Wel, boer, ’t is eft ’t hjir frijers reint.
Is dat hjir ek in spil?
Ik bliuw net langer jins âldfeint,
As dat sa langer scil.
Do Fyke yet in famke wier,
En yn ’e widze kriet,
Do wist me yet al gau ’ris rie,
En hwer de pleage siet.
Den loek ik oan it widzetou,
Ef roan ’t ús oer ’e fûst,
Den joegen wy hjar oan ’e frou,
Den dronk hja det se pûstt’.
En waerd hja yn ’e kakstoel boas,
En hie hja hwet gegryn,
Den ram’le ik mei de brilledoas
Mei trije duiten d’r yn.
Hwet ha we wol in wille hawn!
’t Wier altyd Janoms pop.
Hja sjag’le mei my troch it lân,
En socht de blomkes op.
Hja trog’le my de duiten ôf
For swiete snobberij;
Ik tom’le mei hjar yn it hôf,
En waerd in bern as sy.
Mar nou, nou hat s’ in oare pleach:
De deale wit er fen!
Fê! sa’n gefljoch en sa’n gereach,
En dat fen oarljú’s bern.
’t Is eft w’ in slimme sike ha,
Sa wirdt me hjir oerroun;
De masters komme ’er hird op ta.
Och, wier hja mar wer soun!
Den komt ’er wer in gielbird oan,
Dy just is út de dop.
Den lange Jelke, ús bûrmans soan,
Dy mei syn poepekop.
Den komt ’er ien troch rein en wyn,
It wetter dript him nei;
Den seit de fryster: “Skik mar yn;
D’ âldfeint kin dêr wol wei.”
Dêr sit er den, en dampt en smookt,
Krekt as in grytmans soan,
Wylst Fyke tige prikken stookt,
En ik sit efteroan.
Den jowt se him hwet brandewyn:
Hwet laket se den wyt!
Den is ’t: Skink Janom ek ’ris yn!”
En oars krij ’k nea nin skyt.
Den stekt se him de fûst ’ris ta;
Den knypt se him yn ’t ear;
Den smyt se him myn prûk ’ris ta.
Fê, hwet in mâl gebear.
“Kom, Janom, jaen myn guds hwet foer;
Sa skikt er my den wei.
Ik bin ’er as de wever oer
Alear op ’e lânsdei.
Soms komme ’er trije op ien joun:
Den stroukje, hest’ sa net!
Twa ite hjar de bûk den roun,
De tredde krijt de pret.
Twa slûpe ’er út, en helje mear,
En komme let werom.
Den strúnje, en snuve om hûs en hear,
Troch skûrre en hôf rounom.
Den dekke se ús de skoarstien ta,
Den komme se ’er ta yn:
Al hwet wy bûten doarren ha,
’t Is earsling hwet ik fyn.
Den stiet de haiwein op it hûs,
De bolle oan ’e klink.
Den skreppe en skoerre by de rûs,
En de oare deis to sink.
En gnoarje ik ’ris oer dat spil,
Den seit dat famke yet:
“Och, Janom, hâld je dochs mar stil,
De âlde dei forjit.”
Né, boer! as dat sa langer kin,
Ik kin sa langer net;
Ik tankje jo en ’t húsgesin!
Myn hearring bret hjir net.