_Tetke._ (Tetke, domenijs faem, rint by Gabe-en-hjarre yn hûs.) G’n
joun sizze fen domenij; eft de japon klear wier?
_Gabe._ Dêr mienste, detste my oer ’t mat kaemste, mar mis wier ’t. Ik
scoe him krekt bringe, ljea’! Wacht efkes, det ik it baitke oanlûk: den
gean ’k mei dy, en as domenij it lije wol, Tetk, den bliuw ik fen nacht
mei ien by dy to meiden.
_Tetke._ Fui, heite! Sa ’n eardske? Dou biste ommers net fen seizen
klear.
_Gabe._ Mienste det meiden hirddraven en hynstewirk is? Dy bêst pattet
is de man, en ik rop skrik fen patsjen. Dou kinst’ it earst bisiikje,
Tetk! Jow my mar ’ris in fûgel.
_Tetke._ Fê, sa’n gemael altiten. Kom, gean mar mei: domenij wachtet
nei my.
(Tetke en Gabe geane mei eltsoar út hûs. It wier in sêfte simmerjoun
nei in mylde dei: der loek nin sigenke oan ’e lije loft. De koekkoek,
djip biskûl yn ’e blêdden, song syn dof lietke. De kikkerts raesden
fier yn ’t stille fjild. Ut it foaronder fen in skûteboer, dy yn ’e
bûrren laei, kaem in salm fen Dathenus mei tûzen draeijen as út in
smoarmogge nei boppen setten, wylst de bûrljue fen ’t doarp op ’e
stoepen by eltsoar in jounpraetke houdden.)
_Gabe._ Hat domenij al jimmette?
_Tetke._ Né, wy scoenen aenstons to wirk oer ’t selaed. Pestoarske is
út-fen-hûs, en hy mient, det ik de aeijen net salvich siede kin. Nou ha
’k de tsjettel mei sieden’ wetter en ’t haloazje mar by him set; nou
kin er him sels op it menút ôf rêdde.
_Gabe._ Dat hie ’k net weage, Tetk. As de ljue mei ién wyt en ién swart
hoas nei de preekstoel geane, ef de bef oer skis op it skouder drage,
dat jowt noait nin goede aeisieders. (Hja komme oan ’e pasterije-doar.)
_Tetke._ Ik scil him iepen dwaen, dy doar hat in sin.
[Yllustraasje: DOMENIJ OAN ’T AEISIEDEN.]
_Gabe._ St! St! Lit my foargean; ik scil i’s ôfloere hwet er docht.
_Tetke._ Foi, Gabe! It is krekt eft wy strúnjeijers binne.
(Gabe glûpt teantsjende de gong lâns, en kipet troch de keamersdoar, dy
yn ’t kier stie, nei binnen ta. Domenij siet mei in pear greate eagen
stiif to digerkykjen; hy hie it netke mei fjouwer aeijen permantich yn
’e fûst, en it haloazje hinge yn ’e tsjettel to sieden, det it
rammele.)
_Gabe._ Domenij! Is dat aei noch net gear? My tinkt, it scil wol hird
wêze.
_Domenij._ Nou is ’t formaerde bryk!
(Domenij fljucht op; hy set de aeijen rimpen op ’e groun del, det de
djirre him om ’e teannen spat: hy skoert it haloazje út ’e tsjettel,
mar it kjetting is sa hjit, det er it net daeije kin, en it haloazje yn
grús op ’e groun falle lit.)
_Gabe._ Allegearre diggels! Ik wit net, domenij; ik scoe mar nin aeijen
siede.
(De faem, dy net mak wier, komt mei in dweil, en himmelt de boel op.
Domenij sjucht sneu.)
_Gabe._ As ’t sa fet yn ’e koken is, det de aeijen oer ’e flier rinne,
den hawwe dy klitsen fen fammen it mâl fel noch oan. Ho sjuchste sa
bros, Tetk? Wel, wel, in spjelde hat ek in kop!
