ien fen
hjar koe. “Ja, ja!” sei moeije, “Oalje is for jimme goedernôch!” en de
hearen mochten lypje ef pypje, de oalje-pankoeken mei sjerp moasten der
troch. Op de keap ta moasten se de boel der mei de tsjien geboaden op
syn âld-Frysk ynproasje; hwent foarken krigen se net. De prins lake him
slop.