In fûgel naem in siedtsje yn ’e bek en fleach der mei foart. It foel
earne del, sprútte, woeks, waerd’ great, waerde in keninklike beam, en
joech in skoft syn ljeaflik skaed oer de wrâld. Seach de moannen rizen
en sinken, seach de jierren en de stadiger rin fen ’e geslachten.... En
op in dei kaem der in stoarm, fûleindiger as de oaren en hy, de âlde
beam waeide om, yn ’e stille nacht, dy-t der op folge, foel ’r.... En
in hopen misten syn skaed en stoarren nei it lege plak.
Sá hie it libben fen âlde Falentijn west. Fol bitrouwen wie ’r troch de
lege, tsjustere poarte fen ’e dead gien nei it ivige libben yn ’e
feilige bystân fen Him, dy-t hy al de dagen fen syn ierdsk bistean
forhearlike hie. Syn ein wie frede.
In frij Fryslân, in frij Hollân, it hie him net mear barre mocht, det
to sjen. Och, it like der nou minder nei as ea tofoaren.
It bistjûr fen Rutger Jan Schimmelpenninck, der wie ek al wer foroaring
yn kaem, nou waerde Hollân in kening taskikt en wol de broer fen
Napoleon, de keizer fen Frankryk. De democratie hjar possenaesje wie
útspile, Berdeau en soksoartigen waerden wer oan kant reard op hjar
eigen plak en ien fen de earste dieden fen ’e nije kening, Lodewyk
Napoleon wie, fen Andringa de Kempenaar to bineamen as haed oer it
„departement” fen Fryslân. De Kempenaars wierne Oranjemannen en hiene
det noait ûnder stoellen en banken stutsen. Scoe ’t nou allegear wer
hwet yn ’e âlde foegen reitsje kinne? hopen de ljue.
Mar de strûp waerd’ noch tichter oanhelle, de keizer dêrre yn Frankryk
moast for al syn geöarloch al mar oan mear jild brûke en hwer scoe hy
det better weihelje as út de forovere ef skatplichtige lânnen! Sa
njonkenlytsen wei kamen der trije en tweintich soarten fen bilêstings.
Sûker waerde fleanende djûr, kofje en toeback, och it waerde allegear
in greateljue’s snobberij en de mindere man koe der op sjen. En hwer
scoe min de bilêstings hast fen bitelje, as in goed keal mar fyftsjin
stûren gau en in gnap rier twa en tritich goune en in fjirder fen de
alderbêste bûter sechtsjin goune! Hwet kaem der op sa ’n menear fen ’t
gemaek tolânne?
De tracteminten fen ’e doomné’s waerden net mear útbitelle, hja litten
earmoed yn ’e útwenne posterijen. De diakenijen hiene gjin jild mear,
om de earme minsken hjar wykliks ûnderhâld to jaen.... sa bisûrren alle
stânnen fen ’e maetskippij fen heech ta leech de oerdwealske dieden fen
1795. ’t Wie al jierren oan nei de bidelte ta gien, mar nou mei dy
frjemde keizer, dy alderfinaelste tramtearder noch fen allegearre, like
it wol, as scoe Fryslân earm makke wirde.
Min mocht ek net iens mear frij útsizze yn ’e krant ef op de
soosjeteit, hwet min op it nij regear tsjin hie, dy-t de mûle hwet al
to fier op diich, waerde op wetter en brea set yn ’t spinhús en koe tou
plúzje, det it fel him fen ’e hânnen raffele. En al mar mear
ynkertierings kamen der wer fen forsutere soldaten, der om de iene ef
oare reden en hokfoar reden sims! de fetweide for nedich wie en nou nei
det rike Hollân tastjûrd waerden to tsjokiten.
En út ’e fierte út Parys rôpen se al mar oan om frijwilligers for it
leger en ek de Friezen waerden der foar spand, om dy to leverjen en se
op hjar kosten út to rissen en ek mar mei de rejale hân. Sá waerde
Fryslân, ienkear frij, ryk en yn oansjen, fornedere ta ien fen de
slaven, dy-t de wrede striemmen fen ’e beul Napoleon op it earme lichem
hagelen.
En itsij yn Parys, ef yn it leger to fjilde, fierde de Corsicaen syn
oerwinnings. Hofolle jonge minsken as der om slachte wirde moasten, om
ta sa ’n oerwinning komme to kinnen, hwet telde det? As hy syn bigear
nei it allinneregear fen ’e hiele wrâld mar ien stap neijer foar him
seach, it mar bilôke yn ’e fierte, den maelde al it oare him net. En
alles slagge.... it lot wie him ginstich, sa ’s it op millioenen sims
ien inkelde der útkipt en alles rynsk jowt ta in tiid ta, om him den
alles to ûntroovjen en ûndergean to litten yn ’e djipste ellinde.
De iene nei de oare bûgden sahwet al de keningen fen Europa foar him,
mar de kening fen Ingelân forpofte it en ek de Oranje’s wegeren him to
earjen. Do-t de keizer to Mainz kaem en der ek forwachte, det him hilde
tabrocht wirde scoe fen ’e erfprins fen Oranje en de foarst fen
Oranje-Fulda bleauwne se wei en bûgden hjar net foar him. Hja hâldden
as echte, rjuchte Oranje’s it mei Ingelân, det hjar en Fryslân yn syn
need bystien hie, safolle ast koe.
Ho waerden se derfor straft en neiriden oan alle kanten! Hwet him ek
mar in bytke mishage, waerd’ weismiten en totrape. Syn wiif dielde ek
det lot en in keizersdochter moast hjar bijaen nei de wil fen de lytse
boargermanssoan, as se tominsen net woe, det hjar lân teistere wirde
scoe fen in oarloch. Lânnen en folken waerden as bûgbere reiden yn syn
hân.... hy spjalte en forienige nei bihagen en nimmen doarst syn lûd
mear forheffe tsjin him.
De wrâld wie stil en biide sa yn slaefske démoed de komste fen immen,
sterker as dizze demon, hwaens bistean allinne kenber wie oan it
fordjer en ’e dea, dy-t hy oer de oerwoanne folken brochte.
En der op in dei, in freeslike dei! wie it ynienen dien mei it útrissen
fen ’e frijwilligers. De Friezen sels, skatplichtich nou net allinne
mear, mar ek bloedplichtich, koene hjar klear meitsje, om ek foar ’t
kenon set en slachte to wirden. It regear hie nou al sont jierren it
heft yn hânnen en wist krekt, hwa ’t jong wie en sterkernôch ta det
swier kerwei fen lange marsen yn fiere frjemde lânnen. Selst it keapje
kinnen fen in nûmmerruilder for sa ’n toalvehûndert goune waerd’
ôfskaft, minskefleis wie mear wirdich as jild, omt it krapper waerde
troch al det oanhâldend geoarloch.
Der klonk in skreau fen ûntsetting.... Hwet wie det? Waerde it nou
yndied wier, hwer Falentijn en Ripperda sa op oanhâlden hiene, det se
mei de patriotske partij ek de dea yn Fryslân hellen en in nameleaze
ellinde, hwer nimmen de swierte en duer fen skatte koe?
Nou barnde it den op ’e neil.... en guont, ienkear hiele hirde razers
as patriot, slûpten stil nei doctor Falentijn ta, as dy ek helpe koe en
de jonge siik forklearje ef se kloppen skytskoarjend by jonker Ripperda
oan ’e doar, it freeslike pompier yn ’e bûs, hwer de namme op stie fen
’e soan, oproppen yn ’e keizer syn wrede en minne tsjinst. Falentijn
woe se net iens to reden stean en by jonker Ripperda kamen se ek foar
de winige doar, de jonker wie net to sprekken—stegere Minne Pjirkes se
koartwei ôf en ien, dy-t wakkere hird raesde, joech ’r smeulende mei:
„Dyn jonge kin nou ek ris ûnderfine, hwet swalkjen is.” En hy paste wol
op en sizze der de jonker neat fen, hwa-t der jouns tsjinwirdich sa al
om de doar strúnden.
