OAN PITER MULIER.

_Mei de lapekoer._

Ik haw hjar kend, dy iens it libben!

o Stalke, fen dyn libben wier.

Ik seach hjar as de roazen bloeijen

Sa prûs, sa glimkjend, sa fol tier.

Ik seach hjar as de roazen kwinen,

Fen njirren stitsen yn it hert.

Hjar wrakseljen tsjin dea en pinen,

o Piter, dat forjit ik net.

Ik haw mei swakke en tankb’re klanken

Hjar gollens op in blêd[42] biskreaun,

En ’k wit, dou scilst it net forsmaedzje;

’t Is hertejefte fen in frjeon.

Dêr mei de Fries it noch hwet lêze,

En den scil ’t leaf, as wy, forgean;

Mar, o, hjar blier, hjar skrander wêzen

Scil ivich foar ús sielen stean.

Rimen en Teltsjes · 第 129 / 279 题