_Tetke._ Nou binne de aeijen salvich, hê? Fê, sa ’n gemjoks! In domenij
aeisiede is krekt sa folle as de faem preekje.
_Domenij._ Kom, wammis mar mei de boel. Tonei better, seit it almanak.
Sa ’n frjemde bink ha ’k myn libben noch net hawn, Gabe! Ik wier fen
top ta teil yn ’e stúdzje wei.
_Gabe._ It is better det jy yn ’e stúdzje wei binne, as det de stúdzje
yn jo wei is. Folle fen jins bûrljue sjucht men alle dagen as
sjammelûken twiske de snijbeantsjes en de roomske beane stean; hja
witte op in hier ôf, ho folle aeijen in wjitten hin leit, en ho mannich
tellen de skylfisk siede moat: it binne bêste gnjirkers en kokenfammen,
mar minne prekers.
_Domenij._ Haste myn japon, Gabe? Pas ’im ’ris oan. (Gabe tsjocht ’m de
japon oan.) Kom, fiks, man. Dêr is romte yn. Nauwe klean binne for it
lichem, hwet in skrabberich geweten for ’e siel is. Men doare yen net
reppe.
_Gabe._ As ik ’t mei alle minsken sa goe’ roaije koe as mei jo,
domenij, ik krige wol helte mear klanten. Mar de iene seit, det ik ’m
de pânnen fen ’e rôk sa koart meitsje eft se fen ’e rotten ôfgnaud
binne; de oare klaget, det se him to lang binne. De iene seit, det ’m
wol in mosk ta de broek yn fleane kin, en de oare klaget as in earme
ridder, det er net nei de groun wize kin ef de naden kreakje him.
Lêsten siet ik by Auke-boer to skroarjen: dêr kaem Poppe Stút oan mei
in rêst smelle praetsjes, det yn myn lapekoer rju onrjuchtfirdige lapen
laeinen. In amerij dêrnei hienen je ’er Bouke-slachter ek by om in fet
kou to hanneljen, en dy sei, det er gau sa folle lekken troch it each
fen ’e skjirre skoerre scoe, det er by de boerkes nin taei bolleflesk
langer hoefde to kôgjen.
_Domenij._ Bouke-slachter tochte mûlk, dy in oar kjimme wol, moat sels
nin lûs ha. Immen, dy sels by ’t mak ôf is, docht bêst, det er
kameraten siket.—Ik hear it wol, lek en brek fen ’e skroarren by de
rûs: mar mienste det it mei de domenijs better is? Alle dagen hearste
ommers, “It is mei de domenijs, de bûse ticht en de hân oan ’e hoed.
Men kin dat foltsen net fierder as oan ’e mil ta.” Wiste wol hwet jimme
pake sei?
_Gabe._ O, dy sei ommers, det de domenijs wriuwpeallen wiernen, dêr
alle bisten, dy jokte hienen, hjar rudige hûd oan rosten. Dêr tocht’ ik
jouns noch om, do Klaes Tsjalkskonk, de skûteboer, by ús yn ’t milhûs
trape: hy hie trije brakke baggeler ûnder ’e earm dy er mem for bêste
linde forkeapje woe. Hy pipe sa fyn as in mûs, en de holle hinge him op
ien skouder. “Jimme domenij, sei er tsjin mem, bringt it fier mei de
letter, mar hy hat de geast net.”
_Domenij._ Sjuchste wol! En de siktaris fen it Nut hat my jister noch
mei it kryt yn ’e hân útrekkene, det ik wol fyftich jier mei de letter
binefter wier.
_Gabe._ Lêsten frege ik dôve Japik, ho jy ’m foldienen; nou, jou
preekjen wier oars sa slim net, mar der siet nin lonte yn je.
_Domenij._ Dat scil de jiffer fen ontfangers om de deaker net sizze. Dy
krige forline snein de limoer yn ’e tsjerke, do ik in gjalp yn ’e
tapassing die, dy hwette hird oankaem. Mar Teake Stikel, (witste? dy al
myn teksten opskriuwt,) dy hat ’m noch better ward; dy kraeide
okkerdeis oer it hiele gea út, det ik twa âlde preken nei eltsoar dien
hie.
