Kinn’ jy it oargel, ’t Godshûs pracht?
Dat rikt ta boppe fen ’e groun,
Yn ’t each falt hiel de tsjerke yn ’t roun,
Dat pronkstik mei syn tongemacht,
Hwer ’n tûzen pipental ta gien,
Mei ’t frjeonlik antlit, hearlik skien,
En hwer út elkoms súvre kiel,
It oargel ’t djippe fen syn siel,
Troch labiaalstim, ef troch tongen,
De folste toanen min heart sjongen.
Ha jimme ’t lofwirk ea bisjoen?
’t Is of de Ingeltsjes hjar bêst,
Dwaen, al is ’t oargel ek yn rêst.
En skynber mar net wachtsje koen’,
Mei David heechst de Harpenist.
De greate sjonger, de Psalmist,
Die út ’e harp syn Psalmmeziek,
Ien toanensé, ûntsachlich ryk,
Fen djip úttochte interfallen,
Mei ’t orgel liket yn to fallen.
Hwa haget net ’t moai oargel, foars,
Dy piperigen, lang en breed,
Yn moai biloap, rjuchút, oerdwars,
Sims fekken smel, fen lyts ta great!
Den sjocht min hiel ljeaflike stean,
Nêst gûds, dy ta ’t forwulf wol gean,
Wylst de earsten heech en skel ef sêft,
Meidwaen, de lêste yn swierte en kreft,
Cornet Mixtúr troch alles geane,
En hiel it oargelwirk trochfleane.
Hwet net sa’n reuzenbou bistjut,
Jy sjen ’t sa heech yn ljochtprachtsklean,
Mei ’t oanlit nei de kansel stean,
Hwer strak fen beiden komt it wird.
Dat pypwirk, fen it oargel, tear,
En lyts, great, greater wer in kear,
As wiernen ’t broerkes fen malkoar,
To sjongen komd, hjir bar om bar,
As Raphael syn Ingelkopkes,
Krekt útkomd, leauwe roazeknopkes.
Ha jy de oermacht nea ris field,
Fen Jubals bern hjar masterwirk?
Boppe al oars soks, ’t jo net bisield?
Hwa, dy ’t net yn syn binnenst mirk!
Hwer is de wergea fen sa eat,
’t Folledigst toanwirk, hwerby neat
Untbrekt, gjin iénfoets flageolet,
Ta selskip de bazúnen heth,
’n Prestant fen twa en tritich foetten miette,
Dat kin in reuzenoargel hiette!
Hwer ’n fiiftich stimmen ’t oargel heth,
Bispile troch in masterhân,
Dy mei syn kinnis en forstân,
Ta ’n fuga oan it wirk him set;
Fen Bach ef Krebs ef Ritter, Rink,
Hjar masterwirken, gnap en flink,
Beethoven syn sonates wit,
Natûr op ’t oargel sprekke lit:
Scil m’op de Vries fen Bolsert komme,
Op Grins syn Worp, op Ljouw’t syn Suringbroek stees romme!
Dat wirk út Jubals fiere tiid,
Kin jy it dat de ieûwen lâns,
Foarop stean bleau en yet’ meast mans,
Noch is, as wûnderwirk der stiet,
As alderhearlikst toanwirk yet?
Nea syn gelikens, nearne mét,
Wylst nei de oargelkening Bach,
Hwaens sizzen hjiryn heth gesach,
Syn wirden wy him hjir untnimme:
Dy ’t neamde „Us ljeaven Hear Godsstimme!”
’t Martiniöargel: dat to Grins;
Fen Rotterdam, fen Haerlem it,
Dat neamt min earst, is min fen sins,
To rommen d’r op, mar as min wit,
Dat hûndert ién en tritich stimmen ’t heth,
In oargelwirk yn Libau’s sted,
Lykwols fa ’t hûndert fjouer en sauntich tal,
Is dat mei Riga’s it getal.
Hwa skat dy yn hjar toanenrikens,
Hwet heth by ’t oargel syn gelikens?
Kin jy de wûndertoanen kreft?
Hwet ién register yn syn boarst,
Prestant hiet it en ’t stiet meast foarst,
Oan sterkens heth; krekt oars as sêft,
Viool di Gamba, strykjend tear,
As side sêft, gled as in fear,
Mei ’n Holpyp stimt swietlûdich yn,
Wylst ’t wirdt as ’t strykjen fen ’e wyn,
Dy jouns let, spilet yn ’e twigen,
En weistjert by de lêste sigen.
