Myn famke kipet gol en blier
Ut hjar twa blauwe eagen.
Hja is sa mûtel, glêd en tier;
In flodder draegt se nei de swier,
In kyps mei syd’ne beagen. (_bis_)
En om ’e sêfte hals in string
Fen moaije reade kralen:
Dêr foare yn in gouden ding,
It flikkert as in stjerrekring,
Mei stienkes gleon fen stralen. (_bis_)
Mar boppe pearel ef robyn
Blinkt yet hjar spitsich kinke:
In dobke stiet ’er midden yn.
Hjar wankjes binne waerm en fyn
As ’t iere foarjiers-sinke. (_bis_)
En fen dy ljeave kralestring,
Dêr wynt in slinke hinne;
Mar hwer dy slinke hinne wynt,
En hwet dêr efter ’t jakje tynt,
Dat wit hja mar allinne. (_bis_)
Hjar tútke—o, sa weak, sa hyt!
Dat wit ik mar allinne.
In rig’le tosken, geef as kryt,
Biseamd mei lipkes read en wyt
Eft ’t Berlts’mer kêrsen binne. (_bis_)
En yet by al dy snipperheit
Fen klean en ien en oare,
Sa hat s’ in fromme, froede sin;
De kreazens fen in wjitten hin,
De blierens fen Aurore. (_bis_)
Mar hwet yet swieter is as swiet,
Dat kin nin bloarre priuwe.
Hwent is hja tsjep en smûk en moai,
En hat hjar kantens mjitt’ noch roai,
Hja wol it sels net leauwe. (_bis_)
_Nei it Dútsk._
E. H.