Dit is de syktme, dy’t it ûnsidige lân, dêr ’t wy yn libje, oantaest
hat en ûnsjênber, stadichoan it hiele gestel ûnderminet, oant er
ienris tapakt en ynslacht, sûnder in lytse kâns op genêzing to litten
--det, wylst tichte by ús grinzen de blom fen ’e jonkheit út
omlizzende lânnen sichte wirdt fen ’e dea, wylst de nachtloft read is
fen fjûr en de groun fen bommen towoelle, wylst de lânnen sêd binne
fen geskriem en de weagen fol fen gerop, fierwei de measte minsken
hjirre dogge, as barde der neat, en swietsjesoan trochgean mei hjar
deistich wirk, ef mei hjar wyn-drinken en it ôfrinnen fen komeedzjes
en jounspretten foartfarre.
Men fetsje my wol. Nimmen scil bigeare, det wy nei de yllinde en de
ûnminskelikens fen de oarloch in toarn oanskôge to hawwen, ús jowe
mids de forheftige kolk fen de striid, nimmen sels, det wy út rouwe om
de frjeonen, dy’t foelen, lyk as eren de hartoginne fen Angoulême, ek
it glimkjen oerjaen scoenen, ek út ús libben it laitsjen fordriuwe.
Mar hwet as plicht rêst op elts, dy’t syn libben net trochgean wol as
in doarmer yn in geheimige en rûzige nacht, is him to jaen yn de
earnst fen ús tiid en de ynfloeden fen ús dagen op him ynwirkje to
litten, sûnder to eangjen, det hja him út it lead slaen mochten.
Priislik is it, tige priislik wis, det wy hjirre komité’s oprjuchtsje
for hwa ’t finzen waerden yn ’e macht fen hjar fijânnen, for hwa ’t op
de slachtfjilden lizze út to sjên nei frjeonlike soarch en de treast
fen in pear bimoedigjende eagen, for hwa ’t in man ef in heit
forlearen, dy’t sa nedich wier for hjar gesin--treflik, det men
flechtlingen út barnende stêdden hjir ûntfangt, lyk as men neffens de
âlde en wijde wetten fen gastfrijens, hjar heart to ûntheljen. Mar
hjir sprekt allinnich it meilijen, it langstme it leed fen yens neiste
to sêftsjen--haedsaek bliuwt, det yens egen persoanlikheit syn maklike
ûnforskilligens en tofredenens ôfleit, en, syn greatske hegens
biwarjend, ré stiet, moedich en fêstbisletten, om de takomst oan to
fetsjen, lyk as ienris de Germanen de hoarnen griepen fen in
oanstoarmjende ûrokse.
Hwa ’t de wrâld net rjucht yn de read-biroune eagen sjên doar, biret
om, as it nedich is, mei hjar oan to gean in striid fen libben-op-dea,
lit him gean nei de broeijerige loft fen syn sliepkeammerke en
ynslomje--lit ús hoopje forgoed--wylst de loften it gleonst binne en
de lûden it forheftichst. Hwent hy forstiet net de stimme fen God,
dy’t it oerjown hat allinnich to lústerjen yn ’e sigens fen in mylde
simmerske joun, mar dy tongeret, lûder en lûder, oant einlings de
minske de earnst fen it libben wer earet--en is dos in ûnnut, net
weardich as tinkend en fielend wêzen diel út to meitsjen fen de
ûntsachlike kosmos.
Mar hwet docht men. Op thébisite by in frjeonlike âlde moeike, dy’t,
breidzjend en in koaltsje fjûr ûnder de foetten, sa jerne hwet kâltet
oer waer en wyn, bigjint men to earmoedzjen oer dy grouwélige oarloch,
en sawier, men suchtet sims--bûten, yn ’e greate Mienskip, rjuchtet
men mei in sikelike langstme aloan wer nije forienigs to stiftsjen,
antioarlochsrieden op, hwerfen de leden contribúsje jowe, in tiidskrift
lêze, en, fensels, oertsjûge binne fen de ûnweardigens fen dizze
wrâldstriid. Men scil de minsken nou ienris en forgoed oan ’t forstân
bringe, det sok in tastân netwier, yn in biskaefd Jerope . . . ensf.,
men scil de wrâld for in inkelde kear forbetterje, hjir in pleisterke
op in iepen plak, dêr in doek om in dragend lid--och, it is wol ljeaf,
en der binne sa’n protte minsken, dy’t wol graech ris mei in oar
omdokterje meije, en fensels, _wy_ binne wiis en witte hwet forkeard
is, mar in oar sjucht det sa goed net yn, en dêrom scille wy him det
nou ris leare.