Is dat net hearlik as Prestant—
Acht foet, Trompet fen acht foet met,
In sechtien foets Bourdon him set,
Ta basstim, tsjinoer de discant,
Hwer boppe Wâldflút, Flúte travers,
Klaer’net, Octaaf, dy allegear’,
Mei Salicet en Dulciaan,
Hjar ta it folle wirk bijaen,
Mei Labiaalstim, sulvren tonge,
De lofpsalms ta Gods eare sjonge.
De hundert fyftigste Pasalm,
Fortelt hast fen elts ûnderdiel,
Giet amper ’t kinstwirk troch alhiel,
Mei trije en tritich rikt de palm
Fen eare, oan ’t kinstich oargel ta.
En dat is bleaun oan dizz tiid sa.
Oar mesykwirk: neimakke is ’t;
Neat oppe wrâld, sa moai, bislist;
Hwer ’t oargel mei syn tûzen kielen,
Syn ljeaflikheit út komt to strielen.
Wy stelle ús foar in Sneintemoarn,
As d’iep’ne tsjerkedoar ús laedt,
To opgean ûnder ’t iprenskaed;
Fen ’t tsjerkhôf op ’e tsjerke oan.
Troch ’t frolik „Bimbam” ropt de klok!
Mei syn mitalen stimme drok;
Dat min it heart nei wiid en siid:
„’t Is tiid, ’t is tiid! ’t is tsjerketiid!
Dizz dei heart ta oan God de Heare,
Wijd dy dos yn ta ’s Hearens eare.”
En swart fen folts, dy ’t opgean nou;
’t Hâldt op mei ’t swiere toerklokslûd!
De Sabbathstsjinst is ynlet hjoed.
Der giet troch ’t gothisch tsjerkgebou,
„De Godsstim”[18] út it oargels boarst,
As songen Ingels Gods lof, foarst,
’t Préludium, it foarspil, giet,
Foarou it sa to sjongen liet:
Al de registers, dy ’t mei dwaene,
En elts syn moais to hearen jaene!
[18] Bach, de greate oargenist en componist plichte ’t oargel „us
Ljeaven Hear Godsstimme to neamen.
Sjong lûd! de stim nei boppen, lûd!
Rjûchfeardigen, sjong bliid de Hear!
De Himelheit! Syn lof en ear!
Yn steatge psalmsang, freugde yn ’t moed!
Mei oargels fol akkoard, dwaen mei!
En sjong dy súvre wizen nei,
Sjong heech en lûd mei fleurich sin,
Fen Alderheechstens minskemin
It spyltúch heth jou swakke stimmen,
Mei op syn reuzenwjok to nimmen!
Ha jy it heard dat treff’lik lûd,
De Vox-Humana’s minskestim?
Lyk ’n tachtigjier’ge noch him,
Mei ’t tremulant sjongt, smert yn ’t moed:
„Hear! o Hear! dwaen my to witten,[19]
Nei Jou Wird en Geast, ho ’k moat,
’t Jing’ to dwaen ik ha, to litten,
Ho nei Jou Bistjûr ’t al bart.
Hâld troch ’t libben my op ’t paed,
Om Jou wetten nei te kommen;
’k Wyt as Jy myn gongen laedt,
Sjoch ’k Jou heil my nea ûntkommen!
[19] Kin song wirde: wize Pesalm 25: 2.
Psalm fjour en tweintich is ’t dizz’ kear,
Mei ’t folle wirk: Hiel ’t ierderoun,
’t Jing’ libbet, dat yn sé, op groun,
Is ’t Skeppers goed, biheart de Hear.
Hy rôp de earste moarn, ’t út neat,
En makke ’t droege út ’t wiete bléat,
Liet ’t wiete ta it fondamint,
Wylst ’t earste as mar en stroamen rint,
’t Lofsjongt mei kepp’le manualen,
Hiel ’t wirk fen Wâldfluit en Cymbalen!
