“_Eltse man, dy kaem, woe him sels in nij hûs opsette; hy gong wei, en
liet syn wenje oan in oar. En dy oare foldie syn idelheit ek al; mar
nimmen fen hjar lei de lêste hân oan syn gebou. Dêrom set dyn sinnen
net op sa’n wiffe fryster; in wezen, dat sokke kuren hat, fortsjinnet
dyn ljeafde net. Dêr de goeden en de tsjoeden demd binne ta stjerren,
lokkich hy dy mei de priis fen de deugd striken giet! Lit de tarissinge
ta dyn takomstich gelok foar dy útgean nei it grêf; stjûr it foarút,
hwent nimmen kin it dy neistjûre. It libben is lyk as snie, en de sinne
barnt op ’e lape. De idelheden fen dizze dei, o minske, fortiermje as
de_ tinkoanmykes _yn de mieden._”
Ut it Persiaensk fen Sadi, yn syn Gulistan ef blommetún, fen domenij
for Gabe fordútske.