Mar hjirmei tsjinnet men allinne de egene heechhertigens en waenwizens,
en God alderminst. Einlings hearre wy yn to sjên, det it net ús earste
plicht is ús broerren heal-idioat en ûntarekkenber fen bigryp to
biskôgjen, om den frjeonlik oer him de fâld en de master to spyljen —
mar det wy alderearst ús sels hawwe to forfoarmjen, út to driuwen hwet
lyts is en swak, rjucht to stean mids de woelige wiksel fen ’e wrâld
en nea net bilies to jaen, noch for it minne yn, noch for det bûten ús.
Earst as men wis is fen yensels, as der gjin gefaer for nuvere
útgliderijen mear bistiet, as men fielt det yens egen opfieding ôfroun
is en fortuten efterliet, dy sterk meitsje for hiel it kommende libben,
den mei men in oanbigjin meitsje mei it wrâldforbetterjen.
Hwent net earder as den scil men straffeleas de wrâld yn it antlit
sjên kinne en net earder as den scil men forstean, det, hwet ek
meifalle mei, tomôge en ûndermine, hwet yen bidriget oan eltse kant,
krêftleas is tsjin yens egen ivige siele en tsjin yens egen karakter,
det bliuwt en stiet, ûnforwrigber. En as wy dit net leare yn ús
geweldige dagen, det de wrâldmachten allinnich krêft hawwe oer yens
liif, mar det it eigen Ik, det is yens eigene geast mei syn krêft en
syn hegens, syn greatskens en syn wil, him inkeld hat to bûgen for God,
mar for net ien fen ’e minsken, om ’t itsels godlik is, den scil hiel
dizze oarloch omdôch west hawwe, en God scil ús bisiikje mei yet
pynliker pleagen, om it ús by to bringen.
Wêz fêst, wêz sterk, it is yn it libben de iennichste plicht. En de
iennichste wet is „Bid en wirkje”.
Bid, det is, sûnderje dy faek ôf fen ’e wrâld en haw noed, det hja dy
net yn bislach nimt, tink folle en djip, fiel suver en klear, jow
rekkenskip, dy sels en it Albiwâld, fen hwetstou diest en dochst —
wirkje, det wol sizze, gean mei dyn bêste en ynbânnichste krêft nei it
lân yn en bûten dy, fêstbisletten, yn beide oars to meitsjen, hwet sa
breanedich oars wêze moat.
Ik wit, det der in ûntsachlike striid for útfochten wirde moat, om
rêstich to stean tsjinoer al it fierderflechtsjen en it drokke gekrang
fen de koartsige wrâld, ik wit det der drege moed for nedich is,
aloanwer it mês yn ’e hân to nimmen, as der seare steden de gevens fen
yens egen gestel ef it lichum fen hiel de wrâld bigjinne to bidriigjen.
Mar dizze fêstens en dizze moed is perfoarst nedich, hwent, koe men
hjar net bimasterje yn yens learjierren, dy’t by somliken it hiele
libben dûrje, den bliuwt der ivich gefaer, det men meiskoerd wird fen
’e twivel, hwaens sûgende krêft nei alle wierskyn nea net sa lûkend
west hat as yn ús tiden. En om ’t Friezen jimmeroan rynsk mei dy twa
eigenskippen seine waerden, dêrom doar ik it den oan, iepen to wizen
op hwet ús to wachtsjen stean kín.