Dy hie al genôch lijen hawn yn syn libben, dy moast nou mar ris hwet
kenyntsjedagen ha mei ’t wiif en ’e lytse bern, twa ljeave ondôgense
jonges, hwer syn prûk nea feilich foar wie en dy oaren! dy blauhoazzen!
dy beamkedânsers! lieten dy hjar eigen sûre môlke-en-bak mar
tsjinsinnich opleppelje. Licht hiene se yn ’t foarige wol gniisd om ’e
jonker en hwet him do bidript hie, bireinde nou hjarsels. Sa ’n
sêftsedich man wie ’r net, om hjar to bikleijen, hy ginde it hjar fen
herten by fiifkops mjitte fol!—
In lân, as it syn jonkheit kwytrekket, wirdt oantaest yn syn hertesaed,
likegoed as in beam, kerfd oan it mark ta.... Stadich bledt ’r dea oan
syn woune.... Sá gyng it Fryslân ek—yn 1811 hiene se noch mar
twahûndert en ien en njuggentich man nedich hawn en moasten se twa en
tweintich jier wêze, nou taesten se de jongeren al oan, guont fen ien
en tweintich en tweintich jier.
It bifel kaem sa ienfâldich wei, de biisjager hie in pompier yn ’e bûs
en der de namme fen ’e jonge op, goed yn kalk en cemint, namme en
fan—en hy koe him binnen sa en safolle dagen reisfeardich meitsje,
geandefoet nei Swol en den oer Nijmegen, Antwerpen, Brussel,
Valenciennes nei Parys waerde ’r brocht en den fierder oer syn lot
bislist. Hwet det ynhâlde, der hoechden gjin doekjes om woun to wirden,
it roan út op ’e dead oer in wykmennich ef miskien nei hwet langer
tiidsforrin.
Suver minder as in stik fé....! en en sa opoffere to wirden for frjemd!
Op it eigen hiem fjuchtet it fûl en eigen heitelânserf to fordedigjen,
hwa, dy-t in sterke earm hat en jonge moed, fielt der gjin oanstryd ta,
mar dit wie for frjemd, in frjemde oerhearsker, dy-t oarloggen útlokke,
om syn earsuchtich brein mar wer ien amerij de hearlikheit fen in
oerwinningroes ginne to kinnen.
O ho biseften se nou allegearre de wierheit fen ’e wirden fen âlde
Falentijn, ienkear sei, do-t de patriotten krekt fol freugde yn
Ljouwert ynhelle wierne: „Dy-t gelove en gesach omfear smyt, hellet ûnk
en dead yn ’e hûs en sêfter hie hy der noch op ta sei: „Dy-t frjemd yn
’t regear hellet, wirdt fen detselde frjemd ienkear prest ta
slavetsjinst.” Syn mûle wie al lang stom, mar nou yn dizze dagen fen
drôfenisse, kamen se net út as in profecy!
En dodestiids, de âlde regintetiid, hwet waerde der net op ôfjown,
folle en net genôch! De grytman kening, waerde der húnlake, dy moast de
jonge douwen ha en de fetmeste kalkoenen om Krysttiid hinne. It wie:
licht de hoed! as minhear foarby kaem en: licht de hoed! noch ris wer,
as ’r werom kaem en as ’r skoaide om in stim fen in skotsjittend hûs ef
in kampke lân, den diich min mar gau tsjinstich, hwet ’r woe. Letter
forgeat minhear soks ek net, as min ris yn ’t onleech rekke, den koe
min yen der ek mar frij hinnejaen en waerde net ôfsneutere. It koste ek
sinten, sa ’n kening yn ’t doarp to habben, det wie wier, mar elkmis
hie sines der ek fen, heech en leech krige nou en den in rejael
foarkjefol út minhear syn fol rib en wie der al ris in rare potentaet
ûnder, dy-t hwet al tofolle for master opspile, ea nou, min hie syn
heit en pake skoan kend, min seach hwet troch de fingers....
O mieri, mar nou! It jild waerde yen ôfpûlke fen frjemden en for
frjemden. Gjin sint bleau yn ’t eigen lân. Alle baentsjes wierne biset
fen Frânsken en wylt it eigen folk winters hast omkaem fen honger,
floeide ’r de greate goudstream dochs aloan en alwei mar foart, det út
nei Frankryk ta, hwer in Napoleon der moai waer fen spile. Hja koene
him net, alhowol se yn alle ding de gefolgen ûnderfounen fen syn wil,
in wil, hwaens suggestive ynfloed Leoëftich mei tûzen fangearms oer
lânnen en sëen hinne rikte.
En stadich, noch stadiger as yn de dagen fen it Collumer oproer,
groeide der wer forset. Fryslân wie wol lam slein, mar noch net dea. It
rommele oeral, as fen in broeiërige loft, dy-t him noch net sette wol
ta in swiere bui. It is blokstil.... de sinne skynt noch, al is de loft
ûnderset en grimelich en ongedurich fol gekring fen wite wolkjes as
njirkes hjar sulverige slangelyfkes yn ’t blau omdwelmjend, ont se
einliks yn in fiere hoeke fen de loft kleauwnje ta stivere frjemde
witens.... En wachtsje, ûren, ja sims dagen lang, krekt sa lang, as de
wyn hjar op de wjukken nimt en de wjerljocht syn pylkoker follaedt en
se loslitten wirde oer it stille, hymjende lân. En fordjer bringe en
slimme bisikings en einliks, o dy freugde nei de binaudens fen in
ûrmennich!.... in stiltme, hwer in fûgel út op bigjint to sjongen en de
sinne, sêftgiel fen hiele teare spegeling tsjin de roetswarte loft, út
op bigjint to bloeijen....
Sa broeide oeral forset, al kaem it noch net ta in útdroegene saek.
Utkloarkers brochten it oan, ho ’n wjeraks de ljue net hiene oan it
Frânske gesach en ho min as ’t hjar oanstie, det de Kempenaer syn
affysje oerdrage moast oan baron Verstolk, do-t kening Lodewyk yn 1810
ôfstân diich fen syn troan en Napoleon Hollân mei it keizerryk
forienige. It wie wol goed, as der ris in pynstillingkje kaem op al
dizze seare steden, hwer it folk him fierst tofolle oan gelegen lei,
der moast mar ris „plaisier” makke wirde! Hiene de hearskers fen it
âlde Romeinske ryk det ek net as wachtwird hawn: brea en boarterij!
Hâlden se der de ljue net mei yn de blâns? Stoppet min der ommers alle
folken fen de wrâld de mûle net mei?
En derom hinge Ljouwert yn touwen, dizze Moandei fen ’e tsjiende Juny
1811. Jister hie ’t al feest west, mar nou hjoed scoe de bûter noch
oars jild jilde. De keizer hie yn Maert in soan krige by syn twadde
wiif en fensels ta eare fen dy berte, moast en scoe de hiele wrâld
feestfiere, Fryslân ek, Fryslân, de rike, altyd noch hwet oerhearrige
„provinzje” foaral. It jild for soks, hwer moast it wer weikomme?
suchten de forstânnigen, mar de measten tochten der net iens om.
Plesier meitsje, ien amerij alle noed en soarch forjitte, yen útspringe
as jonge keallen yn ’e maitiidsfinne!
De Prefect, monsieur Verstolk, hie ta eare fen de greate draverij op
dizze heuchlike dei in prachtige gouden swipe útloofd, wol tûzen goune
wirdich en der bleau gjin âld wiif by de spinwiele dy deis. Mesyk oeral
en flaggen by de rûs, de kleurige read-wyt-blauwe Frânske flagge, op in
inkelde sims in keizerskroantsje fen goudtried en kreammen en dissen by
de fleet, krekt as wie ’t al marke. Elts hie frijichheit, to spyljen en
to sjongen, hwer en hwet hy mar woe, it krioelde fen earme Dútske
blaespoepen, fidelders en lietsjesjongers en de iene bisocht noch
hirder to razen as de oare.
