O Hear! Jou wirken dy binn’ great!
Mei wysheit makke binne hja,
Derom o siel! ha each derfor,
Troch Him allinne binn’ hja sa.
Dit is in moarn sa seldsom moai!
Natûr, ién ljochtsé, sinneskyn
Oeral: yn herntsje, yn gloppe, yn skreef.
Blêdrûzjen yn ’e bolle wyn.
Gods „lof” sjongt it troch hiel Natûr.
Dy ’t fetsje kin, dy kin ’t forstean,
Dy ’t siket oan Gods fêste hân,
Dy wirdt it ta ien kostlik lean.
Ién solo, dy it Gealtsje oanstimt,
Ién duo, nou mei klystersang,
Ién trio, om ’t it ljurkje ynfalt
’n Kwartet: fjourstimmich, breed en lang,
Hwer ’t earst yn lange rythmen giet,
Nou ’t finkje er by de fjourstim docht,
Fjourfierde gong, seis achtste miett’
In sang fen lof, fen wille en nocht!
Yn loft en wâld, troch ’t romme fjild,
In symphonie, dat fûgelliet.
Folleard yn majeur en mineur,
Is ’t koar, krekt as ’t fen sels mar giet.
Staccato’s en triolen gean,
Heech boppe boune andante’s út!
Ién allegretta komt sims foarst
Mei in retardo ta bislút.
Den komt op nij, oar sjongersfolk,
En set mei nije wizen yn;
De hiele sjongerswrâld komt op;
Sjongt op ’e rythmus fen ’e wyn;
De cithers fen it griene wâld
Dy slagge er as fen sels troch oan:
In hildepsalm ta ’s Hearen ear;
It greate loflied fen de moarn.
Dat rint de gamma ’s lâns en lâns,
Chromatisch mei- en tsjin de gong’,
Mei krúsen _op_, oer mollen _del_.
’t Is Skeppers eare, ’t jing’ elts song.
Heech giet de sinne!
Klear fen de moarn,
Nei steatlyk stiigjen,
Mar oan en oan,
Nei himels heechste!
Dy hinne er teach,
Om ’t oersjen de ierde,
Dat Himeleach!
De blommen rekke,
Hjar út en út....
Sa heech hja kinne
Nei ’t gouden Súd,
Dy draege hjar kopkes,
Sa elke blom,
Stees mei it roungean,
Fen t’ sinn’ljocht om.
’t Giel’, blaue en wite,
Hwer dat min sjocht
Komt nou for ’t earst ris
Goed ta syn rjûcht.
Sjoch my dy leeljes!
Sa ynwyt skien,
Heech op hjar stingels
Krekt as dy’r wiern,
’t Biskie ús to dwaen,
Fen ’t Bibelwird,
Do’r op doeld waerd,
It ús bitsjut,
Dat al ho hearlik,
’t Wier mei de prael,
Iendris fen Saal’mo,
Dy der gjin hael
Oan hie, by ’t moaije
Fen ’t leeljewyt,
Dat boppe er út rikt,
Fier boppe miet’.
Ja! al dy glânsen
Fen edelstient’,
Binn’ fen ’e sinne
Hjir ûnder liend.
’t Blinkt al tomiette
En rept him sa,
Al, ’t jinge in wjûk heth,
Wol der nei ta.
Ljocht, myldens, libben,
Strielt der fen ou,
Lûkt fen de ierde,
’t Libben op nou!—
Alles ’t jinge amme,
Heth yn syn boarst,
Fielt yn syn binnenst,
Dat it parfoarst
Utrinch ’r oan jaen moat,
Dat him op ’t hert,
Dat him sa heech’ leit,
’t Swije kin net!
t Gealtsje yn ’t flearhout,
’t Skelfinkje yn ’t hôf,
’t Ljûrkje yn ’t bûtlân
Binne net doaf.
Likemin ’t ljipke,
Ek met de skrie,
Boppe de petten
Elk docht biskie:
Sjongt Psalm njug’ntjin,
Dizze kear foar,
Mei hûndert fjouer,
Yn ’t greate koar.—
Hwent de Opperpreaster,
Hjir, Gods natûr,
Ropt op ta tsjerkdei.
Stiek ’t offerfjûr,
Oan op ’e blommen,
Oan op it krûd,
Dat ’t altaer ierde,
Wieroak joech hjoed.
Hark mar! de sjongers!
Hiel ’t ierderoun!
Prizet de Skepper!
’t Blomte op ’e groun,
Bûgt him troch ’t wyntsje,
Knibbelt foar God!
Alles is fleurich,
Bliid yn syn lot.
Tsjûcht fen Syn greatens,
Fen Syn bistjûr,
Dat stees Syn antlit,
Weitset der oer.
Wekker myn siele!
Riiz op, sjoch roun!