Ut fjouwer mollen stiet dat liet,
Sa’s Worp, de greate oargenist,
Dizz’ psalm it moaist’ to setten wist,
Sa as ’t hjir unneifolgber stiet.—
Nou komt de sprekker oan it wird,
Dy ’t útleit, ’t jing’ dy psalm bitsjut:
Hy wiist op ’s Hearen wûndermacht,
Dy ’t ljocht oprôp út neare nacht,
Seit ús derop, dat hiel ús wêzen,
Wy fine yn dat bigjin to lêzen.
Den wiist er op ’e sondefal,
En ho ienkear ta hoop en treast,
Nei wile en tiid, wer sa foar ’t earst,
Weidien ’t is waen, oer ’t minsketal.
It njuggen fiertigste Gesang,
Dat jûcht en smeekt mei tige oandrang,—
Yn bestoanhichte set, dat liet,
De foargonger to sjongen hiet,
Om jûchjend sims by ynmoed bidden,
De minske ’t giet troch al syn lidden.
Forlosser, Himelfrjeon, ús Liet,
Dy wy to boarch en hope ha,
Dat ta Jo lof nei boppen giet,
Wy bringe er yn Jo eare ta.
Nim fen ús oan, fen sonders oan,
Us bea, ús liet, nim oan,
Us bidden foar Jou troan.
Gjin sonders scoen’ wy bliûwe;
Derom scil ’t lofliet kliûwe!
Dat liet nim oan.[20]
[20] Kin song wirde op de wize fen Gesang 49 vers 1.
Al driget kwea, as wea my met,[21]
Ik fiel gjin eangst, mar klei it Him!
Ho fier fen hjir, hy heart min stim,
Ho heech yn ear, forgeat my net.—
Dy Him net folgje koe, de broer,
Sjocht Hy net oer.
Myn hope is Hy!
Syn heil’ge doop heth my,
Iens troch Syn bloed rein makke;
My ’t Nachtmael joun, my swakke;
Myn hope is Hy!
[21] Kin song wirde op de wize fen Gesang 49 vers 4.
It minskehert faert mei dit liet,
Heech nei Gods himelsaelen op!
It reuzenspyltúch giet foarop,
Krekt as ’t op Ingels wjûkslach giet.
Al de registers, all’gear bin,
Der by naem om fen ’t liet de sin,
Sa ’t heart, nei eask goed wer to jaen,
Om hichte en wize foar to dwaen,
Hwer hûnderden fen minskestimmen,
God smeekje om ’t liet oan to nimmen.
Op nij: hwer fynt de minsk’ sa’n rêst,
Sa’n greate silligens as ’t hert,
God rounom op syn gongen met,
En der for wei giet alle lêst.
Troch Jezus is myn sillich lot,
Biwarre by myn God.
Myn freugde is Hy!
Noch, as ’t hjir is foarby.
O sangen, mei jimm’ kliûwe!
’k Scil Him forwachtsjen bliûwe,
Myn al is Hy!
Binn’ j’opgien, wol ris Aldjiersjoun,
De lêste preek to hearen ’t jier,
As ’t kearsljocht strielde fier yn ’t roun,
En ’t oargel spile heech en swier:
Uren, dagen, moannen, jierren,[22]
Fleane as it skaed sa wei.
Och! fen neiby en fen fierren,
Niks dat stân haldt by de dei.
Hwer dat wy ús tredden sette,
Moatte wy stees fierder gean;
’t Jing’ wy dwaene en ’t jing wy mette,
Hekket fêst yn ús bistean.
[22] Wize: Gesang 160: 1.
It oargel earst, ek lêst oan ’t wird,
Der it stees foargiet by de tsjinst,
Hwer de oarganist by de ein syn kinst,
Ta stichting yet jowt en troch nut.
It Labiaalstimtal, mei ’n Bas,
Bazún, jowt by dit slot krekt pas,
Dat as troch gouden wolken giet,
Der ’t ynset: ’t seft oannimlik liet:
Hwer ljeafde wennet, dêr is ek Gods seine!
Dêr heth Hy plak, der scil Syn ginst nea eine,
Om ’t ieûwich libben der troch giet!
Dec. 1910.
’T BÛTENLIBBEN
Al mient min dat der oars gjin skatten,
Oer de ierde lizze op yens wei,
As dy, hwer ’t dievefolts en motten,
Op desje ef sneupje ef wrotte er nei;
Der hwer gjins Mammons macht bistiet,
En it om heech’re dingen giet.
