De soarch for it Fryske folk, binammen dos for de ynwenners fen it
sélân Fryslân, birêst bihalven by de kommissaris fen Leechlân’s
keninginne--en fen him mei men, om ’t it kommissariaet it forbân
bistjut bitwisken Fryslân en it Ryk, net altyd-en-ivich in apart-
fryske hâlding forwachtsje--by de fryske steaten, gearstald út
mannen, hwaens namme in goede klang hat yn it stik fen ’e forsoarging
fen fryske bilangen, en dy’t bihearre ta ûnderskate politike partijen.
Ek hjir yn Fryslân is de tsjinstelling twisken lofts en rjuchts fen
oerhearskjende krêft, en it is nuver en fornoegjend to sjên, ho’t read
en swart mear en mear for master bigjinne op to slaen, en ho’t it
liberalisme, det sims net ûnaerdige bigjinsels forkindige, mar sûnt
jierren forstive en ynsliept is, en mei it forliezen fen syn wirkkrêft
ek syn bisteansrjucht forspile, stadichoan ôftakket en toskromfelet.
Hwent hjirút sprekt de fryske siele tige dúdlik, dy’t it hjar
ûnweardich achtet hjar to jaen by in partij, dy’t syn ynhouten
forlaer, hokfor moais hja yn fiere tiden ek ienris ûnthiet.
It forskeel twisken lofts en rjuchts is net uterlik, mar rekket it
djipste fen it minskebistean, om ’t de lofter partijen jimmeroan
skreppe for in forbettering fen de stoffelike mienskips-tastânnen,
wylst dy fen ’e rjuchter kant binammen hjar oandacht jowe oan
geastelike bilangen. Striid twisken de twa klibers scoe dos net
perfoarst nedich wêze, laei it lân der net sá ta, det de lofter
fraksjes miene opkomme to moatten tsjin de wize, dêr ’t hjar
tsjinstânners de geastelike bilangen op winskje to forsoargjen, wylst
dizze lêsten min hjar moed hawwe oer de mannear, dêr ’t dy fen ’e
lofter side de tastânnen yn ’e greate wrâld op wizigje wolle. Mar
dizze strideraesjes, dy’t by hwet ynskiklikens en fordraechsumens
fen beide kanten tige bêst for in goed diel bisljuchte wirde koenen,
foroarje neat oan de wierheit, det de rjuchterside binammen geastelike,
de lofter stoffelike tastânne-forbettering biëaget. Der mei forskeel
fen miening oer bistean, hwet for de naesje sels it nedichst en
weardichst is, alteast ditte docht der klear bliken út, det it bistean
fen partijen, dy’t hjar yn haedsaek wije oan de geastelike bilangen
fen in folk, net allinne winskelik-yn-theory, mar ek yn praktyk hiel
wol mûchlik is.
De partijen fen ’e rjuchter side, dêr ’t ik net ta bihear, mar hwaens
bistean en wirk net hegernôch oanslein wirde kin, om ’t hja hjar leden
de wisse oertsjûging en krêftige trochsetting meidiele, dy’t
needwindich it gefolch binne fen in fêst bitrouwen op in liedende en
diekrêftige God, sadet ytlike ljuwe, dy’t oars nea wisse moréie
grounslaggen forwirven, nou rêstich en ynbânnich gean troch it
grousume libben--dizze partijen den wije hjar yn it steatkindige der
oan, it Gelove, neffens hjar oertsjûging ynjown fen it Albiwâld,
triomfearje to litten boppe de fen minskeforstân útfoune Steat. Mar
nêst de oerwinning fen it Gelove, al moat dit neffens party neamd en
bistreve wirde yn it alderearste plak--bliuwe der yet oare geastelike
bilangen bistean, dy’t wol is wier fen dizze ierde binne en dos
tidelik, mar dy’t nimmen it rjucht hat to forwaerloazgjen, op straffe
fen de namme „Minske”--det is: de yn-syn-siele ivige bitsjûrder en
organisearder fen de forgankelike wrâld--ûnweardich to wêzen. En
hjirta biheart den wol binammen de plicht, oan de lieders fen in folk
oplein, om to soargjen, det de naesje, dêr ’t hja diel fen útmeitsje,
oandiel kriget yn de minst tidelike bloei fen de wrâld: de djip-
minskelike, ynlik-bistevige cultuer, dy’t op de útkomsten fen de
ûntwikkeling fen minskelik tinken en fielen, mei lijen en fortriet,
mar stadichoan en rigelmiettich opboud waerd.
