IT BLOMKE TINK OAN MY.

(_Walstroo, galium palustre._)

Der waechst in blomke yn de mêden,

Nin minske tinkt der oan;

It wirdt fortrape en fortrêden,

Dy ljeave simmersoan.

It libbet jinlik, stil en frij,

It is it blomke _tink oan my._

It floddert net as ’t hege reid

Hjar leaven troch de wyn,

Mar yn de stille ynfâldichheit

Dêr is hjar wille yn.

De lege groun dêr bliuwt it by,

Dêr sucht dat blomke: _tink oan my!_

Lit stoarm en weagen hjar birinne,

Hjar grien komt jimmer wer.

Bliuw wei, dou mylde simmersinne,

Hja komt op tiid en bar,

Den seit dat lytse pôlke my:

“Hjir bin ik nou! Tinkstou oan my?”

Scoe ’k, holpleas krûdke, dy forjitte,

Dy, frjeonskips nommel byld?

Dou dijste op yn kjeld en wiette;

Dyn loft is swiet en myld;

Djip út de gêrzen ropste my:

“Ik bin it blomke _tink oan my._”

En as myn berntsjes om my krite

En snikjend’ stean’ op ’t hôf,

Den bloeiste wer, myn lytse wite!

Lizz’ ik dizz’ ierde ôf,

Dou lytse treaster, bliuwst’ hjar by,

Dou ljeave, froede _tink oan my._

Mar wirdt dyn libbenstried forbritsen

En wirdste bút for ’t grêf,

De meaner komt, wei wirdste stritsen,

Fortoarst’ as hea en tsjêf.

Yet ropstou, lytse blomke, my,

“O minske, minske, tink oan my.”

En seiste my: “Ik kin net bliuwe,

De sinne nimt my wei;”

Ik tink werom: “Ik mei net bliuwe,

De dea stiet oan de wei.”

Den seistou, stille frjeon, oan my:

“Ik kom werom; o, tink oan my.”

As frjeonen lang forgetten binne,

En ierde en ivichheit hjar dekt,

En as de triennen net mear rinne,

Ef dea ús stjerrende eagen brekt,

Al hwet forgiet, dou bliuwst ús by,

Dou lytse, ljeave _tink oan my._

Jow, hoaske blomkes fen de sleatten.

Fortrape miedebern,

Jow, byld fen echte frjeoneherten,

Jow my myn frjeonen lang forlern.

Krûp oer hjar grêf, en siz oan my:

“Hja tinke yn de ivichheit oan dy.”

Rimen en Teltsjes · 第 54 / 279 题