De moarne betiid streamde it folk al ta de poarten yn, geandefoet, op
’t hynsder en yn allerhânne soarten fen reauwen, fen it houneseaske ôf
oan ’e hiele forname karosse mei fjouwer hynsders derfoar ta, mar dy
seach min net safolle mear, hwent de ljue, dy-t eren yn sokke karossen
rieden, wierne forsjille, dea, earm ef yn it bûtelân, meast Ingelân,
hwer se hjar greatske rêch net hoechden to bûgen for in boarger
patriot, dy-t alear by heit ef pake tsjinstjonge wie ef hwaens âlden it
kâld iten út de koken taskikt waerde. Snikken, de Frânske flagge yn
top, kamen djip yn ’t hert fen ’e sted op en leine oan by de Nijested
ef de Bier-Kelders en in bûnt gewimel fen fleurige jonge fammen,
allegear yn ’e moaijste pronk, sette kleur by oan dit simmersk
tafrieltsje.
De Nijested, de Wirdummer Dyk en om ’e Brol hinne wie ’t swart fen
minsken, der koe gjin mûs mear by, mar om middei hinne waerde it
stilder yn ’e feestlik mei blommen en flaggen opsierde strietten. Alles
kuiere nei de poarte en den de bûtewei út nei de Marsummer Dyk ta, dy-t
der moai sljucht makke en hird as in telleflier fen it moaije
droechsume waer fen ’e lêste dagen twisken de sappich griene greiden
lei to blinken.
De berms sieten fol mei itende en drinkende ljue, hjir ek dissen en
kreammen by de fleet, gûchelers, hirdrinders en pijassen, dy-t aepkes
yn ’e beammen opfleane lieten, kokyntsewiven en sintsjesmiters, dy-t al
mar oan balten fen on ef even, Peasumer frouljue mei droege skaren, in
hiel great bosk for ien dûbbelstûr, in Frânske lietsjesjonger, skelmige
lietsjes forkeapjende op fjûrread sidene waeijerkes printe,
waffelbakkers, in greate koerfol waffels boppe op ’e holle, in hiele
float lytse jonges efter hjar oan, as der ek ris ien.... o ien mar
falle mocht út dy greate, lekkere koer....
En der in lange rige fen weinen twisken troch wrottend, earst ta ’t
lytse poartgat yn en den der wringende en kantroerende wer út. De
measten hiene der in hys oan, om baes to bliûwen oer ’e hynsders, mar
Roanes Gearts op syn hoarnseweintsje wie ’t en bleau ’t. De brunen
hiene ek al in mars efter de rêch fen fen ’e moarn ôf, seagen net sa
gau spûk, alhowol se nou de earen ek al opstieken.
„Scil ’k derôf gean en hâlde se by de bek?” sei Wytse Binderts yen him.
„Tink der om, de frouljue binn’ der by....”
„To den mar,” sei Roanes. De frouljue, det wie in tear steed. Efter him
siet syn Wolmoet yn al de gloarje fen in splinternij roazeread siden
greinen pakje en in kyps mei kantene beagen en neist hjar siet Teatske
Meinses, nou ek al sont jierren it wiif fen syn kammeraet Wytse
Binderts. En efter op in sêft bikjessene swânnenêst siet Foppe-om
allinne as in âld kening. Minsken, him allegear like nei.... minsken,
der hy mâl mei wie.
Efkes fielden de hynsders de sterke hân, hwer se fen mend waerden,
pynlik yn ’e bek. Njúd wierne se troch de master syn rêst en
bidaerdens, dy-t hja, de dieren, selst fielden yn ’e greep fen dy hân.
Sa rieden ek hja ta de hjitte sted út en kamen wer op ’e rûmte en
joegen hjar nei it pleatske fen in fiere miich fen Foppe-om, Sjoerd
Hindriks, ta en der spanden se út en koene de frouljue earst hwet ta
hjar sels komme nei ’t geskommel fen sa ’n ûrmennich op in minne wei
fol hichten en lichten.
De manljue seagen fol niget, ho fet as hjir de lânsdouwe wie en hokker
skoandere bisten roanen der net by trijen en fjouweren to weidzjen! En
hja koene it net litte, hja moasten der efkes hinne en bisjogge se.
Plechtich bigoanen de swiere klokken[1] fen de Aldehou to lieden en
alle oare klokken út ’e omkrite foelen hjar by. It wie it sein, baron
Verstolk, de prefect fen Ljouwert, ried troch de poarte en nei de
draverij. Op itselde stuit waerde in oeribele greate Frânske flagge op
’e Aldehou hyst, greater as alle fjouwer, dy-t der al op stiene en in
keizerskroan fen blinkjend goud skittere op ’e middelste baen.
[1] De iene is 7000 poun swier en de oare 4000 poun.
Foppe Lieûwes en Wytse Binderts seagen it allebeide tagelyk en tochten
ek itselde. „Honear scil der noch ris wer in oaren ien komme? ús
oranje, wyt en blau?” flustere Foppe-om Wytse Binderts yn ’t ear.
„As it de tiid is. Bitrou der op. Dy kearel is nou op ’e heechste top
fen lok. By al syn onwettigen hat ’r nou tominsen ien wettige soan, syn
hertewinsk. En nou moat hy yntkoart ek bitelje, likegoed as eltsenien.
Alle minskelik lok keapje wy ommers mei triennen. Lokkich, ast syn
priis wirdich is den.”
„In ding bliûwt net lang op syn moaijst, det ’s wier, mar dy
Napoleon.... Och, wy scill’ der wol mei oantangele bliûwe, hwa wit ho
lang noch,” suchte Foppe-om. „En den altyd det Frânsk, yen earen dogge
yen sear fen ’t harkjen. En de bern moatte it nou ek al leare op ’e
skoalle.”
„Mines kamen langlêsten tominsen al mei sa ’n Frânske heiling thús,
heal hollânsk en heal Frânsk en der stie op:
„Tot onderwijs der Jeugd bedacht ik deze prent,
„Mogt deugd en vlijt in haar steeds wonen ongeschend.”
en derneist:
„Pour charmer la jeunesse j’emprunte cette image,
„Soyez, mon cher enfant toujours docile et sage.”
Foppe Lieûwes harke raer op. „Sá wirdt it dos de bern al mei de
papleppel ynjown! Dû hast him sikersonk foartdaedliken forskûrd?”
„Wel né, ik biwarje him for aerdichheit.[2] Den kinn’ de bern letter
ris sjen, as se great binne, ho-t wy ûnder Frânske kwiënaesje sitten
ha.
[2] Dizze heiling is noch yn ’t bisit fen it efterbernsbern Simke
Kloosterman.
„Dos sa wis leauwste oan in oare tiid?” hifke Foppe Lieûwes him mei in
lyts lûd, hwer dochs de hope yn opklonk fen in tawird.
„Noch wisser, as det ’k dy flagge der waeijen sjoch.... noch wisser, as
det ik jou foar my sjoch,” bifestige Wytse Binderts syn wirden.
Foppe Lieûwes glimke efkes en heal pleagjende wei sei ’r: „Ik bisoude
my oer dyn Frânsk praet, dû biste al aerdich fen ’e tongriem snien en
det in Oranjeman as dû! Ik woe dy yn dit stik fen saken wizer ha,
Wytse.”
„’t Is ek net for myn plesier, det ik adjunct maire bin en commandant
fen ’t Optwizeler corps. It ha der earst for bitanke, sa dryst wie ik
yn myn oermoed. En der kaem in andert op fen Ljouwert.... it wie as ’t
sissen fen in slangetonge. Ien fen beiden hjitte it—ef ik bleau, hwet
ik wie en diich myn plicht folgens eare en gewisse—ef ik kaem yn
Ljouwert, hwer se my ek wol brûke koene, alhowol den fen frij út en yn
gean gjin sprake mear wêze koe. It wie likegoed as in bifel fen
finzenis, as ik net om lyk woe en as sadanich leine de beide officieren
it my ek út, dy-t hiel tafallich yn dy dagen by my ynkertierd waerden
mei twa oppassers der by. Ik tochte om Teatske en de lytse bern.... It
wie it mes op ’e kiel....”
