DE HARKERS OP IT BOLSWERTER NUT.

De ljue, dy it Bolswerter Nut lêzen hiene, hawwe my wol ris moanne, om

hjar to sizzen, hwa dochs de oanhelle harkers wierne, dy Gabe dêr

mette. Howol it nou neat om ’e hakken hat, eft hja dat witte ef net, sa

sjen ik ’er dochs nin swierrichheid yn, om nijsgjirrige minsken in

plezierke to dwaen, en dat to earder, omdet fen ’t koerakter en dwaen

fen myn oanhelle frjeonen neat as inkel goed to sizzen falt.

Op de gearkomste fen it Bolswerter nut seach men klear as de dei, det

de âlde republikeinske gelykheit dêr noch lang net útstoarn wier. Ald

en jong, heech en leech, riken en boargers, ryp en grien, siet hjir

ûnder en troch eltsoar. De hear siet neist syn tunier, mefrou neist

_koopmanske_, hjar bûrwiif, de domenij neist syn koster, en de âldfaem

neist de jiffers yn de _dagen der optochte_. Dy him hjir op syn steat,

syn jild ef syn ampt hwette foarstean litte woe, scoe fen al de oaren

útlake wêze. Mei ién wird, men seach dudelik, det de Bolswerters noch

net alleheel útskaeid wierne fen dy greate kop, dy for de fierste

neikommelingen songen hat ûnder de spreuk: _Sljucht en rjucht as dy fen

Bolswert._

De measte fen jimme scille wol rekkenje, det it allegearre gelearde ef

foarname ljue west hawwe, dy it moarmeren kopstik for Gysbertomme yn ’e

Sint-Mertens-tsjerke oprjuchte hawwe. Och, né, minsken! dat wierne

meast dead-ienfâldige Bolswerter boargers, mar dy it hert dochs sa

heech tilden, det it kopstik út Bolswerter jild komme moast, ef hja

woenen fen nin monumint witte. Hwent it hiele lân troch mei de

biddelkoer to tôgjen om in moarmeren byld for hjar Gysbert to krijen,

lyk as oare folle rikere stêdden for hjar helden, kinstners ef

gelearden diene, dat wier dy ienfâldige Bolswerters fjirs-to skamsum en

to min. Jinnige heechachters fen Gysbert kamen ’ris by eltsoar,

praetten oer it monumint, en yn in amerij wier it jild klear. Hja

tochten en seinen as de âlde Friezen: “It is mei sizzen net to dwaen.”

Ik hab in mannich fen dat skaei yn de gearkomste fen it Nut oanhelle,

en dêr wol ik nou hwette fen sizze, om der jimme in lyts bigrypke fen

to jaen.

Dy flinke jongkeardel den, dy Gabe dêr seach, wier de nommele ***, dy

noch jongfeint as man fen ear tsjinne hie, en letter yn oare

bitrekkingen sa niver as nuttich wier. Opgeromd fen sin wier er

spraeksom en koartswilich, en howol fen treftich folk, yn de omgong

wakkere gemien mei heech en leech beide. Hy brocht yn sa’n stille

lânstêd rju libben en biskave nocht troch syn omgong. Fen it lytse

concert wier hy de siel en it libben; hwent hy dwepe mei muzyk. Ek hat

Gysbert for syn moarmeren kopstik in bulte to tankjen oan de hjitte

iver en foarspraek fen dizze myn stalke. Hy wier altiten drok, mar

noait net drokker as om forlegene minsken mei ried en died út ’e need

to helpen.

Dy minskefrjeon wier troud oan in edele dochter fen de hear en

mefrou***, dêr hja de prealkroane en de heechste skat op ierde fen

wier. Hja wier yn myn eagen de type en it teanbyld fen in echt Frysk

bistek fen in frou. Fiks út ’e kluten sketten, flink fen liif en lea,

blank as in leelje, kaem yen út hjar laitsjende blauwe eagen en heel

hjar tsjeppe en bliere troanje de kleare gollens to miette. Alles

oprjuchtens, alles frjeonskip, alles suvere natûr! En dy sierlike blom,

dêr ús Ljeaven-Hear neat oan forgetten hie, moast ier, fen in deadlike

wjirm stitsen, forkwine en stjerre; op it bêst fen hjar libben, de lust

en ljeafde fen elts-en-ien dy hjar kende, segene mei skatten en

oansjen, skoerde de dead hjar ûnder kritende binaudheden út de earmen

fen hjar forplettere man en âlders, ja, fen hjar ljeave bern, dêr se sa

minlike jern by bleaun hie. Né, dat stjerren forjit ik net as yn myn

eigen grêf.