Prysje jou Skepper
Ek, fen ’e groun!
Sjoch op nei boppen!
Nei dat great Ljocht!
Ho ’t der wei strielet,
De ierde oertsjocht.
’t Ofskynsel is it
Fen Him, dy ’t sei:
„Ljocht scil der wêze!”
En op ús wei,
Strielet stees weroan,
Yet ’t selde ljocht,
Dat iens Gods machtwird,
De ierde heth brocht.
Ja, nei dy Sinne
Opslaen it each!
Bringt yen yn ’t herte
Fréde to weach!
Warber der ûnder de minsken,
As ’t bijefolts danige drok,
Eltsien oan ’t skrippen oan ’t bodzjen,
Fynt deryn syn wille en lok.
Wit dat pas mar to omfetsjen,
Stiet hy der foar dizze kear,
Moat djip út syn hert wei roppe:
Ho great dochs Jou wirken, o Hear!
Makke mei wysheit dy allen!
De ierde is fol fen Jou goed!
Oarder is ’t machtwird oer alles,
Hwermei Jou hân ’t stees bistjûrt.
Swier smûgjend giet de amme
Fen Natûr oer de wrâld;
Hymjend it sykheljen,
Stil yn ’t fjild en in ’t wâld.
Leech del yn ’t Súdwesten,
Skoarret danich de loft,
Blauswart oan ’e kimen
Komt ’t waer op noch dit skoft.
De wyn giet lizzen, dy ’t siroccoëftich,
Fen d’iere moarn ôf fen ’t Súd-Easten kaem;
Gjin wolkje oan ’e loft sjen liet, mar grúzich,
’t Súd-West oerteach en it al ’t kleare ûntnaem.
’t Jinge amme hie, dat song de dei tomiette;
It ljurkje hie dizz’ moarn ier ’t sliepke út.
It swealtsje, foar de dage lang al wachte,
Dat ’t sintsje skynde op ’t ûlboerd syn rút.
It woe foar dei en dage al oan ’t nest’jlen,
Hwent de amme fen natûr wier ier al myld.
En do ’t fen ’t healwei makke, nesje útkipe,
Seach min nea moaijer simmermoannebyld!
Skript is de foardei, ûnder de oes op ’t latsje.
It kinstich nesje fen de Psalmdichter is klear.
De lytse bouljue wirch en ôf, ha nou foar ’t earst ’t biwenne.
Ho ha hja mitsle, foege en al sa mear
In kinstpaleis fen ûnbihouwen stiente.
En sûnder Libanon syn ceders is it goed en wol klear komd.
Der sit gjin goud en sulwer oan as by de altaren;
Ho lyts, en dochs syn plakje wirdich by de timpelromt,
Stim oan gerêst mei my! op Psalm fjouwer en tachtich,
Fers twa, birop ik my en lêz dy wirden nei,
En ho neast ’t swealtsje ek it moskje wennet,
Ho elts for him fynt der syn eigen wei.
Mei al ’t jing’ libbet, heth fen ou de dage
Omt it sok kost’lik bouerswaer wier, skript.
Klear moast for beiden ’t nesje, ’t moai krûpyntsje,
Ear dat er ûnwaer komt, en kâld fen de oes it dript.
Hja wirde slûch de lytse Bouers,
Nou hja útpoeste en sliepe ris,
Fen ’t drokke wirk, op ’t appelbeamke
Syn slingertûk, nou ’t dienwirk is.
’t Is krekt as leit oer hiel it libben,
Hwer dat min sjocht, hwer dat min keart,
In dodde, dat gjin sliep, gjin weitsjen,
Gjin ien fen beiden tabiheart.
De blaue loft is hiel biditsen,
De sinne is hast net mear to sjen,
It blomt, it beamt’ dat mist de skouing:
Ja alles heth syn kleur forlern.
’t Is krekt as komt der fen ’t Súdwesten
Ta foarskyn, n’oare fremde wrâld’,
In nije wrâld to foarskyn rizen.
En set de oare djip yn ’t skâd.
In swiere amme fen it wêzen
Fen ’e Natûr, komt leech fen ’t Súd
Mei lange hoarten bliûwt it wei sims,
Blaest gau ’t de lêste siken út.
Gjin toan gjin stim is mear te hearen
Niks falt mear op ’t ierdryk foar,
In ôfwachting hwat der mei komme,
Oerkomme de ierde mei. Neat doar,
Him roere ef reppe, nou ’t fen boppen
Sa freeslik driget. ’t Sinneljocht,
It ljeaflik treastlik each fortsjústert
Dat nou in swart gerdyn oertsjocht,
Tomûk komt noch in boartlik wyntsje,
Dat oppe reis him hie forlet,
To aeijen ’t roazebeamke yn ’e blomtún,
Docht krekt as hearde it der net!
