ATE.

As de wrâld de wierheit yn it antlit sjucht, de greate hillige

wierheit, den hat hja mar ien andert. Dat is it krús en de stienniging.

Dat moat se, hwent dy wierheden taeste hjar yn de djipste grounslaggen

oan.

HORA.

Ik ha dy al faker sein, dat ik dat net leau. Der is gjin oare sûnde yn

’e wrâld as de ûnfolsleinens, gjin oare ûnfolsleinens as de ûnkinde.

Jow de minsken it kleare sjen, forljochtsje hjar herte, en alles yn

hjar scil roppe om it ljocht, sa as de sinne om it deiljocht siket.

FRÂNSKE.

Mar hja sloegen de Hear dochs oan it krús....

HORA.

Dommens en foaroardiel en hate diene dat. Mar it folk hie Him tajubele

as de rêdder do’t er de poarten fen Jeruzalim ynkaem. De dragers fen it

ideael kinne fortrape wirde, de greate wierheden sels nea. Dy libje yn

it hert fen elts minske.

FRÂNSKE.

Fen elts minske?

HORA.

Elts minske is drager fen de Gods-tins.

Ruth(#79282) · 第 44 / 118 题