DE TWA BÛRLJÛE

Hûs oan hûs en tún oan tún,

Sa stiet ’t spultsje twisken oaren;

Maitiids grien ’t beamt’, hjerstmis ’t brún.

Tadat beide âldsjes stoaren.

Hja oerlibbe jierren him,

Hja ’t âldwyfke, dat wy miene;

Mei ’n great soan, gyng ’t net sa min,

Omt hja deun en krigel wierne.

Bûrskipeftich wier hja ek.—

De âldehear, dy skean oer wenne,

Hie ek krekt hjar jierrenrek.

„Bûrman!” sei hja: „mei ús twa,

Binn’ w’oan de foarikkers herne,—

Hwer ús grêf is,—rimpen ta!”

1908.

Fryske stikken · 第 38 / 72 题