DE LêSTE FRJEON.
Hwet bistou, libjen?
Tsjin ’t lot to stribjen
Yn noed en yn hoopjende weane:
Lange riten fen rou,
En nochten, dy as dauw’
By de moarntiid yn wolk forfleane.
En hwet bistou, dead,
Foar hwaems skepter fen lead
De slaef en de keningen trilje?
De lêste, bêste frjeon,
Dy ús oer is bleaun,
Om ús soargen yn ’t grêf to stiljen.
As ’t alles is weiflêd,
Spriedstou ús noch in bêd,
Dêr w’as roazen op sliepe yn freden:
Alle hertwounen helest’ ús,
En de eagen bisegelst’ ús
Forskriemd en forwekke yn neden.