_Gabe._ Men hat it slimmer mei de niten as mei de luzen. De stimper kin
der oars neat fen as de tekst. It bytke dat er mear fen jins preek thús
bringt, berget er jouns noch mei de sneinsklean yn it kammenet; as je
mar in oar kraech op dy âlde rokjes settene, Teake scoe allegearre for
nij oansjen. Mar, hawar, it is om yen stikken to laitsjen. Okkerdeis
siet Tetkemoi goêmoer by de tsjerkefâden, en klage earmlik hjar need;
en hwer mien’je oer, domenij? Det jins gebetten en jins preek eltse
snein oars wierne. Jy giselen alles troch inoar as in keallestirt, en
der wier nin each op to hâlden. Fen ’e âld-domenij koe se foar- en
nei-gebet op in prik fen bûten, en dat koe se den sa swietkes yn ’e
tsjerke neiprottelje! Mar al stiene jy ’er noch fyftich jier; den wist
s’ er noch nin grevel fen. Jy laitsje, domenij; mar sizz’ my, ho scil
men al dy ljue de mûle stopje?
_Domenij._ Ei, Gabe; doch dyn plicht, en lit de ljue rabje. Kom, lit ús
fen hwette oars prate. Witst’ ek nijs? Hwer kaemste hjoed wei, doste
uzes foarbygongste?
_Gabe._ Ik hie nei Auke-boer west om in rokje to mjitten. Hwat ha ik
ûnderweis lake, domenij!
_Domenij._ Hwet wier ’t den?
_Gabe._ Jy kenne masters Olfert wol?
_Domenij._ Dêr de âlders sa ier fen weirekke binne, en dy do by master,
syn omke, ynkomd is?
_Gabe._ Krekt. Nou, dy laei plat op ’e rêch sa lang as er woechsen wier
yn ’e ûnderwâl fen ’t leanke del; krekt kaem der in jong fyndoekspoepke
foarby, dy him de wei nei Frentsjer frege; en ho mien’ je, det er dy
man dat bitsjutte? Om ’t er to loai wier oerein sitten to gean, tilde
er ien fen syn longerige lobben yn ’e hichte, en wylst er dy nei de
kant fen Frentsjer swong, sei er: “Dêrre, keapman!”
_Domenij._ Dat wier den danich, ju! Ja, hy moat hwet útmintsje yn
loaijens.
_Gabe._ En dêr hat er gelyk oan. Olfert hat ommers oan âlderserf
meibrocht njoggentsjinhûndert goune en seis pounsmiet bêst finlân; en
den noch de oanstjerte fen in âldomke fen in keeft mei klean en linnen.
Dêr kin in keardel wol loai op gean.
_Domenij._ Dat ’s wier. Mar wy wolle hoopje, det ús ljeavenhear dy en
my for in segen biwarje scil, dy ús de bargen allyk makket.
_Master._ (Oan ’e doar.) Hijla! Folk?
_Domenij._ Kom yn, master.
_Gabe._ Jy moatte him ’ris tantsje oer Olfert.
_Master._ Ik scoe ’ris freegje, domenij, eft jy moarn de koalplanten
hawwe wolle?
_Gabe._ Binne ’r noch net nôch domenijs, dy koal forbouwe en forkeapje?
Moatt’je ’r ús domenij ek noch oan helpe, master?
_Domenij._ Hâld dy stil, Gabe: wy krije nou prefesters, dy de jonge
domenijs dat leare scille, as se ’t út hjar sels net koenen. Mar do ik
op ’e stúdzje gong, waerd de gnjirkerij noch net leard, en dêrom
scill’je wol wachtsje moatte, master, as myn wiif thús komt.
_Master._ Nou, domenij, den winskje ik jimme genacht.