„Det bigryp ik,” nikte Foppe Lieûwes en stadich kuieren se troch it lân
wer op hûs yn, „mar lit ús der hjoed mar net mear oer prate. Ris ien
amerij de soargen oan kant skouwe, ’t is goed for ús allebeide. En
dizze draverij, det ’s noch ris de moite wirdich. It púkje fen de
Fryske dravers komt der, mennich rit wirdt kamp, tink ’k. In moai
hynsder en in moai faem, det binn’ for my altyd noch de twa moaijste
dingen fen ’e wrâld.”
„En dochs âldfeint waen!” pleage Wytse Binderts bizich.
„Det foege it lot sá.... ik woe sa net,” sei Foppe Lieûwes. De earnst
fen dizze wirden foel yn it petear as in kâlde rille. Wytse Binderts
mirk, ho-t hy der in hiele teare snaer oanroerd hie, dy-t noch efkes
lûd joech yn fier mesyk fen ljeafde en wémoed allebeide en hy brocht sa
ongemirken wei it praet op oare dingen.—
De hirddraverij scoe sa ansens bigjinne, hja koene hast net iens mear
in plak krije op it lân, hwer it al swart stie fen minsken. Der kuieren
nou de heechste ljue fen Ljouwert hjar foarby nei in soarte fen tribune
ta, mei goud en flaggen opsierd, officieren en hjar dames, it
stedsbistjûr, de prefect baron Verstolk foarop, dy-t út in forgulde
karosse mei fjouwer hynsders derfoar, stapte en op in fewielene loper
lâns nei syn sit brocht waerd; deftich stapte de maire him efternei mei
syn adjuncten en oare heechheden. De minsken seagen hjar de eagen hast
al út de holle, sa moai wie ’t allegear en sa blonk it! En den dy
frjemde gesichten, de measte patty swart, smel en bleek, útlânners,
kâld de eagen, stoef fen útkyk. Wytse Binderts en Foppe Lieûwes fielden
hjar loaitsen as in hún en Wolmoet tochte om de Twizeler markejoun en
monsieur Dompierre, do-t se ien fen dizze loaitsers syn eagen
flikkerjen seach lyk foar hjar.
Einliks kamen der ek in kloftsje bikenden en frjeonen oankuierjen:
doctor Falentijn en syn jongkje en Andersen en Bet Falentijn en ja
waerliken, de jonker en syn wiif, jonker Ripperda! De hoedden fleagen
ôf, hwet groetene de minsken, krekt as wie dit nou earst de maire! Hy
gyng twisken it folk troch as in jonge kening, wis fen de ljeafde yn
alle herten om him hinne. En dit wie nou syn wiif? As in mearke hiene
se fen syn ljeafde heard, lang lyn en ho-t se inoar dochs noch krige
hiene en nou seagen se hjar libbenliif! yn al hjar ljeaflike blounens
en tearens foarby gean, sels in mearke yn hjar kleed fen sulvergaes mei
greate blaufewielene blommen binaeid en in hoedtsje op, der foelen de
blauwe fearren hjar fen op ’t skouder.
De manljue swaeiden alle trije mei de hoedden, djip ôf, sa ’s se noait
ef to nimmer for ien oaren yn ’e wrâld dwaen scoene en de jonker syn
eagen seagen hjar kant út en krigen se yn ’t fesier. Op itselde stuit
liet ’r syn wiive earm los en hjar foart kuierje mei de oaren en kaem
út it gewoel op hjar ta om to fûskjen. Hwet wierne se op hjar dré, dy
trije!
„Jimm’ komme hjoed mar to úzes om in jounbrogge,” noege hy gol. „Den
kinn jimm’ ús lytse jonges ek ris sjen en scill’ wy âld en nij noch ris
opikkerje.” Det namen se oan, it weromsjen scoe in freugde for allegear
wêze en dizze dei noch namsto moaijer meitsje, as ’r al wie.
It âlderbêste púkje fen hynsders jage de baen lâns, moaije kleurde
dekken op ’e kante rêgen, roaskes oan ’e hoofdstellen, fjûrreade
strikken op ’e knope fen ’e stirt. It gyng der om.... det wie gjin
draven mear! det wie fleanen! en sa ’n kant lyts ding, sa ’n nidige
lytse skimmelmerje sloech se allegear en woan de priis, nei ’t it earst
al ris kamp west hie.
Foppe Lieûwes en syn maten hiene ek hjar geniet fen de moaije dei, al
wie hjar hert hiel ynwindich ek fen bitterheit forfuld, as se der om
tochten, hwet de oanlieding wie ta dit greate feest.
Wille en „plaisier”, ja wol det! fen frjemde rynske hân jown!
„Plaisier,” yn hwet for soartige munte den ek, wer dûbbeld en dwars
bitelle, ho bisûrre mei lijen! For in setsje in fordôvingsmiddel, in
wynroeske en den....
De dis stie oan yn ’t seal fen ’t âlde Ripperdahûs, det seal, fen
safolle freugde en leed wijd ta in wensté yn ’e loop fen ’e tiiden en
de jonker en syn wiif hjar goedmienende eagen seine it de gasten wol,
ho-t dit gelet en geset út it herte kaem. It wie hjar noch net
forgetten, hwaens doar wiid-waech foar him op stie, do-t hy as in
swerfling fluchte moast, hwaens hert goed en bloed for Oranje oerhie,
do-t hy letter kaem as dy syn ôfgesant en der om frege en hokker
jongfaem it west hie, dy-t him yn hjar hûs skutte bean hie yn ’e
uterste need mei foarbysjen fen eigen gefaer!
Nou koe hy ris gasthear wêze en hie in gastfrou, dy-t ek mei oansitte
koe en de tafel kroane troch hjar bywêsichheit. Hy seach de
biwonderjende eagen wol fen de beide jonge manljue en markbite wûndere
skoan de goedgefallichheit yn it lûd fen Foppe-om, as dy ris mei hjar
praette. Der ûntkaem him noait neat, hwet hjar oangyng. Syn Anne, syn
nonke.... eltse dei seine hy hjar bisit, eltse dei in nije freugde dit
hjar bywêzen.
En hwet letter op ’e joun, sjeder, der hiene jy doctor Falentijn, om ek
noch efkes to fûskjen en ek heal en heal út nijsgjirrichheit. Moast ’r
Wytse Binderts syn wiif ek net ris sjen, dy-t ienkear as faem sa ’n
moai Nijjiersdicht fen hjar feint presint krige en Wolmoet scoe der ek
by wêze, hwer Ripperda sa fen opdien hie!
It birouwde him net, kaem to wêzen. Hertlik en gol sieten se der
mei-inoar om ’e tafel hinne en hy fielde ’r him by thús, as hie hy se
jierren kend. En al gauëftich pinfiske ’r ris, wie der ek nijs yn de
gealânnen? Ho hiene se it forkeapjen fen in diel fen ’e tsjerkegoederen
opnaem? ho stiene se ûnder de conscriptie?
„Nou né, great nijs is der net”, naem Wytse Binderts it wird, „it folk
is stom as in mûlbânne houn. Mar derom net, it diich sear, do-t der
safolle fen ús tsjerkejild ús ôftape waerd. En nou det opkommen ûnder
tsjinst! Earst woene se it net leauwe.... it hat spand, om de ljue oan
’t forstân to krijen, hwet der fen hjar easke wirdt. Do-t de earsten
foartgien binne.... ik forjit it noait wer, ho slim as ’t wie. En dy
Frânske officieren stiene der mar by to gnizen. En nou.... guont
bigjinne hjarsels to knoeijen, slagge de topkes fen de fingers, om mar
frij to kommen ef jowe hjarsels sa ’n jaep, det de rjuchterhân for
altyd stiif wirdt. It is in griis.”
Falentijn nikte. Syn antlit stie tige earnstich. „Sa ’n gefal ha wy
hjir in dei ef hwet lyn ek noch hawn”, sei ’r stadich.