Né, twisken hege timpelmûrren,
Troch minskehânnen bouwt is ’t net,
Dat min ús Ljeaven Hear mar met,
Syn wirk wit net fen fallen, skûrren:
Syn wente op ierde, de natûr,
Rikt alle minskewirk fier oer.
It libben bûten ja, dat frije,
Hwer ta de kym frij útsjocht’ ’t each,
Dat loftblau, hwer gjin wolkje oerteach,
’t Jing nea forfeelt, it jimmer nije,
It moaije en skiene yn loft, op groun,
Hwa heth soks syn gelikens foun?
Dat is fen alles ’t noflikst libben;
Fen ’t jing’ min hjir wol habbe kin,
’t Jowt net to folle, net to min,
’t Bidrieûw to habben fen yens sibben,
Sadwaende hekket ’t iene yn ’t oar,
Fen ’t jinge dat der by komt foar.
’t Binn’ bânnen, dy ’t elkoarren bine,
By ’t frijste libben wirdt er sei,
Al giet net stees ’t oer ’n sljuchte wei,
De sinne kin net jimmer skine:
Der komt ek tryblinge en skâd,
Der is gjin antlit sonder fâld!
Sa goed as op yens sels to wêzen,
Mei de natûr it libben troch,
Heth ’n minske deroan net genôch?
Gods wûnderwirken troch to lêzen,
Hwer fen min by elts foetstap met,
Ef min der net genôch oan heth!
Net dat min der ek net mar leare,
Hwer min yn ’t tsjerkgebou ’r op wiist,
De toer nei boppen hinne, riist!
Dat min der sticht wirdt ta Gods eare,
En dat dit lytse Heiligdom,
„In koart bigryp”, is fen ’t rounom!
’s As Abraham by Mam’re’s Iken,
Syn rêst’ge stille wenpleats hie,
Syn tinte der forskûle stie,
Der hinn’ him skaed en smoute trieken,
Sa ’t ikeplantsjen kaem yn swang,
Op ’t hiem fen ’t boerehûs sont lang.
’t Stiet treftich: ’t hûs yn hege iken,
Hast weiwaen ûnder ’t tsjokke skaed,
In reittek, sjêdden op ’e naed,
Der boppe oer, twa hoannen stiken,
Hjar koppen ta wynwizers op,
En draeije yn ’e wyn de kop.
Op de efterein de earebarren,
’t Paleis fen prikken breed opboud,
It nêst oan de ûlboerdstyl fortroud,
En ropt it foarjier wer: „Kom harren”.
Den is ’t fen ’t Súden wei: „gau foart”
Hja steane op ’t nêst wer mei in hoart.
De moskjes yn ûnsjogge klaeijnch,
Ha ’t nesje ûnder ’t prikkehûs,
Gjin eangst ha hja for it wyngebrûs,
Gjin soarch by Rispinge en by Haijinch,
For Kening earrebarre net,
As dy him oan it klepp’rjen set.
Hja soargje net for letter tiden,
Mar draege God hjar soargen op;
Hja harkje net nei ’t minskgerop,
Yn ’e ûngetiid op lân en mieden.
Hjar spyskeamer heth God forsjoen,
En folt dy by de dei noch oan.
Krekt as de moskjes der fen witte,
En dat biwarje yn ’t hertsje stil,
Dat sonder God syn hege wil,
Gjin machten hjar ea folle litte,
Dat’s únbisoargd en fleurich bliid,
Trochlibje kinn’ hjar libbenstiid.
Sa is ’t omtrint ek mei it swealtsje,
Dat leger wennet ûnder de oes,
Yn ’t wûndermoaije liemen hûs.
Fen ’t hiele jier, hjir ’t lytste heltsje,
De bûrljue fen Gods Hillichdom,
Dy God, as ’t hjêrst wirdt, hiet: „Werom!”
Dy âlde brûkmen, mei safolle,
As dy fen swealtsje en earrebar,
Dat lok hja bringe, ús taskriûwt hjar,
Wy dy’s er om, biskermje wolle,
Hjar romt’ jaen moatte, net to min,
Dat tsjûcht fen echte christensin.
