Dat is myn skild net. Mar dit scil der net fen ynstean. Ik bitrou myn
minske-kennisse moai skoan, en dat bern hat hwet yn hjar dat ik net
forknoeid hawwe wol. Ik wol neat fen myn arbeiders sizze, der binne
keardels by mei in herte fen goud, mar it binne rouwe soannen fen it
folk, en hjar praet is net geskikt for famkes-earen. Jy hawwe it grif
ek mei om ’e fortsjinsten dien?
SETS.
It wier der sa ynroun boer, mei al dy kosten fen Japik syn lijen.
(_stil greatsk_). En salang men sels _kin, freget_ men net.