Dat boarte mei de roazeknopkes,
En teart de blommebledsjes om.
In douke wol yett’ ris ynsette....
Ynienen wird’ hja beide stom....
Ién lûd giet dreunend troch de loften,
Derfor bynt wyntsje en fûgeltsje yn!
En neijer, lûder komm’ de slaggen,
Fjûr is de loft fen wearljochtskyn.
’t Is ef fen Sinaï in neigalm,
De wearklank is, en Israël,
Mei freze en beven alle eagen,
Slaen foar Gods Majesteit hjar del....
’t Is ef Jehowa wer fen nijens,
Nou túchnis jaen wol fen Syn macht,
Hy op Syn wolkenwein oer de ierde,
De dei foroaret yn in nacht.
Sjoch de ierde krûpen foar Syn foetten,
Fen eangst biswykjen en fen wea....
De eagen hinne, hwer ’t sa driget,
As teikens, miskien wol fen dea....
Stees swarter, drigender wirdt ’t loftrom!
To boarsten, ’t swartblau, miettefol.
Ién streekje ljocht, djip yn ’t Noard-Easten,
Oerrinnend ’t oars, alhiel en dol.
’t Is ef de wrâld ’t wer moat bilibje
Itjing’ tsjin Mozes, sei de Hear:
„’k Scil yn in donkre wolk den komme;
Hear den ’t jinge Ik forordinear!”
As wier it der fen de herhelling,
’t Skoert, boarstend boppe as fenien,
It freeslik drigend wolkenswiere.
’t Fjûr falt nei de ierde as in stien.
En in bazún jowt der op andert;
De hiele ierde beeft fen skrik;
’t Dreunt nei, oer marren en oer seén,
Komt wer op nij, elts eagenblik.
’t Is krekt, as David, yn syn Psalmsang,
Jehova! „Lof en Eare” seit:
De God fen Eare is ’t, Dy tongert,
Oer ’t wetter, Hy de Majesteit!
Dy mei bazúnen sprekt ta de ierde,
Sa fen syn greatheid túchnis jout,
Dat al hwet libbet der for weikrûpt,
Fen wolkens nije Horebs bout,
Oerstimgend al oar lûd sa kreftich,
Al rûst de orkaen ek noch sa hird,
Dy nou ’t opkommen, oarder kriget,
By ’t tongerjen mar pas heard wirdt,
Fol kreft Gods stim, fol hearlikens,
Dat minsk en dier troch alles giet.
Dy Libanon syn Ceders earen,—
Hjir de ikereuzen fallen hiet.
Sa dat s’as ’t blomt derhinne sige,
Dy ûnderwylst, boppe iepenset,
De wolkeslûzen, op syn winken,
Dat hja oerstroame: lân en sted.
Mar ’t swealtsje yn syn moai lyts húske,
Der fêstmitsle, ûnder ’t pannetek,
En ’t moskje, dat der flak by wennet,
Bij gjin fen beiden, waerd’ it lek.
En lit de tongerslaggen knett’rje,
De stoarmen skûrre oan mûrre en toer;
It spiele út sangenblaue loften,
Der bliûwt in stil geloawe oer:
Elts, dy fortrouwen hat, jowt eare,
By ’t dreunen fen ’e ûnwaersstim
Yn ’t timpelbou, de Himelkening:
Hy bliûwt in Heit: fortrou op Him!
Sa ’t moerbeidal yn ’t fiere Easten,
Bifochtigd fen ’e Himel waerd,
Ut de oppersaelen, dy ’t der soud’rje,
Sa tanket strak al ’t nei syn aerd
Him! Dy op wolkens as Syn weinen,
De greate himmelreizen docht.
Hwaens amme as steig’rende orkanen,
De wolkens skoert ef bringt torjûcht’:
Hy, Dy de wetterhoazen dellit,
Mar soarchsum, dat gjin eibertspear,
’t Ién fearke kostet, letsel kriget,
Ef ’t swealtsjeblomke, lyts en tear!
Dy ’t nou de poarte fen bilofte,
De reinbôge, yn ’t Noard-Easten bout,
As de yngong fen ’t lân fen bigearte,
Fen hopeblau, fen sinnegoud.
’t Is trochstien, hwerby ’t hert moast brekke,
En hiel natûr, dy libbet op.
It útert him yn loft en ierde
Mei gealtsjeliet en koekoeksrop!
Der giet in harptean troch de romte;
It beamlof andert tige sêft
As wearklank op dit hillich sûzjen,
Hwent ’t is de wearklank fen dy kreft,
Dy nys mei tongerslaggen de ierde,
Taspriek en dy dêr yett’ ûnthâld,
Fen heth, do Sels, de Hear yn ’t rûzjen,
Foarbygyng yn it palmenwâld!
Dec. 1909.