It hiele omsittend laech waerde stil, de frouljue biloeken wyt om ’e
noas en lieten de kofje stean, de manljue leine de knyft del en hâlden
op fen kauwjen.
„De jonge fen Haeije Trompetter hat in raer ongelok hâlden. De einen
fen ’e beide foarste fingers der ôf en hat him healdea bledt. It hjit,
de bile is der op fallen, do-t hy oan ’t houtsjen wie”, sei Falentijn
hiel sêft, det de frouljue der mar net al tofolle fen hearre scoene.
„Ik en de feint gien der deis trijeris hinne to útwaskjen en to
forwinen, it is in rare houw.”
„Sels dien?” frege de jonker ongelovich.
„Och, elts tinkt syn eigen, al seit min it net”, helle Falentijn der om
hinne. „Dúfke is gjin minske mear, sa onstjûr en Haeije, och dy glimket
mar en seit: hy hat myn soun fleis, kâld fjûr scil der net by komme en
al wie det sa, ljeaver hjir op ’t hôf as foar de loop fen in kenon
smiten to wirden. It is hjar ienichst bern, al hjar hoop en treast.”
„Scoe Haeije it him dien ha?” en Foppe-om gyng de grize oer de grouwe.
„Det ha ’k net sei”, andere Falentijn moi foars. „Dit is nou al de
fyfte binnen de moanne en der scil noch wol folle mear komme, ha ’k
foar ’t forstân. Ljeaver in hân ef foet misse en thúsbliûwe to kinnen
as yn in frjemd lân yn ’e ellinde.”
Krekt as foel der nou noch greater skaed oer de dochs al mingde
freugden fen de dei. Wytse Binderts tocht om syn broerren, amperoan
wierne se allegear de dâns ûntsprong, for twa jier hie heit for de
lêste noch in nûmmerruilder keapje kend, al wie ’t den ek for twatûzen
goune, hwent elts en ien seach ’t spark do al dwalen, mar ho scoe ’t
komme, as al det geoarloch oanhâlde! Den taestten se miskien dochs noch
wer tobek op de âlderen. Der waerde fen gnute en de jonker hie ’t op
syn fraech bifestige, Napoleon wie fen doel, Ruslân oan to fallen en de
keizer der mores to learen en hy scoe det net oars dwaen as mei jonge,
sterke kreften, dy-t net sa gau ôfbeuld wêze scoene. En yn syn tinsen
treure ’r om ’e jonge Optwizelers, den wer slachtryp for ’t kenon.
De lust om to feestjen forgyng him hielendal, stil siet ’r neist syn
wiif en wie der bliid ta, sjen to meijen, ho goed as it hjar noch
smakke twisken it drok petear yn mei mefrou Ripperda oer ’e lytse bern.
Fiif boarten der al om hjar hinne, fiif brochten de fleur op it greate
hiem fen ’e nije pleats, fen mem yn 1804 bouwd for dizze hjar âldste en
ljeafste soan en der hy de foargevel fen opsiere litten hie mei in
tinkstientsje en der dit rym yn:
—De eerste Steen van ’t Metselwerk,
Aan deze Huizing, fraai en sterk,
Gelegd door Anne Cloosterman,
Hij is de jongste zoon van
Bindert Jacobs Cloosterman
En Anty Wytses, sijne huisvrou,
De eigenaars van dit gebou.
In ’t jaar van achttienhonderd vier,
Toen bouwde men dit Huis alhier.—
Lang om let rekken se wer oan ’e reis en boldere it lichte weintsje oer
’e flinten, de frouljue de skoudermantels om, hwent it loek koel,
Foppe-om allinne, heal yn ’e dod op syn sitselbankje en Wytse en Roanes
togearre op ’t foarhek. Hwet wie der noch in folk op in baen! Mar nei
Hirdegeryp waerde it dochs stilder en op ’e Simmerwei wie gjin minske
mear to bikennen. Neat as iensumheit fen beammen en bosken! Foppe-om
fielde al ris nei syn knyft, fen ’e moarn skerp slipe by de broeksbân
ynstutsen en Wytse Binderts diich fen ’t selde. Lokkich rekken se
libbenliif oer dit min steed hinne en moeten gjin kwea folk. Op ’e âld
Harstewei fielden se hjar al wer as thús. De hynsders bigoanen oan to
heljen, hja roeken de stâl en bihâlden kamen se allegear yn ’t
Bouwekleaster oan, Wytse en Teatske ek, hwent dy scoene der dy nachts
ek mar bliûwe. Mem húswarre by de lytse bern yn Optwizel, hja koene it
der nou mar ris fen nimme.
De dagen gyngen hjar gong, mar as in swiet oantinken biwarren se de
moaijens fen dizze dei yn hjar hert.—
It wie sahwet oardeljier letter, do sette Napoleon syn plan troch, om
Ruslân it leksum op to lêzen. Mei it greatste leger, ea noch sjoen,
rekke hy op reis nei det Ruslân ta. Yn de earste lynje hie hy 325.000
soldaten en den noch wer 200.000 der efter, om yn gefal fen need to
helpen. Sels hâldde hy by Kowno noch sa ’n 200.000 man. Trije greate
brêgen waerden oer de rivier slein en yn goed trije dagen liet ’r der
syn folk oer gean en stiene se op ’e Russyske groun, in tal fen sahwet
400.000 soldaten. Under in wissewasje hie hy Alexander de oarloch
forkleare en dy wachte nou ôf, ho en hwennear de Corsicaen de drystens
ha scoe, yn syn lân to kringen. Den scoe hy huf krije, net om ’e nocht
liet in Czaar him húnje.
Minsken! minsken! noch mear moasten der komme, bioardere Napoleon,
hwent hy fielde it oankommen, dizze keizer wie in kwea partij, lieu en
bear scoene ommers inoar moete en den wirdt folgens russysk folksgelove
it wis de iene syn dead. Mar hy! hy scoe yn greater gloarje ek wer út
dizze stryd werom komme en in nije lauwerkrâns om syn holle flechtsje
litte kinne. Nije gloarje! nije hearlikheit! nije forovere groun for de
lytse kening fen Rome!
Yn det greate Ruslân lei om sa to sizzen nou de bislissing oer de hiele
takomst fen Europa yn ’e forsegele bos fen it lot. Hokker skied scoe ’t
nimme? ja hokker dochs....
Fryslân, it lytse, net sa ticht bifolke Fryslân, koe wer opdrosse for
in tûzen man, hwer ek noch in goed hûndert earme weeskes fen alve oan
fjirtsjin jier ta ûnder wierne, sa ’s it hjitte om nei Versailles
stjúrd to wirden en der it soldaetsjen to learen. It ôfkeapjen wie nou
dien, it wie nou, it skoane, ljeave bern goedwillich wei ôfstean oan ’e
beul.
Sa kaem de winter fen 1812 en op de iensume sniefjilden fen Ruslân
fochten lieu en bear, Napoleon, dy-t him neamde „de Keizer der
Franschen” en Alexander, de keizer fen Ruslân. Hiel Europa seach ’t mei
oan, ho wyld jagen de herten, al bleauwne ek de mûlen stom.... Hokker
kant scoe ’t oergean.... hokker de sege takomme? Wie ’t der net as ien
greate arena en der yn dy twa imperators en efter hjar millioenen, sa
ticht oan hjar lot biknotte, det it ek for hjar dead ef libben
bitsjutte?
En it waerde de dead! Hjir kearde de kâns fen Napoleon...., it diich
bliken, czaar Alexander wie sterker as hy en hy moast bilies jaen.
Moscou gyng yn flammen op, hwer wie nou in ûntwyk for de winter? De
greate Russyske rivieren stjûrden hjar skossen en weagen en namen as
bút ek tûzenen mei en de winter, de felle winter, de sterke bounnoat
fen Alexander wie noch wreder as de greate moardner Napoleon sels. Fen
de Friezen, mei yn dizze stryd, seach hast gjinien syn heitelân werom.