Oer dizze kwesje hoecht hjir net folle yn it formidden brocht to
wirden. Elts folk ommers kin oan de mienskiplike cultuer inkeld diel
hawwe yn de tael, dêr ’t it him it maklikst yn uteret, dy’t him it
hânsumst en brûksumst is, yn syn eigene dos, omdet syn bistean it
iennichst uteringsmiddel yn syn tael hat, lyk as myn siele hjar
allinnich uterje kin troch myn mûle en net troch dy fen myn bûrman.
Mei it forlies fen syn tael rekket it folk de kâns kwyt, in apart
plak yn de wrâld en yn de cultuer yn to nimmen, forliest it de
gelegentheit it folksaerdige op to fieren ta de hillichste hichten,
hâldt it op as apart folk to bistean, en wirdt it dos twongen op to
gean yn, gear to ranen mei machtiger naesjes: de útkomst is, det it,
koart nei it forlies fen syn iennichst uteringsmiddel, syn siele
kwytrekket, sûnder fensels dy fen in oar derfor yn it plak to krijen.
Ik wiis op de Grinzers en de East-Friezen, dy’t, praktysker fen oanliz
as wy hjirre, hjar lokkich priizgje meije om it bisit fen in
fruchtberder yntellekt, en dy’t sûnder ús twinkeljende marren en
rûzige wâlden ek minder bihindere wirde fen de twivel, dy’t altomets
it gefolch is fen in krêftich-ûntwikkele fielingslibben--masters yn
suver tinken en fen klear ynsjuch, en dy dennoch suver neat yn it stik
fen cultuer ta stân bringe kinne. Hja forlearen hjar biwende fryske
sprake, en net earder as it hjar slagge is, mei úthâldend arbeidzjen
en bitrouwende moed, hjar leech-dútske gearspraken op to fieren en to
ûntwikkeljen ta in weardige selsstânnige tael, scille hja wer apart,
nou net mear as fryske, mar as friso-saksyske stamme rjuchtstreeks oan
in greater cultuer-gebiet dielhawwe.
Hjirút folget ienfâldich en sûnder omhalen, det de striid for de
fryske tael fierd wirdt út soarch for en yn it bilang fen it Friezene
folk, det foroardiele en delstaet wirde scil ta de rang fen in
tjirmjend en sukkeljend, ommers heal-bloedich, lid fen ’e
Great-Leechlânske stamme, koart nei ’t it syn egene sprake forlear.
Mar ek is it maklik yn to sjên, det dizze taelstriid it alderbêst en
krêftichst fierd wirdt net út in wittenskiplik bitinken--b.g. det it
for de witnis sa spitich wêze scoe, det sok in âld-Germaenske tael it
bistoar--noch út in sin for hwet âld is en biwend--men scoe den ek
stride moatte for de earizers, de klinkebaitsjes en sa--mar út in
waermbloedige en ynlike ljeafde for yens eigen folk. Ja, it stiet by
my fêst, det de fryske biweging der allinnich by winne koe, as sokken,
dy de tael rêdde wolle inkeld om in wittenskiplik bilang, hjar mar fen
ús ôfjoegen, om ’t hja dochs net forsteane ho’t in Fries syn tael
achtenearre sjên wol, en faken dos bisocht binne mei in bihyplike
healslachtigens.
