In grytman libbe op syn stins
As d’ earste fen it lân;
Hy hie dêr alles nei syn winsk,
En alles yn syn hân.
Hy iet al hwet syn mûle mocht,
Siet ivich oan ’e fles,
En dochs hy krige gau syn nocht,
En waerd dat libben wers.
Soms reage er troch it hele slot
En flokte op ’e fammen.
Den wier ’t, _verd.... kale rot_!
Al tsjinnen s’ him as lammen.
Sa’n mâlle boi wier wer ’ris oer,
Mynhear woe út to jeijen;
Hy socht Diana en syn roer,
Om wyld en tiid to deijen.
’t Hie reind, it bosk wier him to wiet;
Nou teach er nei de heide,
Dêr Oedsom by syn skjipkes siet,
En fredich pypke en breide.
Hy rink’le mei de hân yn ’t jild
En Oeds sei: “Goeden dei!”
“Sa, Oedsom, sa allinne yn ’t fjild?
Hwet jowt dat wol sa’n dei?”
“O Jonker, neat as kost en klean
Fortsjinje ik dei op dei:
Dat is jier út, jier yn, myn lean.
Ik lizz’ myn botsen wei.”
“Dat is in bytke!” sei mynhear;
“Dat is nin billik lean.”
Mar Oedsom sei: “Ha jy den mear?”
Dêr koe mynhear mei gean.
_Nei it Dútsk._
E. H.