Ho scoene se ek kinne? De hynsders ûnder hjar weisketten ef fen honger
opiten, de foetten bifêrzen, gjin iten noch drinken en den tûzenen ûren
fier fen hûs.... sá moasten se wol oan de dead forfalle.
It alderearste hearde Ripperda fen de prefect Verstolk, ho-t alles der
mislearre wie en útroan op tsjinstuiten en ellinde. It wie noch mar
sinspyljen, hwet hy diich, mar de saek lei der ta en sa drupkjende wei
kaem it nijs, det frjemde nijs, hast net to leauwen. Napoleon forslein?
syn leger fornietige?
„Hwa hie det tinke kind!” sei Mulier út de folheit fen syn hert, do-t
se it der op in joun oer hiene. „Scoe ’t wêze kinne, det de ellinde nou
hast út is en Europa wer rêst kriget?”
„Tinkst, det ien sa ’n tobekset dy Napoleon lam slacht?” sei Ripperda.
„Sa lang dêr noch safolle jonge kearels binne, hwer hy de frije
biskikking oer hat, sa lang hy it folk noch sa bimastert troch syn
suggestive ynfloed, hat ’r ek folgers. Is dy ienkear dôve, den is it ek
dien mei him foargoed. Licht noch ris efkes in flikkering, mar den
wirdt dit admiraelskip ek in wrak, toslein fen tûzen weagen.”
„Du sjochst de saek wol hwet slim yn, leau ’k”, lei Mulier der sêft op
syn dimmene menear tsjin yn.
Mar Ripperda hâldde foet by stik en einliks ornearren hja, de tiid scoe
it den wol útwize, hwa ’t gelyk krije scoe. Hja sieten trijersum yn
Ripperda syn keamer foar it fjûr, Jehannes Falentijn, Mulier en hy. Yn
’t foarige hie ’t âlde Regnerus syn keamer west en in bult wie der net
foroare sont dy tiiden, allinne der hinge nou in libbensgreat petret
fen Anne lyk foar de doar oer en yn in hoeke stie in hobbelhynsder en
lei de groun bisjidde mei bûnte pompiersnipels. Hwa-t der yn dy hoeke
somwilen húsmannen, hoechde min net to freegjen.
Mar sels wierne se âlle trije foroare, âlder, wizer waen en bikipen de
wrâld mei hiele oare eagen as yn ’t foarige, nou as hússittende heiten,
boun oan in deisk bisleur troch femylje ef ambt, dy-t stadich hjar
libben sa foartgliden seagen sûnder in bult hoarten en stuiten yn dizze
hjar bertested.
En dochs! sims! inkeld ris! den waerde de sucht nei aventúr Ryklef
Ripperda hast noch wer ris oermâns, den floddere dy koartwjukke fûgel
noch ris wer yn syn hert op en rekte de hals bigearich nei de fierte,
hwer ienkear de wûndere dreamen lokken, nou al lang forsjille en
ûndergien as bysinnen, in onwesentlik gegûchel fen in wjerskyn fen
ljocht. En dochs....
Anne hâldde him. Hjar ljeafde wie as in teare bân om him, sûnder det
hja it sels wiste en sims wrikte hy al en bisochte it noch ris, mar
slachje woe ’t net. De goudene, tichte skeakels hâldden, hja hiene net
ien tin steed. Hwet der hielendal op ’e groun fen syn hert ommoddere,
hja wist der net fen. Hja wie sa wis fen syn ljeafde, allinne de dead
koe hjir skieding bringe en neat oars.
Do gniisde it lot om Anne Ripperda, sa as it ek gniisd hie, do-t Anne
Hopperus om syn ginste skoaide op in simmerjoun, lang lyn en de gouden
tsjelk oan ’e lippen sette, om him dochs net út to drinken.
En it lot en hja wierne noch net lyk.... Noch ienkear scoe se
wrakselje, it teare moed, it ljeavjende hert him to war stelle moatte
tsjin it lot, det it op hjar forsjoen hie. Hja hie nou it lok, moaijer
as se it ea dreame kind hie en it lot lit him alle bisit djûr bitelje.
Syn priis wie ’t wirdich, mar scoe ’t alle priis wirdich wêze?
De kranten sa fol langstme forwachte, brochten al mar wûnderbaerlik
nijs. Fen it reuseftige leger fen Napoleon kamen mar inkelde tûzenen
werom en de measte officieren wierne sneuvele, sokke tyngen hearde min
en krekt wer thús, stelde de keizer al prikken yn ’t wirk, om noch
greater leger by inoar to krijen, hwent Ruslân en Prusen bigoanen it
mei inoar to hâlden en ek Eastenryk liet it ear wol nei in
trijemansboun tsjin him hingje, oanfjurre troch de âlde adel, dy-t yn
him neat oars seach as de parvenu, de avonturier. Al de haet en de wrok
fen de fornedere lânnen lôge fel op en hiel tomûk, ienriedich, troch
itselde leed troffen en fen ienselde wraekgefoel oanfitere, bigoanen se
plannen to meitsjen om him nou oan to taesten en ta fal to bringen.—
It leed hie al lang op ’e loer lei tichteby it hûs fen ’e Ripperda’s en
yn dy tiiden fen geweldige biroering yn hiel Europa, krige it frij om
op in joun ta de doar fen dit lokkige hûs yn to slûpen en him kenber to
meitsjen. It bilichame him yn in great brief oan ’e Heech Berne Frouwe
Ripperda-Hopperus en lei deagewoan op it sulveren bledtsje, det Minne
Pjirkes yn hânnen hie.
„Hea!” sei Anne en krige it mei in grage taest fen it lytse hantsje
oan, de ridel fen nijsgjirrigens prike hjar ta de fingerseinen út. Fen
hwa wie det? hwa skreau hjar? Sippe femylje bûten de sted kaem sels, as
der hwet to fortellen wie en hwa oars scoe der om tinke en skriûwe hjar
sa officiëel?
Ryklef siet yn ’e hoek to smoken en to krantlêzen, efkes skile se nei
him, krekt as in hiel jong fanke, hwa ’t forbeane kost yn ’e hûs slûke
wirdt....
Hja socht de skjirre út de naeidoas en snie him op.
Mei in skreau fleach se oerein. „Ryklef!” rôp se en hâldde hjar oan ’e
tafel, sa trille se.
Yn in omsjoch wie hy by hjar en sloech de earm om hjar hinne. „Anneke,”
sei ’r treastjend, „ik bin by dy, hwet der ek bart,” en hy skoude in
stoel neist sines en brocht se derhinne.
En sa neist inoar fortelde se it him. Alde fen Rhé woe perfoarst ha,
hja scoe der joun noch komme. Slim nijs hie ’r, der koe se mar steat op
meitsje.... ik hebbe U zeer groote beroeringe omtrent ons allen te
melden.... stie der mei in greate streek noch ris ûnder oan it brief.
„Kom! kom!” treaste hy, „wêz net sa út de liken. Dû kinst derhinne
gean, strak ansens nei kofjedrinken en ’t scil wol net sa slim wêze.
Alde minsken sjogge op alle weishoeken in spûk.”
„Ast mar net hwet is mei Henricus,” suchte hja.
„Ho tinkst det sa?” hifke hy hjar, mar seach hjar net oan.
„Ik wit net, it leit my sa raer op ’e lea, krekt ef scil ús lok in ein
nimme, omt it to moai is....”
„Anne,” sei ’r strang, „dû seist sounige dingen. Hwet der twisken ús
is, kin gjin minske ús mear ûntnimme—al it oare is in bykomstigheit,
det giet wer foarby, al binn’ it den ek leed en swierrichheden. Hwet is
der ús togearre net oer de holle waeid! en binn’ wy dochs net seine
boppe tûzenen? Dû bist in soldatewiif.... wêz sterk. Kinst it?”
„Astû mar by my biste, den kin ’k alles.” Do treau hy hjar oan syn
hert, fûl en tear.
„Hwet bin ik ryk troch dy! hwet bist my alles!” reaunte ’r hiel sêft
oan hjar earke. Sa bleauwne hja der in hiel set sitten, ont ’r wol
wiste, de skrik hie syn macht forlern.