Dit is it swiere stik, det men yn ’e forflein hûndert jier fen fryske
taelbiweging--forflein ja, as hiene se mar in deimennich bistean, sa
leech en sûnder fortuten--nea net oandoaren hat: iepen en moedich nei
it folk sels ta to gean, it to wizen op hwet as folk syn plicht wier
en it oan to fiterjen ta in warbere fordigening fen ’e rjuchten, dy’t
it Frysk as tael hat, om ’t men ealge, det de fryske ljuwe binijd
redendiele scoene: „Ho is dochs ditte, det wy de tael biwarje moatte,
om ús eigen wêzen en siele to rêdden? wy hawwe dos yet in apart
bistean? wy binne dos yet in selsstânnich folk? hwerta regeart men ús
den út in Hollânske haedstêd wei?” Ik wit net, eft it folk yn wierheit
yn syn gehiel ea sa redenearje scoe, en my tinkt det, al nimt de
nasjonale fieling ek noch sa folle yn krêft ta, in separatistyske
oanstriid (ûnder Hollâns hearskippij wei) dochs to’n earsten net as in
earnstige mûchlikheit biächte hoecht to wirden; mar dit wit ik wol,
det, wier it gefolch fen in nije nasjonale oplibbing, dy’t needwindich
mei it fieren-fen-folkswege fen de taelstriid mank gean moat, ek in
greatske en heechhertige hâlding tsjinoer Hollân, al ûntstie der
wriuwing en ôfkear, al stjûrde men frysk-nasjonale keamerleden nei
den Haech en al rôp men yn it iepenbier de stipe yn fen it Ingelske
regear, det dit alles, ho bigreatlik ek, better tocht wirde moat as
det it folk, syn plichte forwaerloazgjend, him earst tael, den eigen
siele kwyt-makket. Waling Dykstra hat it folk for de tael yn it spier
bringe wollen mei syn Winterjounenochten--syn doel wier treflik, mar
de gefolgen fen syn skreppen wiernen inkeld achting for him sels, in
ûnbidich gelaits en in net bjuster oannimmelike wilte, en de
opfetting, det it Frysk nearne for doochde as for leech-by-de-grounske
redenaesjes en aerdichhedens. Piter Jelles--men kin syn namme net
neame as mei spyt en mistreastigens: hwennear scille wy hjir wer sok
in striidfeardich sjonger oanskôgje!--seach klearder, en joech as syn
bitinken, det it Frysk allinnich rêdden wirde koe troch in
folksbiweging, mar wirke der sels allike min oan mei as de forfalman
Hof, dy’t soks biskreppe wol mei geastleaze rymstikken, ûnbigryplike
sonnetten en opsettelik-falske redenaesjes. It Alde Selskip is to tige
ynnommen mei syn egen treflikens, om him sa to reorganisearjen, det it
yn wierheit yn folksselskip wirdt, det in weardige folksstriid liedt--
somlike liberale Haedbistjûrders wirde al bleek om ’e noas, as hja om
sok in rûzige maitiidswyn, sok in skriklikens tinke--, inkeld de
Soasialisten as de Zee en van der Zwaag, dy’t de ûnmisbere krêft fen
it folk op wearde witte to skatten, en aldergeloks hiel it Kristlik
Selskip, sjugge de tastân klearder.
De fryske taelstriid is alderminst in hopeleas ûndernimmen, en as men
aloan it folk wize wol op syn eigen wearde, syn eigen aerd, det de
tael fen neden hat as it yn syn suvere fryskens bistean bliuwe scil,
den haw ik op de útkomsten sok in lokkich bitrou, det men neffens my
oertsjûge wêze mei it sels op ’en dûr sûnder Ingelske stipe ôf to
kinnen, ho dy ek aloan weardearre scil. Is men út persoanlike ef
steatkindige bitinkings tsjin op it ynroppen fen Ingelske stipe, den
is men lykwol ek sûnder genede der op oanwiisd to dwaen, hwet ik niis-
krektsa yn bitinken joech.
Hjir komt yet in oare saek op it aljemint. Men wit, det ik as eindoel
fen de taelstriid fordigene haw de hearskippije fen it Frysk op fryske
groun, wylst it Hollânsk inkeld as bytael biskôge wirde scoe, om sa ek
mei de oare dielen fen it Ryk fieling hâlde to kinnen. Yndie scoe
neffens my dit de ideael-tastân op ús erflike kriten wêze, det in
ûntwikkele Fries, eltsenien dy’t bihalven it leger ûnderwys yet in
algemien-ûntwikkeljende cursus trochmakke hat, syn eigen tael, it
Frysk, alhiel ûnder de knibbels hie, fen it Ingelsk foldwaende ôfwist
om it moai flot sprekke to kinnen, sa’t er yn hiel de wrâld nearne
forlegen hoechde to stean, en fen it Hollânsk genôch, om it alteast
goed fetsje en lêze to kinnen. Mar al is dit it jongfryske eindoel,
hjirút folget alhielendal net, det wy hjoed-de-dei al bigjinne moatte
oan to stjûren op amptlike ientaligens en in skrikliken heibel en
kabael útjaen, om foartdalik yn skoalle, tsjerke en rjuchtseale ús sin
troch to driuwen, dêr ’t in aldermâlste en for it Frysk wier-wier
neidielige opskoer fen ûntstean scoe. Hwet nedich is, is die-krêftige,
fiks-trochsette, moedige mar rigelmiettige arbeid, en for de beide
utersten fen soarchsume en opkearende forsichtigens en hirdrinner
dearinnerij hat men yen mei de measte hoedenens to mijen.