It is myn fêste oertsjûging, dy’t ik taljochtsje koe mei mennich in
moai en ynslaend foarbyld út de miene skiednis en út myn eigen bifinen,
det de minskelike krêften, ynsafier dy nei bûten bliken dogge fen hjar
bistean, mei enoar yn wriuwing en konflikt komme moatte,--oars sein,
det it quantum „striid”, lyk opgeande nei it oanwaechsen fen de
wrâld-krêften, aloan tanimt, fen hokfor alloai dizze striid den ek
wêze mei. By de tsjinwirdige ynrjuchting fen ús mienskip kin dit
skreppen for yensels op stoffelike kriten allinnich gean ta skea fen
yens neiste, en om ’t men, wol men yn ’t libben bliuwe, der op
oanwiisd is for yensels to soargjen, kin men der inkeld om tinke, ho’t
men syn meiminsken de minst bitsjuttende en maklikst to dildzjen skea
oandocht. By de greate mennichten giet it net oars: de ûnderskate
partijen wirkje tsjin enoar yn, kinne net oanhelje as mei forlies fen
de oar, en dêrom is ek hjir dy partije-striid de oannimmelikste en
weardichste, dy’t, krêftich en mei trochsetting fierd, dochs de oar
gjin ûnbinlik neidiel, yensels gjin ûnrjuchtfeardich foardiel
bisoarget. Yn it bilang fen de minskelikheit en fen de bêste
ûntwikkeling is it dêrom to winskjen, det, sadré dizze wrâldstriid
ôfroun is, de krêften fen ’e minskekloften útwyk fine yn in
klassestriid, hwerút safolle dwaenlik alles hwet minnich en ûnweardich
is, weikeard wirdt. Mar dit scil allinnich den barre kinne, as dizze
oarloch einet mei in folsleine ûnderlaech fen de machten Berlyn—Bagdad,
en as Dútsklân by it nije fredes-fordrach sa ynrjuchte wirdt,
b g. troch in fordieling yn twa ef trije keningriken, det it oan in
forset tsjin de entente-machten, dy to’n earsten de fâldij oer det lân
útoefenje moasten, net meartinke kin.
Hwent komt dizze kriich net ta in útdragen saek, den kinne _ef_ de
Jeropeeske greatmachten safolle krêften oerhâlde, det hja dalik wer in
kriichrin in biwapening en legerfoartsterking bigjinne--_ef_ hja
scille, allegearre, ôfmêd en forslein to hymjen lizze, sûnder moarch
en piid mear, it ynlân fol yllinde en kankerjende noed, oant hja de
ien nei de oar ûndergean yn in revolúsje fen de hongerlijers tsjin de
mennich heech-troanjenden. Wirdt de wrâldstriid biëine mei in
oerwinning troch Prússen, Hongaren, Boelgaren en Turken, den scil sok
in ein dochs nea net definityf wêze, om ’t de oerwoune foltsen hjar
nea skikke scoenen yn hjar lot, en aloan scille hja wrakselje om de
skea yn to heljen en it forlerne wer to winnen, oant einlings de wrâld
bifrijd wirdt fen ’e ûndraechlike hearskippije fen jonkers mei
houneswipen en rinkeljende spoarren.
Hwent och, safolle minsken meije noutiids, skriemende wirch fen it
ôfmêdzjende gejacht fen ús tiid, moedleas sitte to winskjen nei
ljochter, freedsumer dagen--wy scille op dizze wrâld ek op hege
âlderdom net folle rêst mear fine. Rêst--de jongfeinten fen it âlde
Grikenlân wisten, fielden hwet det wier, as hja nei it swiere
wrakseljen yn in gymnasion, det wyt blonk fen it sân, útrêsten yn ’e
simmersinne, de krânse yn it hier en lústerjend nei it liet fen in
frjeon; de mûnts fen ’e middelieuwen fielde hjar seine, as er,
opsjênde fen de glânzgjende perkemintblêdden fen in âld hânskrift,
troch de yn lead fette rútsjes seach nei de oarderlike, bloeijende
kleastertún--, mar út de tsjusterens fen ’e frânske revolúsje en it
kleare bigryp fen Napoleon syn forstân is de striid fen ús dagen
berne, dy’t oanwaechst yn krêft en de mienskip mei hjar minsken
sloopt. Hwet scil men folle bigjinne? de weagen fen dizze jimmeroan
ûnlijige sé strûze rizend en tommeljend oer de lânnen, dêr ’t ienris
it sêfte genúnder wier fen it jounsliet en de mimerjende priel fen
hwet wite roazen en dêr ’t nou de wetterplanten fen de grize groun
hinne en wer soeije mei it rôljen fen de weagen, wylst mar hiel inkeld
in berchtme, ûnforwrigberfêst, boppe de skomjende widens útriist.