_Domenij._ Né, né! In eagenblikje. To! Toalf minniste blêdden, wylst ik
selaed yt. Jy hawwe ommers neat to forstriken.
_Master._ Nou, for jins rekkening. Wy scille stroukje, en as ik de
tsjien geboden fen myn wiif yn ’e troanje krij, for jins rekkening.
(Master stoppet.)
_Domenij._ Wy hiene jimme Olfert by de holle. Hâldt dy ’m noch noatich?
_Master._ Sa matichjes. Hy hat in tsjoed kwael, dy noch folle slimmer
is as de treddeis tsjinst. Alle dokters en prefesters fen ’t lân kinn’
’m net weimasterje; hy hat evert op ’e rêch.
_Gabe._ My tinkt, dêr binne noch al middelkes for. Hwette trochgeande
salve op syn tiid is ’er bjustere skoan for, wolle de ljue wol sizze.
_Master._ Dat leauste! Mar foaral en bilieven mei de fûst ynsmard, en
as ’t slim komt, bollepystsmoar der boppe op. Mar hy wirdt nou sa âld,
det er de mint fen dat smarren kriget, en ik moat nou mar, tuike,
tuike, mei him oan.
_Domenij._ Jy wolle sizze, master, Olfert mient, det ús ierdkleat in
planeet is om der baei to smoken en yn ’t waer to sjen, mar net om to
adamjen.
_Master._ Op ’e kop, domenij; op ’e kop! En ik miende, det it in
planeet wier om er op to pocheljen en to smoken fen beiden; mar
binammen pochelje.
_Gabe._ Mar hien’ je den nin licht wirk for him master, dat him
sinnige, sa as hwet túntsje? Jy hawwe ommers in great hôf.
_Master._ Túntsje? Myn ljeave man, hy forflokt alle griente, dy ús
ljeavenhear oer ’e groun krûpe lit. As er him bûgt om de stambeantsjes
út it onk to redden, ef hwet bledkeselaed ôf to snijen, den stint er
eft er boarste scil. Lêsten heard’ ik him as in âld bear yn him sels
gromjen: “Dat goare gêrs.... ik fordom it sa wyt as sûpe! It is noch
nin goe’ kouwefretten...... det in jong keardel dêr syn soune lea op
brekke moat!”
_Domenij._ Mar kin hy net skriuwe? Skriuwe is tinkt my, goe’ loai-ljues
wirk.
_Master._ Skriuwe, domenij? Skriuwe? As in abbekaet, wo’k jo sizze. Mar
de deaker, loai is slim. As ik tsjin him siz: by jountiid fiif skriften
klear, den binne se klear, mar allegearre hoannepoaten; hwent ik haw
him nin tiid dien, seit er; en as ik him langer tiid doch, den skriuwt
er yn in hiele dei just in pljims foarskrift.
_Gabe._ In mâl séskip, dat op nin ien fen beide boegen sile wol.
_Master._ Ja, mar op it lêst ha ’k dochs hwette foun, dat him noaske.
My tochte, dat gewyn en gebombam fen in klok wier noch sok onbinlik
wirk for Olfert net. Ek wier er sa âld al, det ik him it setten fen ’e
klok der wol by tabitrouwe koe. Op ’e sinnewizer scoe er him net gek
studearje, en op it winen en lieden net lam arbeidzje. En, ja wol, man,
dat wier rekke; hy hie ’er aenstons krêft op. To njoggen ûre, to twa
ûre, to acht ûre lette Olfert, det de bynten wriggelen, en de kaën fen
’e toer fleagen. As ’t dien wier, hinge er mei syn grouwe hûd oan ’e
klokstouwen, en liet him op en del slingerje sa lang as de klok
neilette. Lêsten fleach er noch mei de plasse tsjin ’e balken oan, det
er yn ’e sûs delfoel, en for heal-dea thús kaem.
_Domenij._ Sa giet it mei dy fornimstige ljue: hja siikje allegearre de
hichte.
