Kom hjir ris, Frâns. Sjuchste dat âlde ronfelige antlit en dy fyn
bisniene mûle? Dy hawwe moai wêst en kein, as dines nou. Der binne
stoarmen oerhinne gien, Sets is âld-minske wirden en beppe. Tinkt dy
dat hjar adel der ûnder lijd hat?
FRÂNSKE.
Dû hast gelyk. Bist in swiere learmaster, Ate Jans....