Dû meist hjir neat fen tsjin hjar sizze, hear Frâns. Dat moatst my
ûnthjitte.
FRÂNSKE.
Och né, wrychtsjes net. Selsum, sa min as jim frouljue altyd bigripe.
Jim binne sa swier, sa aeklike swier. Dat neame jim den heech, wier?
Jim wolle fleane, heech jim wjukken útslaen, fier fen de minsken ôf, o
sa forheven en keninklik en dêrfor bine jim balstiennen oan jim wjukken
fêst. Sels-pleager.