_Gabe._ Dat wier in stik bûter yn ’e brij. Mar wier it wol dûrjen?
_Master._ Fjouwer wiken hat it goe’ gien; mar do rekke er yn omslach
mei de skoalbern. Okkermoarns, do er fen it njoggenûrs let thús kaem,
hie er danich it mâl fel oan. Hy seach as in ûl, kin ’k jo sizze, en do
’k him frege, hwet him ritte, keilde er de klots tsjin ’e flier: Dat
wjirmske kloklieden! sei er. Dy syn faer en moer foarmoarde hat, is
noch to goe’....
_Olfert._ (Hy ropt oan ’e doar.) Omke, as je ynkomme wolle; de
pankoeken binn’ klear.
_Master._ Dêr is er; freegje ’t him nou sels. Hy is tsjinwirch sa flak
en njuet, det me him wol om ’e finger woelje ken.
_Domenij._ Olfert, kom yn! Omke hat daelk de piip út.
_Olfert._ Joun allegearre!
_Gabe._ Joun Olfert! Is dat sa, det jimme omke seit, detste sa ’n mier
oan ’t kloklieden haste? My tochte, dat mêd wier sa ’n dûbelliddich
keardel as dy oars net to mansk.
_Olfert._ It wirk pleage my net, skroarke.
_Gabe._ Hwet pleage dy den, heite? Binne der spoeken yn ’e toer? Haste
de liken sykjen heard, ef in bigangel sjoen? Binne de minske-skrinkels
út ’e bjintsjekou tsjin dy oandounse?
_Olfert._ Né, né, Gabe! De deade hawwe it my net dien, mar de libbene.
Ik woe det de toer mei de klokken en de hele santepetyk ombruide.
_Gabe._ Nou, dêr haste wol kans op; hwent de domenijs bidde wol for de
tsjerke, mar net for de toer.
_Domenij._ To, Olfert, forhelje dou it my ’ris, en hear mar net nei dy
praettsjemakker.
_Olfert._ Wel, domenij, foar trije wike hat de sinne mei dat dizenich
waer wol in dei ef fjouwer biskûl west, en do er wer troch ’e wolken
kipe, seach ik op ’e sinnewizer, det de klok krekt in healûre binefter
wier. Ik tochte, kom, koarte metten; ik naem myn trekken daelk ûnder
skoaltiid waer, en sette de klok twiske ienen en fjouweren in healûre
foarút. Dat wier in skoft fen treddel-ûre for de skoalbern en
timmerfeinten yn plaets fen trije.
_Gabe._ Sinnige hjar dat net, Olfert?
_Olfert._ O man, hja sprongen as hoklingen út ’e skoalle, en do se
hearden, det ik it dien hie, wier der nin skoander keardel yn ’t hiele
gea as Olfert. Mar foart dêrnei krigen wy wer trije dagen efter inoar
in bilommerde loft, en do it opklearre, wier de klok in healûre foarút.
Ik tochte, kom, feintkes, fen ’t selde lekken in pakje; en ik liet de
klok ûnder skoaltiid in healûre stilstean. Dat wier in skoft fen
fjirdel-ûre yn pleats fen trije for de skoalbern en timmerfeinten.
_Domenij._ Hwet sein’ se do, Olfert?
_Olfert._ Myn ljeave domenij, de jongens pjuwden my efternei, en
forsprieken my. “Olfert, rôpen se, loaije Olfert komt noait yn ’e
himel.” In hiel espel fen de alderûndogenste namen my yn ’e maling, det
ik sa mâl as in tûr yn ’e termen waerd. De joune, do ik acht ûre let
hie, stie der in swift fen in timmerfeint om ’e hoeke fen ’e toer, dy
my de glêzen fen ’e lantearne ynskopte; man! de kears út, en in slinger
om ’e earen ta, det ik om ’e mûtse sochte. In lyts bytke fierder hien’
se op it tsjerkhôf in stûrts-line staid; dêr trûzele ik hals-oerkop yn
’t grêf fen fine Lyske, dy ’t d’ oare deis opdragen wirde scoe.
