Ik ha dy al faker sein dat ik dat net mei dy iens bin. Wolstû sizze dat
it yn it minsklik aerd leit nei it goede to stribjen en dat it ljocht
ier ef let oerwinne scil, goed. Mar minsken sa astû se sjuchst, dat
binne nou yet útsûnderings. Dat kinste mei dyn eigen eagen eltse dei om
dy hinne sjen. Ik ha dyn stribjen tige heech, mar it rint ier ef let út
op in greate toloarstelling.
HORA.
Myn stribjen ken mar ien ein: de oerwinning. Dat scil oer alle leed en
delslaggen hinne ljochtsje. Ik wit wol dat ik de heilsteat net sjen
scil, dat haw ik ek net nedich. Mar ik wit ek dat ik mei myn dwaen en
wird der ien trêd fierder hinne bringe kin. En dat is genôch.
FRÂNSKE.
Mar de wei dêrta?
HORA.
Eigen wille en leed achtsje as neat. De follens fen yens ljeafde oan de
minsken jaen. Yen los meitsje fen alles, bihalven fen it ideael.
FRÂNSKE.
Mar hwa kin dat? Kinstû it Ate?