Fierder dy âlde froedsman mei syn smelle troanje wier myn brave bûrman;

in hiel gnappe baes en in wize faed der by. Forstânnich, matich en

oprjucht yn al syn dwaen en litten, wier hy in man mei in gesoune kop,

en dêrby in fine opmerker, dy my de opkomste en foartgong fen it

patriotisme, dêr ik sels as jonge de lêste tonielen fen bywenne, op in

hier útlein hat. Hy hie der sels mei yn west en koe him net bigripe, ho

men sokke brike flinken as earnst mei bihertige hie. As men do, tinkt

my, oer folle pleatsen in net spand hie, hiene it krekt sa folle

gekkehuzen west. Ik woe se wizer hawn hawwe, froedsman! sei ik; ha jy

ek mei boarte? “Wel ja, sei froedsman, hwa boartte do net mei? De

wiiste, de wolmienendste, de bêste en stadichste ljue diene lustich

mei, kin ik jo sizze. It wier in jacht, dy krekt as de reahoun, de

mûzels ef de pokken húsriem omgong.” Nou dêr sizze jy hwet, froedsman,

sei ik, dêr is in bulte wier oan. Wy hawwe twaris in jachte fen hjitte

koartsen hawn; jy witte wol, iendris fen domperije, en noch ’ris ien

fen liberalisme. Dat kaem hird oan. De minsken dwylden krekt eft se pûr

gleon yn ’e kop wierne. Do tocht ik, nou moat ik der ek oan, mar mei

folle purgearjen en litten, mei festjen en it putskjen fen deis in

healamer iiskâld pompwetter, bin ik ’er gelokkich noch mei de hele hûd

ôfrekke. “Dêr binne jy nin drip better om, anderde my froedsman. As wy

beide op ’e merke steane, bin ik mear wirdich as jy. Ik bin as in kou,

dy de pest hawn hat en wer opbettere bin; en ik siz jo, ik haw sa ’n

leksom al hawn, det ik krij de kwael noait wer. Mar jy kinne de kwael

noch krije, omdet je ’m noch net hawn hawwe, en den moatte we noch

ôfwachtsje, hwet der fen jo to lânne komme scil. Hwent dat sizz’ ik jo,

ik haw it sjoen: yn dy polletike biroerten sitte de minsken ljeaver yn

klubs en societeiten as thús by hjar affearens. Dêr meitsje se eltsoar

de kop den warem; dêr dispetearje en politesearje se, det se skombekje,

fiifhûndert út; dêr drinke en klinke se ta heil fen it faderlân; ja dêr

sûpe sommigen as kreupels en komme mei in folle en biroaide kop en in

lege pong by wiif en bern thús. _Societeiten_ binne _soepesteiten_,

seinen de âlden do. Koartom, nimmen hat by al dat politesearjen spek

set as de tapkast fen de kroech- en kofjehûs-hâlders yn ’t lyts, en de

pong fen de foarname ljue yn ’t great, dy mei de gekheden fen ús

boargerminsken moai waer spylje. Alle minsken hjir to lânne miene, det

se dokterje en regearje kinne, de twa slimste dingen, dy der yn ’e

wrâld bisteane. De measte binne der noch keurmasters fen it geloof by.”

Nou, anderde ik, jy woene sizze, froedsman, det de minsken prate en

rjuchtsje oer dingen, dêr hja krekt sa folle bigryp oer hawwe as in aep

oer de pasleinkast. En is ’t net nuver, det de ljue, dy jamk to dom

binne om hjar eigen lytse boel rjucht to stjûren, krekt de alderwiiste

binne om de kening en it hele lân ’er by to regearjen? Ja, froedsman!

It is sa. It komt der krekt op del sa as dokter Styl fen Harns yn dy

tiid rjimme hat:

_Wat leest men wel het meest en met het minst verstand?

