E. H.

FRYSLâN.

Alle minsken binn’ myn broerren,

En de hiele wrâld myn thús;

Mar it bloed yn Fryske ieren

Krûpt nei Fries en Fryslân ta,

Krûpt nei Fries en Fryslân ta.

Brabân, ha! dyn snipp’re famkes

En dyn bierkes hien’ myn hert.

Skoander lân as dou bloeit nearne,

Mar ús Fryslân biste net;

’t Trouwe Fryslân biste net!

Hearlik Hollân! mei dyn stêdden,

Moaije greften, jild en rie:

Hwer scoe ’k earne ljeaver wenje,

As ’er mar nin Fryslân wier,

As ’er mar nin Fryslân wier.

Gelderlân! hjir op dyn bergen

Sjen ’k Gods moaije wrâld yn ’t roun

O gesichten! Ho forruklik

Is ’t dêr jinsen op ’e groun,

Is ’t dêr jinsen op ’e groun!

Fryske hert! kinst’ hjir noch grine?

Hert, myn hert, ho stunest’ sa?

’k Bin fen ’t platte lân onwennich;

Och! ik moat nei Fryslân ta;

Och! ik moat nei Fryslân ta.

Ja, ik sjuch dy flakke weiden;

Karren stouwe oer’e wei;

Feint en faem nei merke jeije;

Flodders fleane efternei,

Flodders fleane efternei.

Fryslân! Fryslân! de lânsdouwe

Dêr ús mem my widze het;

Dêr ik boarte mei de famkes;

O! dat lân forjit ik net;

O! dat lân forjit ik net.

Fryslân! Fryslân! dy forjitte

Scil ik yn it tsjustre grêf,

En dyn heldenrom útmjitte

Sa lang as ik sykje kin.

Rimen en Teltsjes · 第 68 / 279 题