Ik neam dit efkes, om to forklearjen, ho’t ik by al myn biwûndering en
foldwaning dochs in bytsje biwyldere wier, do’t ik fornaem, det in
mennich fen it jongerein yn ien fen ús liedende fryske lichums al
bigoun wiernen oan to stean op amptlike ientaligens, dêr ’t de lieders
bliken fen joegen lang net ôfkearich fen to wêzen,--en det hja dêrom
yn it Karbrief fen hjarren forieniging opnommen hawwe woenen, det it
doel fen it lichum û.o. wier: „De fryske tael wirdt de ienichste
amptlike tael fen Fryslân”. Ik fyn wrychtich-wier gjin wirden om myn
blidens oer sok in manlik en ynfrysk ûndernimmen to uterjen, mar
dochs, frjeonen, yn myn wirk haw ik de winskelikens fen sok in
hastigens nea net fordigene, en ik leau hast, det wy op dy wei, as wy
alteast gjin folsleine steatkindige revolúsje winskje, net sa folle
fortuten for it Frysk bihelje scille, as it tsjinwirdich wol kin. De
wyt-moarmeren wente mei syn kante pylders en syn ryk byldhouwirk, dy’t
fier, tsjin de blauwe kym oan, omhegen riist op de brede rêch fen dy
gouden-glânzgjende kling is dochs al net yn in ûremennich to birikken,
en needlottich kin it sels wirde, as men al foartdalik by it bigjin
fen de wei, dy’t omhegen laet en dos swier is to bigean, rint út al
yens macht.
Det der wirk dien wirde moat, in protte wirk, is dúdlik; my tinkt,
_lit ús bigjinne mei, elts nei syn krêften, derta mei to wirkjen det
it Frysk op fortsjinstlike wize brûkt wirdt as in weardige kinst- en
cultuertael, en safier as wy mar in bytsje kinne, der op oanstean en
der ta bydrage, det yn safolle mûlk iepenbiere en bysûndere skoallen
Frysk jown wirdt as tafek, det it preekjen-yn-Frysk mear algemien
wirdt, en det der einlings ris in fryske kranie útkomt_--in ding, dêr
’t nei hûndert jier fen „taelstriid” (hwer de fryske krêft bleaun is
yn dy tiden?) de tiid sa njunkelytsen dochs wol ris for kommen wêze
scil. Binne wy safier, den, jimmeroan ôfgeande op it strieljende doel,
in folgjend diel fen de baen: ik jow grif myn ûnthjit, det men op my
rekkenje kin, as ienris dit ta stân brocht waerd.
Bûten det it gefaer fen to wrimpene hastigens en bloisterigens
sadwaende alhiel weinommen wirdt, biedt it útstel, det ik hjir joech,
net sûnder det it my moeide, det ik net fierder doarst to gean, dit ek
to weardearjen foardiel, det it sokken ûnder it alderein, dy’t yet
biswier meitsje it fen my fordigene eindoel oer to nimmen, sa dwaenlik
makke wirdt for de mienskiplike saek nêst en mei ús to arbeidzjen.
Sels immen as Dr. Schepers, dy’t by ús de faeiste pasjint is oan
Groot-Nederlandmany scil, as ik my net slim forsin, gjin biswier hawwe
hwet ik niis-krektsa skeanprintsje liet, as de plicht fen de fryske
taelstriders to biskôgjen.
* * * * *
[2] It opstel „Us taelstriid” is skreaun as in forfolch op haedstik IV
(Us taelstriid) fen it wirkje „De Jongfryske Biweging” (Bergsma,
Dokkum).