Slach ’t each der op dat pearke roeken,
Yn hjar ynmoai swartlekkens pak;
Ha op it jildwinnen gjin swak,
By ’t nêst yn dwêrs forwoeksen tûken;
Dy sjidsje en dy rispje net,
Fen moarnsier ta de jountiid let.
De Heil’ge Skrift heth ús forhelle,
Ho dat’s Elia foerre ha,
Is’t derom dat oan nou sels ta,
God ta in foarbyld s’ús wol stelle?
Dat Hy ek for ús soargje scil,
As min birêst mar yn Syn wil.
It ljurkje siket hege loften,
Dat is in sjonger earste soart’,
Dat East en West en Súd en Noard,
Der graech nei harket hiele skoften.
’t Robyntsje, yn ’t kreilgúd, by de groun,
Heth derby ek gans harkers foun!
De klyster wennet djip foarskûle,
In fiem boppe it struwellegûd.
Gjin stoarm it út de toarnen skoert,
It nêst, mei hierren foerre kûle,
Mids ’t strampelke, fêst boud, fen klaei,
Fen binnen sêft, as side en baei!
Der wennet hy, hast net to finen;
Dy Maitiids ier, him jouns yett’ let,
Yn ’e hege spjir to sjongen set,
Sadré ’t Maertsintsje giet oan ’t skinen,
’t Oanhearren dy yn it deftich swart,
Al wol min net, min lykwols moat.
Wier soks net moai, hwer de underwallen,
Fol giele titelroazepronk,
Fen fierren ús tomiette blonk?
Oan ’t piperbeamke blommestâllen,
Fen swietroak pears tomiette ús rûkt,
De paueflinter nei him lûkt?
Sjoch ’t blom’tún, aerdich! Pearskeblommen,
Yn bliidread, pears, yn giel, yn wyt,
Ien kleurenrikens, ’t jing’ der stiet.
It to bisjen, net oan to ûntkommen,
Derby forskynt al ’t jing’ de wrâld,
Mei selver makke skient’ it hâldt.
O! fen de hege beammen ’t waeijen,
Yn ’t tûkewiid fen ’t iketal,
It eskebeamt’, ien griene hal,
Nest wylgebeamt’ hjar tûkeswaeijen,
Hwa haget net dy loftmezyk?
Sa ’n ien is sûnder skiwen ryk!
De âldermoaiste pastorale,
Fen Haydn, Beethoven ef fen Bach,
Dy strykt hjirby foargoed de flach;
Mei rjucht scil hy der net nei tale;
Hjar kinnen giet der by gled wei:
Dwaen der nêst as bigjinners mei!
’t Is ef al d’oaren lûd nou stake,
In wearklank út it Himelryk,
It komt in psalm, in loflied lyk;
Dat is natûr hjar heechste sprake,
As wier ’t yn himels tale dien,
Dy ’t rûst heech troch it beammegrien.
It heth eat fen ’t Ave Marije,
Dat min by ’t Roamsk geloawe met,
Jouns as it kleasterklokje let,
Dat, as ’t oanslacht, al ’t wirk moat swije;
Crescendo, Diminuendo’s gong:
Is ’t ef op beammewjûk sa song.
’t Sit skoan yn ’t skâd op ’t lytse bankje,
By ’t njeuntsjen fen ’e linebeam,
(Syn swiete Midsimmernachtsdream),
Der twisken skelfink syn heech sangkje,
Wylst boppe ’t houtdoupear sêft koert,
To hearen pas oan ’t beamt syn foet.
Yn wide greften rint it wetter,
Nei dat ’e wyn it boartsjend wol;
De hege lânnen stroame ’t fol.
De Simmer makket leger ’t letter,
In snoek, swier sa ’t min ’t seldsom sjocht,
Dy leit er stil yn ’t sinneljocht.
„Moarn”, ’t sintsje is al oer de bosken,
Al ’t fûgelgûd is wekker waen,
Hjir sjongt it lûd yn hage en toarn’.
In keppel protters, dryste mosken,
En de eksters ha it wakkre drok’,
Mei nesljen yn ’e slingertokk’.
Nou Húsman, stadich oan it skrippen,
Jy ha al dagen dien jou bêst,
De finne is moai, ’t lân boud: eat rêst.
Gods wolkens bringe bûterdrippen.