Ik zal ’t u zeggen, vriend! “Den bijbel en de krant.”_

Leau net, det it noch sa ris komme kin, lyk as forline jier de

wier-sizzer op Ljouwerter merke profetearre oan Keimpe polletyk, dy de

planeet fen ús lân by him loek: “Harkje, mannen! Hark!” sei de planeet:

“De eigenwysheit bringt ús lân yn it lijen. De twisten fen ús bline

foarâlden hawwe ús yn de hânnen fen de Jakobinen spile, en kin ’t

geharrewar fen even bline neisieten ús net bringe ûnder de swipe fen

mieren, dy mei earnseagen loere op dat gehaspel, om der in hân twiske

to krijen? Is it net to dwaen om jimme sparpôt, frjeonen? It stienâlde

sprekwird, seit it net, det de iene, as er dines nimt, in bileefde

bûging makket en seit: _S’il vous plait, Monsieur!_ wylst de oare dy

tagrouwt: _Dass wol ich haben, halunke!_ en aste ’t net mei in rep

jowste, dy mei in izeren latte noch op de hûd ta tichelt, det dy de

ribben kreakje? Harkje, mannen! Hark! Dy net hearre wol moat fiele.”

Profete-lak!

Dy lytse man, sa hwet swart fen opslach, wier de skrandere froedsman

***. Hy hie ús bêste histoarjeskriuwers, lyk as Hooft en Brand, sa faek

lêzen, det hy se hast fen bûten koe. En hwet him bilangryk for my

makke, wier syn wenst, om de útkomsten fen de âlde tiden op ús tiid en

regearring ta to pasjen. Romans dêr bimoeiden dy ljue hjar net mei: dy

lieten se oer oan de jiffers yn _de dagen der optochte_, en oan de

eigenwize soannen fen madam _Oberflächlich_.

Nou kom ik oan myn eigen oppernolke foargonger. For syn persoan wier er

bleek en fyn fen troanje, en sa hwette rimpen en skichtich yn syn wird

en menearen. Hy wier ien fen de bêste kristenen, dy ik op myn reis

troch dit libben mette, en ik hoopje him wer to sjen, om him noch ris

to tankjen for al it goede, dat er oan my dien hat. Hy hie rju

formogen, mar hy wier it ek wirdich; hwent as er in earlik en iverich,

mar forlegen ambachtsman by him kaem, dy liende er jild frij fen

rinten.

De stânfries wier myn trouhertige frjeon ***, string fen gemoet en

woldwaend mei de mylde hân. Yn de Franske tiden in segen fen ’e stêd,

wier hy steil en ûnforsetlik as hy de wierheit, it rjucht en de

wolfeart fen de miente, him fortroud, foar hie. In fêste stipe fen syn

folk, en altiten in foarstânner fen wittenskip, kinst en forljochte

godstsjinst, stoar er fredich, lyk as hy wiis libbe hie, nei it biromde

leksom:

_Laet d’ijv’raer in zijn waen, die uw geloof weerstreeft;

’t Geloof van hem is goed, die zijnen plicht beleeft.

