Fier rinne wy wei, mei de âlde Fryske sprake.
Hwa scil it yn ús lekje dat it net oars is?
’t Ald erfstik fen ús heit, ús mem en beppe en pake,
Der yn binn’ wy ús sels, oars rint it wol eat mis.
Foar fiif en tweintich jier seach min it moai earizer,
Op ’t moaije kopke fen ’t Frysk frouminsk, wiif ef faem.
Mar stiet it hierbosk tsepper, dwaen de frouljue wizer?
Stiet ’t moai breed earizer mei mûtse net fornaem!
De fremd’linch dy neat seach as syn loshier’ge fammen,
Dy sei: „’t wier wûndre moai, dat wiern’ gjin heale tsjammen,
O né, de Fryske dracht wier hûndert kear sa kreas!”
„Mei jimme âld sprake in dracht, ha jimm’ gjinien neiape,
Dy pasten by elkoar, by ’n gouden—sulv’ren kape,
Hwet wiern’ jimm’ frouljue moai, op ’t iis en op ’e iep’ne sjeas.”
1909.