Hark ho it reint, it dript sa lûd,
Nou op jou gêrs, oer blom en krúd!
’t Is de foarhearing fen jou bidden,
De seine op jou oprjuchte bea.
Ha oan Gods ginst, net twyfle nea,
Nei it dienwirk mei wirge lidden,
Forgees heth net jou skrippen wêst,
Fortsjinne wol is nou jou rêst.
Yn ’t mêd troch dauwe yet’ oerditsen,
Leit ’t melkfé yn in bonte trop,
En op ’e melkers lûd gerop,
Ha ’t fé de koppen sleau opstitsen.
Drok nou oan ’t melken, speet by speet,
Trochmelke stees fen ou de meet.
De hiele tiid by ’t sinnekliûwen,
By ’t sinnedelgean, oan nou ta,
As folle ljue ek smjûcht ’r op ha,
Om op to jaen, nei ’t bodsjen, driûwen,
De holle is swier, de lea binn’ wirch,
Stiif de earms en slûch troch fleis en mirch.
’t Heth syn bikomst, ’t jing’ minsk oan de ierde,
Heth kepp’le for syn ierdsk bistean.
Hy heth fen de ierde hjoed wei ’t lean,
Biskript; de jounklok mei nou liede.
Nou freget ’t heechre ek syn rjûcht,
As ’t each oer alles hinnetsjocht.
Der riist út djipten fen syn siele,
Al útert him ’t net yn in klank,
Sa’n tins fen lof en stille tank.
It lit syn tank’jend hert him fiele,
Dat al syn skrippen hjoed omfoech,
Fier boppe winsk en bea bisloech.
Derfor de Jower fen al ’t goede!
De tank, dy ’t Him der for takomt,
Op ierde en yn alle romt’,
Dat Hy ’t al liede woe en hoede,
Mei wysheit it foarsoarge heth;
’t Untbrekke liet oan ’t need’ge net.
Fen Maert ou wiern’ jy al oan ’t skreppen.
Do ’t waer sims noch sniebuiich wier,
In „Wite Peaske”, de moarnsier,
Ho seach min jo de lea al reppen!
De foergen blikten, waerden skier,
Fen do ou brochten jy it fier.
It koalsied stiet yn goud to bloeien,
De greide is giel fen hynsteblomt’,
De ljippen wjokkelje oer de romt’,
Wylst swealtsjes twisken yn der soeie,
De wyn Noard-East, dei út, dei yn,
By heldre loft, fol sinneskyn!
Yn kearsljocht pronket de kastanje,
Op griene kand’lers hearlik skien;
De sulvren bjirk heth ’t moaiste grien
Oanpast, it floddert d’r om as franje.
Line, iek en wylch meitsje in lyts wâld,
Om ’t hûs en lizz’ ’t alhiel yn ’t skâd.
’t Is yn natûr as yn de herten,
Der giet in stimminch troch natûr,
De gloed fen ’t oansteand Pinksterfjûr.
(Wol yn de takomst noch bisletten),
Lykwols in foargefoel, sa eat,
Wirdt de natûr hjar stim ouheard.
De greate dei komt oan ’e kimen,
Sjocht bliid de wachtsjende ierde oer;
En dielt him mei oan hiel natûr.
Troch ’t folle bledgoud rûst de hymne,
As ’t liet fen de iere Pinkstermoarn.
As ’t kaem fen boppen op ús oan.
Wy hear’ ’t foarbygean yn ’e twigen,
As de Amme fen Gods Albistjûr,
Al sjogg’ wy net it Pinksterfjûr,
Op de apostelen delsigen,
’t Is as ’t oanheljen fen ’e wyn,
Fen de earste Pinkster eat hâldt yn.
Dr’is haeit, moainjealtsjeparren ripen!
De boekweitswietroak ha jy rûkt,
It is sa nei de Hjêrst ta lûkt,
De Risping’ barge yn golle en kipen;
De heilbui en de snieflok kaem,
It slagge ’t jing’, min ûndernaem.
Fier leit de tiid fen blom en flinter!
By jountiid raest de stoarm om ’t hûs,
Dy skoert oan pannen en oan de oes;
Alhiel op komst is al de winter.
Lykwols nei de ienlikens op ’t lân,
Skynt Bethl’hem Stjir oer kimens rân.
1910 en 1911.