Het menschdom moge in hoop, ’t moge in geloof verschillen,

Maer ware menschenmin moet elk betrachten willen._

Dy gesette man hienen wy ta dokter, dy by ús út en ynroan. Mei syn

roune folsleine troanje, readfallige wangen en blierskrandere eagen,

wier hy it byld fen de gesontheid, dy hy syn lijers werjaen moast. Ik

sjen him noch as ik siik to bêd laei, en hy moarns de girdinen mei ’n

flink _goeden morgen_ weistriek. It wier krekt eft de ingel fen heil út

de wolken delsaeide en foar my stie; ja, ’t gesicht fen dy man makke my

hast noch better as al syn puijers en drankjes mei eltsoar.—Foar det hy

to Bolswert kaem, hie er dokter west to Dockum, en dêr hat er hwet fen

ien fen myn folk heard, dat jimme witte moatte. Howol it rju smoarch

stiet om hjir fen myn folk to praten, sa moat ik dochs, om forstien to

wirden, sizze, det to Dockum it nêst stiet, dêr myn foarâlden yn hikke

en tein binne. Hege sprongen hat ús folk noait net makke en dat is

mûchlik de reden, det se de hals noch net britsen hawwe, mar as

boargerminsken trije ieuwen oan ien swietsjes wei, by it wâltsje lâns,

foartpandere binne. De earste, dêr ik fen wit, wier Douwe Halbetsz

(Halbetszoon) fen Dockum[3], dy oan de side fen prins Lodewyk fen

Nassau yn Grinslân fochten hat, en dêrom fen Alva by sentinsje fen 20

Maeije 1568 ta de galge forwezen is. De twade, dy ’k wit, hjitte Justus

Halbetsz dy yn 1674 Medicine-dokter to Dockum wier. Letter hawwe se oan

de namme fen de âldfaer _Halbetsz_, lyk as oan tûzen oare Fryske

nammen, de stirt—_ma_, (sa folle as _man_) hinge, om der in fan fen to

meitsjen, en _Halbets_ waerd _Halbetsma_. Sont it jier 1700 skreauwen

folle fen ús staek _Hatbetsma_ faek mei in R. _Halbertsma_; sa diene ek

ús pake en heit, en HALBERTSMA waerd de fêste fan fen ús, hjar soannen

en neikommelingen. Yn it lêst fen de foarige ieu, libbe der noch in

neisiet fen Justus Halbetsz to Dockum, dy ek al medicine-dokter wier,

en sa folle ik wit, regearjend boargemaster fen de stêd der by. Nou,

fen dy Th. Halbetsma hat dokter my de folgjende set forteld.

De skroarren brochten do hjar wirk oan de klanten sels thús; wier it in

rôk, kammesoal ef jas, dy sloegen se oer ’e earm, en sa gongen se oer

’e strjitte nei de klant ta. Allyk wier it wisansje, det de dokters by

de bigraffenis it lyk folgen fen de patient, dy ûnder hjar hannen

bleaun wier. De dokter gong den ek mei de roumantel oer de earmen nei

it stjerhús ta. Sa kaem it by tafal to barren, det wylst Dr. Halbetsma

mei de roumantel oer ’e earm nei de bigraffenis fen in patient gong,

syn skroar him to miette kaem mei in nije jas oer ’e earm for ien fen

syn klanten. Yn it foarbygean sei dokter, _Goeden morgen, baes!_ hwerop

syn skroar anderde: _Goeye morgen, dokter! Bringt dokter syn werk

thuus?_

De takke fen dizze man is mei syn soan Mr. Cornelis Halbetsma, dêr ik

de âlde frjeonskip noch mei oanhâldde, to Leiden útstoarn. By syn wiif

jiff. Jonckheere hie er nin bern.

Us dokter hâldde net folle fen konsulten. Dokters, sei er folle, binne

eargjirrige en jaloerske wezens, dy yn de praktyk net licht bikenne,

det se missjoen habbe. As der nou twa oer ién patient geane en de iene

sjucht de kwael oars yn as de oare, den kriget jamk nin ien fen beiden

syn sin. Hja lizze it op in akkoart mei eltsoar, en sa wirdt ’er in

drankje by eltsoar klitst, dat twa wegen útgiet; dat is to sizzen, nin

ien wei yn ’t geheel, en dos de patient bliuwe lit sa as hy is. Eft dat

nou wier is ef net, lit ik oan de konsjinsje en de ûnderfining fen de

hearen fen de kinst oer; mar dokter *** sei altiten, as hy fen in

konsult thús kaem: _Vele honden is der hazen dood._

En nou kom ik oan twa fen myn âldste en bêste frjeonen, dy howol-’t se

net op it Nut kamen, my to folle goed dien hawwe, om hjar hjir yn it

forjittelboek to litten; it wier it nommel pear, mynhear *** en mefrou,

syn wiif. Dy hear wier in echte Fries, en in tige man fen de âlde styl.

Hy hie rju termen yn ’e holle; en dy sa geef, sa edel as goud. “Nin

franjes fen holle wirden en kompleminten; dwaen is in ding, sei er.

Hâld oarder yn dyn dingen detste krekt witste, op hwet gat dou sitste.

Jow foaral en bilieven nin jild út, datste noch net yn ’e bûse haste.

Effecten binne defecten, sei er. As de kroande hearen mei de noarder

sinne weigeane, den kin ik se net, as myn krediteuren ûnder de

boargers, foar ’t rjucht daegje. Dêrom, ik wenje net op it pompieren

souderke; mar ik haw dochs effect, om my mei de blêdden tideliks to

formeitsjen, en wirdt dêr de pin troch stritsen, ek goed; ik bliuw

dochs sitten op de fêste groun fen myn Fryske greide.” Hy wier in

kindich en binlik lâneigener, dy alle boerestrûpers yn syn siel

forachtte. “Dy de boeren strûpe, sei er, “strûpe hjar eigen lân earst.”