Hy gyng derút om syn jounkuier to meitsjen mei de hounen, sei ’r,
yndied, om sa gau mooglik nei Falentijn’s to gean, as dy ek hwet
bisonders wisten nei oanlieding fen dit brief en gjin ûre letter wist
hy al, hokfor tynge syn wiif der by âlde fen Rhé hearre scoe. „Wie der
in útwei?” tante hy syn frjeon. „Koene se it hjar bisparje? it oer in
oare bûch smite?”
Doctor Falentijn seach him earnstich oan. „It is in slimme saek,
Ryklef,” sei ’r. „In wûndere foeging fen de dingen. Dy tins scil ek wol
by dy opkaem wêze, net?”
Efkes wachte Ryklef mei syn andert, do sei ’r: „Ik ha krekt itselde
tocht as dû.”
„Ik leau, it is ’t bêste, Anne moat it sa gau as ’t kin witte. Lit hjar
joun betiid hinnegean. Om njuggenen hinne kom ik den tafallich noch
efkes by jimm’ oanrinnen, in doctor is altyd treast.”
„Mear as ik den?” sei Ryklef hwette spitich en dochs mei in flau glimke
om de mûlshoeken.—
De joun kaem oan. Syn flauwer ljocht, syn ljeafliker skaden fen
roazereade dizen oer de blaue loft, fen sinneblinkjes noch ris efkes
efter de wolkens wei, yn it Westen rizend as hege berchten fol geweld
en grimmigens, syn sleauwer geande wyn en syn slutende blommen, dy-t
hjar fol earbied bûgden nei mem ierde ta, syn frede, hwer de wrâld him
stadich nei bijoech as in bern nei syn slomme.
De lytse foetsjes fen Anne Ripperda roerden hast gjin groun, sa hird
roan se, dreauwn fen oerstjûrens en eangstme. Hy brocht se en krekt as
wie der yn it ientônige, wisse stappen neist hjar al in greate treast.
Faken kaem se net mear by de fen Rhé’s en Henricus wie hjar selst ek al
in bytsje ûntwoan en ûntgroeid. Hy wie alhiel nei heit en pake útskaeid
en nei pake fetsoen opfoed, in kâlde, ongefoelige natuer, dy-t it eigen
ik as syn god oanbidt.
En dochs, it wie hjar bern.... en it bleau hjar bern, al hie se de heit
nea ljeaf hawn. Alle freugden fen it memme-wêzen hie se preauwn troch
him en de jierren fen hjar iensumens hie hy mei syn aeikes en
tsjotterjend praet, syn lytse ondogensheden en syn oanhalige ljeavens
hjar mei it libben sá forsoend, det se it drage en de man sims selst út
detselde libben weitinke koe. Op hjar jierdei kaem hy altyd en naem
hwet moaijs mei, Krysttiid en inkelde Sneinen ek wol ris, alhowol it
twisken Ryklef en him altyd stiif spul wie.
It bleau hjar earstberne. De ljeafde fen Ripperda fielde sa fyn, sims
forginde ’r dy jonge de krûmmel fen ljeafde, dy-t him skonken waerde.
Den bijegene ’r him sneuterich en bidroefde Anne, mar hy koe net oars.
Hy moast Anne hiel allinne ha en sims winske ’r djip yn syn hert, o
sounich wie ’t! det ’r dy jonge nea wer seach, hwent hy hâldde jimmer
it oantinken wach oan ’e heit, oan ’e greate stryd, ja oan de
alderellindigste tiid fen syn libben, do-t hy ûnderlizzend partij wêze
moast.
Hy seach se weiwirden yn ’e gong, hy hearde for ’t earst yn ’e fierte
wer it lûd fen syn deadsfijan, oars sont lange jierren in forlerne
klank yn syn heugenisse. Ho lôge ynienen de haet wer op yn syn hert! ho
moast ’r him ynbine, om de kweade tinsen gjin fat wer op him krije to
litten en de minsken en dit hûs to forwinskjen! Mar wie âlde fen Rhé
net genôch straft, alles net útsoend mei de dead fen syn ienichst bern,
hwet ’r den ek misdien ha mocht, ek oan him? En hy seach himsels sa
ryk: Anne en de beide jonges! o sa ryk! en syn gemoed forsêfte him om
de âld man. Hy nou in kening en de oare in earme, âlde bidler.
Sa tocht ’r kuierjende wei, wylt ’r wachte op hjar. It dûrre mar in
amerijke, do seach ’r hjar tear, smel skaed al wer yn ’e doar. Hja
fleach sa hird by ’t parradis del, hja seach him net iens. Foart!
foart! fen dit steed, wie ’t krekt as hjar flugge foetten seine. Fol
ljeafde folgen syn eagen hjar en yn in stap twa wie hy by hjar.
„Wiste it?” frege ’r sêft en krige se yn ’e earm. Hja trille as in
popelbled.
„Alles,” andere se dof. „Ik wit, det myn jonge útforsocht is ta garde
d’honneur, ik wit ek, det soks de dead bitsjut. En ik kin him net
misse.... It is myn bern.... o dochs myn bern!”
„Dit wird hie ’k fen dy forwachte, Anne,” sei ’r. „It is my great,
detst sa praetst. En omtst det sei hast, is der nou miskien noch in
útwei. Ik scil dy binuttigje, al kostet det my ek noch safolle. Ik scil
det dwaen om dy en ik kin det dwaen, omt ik dy ljeaf ha.”
„Hwet plan hastû den?” hope se twisken freugde en freze yn.
„Der scill’ wy moarn oer prate, ast útrêst bist,” bisêftige hy. „Ha mar
nearne noed mei.”
Mar hja hie wol noed. Krekt wierne se thús, do diich it bliken, it
herte hie de skok net feneare kind en hja foel foaroer op ’e hirde
moarmeren gongsflier del en swymde. Hy hie it hek sluten en kaem in
stap ef hwet letter en seach se der lizzen. It bloed streame hjar mei
gjalpkes út ’e noas en de mûle, it lytse antlitke like as fen in
waeksen popke, bihalve de poarperen streek, dy-t út ’e mûle sipere en
oer it hirde wyt al mar fierder krinkele by de plint lâns.
Ien foarse swaei, hy hie se al fen de groun en it willeaze lichemke yn
’e earms en gau nei de stille túnkeamer ta op bêd. De finsters stiene
noch op.... de kâlde wyn waeide der ta ’n yn, de kâlde maitiidswyn fen
April. En yn dizze kjeld bigoan se to riboskjen en kaem stadich ta hjar
sels en do-t se wer bigoan to tinken, kaem hjar alles ek wer yn ’t sin
en hja snokte it út.
De fammen droegen linnen lapen oan en sêfte salve, Minne Pjirkes fleach
mei de bleate holle der út nei doctor Falentijn ta en sleepte him suver
mei, by de jounbrogge wei, sa mar oer de striette. „Dea giet se, as
master net komt,” dreau ’r him en roan al hirder en hirder.
Falentijn seach se en hearde fen it dûbbelde ongelok. Sont in dei ef
hwet wist ’r der al fen, det der in stik ef hwet fen de rykste en
fornaemste jongefeinten oanwiisd wirde scoene, om de keizer as
officieren to tsjinjen. De measten wierne oars al fen hjar âlden
frijkoft for tûzenen fen alle tsjinst yn it leger, mar hy rette him út
dit dilemma, mei to forklearjen, det se net oproppen waerden yn
tsjinst, mar by kar „talitten” en „útornearre” for de greate eare, om
as garde d’honneur yn it leger to kommen. Wierne der guont heiten,
ondôgens genôch om hjar soannen net ôfstean to wollen, dy scoene as
finzenen nei Parys ta brocht wirde. Dúdliker koe it net sei wirde. En
Falentijn bigriep, ho ’n skrik Anne krige hie, do-t se fen âlde fen Rhé
hearre moast, Henricus, syn bernsbern dielde ek yn dy „eare”.
