As ’t jimmer foar de wyn giet, komt it den wol goed?
Welt dan it hert to fêst him net oan dingen,
Dy net foldwaen kinne oan it hert en ringen,
Yn opstân komme tsjin safolle yn it moed.
Hwa seit ea: „nou! ik ha genôch, genôch biskript”!?
Fen tûzen mei ién dat mei warheit sizze,
De measten wolle hjar nei mear stees risse,
Tadet de dea hjar sa út hjar biwiering wipt.
Mei alle minsken hast, is ’t jildoerwinnen;
Dat is de minske hiem en wol syn moaiste wirk,
Der op set, heth hy al syn doel en sinnen.
Mar om it mei to krijen as hy komt to stjerren,
Dy kinst is útfoun net, troch Christen of troch Turk,
Hwa dat bisochten al, dy ’t ek mislearren.
1909.