Se libbet for oars neat as hjar wirk. En ... tsjintwirdich komt se hjir
wol net mear safolle, mar by ’t simmer, do wier it altyd sa moai
twisken ús, en as ik do frege hie om mear, den wit ik fêst, den hie
alles dien west. Dat doarst ik net oan. Se stjûrt eltsenien wei, dy’t
twiske hjar wirk en hjar yn stean giet.
FRÂNSKE.
(_hwet geklik_). Ate, Ate, hwet biste dochs heislike dom. Men scoe der
yens bisleur fen forlieze. Is dat nou nedich, stean to gean twiske hjar
wirk en hjar yn? Dû kinst dochs nêst hjar stean? Tochtstû dat hja al
hjar wird den _allinne_ dwaen wol? Moatst ris goed, tige goed op
neitinke. Ik leau, dat ik Janne fornim, ik lit dy nou mar wer oer oan
dysels. Miskien komt der joun noch wol oare âldjiers-bisite....