ATE.

(_sjucht hjar skerp oan_). Hwet nou? prule om sa’n wissewasje? Ik woe

dy wizer ha, Frâns. Dû witst wol datst hjir wolkom bist. Mar ik ha myn

dingen dy’t foargeane, fensels. Scilst dat goed ûnthâlde, tonei?

FRÂNSKE.

Soargestû wol for. Dû bringst it my dochs eltse kear wol yn ’t sin, as

ik it al forjit, wier? Doch dû earst dyn saken mar ôf, Ate, ik wachtsje

wol.... (_Nimt ien fen de reade roazen dy’t se stadich toplôket,

súntsjes_): Ik wachtsje wol....

Ruth(#79282) · 第 9 / 118 题