DE FûGEL FEN BEARN-POEP.
Bearn-poep waerd njunken-lytsen in dei âlder en it swierste wirk wier
him ontkomd: it meanen binammen wier in wirk, dat him op it lêst
dregernôch waerd. Ek dat jierlikske kuijerpaedtsje werom, bigoun him
lêstich to fallen. Dêrom bistege er him for hearefeint by in Drint mei
in greate parade en in lyts garnisoen; hwent yn pleats fen him efter de
tafel oan ’e mieltiid tsjinje to litten ef op de bok fen ’e koets to
setten, lieten se him dong kroadzje, ef setten him by de jachtige
fammen yn ’e koken oan it wirk. Sa smiet den de kokenfaem him ris in
ezel (kenyn) ta en sei: “Dêr, Bearn, dêr hastou in einfûgel; ropje my
dy ’ris.” Bearn helle it beest de hierren getrou by plôken út de hûd,
en hie nin oare oanmerking as det er op it lêst sei: “De fûgels hjir to
lânne binne heel oars fen skik as yn Dútsklân; ik kin my op de wide
wrâld net bigripe ho de bisten mei sokke koarte fearkes fleane kinne.”