Al wer dy neare, ûndraechlike wirden! Ik ha dy al sein, datstû gedild
mei my hawwe moatst. Ik haw altyd yn it skaed, yn ’e iensumens libje
moatten; ik leau net yn ’e minsken. Dat komt ... miskien.... Mar den
moat ik earst dyn foargean sjen. Astû hjir yn dit doarp mei dyn ljeafde
de minsken better en frij makkest, den, den kin ik it miskien ek
leare....
FRÂNSKE.
O, Ate! dos ek dû, sels dû moast noch leare?