Fen grize Fryske sprekwirden, b.f. “Astou it lân net biskytste, biskyt

it lân dy,”[4] wier er net fiis. Mei ien wird, dy earlike Fries sei it,

sa as de wrâld woechsen wier. “Rjucht troch sé, en net omsjen! Doch sa

folle goed aste kinste, en lit it den op in generael pardon oankomme!”

Mefrou, altiten by honk, wier in wirdich, gastfrij en wakker foldedich

minske. In goeddwaende ingel for earme widdouwen, libbe hja boppe dat

for hjar folk en frjeonen, om dy genoegen to dwaen. As se dy oan hjar

hearlike tafel krige, wier hjar greatste nocht, as se de fine

gerjuchten, dy se opdiste, braef nuttigje woenen; sels preauke se der

mar efkes oan. Under de gasten roun inkel wol ’ris ien, dy obligaet op

de mondharpe spile, ef om it plomp-wei to sizzen, dy allinne in greate

klaei-hazze mei ham en gram en de nedige omballingen ophimmele, sûnder

det de man der oars ef oars fen waerd. Sa ’n man scoene se dêr yn ’e

hichte stekke, krekt eft hy hjar út lêst en ellinde holpen, en in

monster forslein hie. Op inkelde hege feesten, dêr freugde pas joech,

hie mefrou hjar moed net, ear det it lêste kromke fen hjar fynste

gerjuchten orbere wier, en dy mei sa folle drippen fen hjar fine winen

bigetten, det de gasten sjongende fen tafel opstienen. Dy den net song,

bitelle syn gelach net. “It liet, seinen de âlde deftige Romeinen, is

de saus fen it gastmiel.”—Koartom, dizze gasthear en gastfrou wierne

greaten fen it âlde jestael; hja lienden nin diners, lyk as de greaten

fen letter tiid; hja joegen diners, sûnder der oait ef oait in griselke

for wer to nimmen. “Jimme moatte ús ris wer forsiikje; jimme moatte

jimme skea i’s wer “ynhelje”, sizze de iters as se weigeane, en rosje

hjar hûd oan ’e stile fen ’e keamersdoar; mar dêr woe dit nobele pear

minsken neat fen witte.—Dit inkele eksimpel, soks wit ik, biwiist neat,

en howol ik der in bulte oare ta bifêsting bydwaen koe, sa haw ik dat

hjir allinne oanstippe, om myn, op in ûnderfining fen fyftich jier

rêstende, oertúging kenber to meitsjen, det fen alle naetsionale

deugden, dy ús âlden noch by it bigjin fen dizze ieu egen wiernen, nin

ien, ûnder Hollânners en Friezen beide, mear efterút gien is as de

gastfrijheit, dy yn alle tiden fen ’e wrâld hâlden is for it onfeilbare

teiken fen in edelen aert.

Do ’k oer ’t jild preke hie, sei mynhear tsjin my, det it goed foldien

hie, en ’t moeide him, det er my net heard hie. “_Mar dou weetste wel_,

liet hy er op folgje, _Dou weetste wel, dat ik niet op ’t Nut komme

ken._” Nou, dat wiste ik do net, en ik woe ’t him ek net freegje,

hwerom net? Mar jierren dêrnei kaem in âlde gelearde en trouhertige

frjeon fen de Saen by my to út-fen-hûzjen, en dy joech my in bytsje

ljocht, troch det syn heit, dy him it ding faek útlein hie, en de brave

oprjuchters fen it Nut, kennissen wierne. Hjar lieder wier in

wolmienend en sedich, mar ek kindich en forljochte man. Trou oan syn

geloof miende hy, det mei dommens nin klear bigryp fen de plichten fen

kristen en boarger to pearjen wier; hy lei him dêrom mei liif en siel

ta, om it ûnderwys op de berneskoallen to forbetterjen, en nuttige

kundichheden, dêr de gemiene man nea fen heard hie, troch bigryplike

skoalboekjes oeral to forsprieden. De forljochte ljue fen syn tiid yn

dy oarde wierne soks meast mei him iens, en rjuchtten yn 1784 mei’noar

dat selskip _Tot nut van ’t algemeen_ op, dêr neijerhân alle

departeminten mei tûzenen fen lidden oer ’t hiele lân út groeid binne.

