J. H. H.

FORTELTSJES

FEN

MASTER ALE BYFOET.

Lytse master Ale Byfoet wenne to Dockum, en hie noait fierder yn ’e

wrâld op west, as nei Kollum en Birdaerd. En yette hie er mear sjoen yn

’e wrâld, as mannichien, dy syn âlders jild yn Parys ef Londen

forslampampet. Faek forteld’ er alderhanne lytse forteltsjes, dy er sa

út egen ûnderfining opskoffele hie. Folle krollen wierne ’er net oan,

mar hja taestten op ’e lever, en ’t nuverste der fen wier, det der

jimmer twa en twa sokke forteltsjes by eltsoar wierne. Ienris priizge

him Jarich Tille, syn bûrmanssoan, oer syn skoan forstân. Ei, sei de

âlde master, bin ik den sa wiis yn dyn eagen, heite? en knypeage ’ris.

_Jarich._ De hiele stêd seit it, master, en ik woe ek wol, det hja dat

fen my seinen.

_Mr. Ale._ Nou heite, aste der oan wo’ste, dat ’s nin hynstewirk. Dou

moaste mar tige sjên, Jarich heite, ho ’t de gekken dwaen.

_Jarich._ Hwet gûd? ho de gekken dwaen?

_Mr. Ale._ Ja, ja, en den rjucht oars dwaen as sy.

_Jarich._ Ho giet dat, master?

_Mr. Ale._ Hark, boi, ik scil ’t dy fortelle. Foar jierren wenne hjir

in rekkenmaster, in tin, splinterich, grimmitich keardeltsje, master

Spin hjitte er. Dy roun deis oer ’e strjitten, eft er in slach mei de

moalpûde hawn hie, en praette en eamele jimmerwei binnensmûle mei him

sels; mei nin minske praette er oars. En immen ’ris rjucht yn ’e tût to

sjen, dat doarst’ er net dwaen, sa fier kaem er net; ivich seach er

foardel, en nei him sels.—Ho mienste wol, Jarich man, det de Dockumer

ljue dy man hietene?

_Jarich._ Wel! in man dy yn ’e stúdzje roun, tinkt my.

_Mr. Ale._ Jûk! ja wol, man, it liket der net nei. In gek neamden hja

him.—Fij man, tocht’ ik by my sels, dy titel stiet my net oan: lyk as

master Spin scil ik net dwaen, dat roait net. Sjuch dou de ljue fiks yn

’e tût, tocht’ ik. Ef, hwet yette briker is, yn dy sels to praten, as

de healwize ljue; né, fij! sprek dou ljeaver mei oare ljue, sei’k.—Nou,

hwet tinkt dy, Jarich heite, hie ik nin gelyk?

_Jarich._ Ei, wis en wrachtich, master! wis dat!

_Mr. Ale._ Ik wit n’t, ik wit n’t, keuninkje; alheel-en-al yet net.

Hwent der roun do yet ek ien yn Dockum om, dat wier mynhear Mich, de

dounsmaster, dy seach alleman rjucht yn ’e troanje, en tsjantere mei

alleman, dy mar earen oan ’e holle hie, jimmerwei by de rige lâns. En,

Jarich heite, ho mienste det de Dockumer ljue dy man wer hietene?

_Jarich._ Wel! in plezierich man.

_Mr. Ale._ Bynei; ’t is der op ôf.—Né, man! hja neamden him ek al in

gek. Hea! tocht’ ik wer, dat is onnoflik, hjir wit ik nin rie mei: ho

moastou nou dwaen om wiis to hjitten?—Net alhiel-end-al as master Spin,

en ek net alhiel-end-al as mynhear Mich. Earst moast de ljue fiks yn ’e

toet sjen, as de iene, en den sjuchste bidaerd foardel en nei dy sels,

as de oare. Earst praetste lûd mei de ljue, as mynhear Mich, en den yn

’t geheim mei dy sels, as master Spin.—Sjuchste Jarich, sa hab ik dien,

dat is it geheim.

Op in oare kear kaem in jong keapmantsje by him, mynhear Skrepper

hjitte er, dy illindich oer syn ûngelok simpere.

Ei, kom, keardeltsje! sei master Ale, dou moast’ it lok mar siikje; dou

moast’ der mar op rinne.

_Skrepper._ Wel, ik rin der lang op, man, mar hwet kin it helpe? ’t Is

eft de divel der mei spilet. Ik scil tonei de hânnen oer eltsoar lizze,

en bliuwe by honk.

_Mr. Ale._ Foaral net! Foaral en bileaven net, mynhear Skrepper! Net

opjaen! jimmerwei moatt’ je der op gean; mar tige der om tinke, ho je

it gesicht drage.

_Skrepper._ Ho? hwette? ho ’k it gesicht draech?

_Mr. Ale._ Ja, ja, ik scil ’t jo better bitsjutte.—Do myn bûrmans hûs

boud waerd, do laei de hiele strjitte fol spierren, balken, stien en

kalkbakken. Dêr kaem ús boargemaster Kriek, dy do yet in piipjong en

blastich froedsmantsje wier. Dy roun mei de earmen fier fen eltsoar,

mei de holle yn ’e nekke en de noas steil nei de wolken ta, en de brol

op. Pomp! dêr laei er hals oer kop, en briek syn lofter skonk, dêr er

yette krepel oan giet.—Hwet wol ik dêr mei sizze, mynhear Skrepper?

_Skrepper._ Och! it âlde leksom, det men de noas net al to heech hâlde

moat.

