IT MARKE.

It wier op in simmerjoun;

It sinke stoe op ’e groun

Wol heal yn ’e dauwe wei,

Krekt as it yn ’t wetter laei.

Sêftkes en stil wier de wrâld,

It wetter laei sûnder fâld,

En ’t goud’ne sinnefjûr,

Spraette syn gleonens ’er oer. (_bis_)

Men hearde nin flinter ef mich

Sa flodderjen oan ’e ich,

Ef gonzeljen oer ’e poel,

En ek nin bernegejoel.

Smûk mei de kop yn ’e plom

Driuwkelen de einkes rounom,

Yn ’t lizich-blêddige gnod

Yet syljende yn ’e dod. (_bis_)

Djip yn ’e ladene tsjalk

Song skûtefaer as in alk

In sang fen d’âlde tiid,

En wier mei ’t wyfke sa bliid.

En ’t wyfke spoun en striik,

En digere troch ’e riik

Troch it heal opskoude lûk,

En wier by hjar hirdke sa kloek (_bis_)

En Hearkeman om hwette bút

Skouwt mei de peasjou ’er út.

Sakeman fisket op iel,

En skouwt, det er stint, nei it wiel,

En keilt der syn dôperkes yn,

En jowt se oan waer en wyn;

O, roun ’er in ielke oan!

Hwet joech it in rike moarn. (_bis_)

En ik mei in wiffe sin

Roike myn swiet ingelin

Flink oan ’e oare marswâl,

En wier mei it famke sa mâl.

Hwet songen, hwet boartten wy!

Hwet wier it ús rom en frij!

O wille! O noflike tiid!

Hwet tins ik oan dy wer bliid. (_bis_)

Soms dreauke it sa sêftkes wei,

De riemen sleau efternei:

Den fette ik hjar ljordichkes om,

En neamde hjar hunichblom.

Den lake hja wyt en blier,

As it maiblomke op ’e wier

Tsjin ’t ljeave rea’ sinke oan

Yn de iere foarjiersmoarn. (_bis_)

O ljeaflike stille mar!

Hwet lake en gobbe ik mei hjar!

En hwerom brochtste sa fier

Us lûd gegou en getier?

Ei! hwerom wierste sa froed?

Ei! hwerom tilste ús lûd,

Al pipen we ek as in mûs,

Sa hearrich oer fjild en hûs? (_bis_)

O joun! o ljeaflike dei!

Hwet tink ik dy efternei.

En hwerom fleachste sa swiid,

Dou goudene griene tiid?

Dou himelske simmerjoun,

Hwet wierste my rêd forroun!

O, kaemste! Ei! mylde, kom!

Ei! kom my faker werom. (_bis_)

Rimen en Teltsjes · 第 33 / 279 题