UNGEDILD

Mannichien jowt er net om dat er blommen,

Ljurkjes en sweltsjes en al ’t fûgelgûd,

_Yn_ en _oer_ ’t fjild daeg’liks binne yn ’t kommen,

As ’t mar sa wierret dat it gêrs waekset foart,

Hja binn’ fortriet’lyk as simmers yn ’t haeijen,

’t Omslacht fen droechte ta ’n reinige tiid,

Giet ris in dei ’t op in reinen en waeijen:

Kleijen en swartsjen den fen wiid en siid.

Klei den net minsken, wêz net ungedildich!

Haw’ jy josels net’ it measte der mei?

Siz ris, hwa is jo dochs sinneskyn skildich?

Jow jo dochs del, krekt as ’t blomke syn kopke.

Nimm! minske dochs in lyts forbyld der nei:

’t Wachtet ta ’t sintsje wer om sjocht nei ’t knopke.

1908.

’T ALD WYFKE OER JAPIK BINDERTS

Der wier foar jierren in âld wyfke,

Elts hie for hjar wol ’n bytsje oer:

De ien joech in jakje, d’oare in lyfke,

In soad ierappels eltse boer.

Hja sei: „de boer der op ’e lânnen,

Is wol in froom en bikeard man,

Mar Japik Binderts, sokke mannen,

Dy hjar karakter hâld ’k mear fen.”

Dy sei: (’t wier yn ’e Krystiidswike,

Do’r slachte hie), tsjin Tetsje Jan

Syn arbeider, „nou bin’ ’k in _rike!_”

„Nou ’k nij spek ha, meij ’k net it âlde....

Krij del! dy âld healside, man!

Hawar! meist for dy sels bihâlde!”

1908.

Fryske stikken · 第 27 / 72 题