_Mr. Ale._ Ja, sjugg’ je wol? en dochs ek net al to leech. Hwent in

toarntsje dêrnei kaem der wer in oar foarby gean, dat wier mynhear

Bombom, de stedsrymler. Dizze man moast jimmerwei ien fen beiden yn ’e

kop hawwe, soargen ef gedichten. Dy slûpte sa glûpsk en forslein

foarby, en seach stiif nei de groun, eft er der yn delsinke scoe. Krak!

dêr briek in tou; as de blits foel der him in stegerbalke foar ’e noas

del. De stumper foel fen kjeltme yn ’e swime, en moast fjouwer wiken

siik op bêd lizze.—Bigryp’ je nou wol hwet ik mien, mynhear Skrepper,

ho men it gesicht drage moat?

_Skrepper._ Jy miene yn ’e mids, net?

_Mr. Ale._ Ja, just, det me net to dryst yn ’e wolken, en net to bang

nei de groun sjen moat. As men de eagen bidaerd nei de beide siden

weidzje lit, koartom as men om yen hinne sjucht, den komt men yet al

troch ’e wrâld, en it ûngelok sit meast yn ’e holle fen ’e ljue sels.

Op in oar tiid kaem der in jong kouwekeaper by him, Pjitter Ploffer

hiett’ er; dy woe in bytsje jild ha for in lytse negoasje, dy er yn ’e

holle hie. “Ik wit wol, sei er, folle scil der net útkomme; mar it rint

my nou dochs yn ’e bek, en ik ken ’t sêfts meinimme.” Dit praet stoe

master Ale net oan.—Ho folle scoest’ den wol hawwe moatte, Pjitter?

_Ploffer._ Och! net folle, in fotsen hûndert goune sa hwet.

_Mr. Ale._ O! as ’t net mear is, dy kinst’ krije; heel wol, man! En den

scilste sjen, det ’k it goed mei dy mien; hwent ik scil der dy yette

hwet op tajaen, dat ûnder goe’ frjeonen wol tûzen goune wirdich is.

_Ploffer._ Mar ho nou, master! der yet op ta?

_Mr. Ale._ O! ’t nimt my net ôf; ’t is mar in forteltsje.—Do ’k jong

wier, hie ’k hjir in bûrman, in wynkeaper, mynhear Gleon, in nuver

mantsje; dy him in selsom praet oanwende, mar dat brocht him ta de

poarte út.

_Ploffer._ Ei? en hwet for praet wier dat?

_Mr. Ale._ Wel, as men him ’ris frege: mynhear Gleon, ha je dêr net wer

in plomp bulte jild fortsjinne? “Och, sei er, in luzige tûzen goune;

hwet wol dat sizze?” As men him sei: mynhear Gleon, de ljue forhelje,

det jy frij hwet in slompe by dat bankerot sitte litte. “Och!” sei er

den, “hwet scoe dat bitsjutte? in pear sekjes sechstehealen sa hwet. ’t

Is de pine net wirdich om der sa oer to jeuzeljen.” Lyk as ik dy sei,

Pjitter, de man hie in brede rêch; mar dat fordomde praet lichtte him

glêd wei út it seal; hy moast der mei de poarte út.—Ho folle moaste

hast ek hawwe, Pjitter?

_Ploffer._ Ik haw jo om hûndert goune forsocht, myn frjeon.

_Mr. Ale._ O ja! ’t is ek sa; ik wird hwet staf.—Mar ik hie hjir yet in

oar bûrman, dat wier de flaekskeaper mynhear Foeger, dy boude troch in

oar menear fen praet dat greate hûs mei dy skûrre der efter.

_Ploffer._ De diker! dat woe ’k wol ’ris witte; ho wier dat?

_Mr. Ale._ As men him ’ris frege: dêr ha je in gnap plokje hawn, net?

dêr ha je frij hwet jild fortsjinne, net? “In bulte, man! in tige

skoane bult, in grouwe hûndert keizersgoune.” En den koe men sjen, det

de man it hert yn ’t liif lake. Mar as men sei: Ho nou mynhear Foeger!

stiet de mûtse net goed? “Och,” sei er den, “praet der net fen, man! ik

haw in lilke dei hawn, ik haw in hânfol jild forlern, fyftich goune,

man! in grouwe skoane fyftich goune!” Hy wier mei in bytsje op ’e stap

komd, mar lyk as ik dy sei, dit hiele hûs, mei dy greate skûrre der

efter, hat er der del set. Nou, Pjitterman, hwet for praet stiet dy nou

bêst oan?

_Ploffer._ Nou, dat wit’je wol, master Ale; de lêste.

_Mr. Ale._ Neiby, mar alleheel-en-al stie er my dochs ek net oan, dy

mynhear Foeger. Hwent hy sei ek: Folle jild! folle jild! as er oan ’e

earmen, ef oan it lân jaen moast. En, Pjitter heite! ik, dy twiske

beide praters yn wenne, haw fen beide in bytsje nomd, en den praet ik

nei de tiid seit, soms as mynhear Gleon en soms as mynhear Foeger.

_Ploffer._ Wel, de deale! né; ik hâld it mei mynhear Foeger.

_Mr. Ale._ Ho folle moast’ den ek habbe, Pjitter heite?

_Ploffer._ Folle jild! folle jild! in grouwe hûndert goune!

_Mr. Ale._ Sjuchste, Pjitter? ’t scil wol gean mei dy: dat wier ’ris

gnap fen dy, man! As men fen in goe’ frjeon boarget, moat men prate, as

mynhear Foeger; en as men in goe’ frjeon út ’e need helpt, den moat men

prate as mynhear Gleon.

Rimen en Teltsjes · 第 73 / 279 题