Sa ûntsachlik yn wêzen en yn gefolch is dizze striid, det de grinzen
fen ’e steaten fen Jerope, dy’t ieuwen en ieuwen fen neden hawn hawwe
for hjar stadige en fêste groei, dy dêrnei lange jierren aloan
bistevige waerden mei hwet de wizens fen tiid en minsken as middels
úttocht--det dizze grinzen as útwiske binne en de steat, dy’t men
hjoed forearet as de weardichste en de krêftichste, moarn yn moude
útinoar falt. Der is yn Jerope gjin lân, gjin steat, ef syn foarste
bilangen steane op it spil--de steaten wirde bidrige troch fijânnen,
sims al steande binnen de grinzen fen it eigen lân, de troanen
wriggelje troch de ûnrêst fen it folk, det syn eigen hearskers
oansjucht op al det lijen, yn pleats fen de steaten en dy hjar
hearsksucht sels. Ruslân, Dútsklân, Ingelân, de geweldichste
minskekloften, dy’t ea in mienskiplike striid oanbounen, de lânnen,
dy’t wy ûnforwinlik achtene, hjar egenste grounslaggen trilje fen it
gedinder en de swiere ynspanning--de lytse lânnen krimmenearje en
kettermintsje nou en den hwet, mar birêste al lang yn it gefal, en
nimme it mei hjar rjuchten net to earnstich, bêst wittend, det dyselde
rjuchten ienris in skoandere oanlieding wêze kinne for in greatmacht
om hjar yn ’e oarloch to biheljen--en hwêr bliuwt den it folk, det
mar in lyts diel útmakket fen in lyts lân, ús Fryske goe-minsken?
Dit is de twivel, dy’t ek my sims to machtich wirdt. Net de wenstige
gefaren yn Fryslâns fjilden--de earsucht fen lytse geasten; it
Hepkema-gekeakel fen ljuwe, dy’t nidich binne, om ’t immen hjar masker
fen hjar antlit ôfskoerrend, hjar wyt en gammel troanjemint oan de
wrâld biwûnderje liet; de ôfbroazeljende ynfloeden fen Hollânsk en
Dútsk--hawwe my ea ek mar in amerij oandien mei noed, ynpleats fen my
oanlieding to wêzen ta in mennich meilydsume wirden; mar as men tinkt
om hwet ik der niis-krektsa neamde, om dizze ûnhjirmlike striid dy’t
inkeld it bigjin is fen hwet ús yet wachtet en men sjucht hjir dit
lytse, fredige lân mei syn stimmige jounsloften, ja, den moat men wol
twivelje, eft al de soannen fen Fryslân, al hienen hja tsjienris
safolle striidbere krêft, yn steat wêze scille hjar lân ûnbismodze to
hâlden fen alles hwet smoarch, ûnhuer en bloedderich is. En dochs
meije wy inkeld sjên nei it read fen de rizende sinne, nea net nei det
fen ’e flier yn in slachthûs--en docht is de soarch for ús lân ek ús,
ús alderearst, oplein.
En sa steane wy den for it poarperen gerdyn fen ’e takomst, det yn
swiere en rike fâlden delhinget op ’e blinkende flier fen ús
keninklike seale, it geheimige klaed hwerefter feal suchtsjen is en
heal-lûd gekjirm, en hwerfen de flierseame wiet is fen in wûnder read.
Noch binne ús sitten sêft en noegjend fen forwiel, noch falt it
sinneljocht yn rêstige en stimmige kleuren troch de suver-bimielle
ruten, noch is it liet fen hwa ’t ús niis-krektsa song fen maeitiid en
séwyn en ljeafde ús earen net ûntstoarn, mar it wirdt tiid, det wy de
rêsting nimme fen it plak, dêr ’t hja jierren laei, en it blinkende
swird yn ’e hânnen.
„Bid mei dyn eagen en wirkje mei geast en liif . . . Wêz fêst, wêz
sterk”.
* * * * *
[1] It opstel „Twivel” is skreaun yn ing forbân mei haedstik
V (Stipers) fen it wirkje „De Jongfryske Biweging” (útjown by
Bergsma, Dokkum) en mei it striidskrift „Fryslân en de wrâld”
(Ljouwert, Eisma).