_Gabe._ Olfert en fine Lyske! In skoander pear! It bêst wier, det ’er
nin skaei fen komme koe.
_Master._ Ja, mar der kaem in bûde fen oan ’e holle, sa great as in
hânplak. Net wier, Olfert?
_Olfert._ Sjuch, dêr kinne jy de groede noch sjen, domenij. Ik haw ’er
altiden noch hwette foetpok op.
_Domenij._ Mar hwet dieste do?
_Olfert._ Wel, ik waerd eang. Ik tochte, kom men moat de divel wol to
frjeon hâlde, det er yen nin kwea docht. Ik joech de klok eltse dei in
knikje fen in goe’ kertier yn skoaltiid foarút, en dat woun ik wer op
skofttiid út. Sa wiern’ se in kertier koarter oan ’e bân, en in kertier
langer frij. Man, hwet wier ’k do in spekkeaper by de skoalbern en de
timmerfeinten! Mar it briek my op as de houn it spek. Forline freed
mette ik fjouwer timmerbazen, dy my oanseagen as nitelige bollen. Sy
gongen om my hinne stean, krekt eft se my to liif woenen. Ien krolle
syn fûst op en douwde ’im my ûnder de noas, det ik tochte, dêr krij ’k
in maling. De oare sei: “Loebes! biste to loai om de kop yn ’e hichte
to stekken en nei de sinnewizer to sjen? Mienste det wy in hiel skoft
bitelje wolle, as der in heal arbeide wirdt?”
_Gabe._ Dat wier in trawaet, Olfert. Ik hie op ’e naed gien. Biste er
noch mei de hiele hûd ôfkomd?
_Olfert._ Efkes. Ik sloep as in lyts honke mei de stirt twiske de
skonken troch, bliid as in ingel, det ik der sûnder flikken ôfkaem. De
selde eftermiddeis liet ik de klok ûnder skoaltiid in lyts kertierke
stilstean. Do laken de bazen wol sa wyt; mar....
_Domenij._ Mar de skoalbern, en de timmerfeinten?
_Olfert._ Pûr gleon, domenij! Breinroer! Sy scoenen my wol roppe hawwe,
det er nin fear oanbleau. Nou bin ’k er sa skjin yn fortize, det it ein
der fen wei is. Ik kin de iene de mûle net stopje, ef de oare gappet
wer as de sé.
_Master._ Hark ’ris, Olfert. Doste sa’n foech jonge wierste, ha’k dy in
bulte bitsjut mei de bollepenis; nou woe ’k dy ek wol ’ris hwet leare
mei sêfte wirden. Ik scil dy in goe’ rie’ jaen.
_Olfert._ As it jo bleaft, omke.
_Master._ Set den de klok altyt nei de sinnewizer. Hâld dy by de wiere
tiid, en wyk der nin sekonde fen ôf. Hawwe de ljue noch hwet oer dy to
sizzen, paei hjar mei swiete praetkes, en as der hjir ef dêr al in
stúthaspel is, dy oer de klok gnoarret, de measte minsken scille goe’
mei dy op streek wêze.
_Gabe._ Hwet sizze jy der fen, domenij? Dat komt krekt op jins sizzen
del; doch dyn plicht en lit de ljue rabje.
_Domenij._ Op in hier, Gabe. Elts scil op syn wei skoalbern en
timmerbazen fine, en de iene scil him hjir hinne tôgje wolle, en de
oare dêrre. Aste dêr nei harkje wolste, den scilste as de hoanne op ’e
toer mei twa-en-tritich winen omdraeije, en noch scille de minsken hjar
moed net oer dy ha. De iene is lilts, aste de oare syn sin dochste.
Dêrom bitink dy earst goed; mar aste dy ienders ryp en goed bitocht
haste, folgje den dyn ein paed, en wyk dêr om rabjen ef priizgjen nin
striebreed fen ôf. Doch lyk as master seit; sjen nei de sinnewizer, dêr
it ljocht fen ’e himel de ûren oanwiist. Dat giet altyt grif.
