ATE.

Hwet bitsjut dat, Frâns?

JANNE.

(_as Frânske swijt_). Frânske hie hjar in pear ûnforsichtige wirden

ûntfalle litten oer earmeljue’s prakkesaesjes, dy’t Sets hwet sear

diene. Mar ’t is nou wer yn oarder, alhielendal. De boer hat hjar wer

op ’e goede wei holpen, sa as my ek sa faek.... Ik scil efkes mei Sets

gean. (_Janne en Sets ôf_).

FRÂNSKE.

(_nei in pear tellen stiltme_). Ate....

Ruth(#79282) · 第 18 / 118 题