Us doom’né, wylst er gyng nei ’t tsjerke ta,
Dy seach in man, mei’n kroade yn ’e fierte.
Dy man tocht by him sels, „ho scil ’k dit ha,
Wy komm’ malkoar, sa anstons krekt tomiette.”
Omkeare koe der for dy man, net lâns,
Omt doom’né hie him sjoen, koe elts yn ’t oarde;
Malkoar t’ûntkommen? derta wie gjin kâns....
Foarút dos mei de man en mei syn kroade!
„Siz man! ha ik it mis? ef binn’ jy mis!”
Sei doom’né, do malkoar’ hja einlings metten.
„Ik miende, dat it _Snein, hjoed Rêstdei_ is.”
De man sei: „den bin ik mis, sikerwier!
Dat it hjoed Snein wier, hie ik gled forgetten;
Ik hie al tocht: „_ho kroadet dat sa swier!_””
1909.