_Gabe._ Ja, domenij, dat is in bêst ding for Olfert, dy de klok sette
moat; mar....
_Domenij._ Hat de selde, dy ’t de sinne gleon makke hat, syn ljocht ek
net yn it binnenste fen dy, fen alle minsken, skine litten? Ef is dyn
geweten hwette oars as it ljocht fen God, dat yn dy skynt?
_Gabe._ Dat is de suvere wierheit. Mar as ’t ús yn ’e kreamme to pas
komt, den lizze wy dat geweten sa nuver út. As it seit, krom, den
tsjoene wy it rjocht; as it seit onfrom, den draeije wy it mei in
slingerslach from, en sa gûchelje wy ús selme in rêd foar ’e eagen. It
ljocht is himelsk en godlik en grif; mar wy forbûge de sinnewizer, en
den wiist er net goe’; sims to let, sims to ier.
_Domenij._ Dêrom, Gabe, skynt dat ljocht twaris for ús; iendris yn ús
hert, en yn ’e skrift iendris. Om al dy miswizingen fen dyn geweten to
forhelpjen, hast’ it ljocht noch ’ris yn ’e bibel. Dêr skynt de sinne
fen ’e gerjochtichheit ûnforfalske. Sjoch dêrnei, aste dyn eigen
sinnewizer yn dy net bitrouwste, en dou scilste noait net yn ûre ef
tiid fen dyn plicht felearje.
_Gabe._ Mar de minsken, domenij!
_Domenij._ Nou, ja, de minsken! de minsken! Hwet scoe dat? Wy siikje
ommers de lof net fen minsken, mar fen God.
_Gabe._ Wier, domenij; allegearre wier. Mar wy sitte mei de minsken yn
’t skipke, en wy moatte der mei farre. Fen Gabeskroar ôf oan kening
Willem ta kin nin ien der bûten, en wy moatte mei it foltsen oanpiele,
sa as it is.
_Domenij._ Wolle se net om lyk, nou, lit se smaedzje en dwersbongelje:
hy dy de sinne skine lit, is dy ommers mear wirdich as alle minsken mei
eltsoar. Mar hwet scoene se sizze? Detste in gnap keardel biste, dy
rjocht troch sé giet. Sy scille it allegearre net sizze; mar de bêste,
oan hwaens lof dy allinne hwette fêst is. En leau my, Gabe, ien
middelke is der, dêr se hjar noch al troch liede litte: swiete praetkes
jaen, lyk as master seit.
_Gabe._ Ja, dy swiete praetkes lizze my dreech yn ’e mage. In minske is
sa net, ef hy wol de mûle wol ’ris spiele oer gekken en snaken.
_Master._ Dat moat ik ek sizze, Gabe en it is net onnoflik, as me oer
skis de galle ’ris kwyt rekket. Mar gekjeijen is fyn wirk. Elts ken ’t
lang net, en folle wolle it ek net fele. Uble fretter hat dy dat op
Wytmarsumer merke noch bitsjut, do ’t er dy in âld grou-bôle tsjin ’e
holle keilde.
_Domenij._ Gabe, harkje ’ris. Binne de minsken net in goedkeap ding,
aste hjar for in tik oan ’e hoed, in bliere troanje keapje kinste? O
man, den witste net hwet se yn dy oersjen, aste hjar swiete praetkes
jowste. Mar al dyn goeddwaen scil dy ek nin byt helpe, aste swart
sjuchste en de wierheit oeral mei bitsens seiste. As men de bern mei in
daelder koeke paeije kin, hwa wol den dat gegryn en getrún....
_De faem fen Master._ (Hja ropt foar doar.) Master, de pankoeken wirde
kâld.
_Master._ De donker, ja! de hiele pankoeken forgetten. Nacht domenij!
_Domenij._ Nacht, allegearre! Olfert, hâld dy by de wiere tiid.