Swier waecht ornaris yn it minskelibben ’t alderlêste;
Jowt trochslach it, de goede kant oer, dan is it „seft rêste.”
Dy foldien is, sûnder hoopjen, sûnder winsken,
Him deljowt, is wol lokkichst, ûnder alle minsken.
Ho’n wearaksje ek wy ha tsjin hwat wy moatt’ trochlibje,
Wy moatte er troch, ho danich wy er ek tsjin striblje.
Der is gjin útwei om ús lot ea to ûntslûpen,
’t Mei rinnen wêze, gean ef kuierjen ef krûpen.
It giet der núver lâns oer brike kronkelweien,
Hwer gjin hânwizers stean’, dy ’t paed foarút ús seien.
’t Rint troch ’e bank wol gledder ou as dat it sims wol like,
Al miende min oars, dat min wol hast moast biswike.
It lêste! praet my er net fen ’t lêste, it foarline,
Hwet leit net yn dat wird: fortriet, birou en pine!
Hwa wit der net fen mei to praten yn dit libben!
’t Lêst sjen, it lêste wird, by ’t skieden fen yens sibben!
It lêste, dat den nea werom komt, o, dat lêste!
Hwa komt it net yn ’t sin: de lêste winsk, nou den „_it bêste!_”
It minskelot rint sa: ’t is skreaun sa yn ’e stjerren:
It lêste slút de doar, hwa ’t slaggen ef ’t mislearen.
Nei ’t lêste kin min nea it earste efterhelje,
Al woe min mei syn hertebloed it graech bitelje.
„It lêste”, hwet in wird, der is gjin macht op ierde,
Gjin keizer, keningin, dy ’t ea tobek mar fierde.
O freeslik wird, gjin omkear’ ho dit wird ús jimmer,
Stees seit: dwaen goed jou bêst, nou yn jou libbenssimmer.
Ja! dy hwet mei wêst heth, lang fearn op ’s libbens weagen,
Dy stean safolle „lêsten” rimpen wol foar de eagen.
Fen nocht en wea, hwer ’t hert by song, ’t each triennen skriemde,
By lok en ûnk, sa great, dat ’t hert it pas omfiemde.
Ho faek is ’t earste moai, ho blinkt yen dat tomiette,
Yn gouden sinneljocht, út iep’ne blide fierte.
It ûnk stiet op ’e loer, ornaris ta it lêste;
Sjen baes to bliûwen, en derom dochs nearne rêste.
Ho tsjok en mistich ’t ek, ho skout dochs faek ynienen,
It roufloers him fen kant, dat w’r’op fordacht net wierne.
Elk krijt in proefke er fen, ef neibij ef fen fierren,
Dy ’t libben trochmakket, en kaem mar hwat ta jierren.
Al binn’ wy troch de tiid al foar en nei, gâns hirde,
It lêste komt. Hwa seit foarút, honear ’t scil wirde.
Der waeije folle stoarms yn ’t libben, o sa folle!
De lêste heth lykwols foarsjoen it op yens holle.