Der wier ris in jonge bear, dy in wyld hier yn ’e nekke hie en in
danigen niget krige om to reisgjen. Hy woe op ienen sa mar de wide
wrâld yn. Syn moer, dy in bulte noed fen him stie, hie der in bulte op
tsjin, hwent hy kaem as in lompe klompe, krekt eft er út de dyk dold
wier, to wrâld, en dêr it earm sloof him wol in jier bislabbe hie om
der hwet fatsoen yn to krijen, gyng it hjar as alle oare moers, det se
it measte hâldde fen it bern, dêr hja it measte mei útstien hie. It
minske wier ôfgryslike bang, det hjar soantsje noch fen honger en kjeld
omkomme scoe. Mar de heit seach der nin swierichheit yn: “Us Olfert,”
sei er, hwent sa hjitte de jonge bear, “Us Olfert hat goede lea, en
hwet er yn syn kloeren kriget, dat is happa; dat triuwt er ek stiendea.
En in buffelske jas hoeve wy him net mei to jaen: hwent hy hat in hûd
sa tsjok as in iken bast, en dy is mei sok ticht lang hier biwoechsen,
det er yn rein en wyn, ja bidobbe ûnder de snie, in knipperke nimt en
sliept as in roas. En bûten dat reisgjen makket in minske.” Sa gong den
ús Olfert ûnder it skriemen fen syn mem en it fûstkjen fen syn âlde
faer en broerren de wide wrâld yn.
Hy reisge fen heidefjild ta heidefjild, fen bosk ta bosk, fen doarp ta
doarp, fen lân ta lân, en seach tûzen dingen, dêr er noch nea fen
dreamd hie. Hy waerd al gau greatsk op syn ûnderfininge en sei faek yn
him selme: “Us folk, hwet binne dat onnoazele minsken; sa dom as it
efterein fen in kou! Mar sa giet it as men ivich by syn moers brijpôt
bliuwt. Den wit men net fen toeten ef bliezen. Myn broerren en sisters
miene al, det hjar hoale in paleis is, mar den moasten se sa’n tsjerke
en toer ris sjên! Jonge, jonge, hwet scille ús folk nuvere eagen
opskoerre as ik hjar dat alles ris forhelje, hwet ik sa al sjoen hab.”
Nou, ho fier de jonge bear it yn de kinde fen de wrâld brocht hie, dat
bliek ek al gau by ’t folgjende foarfal.
Hy kaem by in boerehiem, dêr in team fen njuggen wjittene hinnen mei in
reabûnte hoanne om in holpanne stienen to drinken, en by eltse swolch,
dy hja dienen, de kop yn ’e hichte stieken. Dat bigriep Olfert de bear
net, en hy frege oan in kreaze hin út ’e keppel, hwet dat kopopstekken
to bitsjutten hie. “Dat is ús gebet,” sei de hin. “Jimme gebet?” andere
de bear, en mei ien bigoun er út to boarsten yn laitsjen. “Jimme gebet?
Nou is ’t briker as bryk!” en dêrmei de bear al wer oan it geijen, en
hy waerd op it ein sa slop fen laitsjen det hy mei de grouwe bealch al
sketterrende oer de wjuk truzele. De hoanne, dy dit seach, wier in
great hear; hy hie lange wite blibben, dy him om de kiel bingelen; in
brede bloedreade kaem, dy him as in lape op ien ear by de kop del
hinge, en den hie er noch lange flonkerjende stirt-fearren, dy him
ûnder it gean bôgjende op en del gongen; mar hy wier der edelmoedich by
en koe de smaed, syn godstsjinst en syn wyfkes oandien, net kropje. Mei
in pear deftige stappen kaem er op de bear ta, en sei him: “Frjemdling!
It is fen âlder ta âlder in godstsjintich gebrûk ûnder ús folk, det wy
by eltse swolch de holle yn ’e loft opstekke, om him, dy boppe de
wolken wennet en ús it wetter tareint, to tankjen; hwent sûnder dizze
goedheit fen him moasten wy earme fûgels fortoarstje. Oer dat gebrûk
mei immen tinke hwet hy wol, mar hy mei der net mei spotte. Allinne in
bear kin der om laitsje.”
De hinnen binne de minsken, dy oare ceremoanjes yn ’e tsjerke hawwe as
wy en de bear binne sy ûnder ús, dy der om laitsje.