Frysk bloed, tsjoch op! Wol nou ’ris brûze en siede,
En bounzje troch myn ieren om.
Flean op! Ik sjong it beste lân fen ’e ierde;
It Fryske lân fol ear en rom.
Klink den, en daverje fier yn it roun
Dyn âlde eare, o Fryske groun!
Ompolske fen it hege sâlte wetter,
Fortroppe op in terp ef stins,
Hien’ d’ âlde Friezen yn de wrâld net better.
Hjar lân en frijdom wier hjar winsk.
Klink den, en daverje fier yn it roun
Dyn âlde eare, o Fryske groun!
Frjemd fen it jok fen frjemde hearen,
Faek earem, mar dochs sterk en frij,
Stoe de âlde Fries stânfêst by syn menearen.
Hy wier in Fries, in Fries stoar hy.
Klink den, en daverje fier yn it roun
Dyn âlde eare, o Fryske groun!
Troch waer en wyn, tsjin need en dea to striden
Mei ’t gleone swird yn d’iiz’ren hân,
Wier wille yn dy fromme tiden,
Wier ’t for de frijdom fen hjar lân.
Klink den, en daverje fier yn it roun
Dyn âlde eare, o Fryske groun!
Fen bûgjen frjemd, en fij fen ljeave wirden,
Wier rjucht en sljucht hjar hert en sin.
Hja beane om neat, mar mei de bleate swirden
Stoen’ s’ alle twang en oerlêst jin.
Klink den, en daverje fier yn it roun
Dyn âlde eare, o Fryske groun!
Sa faek troch stoarm yn djippe sé biditsen,
Oerâlde ljeave Fryske groun,
Waerd noait dy taeije bân forbritsen,
Dy Friezen oan hjar lân forboun.
Klink den, en daverje fier yn it roun
Dyn âlde eare, o Fryske groun!
Trochloftich folk fen dizze âlde namme,
Wêz’ jimmer op dy âlders great.
Bliuw ivich fen dy grize hege stamme
In grien, in krêftich dûrjend leat.
Klink den, en daverje fier yn it roun
Dyn âlde eare, o Fryske groun!