Ik hie jo hjir roppe litten, Sets. Alderearst om’t ik ik fornaem dat jy
fen ’e moarn wer for it earst op it wirk wieren. Dat is krigel fen jo,
en great. It scil jo nou faek iensum wêze. Bitink den dat der mear
iensume minsken binne. Sets, en dat jy de himel dochs ek tankber wêze
moatte dat jy jou nommele soan sa lang hâlde mochten. En frâl, dat woe
ik jo tige dúdlik sizze, tink net dat jy by in frjemde boer yn ’t wirk
binne tsjin lean, mar dat jy in frjeon fen jimmes gerive mei jou wirk.
Goed ûnthâlde, Sets?
SETS.
Ik ha der nea oars oer tocht, boer. Jy witte wol ho tankber....