Mar yn de byienkomsten fen dat selskip waerd, bûten de

folksforljochting, yn ’t bigjin ek noch hwette oars bitiksele, sei myn

stalke, en dat wier in angeltsje, dat de prinseljue, nei syn sizzen,

danich stiek.

It wier do de ongelokkige tiid, det de natie, om sa to sprekken, yn twa

fyandige legers fordeeld wier; to witten, yn oranje-ljue en patriotten,

dy eltsoar it ljocht yn ’e eagen net ginden. De patriotten woenen

foroaring fen regearringe, dy de princeljue wegeren. It hôf bigong yn

1787 de deadlike misslach, det it in leger fen Prusiske soldaten yn it

lân rôp om hjar to helpen, en sa dwaende de patriotten ’t rokleaze

eksimpel joech, om yn 1795 op hjar bar de Franske soldaten yn to heljen

ta hjar ûndersteuning, en sa is ús lân do njunkenlytsen in Franske

provinsje wirden. Yn dy tiid nou, foaral nei 1787, spile de regearring,

mei frjemde bajonetten efter de rêch, hjitkoppich de baes. De

patriotten waerden forfolge, ek tsjin it sin fen de bêste princeljue;

de foarnamen út alle ampten staet, de minderen tobek set; alle

byienkomsten, dêr patriotten sieten to biriedslagjen, as nêsten fen

Jan-rap en oproer út eltsoar jage; en sa kaem it, det de patriotten de

forgaderingen fen it Nut yn it bigjin as in frijsprekkerij misbrûkten,

dêr se feilich oer de regearring sizze koenen, hwet hjar foar de mûle

kaem. Nou is ’t net fier to siikjen, tinkt my, hwerom de princeljue it

Nut skouderen as in club fen lânpesten, en de patriotten der in

skûlpleats yn sochten, om ’er feilich alles yn to sizzen hwet hja

woenen.

Ta de princeljue hearde de âlde aristokratie en it hôf; de soldaterij

mei hjar kommedanten; de ampteners, dy fen it lân iten en klean krigen;

alle ljue fen de steile Reformearde tsjerke; hwent orthodox en oranje

wier do hast ién wird. Ta de patriotten hearden folle meagere

beunhazzen en gelearden, dy by de foroaring macht, jild en ear sochten,

en op de greaten, dy de fette posten ynhienen, skolden as stjonkende

aristokraten; ek de ljue út ’e deftige boargerstân, dy op de namme fen

forljochte en liberale minsken oanspraek makken, meast braef en

wolmienend, mar min trochsichtich folk, dy op ’t ein troch breinroere

Jakobinen oer ’e kop mend binne; folle skroarren, skoenmakkers,

herbergiers, dy de els, de nidle ef de tapkast mei it kjessen op it

stedshûs omroalje woenen. Der wier boppedat in ape-natûr yn in partij,

om al de kattesprongen en babbelgûchjes fen frjemde naesjes, binammen

fen de Fransjes, nei to dwaen, howol dat hjar ôfgong as in baerch it

safraen-fretten. Nou wier it omtrint yn ’e tiden, det de Franske

revolutie, en in bytsje earder, de Amerikaenske frijheits-oarloch oan

’e gong wier, en dy twa omkearingen makken de hjitste koppen hjir sa

oerstjur, det der foroaring komme moast, al scoe de ûnderste stien

boppe. It like wol, det de Jacobinen it yn hjar eigen lân, fol fen

jild, handel en in fleurige skipfeart, net mei de hele hûd hirdzje

koenen. As ondogenske jonges, dy de breakrommels stieken, wier nin rêst

yn hjar bonken, foar det ’er in frjemd man kaem, dy hjar mei de

bollepyst op ’e breadronkene hûd tichele, det hjar de bonken

kreakene.—By folle oranjeljue siet de godstsjinst mei yn ’t spil; de

godstsjinst, siz ik, dy yn pleats fen ljeafde en iendracht to

stichtsjen, lyk as hjar roppinge is, de geast forninicht en de fonken

fen partijgeast ta in helsk fjûr oanbliest. Dêr is noch it sizzen fen

dinne komd: “Meitsje him de kop net Oranje, ef hy slacht dy heal-dea!”

