ATE.

(_bitter_). It greatste noch. Dû hearst it.

FRÂNSKE.

Lokkich.

HORA.

Hwerom neame jy dat lokkich?

FRÂNSKE.

Omdat ... wy hawwe altyd kammeraten west ... en as er nou wier sa as

jy, den scoe er sa heech boppe my stean, den wier der net folle plak

mear for my ... en nou, nou kinne wy kammeraten bliuwe yn it learen....

HORA.

Mar ik wit, dat hy ek dit mei my iens wirde scil. O, ik haw it sa

field, do’t ik hjir de earste middeis rounkuijere yn dit efterôf

doarpke, sa lyts, sa forgetten. Elts gyng syn deistich paedtsje lâns

fen eigen soarch en eigen striid, de âlde ienselvige rounte fen berne

wirden en libjen en stjerren, en elts wier it oan to sjen dat him hwet

ûntbriek, it bitrouwen, de ljeafde, alles. It wachtsjen wier op ien

dy’t it iepenbierje scoe, hwet se tochten, hjar langst jaen scoe nei it

heechste.... Nea haw ik myn ropping sa sterk field as do. Do haw ik de

krêft foun alles, alles to jaen hwet ik haw. Mei wêze dat ik sels

dêrfen ûndergean, goed. Mar der scil hjir alteast ien west hawwe, dy’t

de bânnen fen it sleurlibben briek, ien dy’t libje doarst sa’t er wier,

dy’t de herten iepene en de eagen it sjen joech, dy’t it ideael brocht

yn de húskes oan de sânwei en yn de boerewenten!

FRÂNSKE.

Mar men seit dat jy it folk ûntofreden meitsje....

HORA.

Dat hoopje ik, ja. Om’t ik wol dat de minsken nei hjar bêste krêften

libje scille. En om’t it in misdied is tsjin God sels, dat de sielen

skea hawwe scille fen wirk op it ierdappellân. Om’t ik wol dat de

minsken libje scille neffens hjar ropping op ierde.

Ruth(#79282) · 第 48 / 118 题