De Roomsken wierne meast patriotten en dat wier natúr-eigen. Hwent hja

wierne sletten bûten alle ampten en bitsjinningen; de Reformearden, as

biliders fen de religie fen steat, wierne dêrta allinne birjuchtige, en

troch de foroaring, dy de patriotten yn it each hienen, koe dat hatelik

privilegie allinne to neate gean, en alle godstsjinsten it selde rjucht

op ’e lusten fen it lân krije, lyk as hja der de lêsten fen hienen. Mar

op de gearkomsten fen it Nut, dêr de greate saek fen it folksûnderwys

bûten hjar tsjerke om rigele en foartsterke waerd, bleauwen de Roomsken

folle wei.

Hwet de Minnisten oangiet, lang wierne hja de _stillen in den lande_,

dy hjar net om polletyk bikroanen: dy ’t lân hie hie hjar ek, en as se

’t to krap krigene, forfarden se nei in oar lân ef provinsje ta. Net

_Pietje foaroan boartsje_! Net regearje! Net stjûre as hjar eigen

affearens! Sa wierne se yn stilte formogende ljue wirden; de ryksten

ûnder hjar folle formogender as de earste ampteners fen ’t lân, dy, ho

heger hjar traktemint wier, ek des to heger steat fiere moasten, en de

wierheit fen ’t Fryske sprekwird biwiisden: _In swan hat syn fearren

krekt sa goed nedich as in mosk._ Myn heech-foreare frjeon, de

goeverneur Jhr. Æbinga fen Humalda, hat my wol ris forhelle, ho de

greate lâneigners út de Fryske aristocratie, foar de stimmingen by rike

Minnisten kamen om jild to lienen. Yn hjar ôfsondering hienen se

altiten jild en tiid, middels en lust hawn om hjar op nije útfiningen

en fabriken út to lizzen; om hjar kennis yn hege rekkenkinst en

stjerrekinde, yn natûrwitenskip, en foaral yn histoarje en steatkinde,

to oefenjen. Hja kamen op de hichte fen hjar tiid, en bigounen hjar to

forienigjen mei de tiid, dêr se yn libbene. De âlde ienfâldigens yn

kledaesje, dêr men de Minnisten as in montearring oan koe, bigoun

pleats to jaen for in pak, sa as de tiid sei. Mei de kledaesje foroare

ek hjar libben binnen en bûten hûs. Hja kamen swietsjeswei yn de

selskippen fen oare gesinten, en sommige iisbrekkers ûnder hjar weagen

’t yn iepenbiere gearkomsten to forskinen, dêr se it wird fierden. Om

koart to gean, tofoaren wieren de Minnisten yn ’e wrâld, en nou kaem de

wrâld yn ’e Minnisten. Scoe ’t nin merakel west hawwe, det de

frijheits- en gelykheitsswimel, dy Noard-Amerika, hiel Frankryk en sa

folle hûndert-tûzenen yn Nederlân bifongen hie, sokke hollen alheel

frij litten hie? De Minnisten wierne folle patriotten om gelike

rjuchten for alle boargers to bitingjen, en sa waerden hja ek de

foarnaemste oprjuchters en útbreiders fen it Nut, om ljocht en

boargersin ûnder dy evenboargers to stichtsjen, dy mei de hânnen hjar

brea fortsjinje moasten. Hjar eachmerk en dwaen yn dat alles wier siker

net kwea, mar eft se der sels side by spoun habbe, dat is in oare

fraech.

Nou gisje ik for it neist, hwerom it earlike oranje-bloed fen 1795 net

op it Nut komme koe. In prinseman fen âlder ta âlder hie de haet tsjin

de patriotten en hjar klubben mei de tate ynsûgd. Dy earste bistimming

fen it Nut, dy hy him foarstelde as in smokkelgat for patriotske

slûkers, siet him noch yn it krop, en howol dat alles nou forjitten en

forjown wier, en de man bêst wiste, det der neat as in ûnskildige

útspanning fen oerbleaun wier, sa miende in stege Fries dochs, det hy

de skyn fen in omflapte oranje-man op him lade scoe, as hy de

gearkomsten fen it Nut mei syn bywêzen foreare.

De Preker.

Rimen en Teltsjes · 第 49 / 279 题