„En ho stietstû derûnder,” frege ’r syn frjeon, do-t se efkes yn in
oare keamer gyngen om in pypfol to smoken.
„Sadanich, det ik gien moarn op reis nei de Haech en scil der alle war
dwaen, det Henricus krast wirdt fen de list,” sei Ripperda biredt.
Falentijn stoarre in set nei him. „Det kin ik hast net leauwe,” sei ’r
do. „Det ’s mear, as det de iene minske oait fen de oare freegje kin.
Dû scilst gean en freegje in ginste for Popke syn soan en for syn heit,
dy-t ienkear it deafonnis oer dy útspritsen hat?”
„It wirdt my jown, dit dwaen to kinnen,” sei Ripperda ienfâldich. „Fen
Rhé hat Anne to witten dien, desnoads tweintich tûzen goune yn ’s lâns
kas stoarte to wollen, as ’r Henricus mar thús hâldt. En joun scil ’k
noch nei Verstolk ta, hy moat myn forsiik stypje.”
„Hwet scil fen Rhé gnize!” skodholle Falentijn.
„Ik doch it net for him, mar for myn wiif. As it yn myn macht leit, op
hokfoar wize den ek, scil alle leed foar hjar weinaem wirde. Leau mar,
it kostet my stryd, it is in swier stik, om yensels to oerwinnen. Mar
der is Anne en ik ha se ljeaf. En dû wist as ik, hwet ljeafde is.”
„Ja, wol det,” sei doctor Falentijn sunich en hy tochte om Doedte, nou
al sa lange jierren wei.—
En sa kaem it, det Ryklef Ripperda de oare moarne mei in ekstrapost nei
de Limmer ta ried en sa oer Amsterdam nei de Haech. It barnde op ’e
neil, Napoleon liet syn slachtoffers noait lang tiid fen biried en nei
syn tsjinstuit yn Ruslân hie ’r officieren brek, jonge hjitte kearels,
sterk en strydlustich en soun en geef, om it ongemakkelike
kriichslibben hwet better feneare to kinnen.
Nou easke de Moloch noch hwet oars as de weesjonges, dy-t al by hiele
kloften nei ’t oarlochsfjild tastjûrd wierne en dy-t hjar net forwarre
koene, hwent stiene se net ûnder de macht fen de fâlden? In weesjonge
hie gjin selsbiskikkingsrjucht, hie fen Rhé al ris húnsk sei, do-t ien
him op de knibbels smeke hie, om him net nei dy frjemde lânnen to
stjûren en det wird fen him hie it folk noch mear forbittere. Ek waerde
der sei, hy hie dy Sibren, dy jonge út it Wetterlân, suver twongen om
him frijwillich oan to jaen. En nou wie hy werom kaem en hompele op ien
skonk en minheare en hy hiene op in joun slaende deilis west. O it folk
formakke him sa, ja eltsenien! as dy skarlún syn jonge nou sels foart
moast! En hy, hy scoe him to skrip sette, om det to kearen!.... Kniep
him nou! lit him ek ris jammerje! Ho faken hast dû det wol net dwaen
moatten om him!—fjurre syn kwea-ik him oan. Stadich skouwde in oar byld
foar syn geesteseach: Anne, tear en lyts, op syn skutte en ljeafde
bitrouwjende as op in rots, dy-t fen gjin forwrikken wit.
En bliidmoedich reisge ’r syn wegen en foun oeral de wirden, dy-t ’r to
praten hie, foun oeral it frjeonlike wolkom, mar as ’r oer det oare op
’e tekst kaem, ja den stûke it petear.
Scoe it Frânske gesach, it keizerlike gesach ea neijown wirde kinne,
mei twa mjitten metten to habben? Hwerom de iene der út to kippen en de
oare net? Al wie de pake âld en der mar ien stamhâlder, der hoechde
dochs gjin frijstelling om to folgjen. It wie ommers in eare—garde
d’honneur!—en hwerom der den foar om to krollen? Ja, se koene de âlde
hear fen Rhé wol, sa ’n trou tsjinder fen Frankryk, dy-t der nea in
bien yn foun hie, om in oar syn bern en jild for de goede saek
biskikber to stellen, moast der nou sels hielendal net tsjin oansjen,
as syn bernsbern in eareplak yn ’t keizerlijk leger gind waerde.
En as lêste troef spile Ripperda de gouden kaert út. Hy bea jild....
tûzenen, optlêst de tweintich tûzen goune fen skoanheit as limiet steld
en op eigen manne boete diich hy der noch fiiftûzen[3] goune by.
[3] Yn tsjinwirdige munte mei inoar sahwet fl. 75.000.
Do glimke de ginnerael, ûnder hwaens „ressort” Fryslân lei. „Der is
noch in bulte jild yn det lytse lântsje oan ’e sé,” sei ’r sa kâld-wei.
„Ik scil det yn myn acht nimme, hwent hjir ha wy soks altyd brek. Mar
in keizerlik bifel.... det is forheven boppe myn macht en jou goud. Det
is wet. Dy stiet by my feilich en noait oan to taesten.”
En der koe hy mei nei hûs gean. Alles om ’e nocht.... it fonnis wie
fallen en gjin forroppen mear mooglik. Mei lege hânnen kaem ’r wer
thús.—
It wie de 10e fen Julymoanne 1813, do-t hy de karosse ynspanne liet mei
it fjouwerspan derfoar en Anne en Nelleke en de beide lytse jonges sels
foartbrocht nei de moije ta to Wyckel. It simmere sa moai oer ’t fjild,
de reis op hjarsels wie al in geniet.
En it ôfskie scoe hjar yn elts gefal bisparre wirde moatte, it ôfskie
mei tromgerattel en mesyk, hie doctor Falentijn sei. De Saterdeimoarne
seach se him dos for ’t lêst yn ’e greate efterkeamer by fen Rhé’s, al
fol brol en onhúslikens fen dizze twongene reis. Fen Rhé siet as in
bleke skimme yn ’e hoek mei onrêstich flikkerjende eagen, syn wiif
skriemde en Sibbel dribbele hastich hinne en wer en bioardere alles en
noch hwet.
Henricus sels, dy bikroade him nearne om. Pake yn ’e hoek, och, sa ’n
forsliten âld man seach tsjin alles oan as in berch en hwet scoe det
nou einliks noch, sa ’n reiske nei Frankryk! Hwet scoe hy him der
útspringe! Miskien moast der ek wol ris fochten wirde, mar hy scoe wol
oppasse en fal del, as der „fal oan” kommandearre waerde. Lieten se mar
oer him hinne rinne, in noas fol moude is altyd noch better as in liif
fol kûgels. Dy-t hird rint, wirdt net strûpt, wie ’t sechje en hjir wie
’t, dy-t falt, is yn hâldershân. En hy seach der ek gjin kwea yn, al ’t
folk hwer hy mar koe, om to keapjen. Pake joech in kaptael mei.
D’âld man siet oars net folle skreau mear yn. Sjeder me, hy bigoan ek
al to skriemen. Och, hy wie ek ta neat mear nut, moast ljeaver yn in
gasthús gean to wenjen en wirde der âld efter in finster mei joadebaerd
en múskeblommen. Hwet diich ’r him ek noch mei libben en maetskippij to
bimoijen! It raesde dochs allegear om him hinne as de stoarm om in âld
hûs. Djip yn syn hert hie ’r de gek mei dizze pake. Hy lake om it wird
„femylje”, sels wie min yen neist, sels it geniet opfoarderje, sels it
libben útlibje fel en hearlik! oan ’e lêste drip ta de wyn út de gouden
tsjelk drinke, alle freugden priûwe, alle langsten bifredigje en den
mar sêd yn ’e groun ef noch better, yn it fjûr, yn ’e sinzjende lôge
forgean, det der net in bonkje fen yen oerbliûwt op ierde....
Hy seach suver nei de Moandei út. De Saterdeimiddei kuiere ’r mei syn
oare „útforsochte” kammeraten[4] yn ’e gloednije, fen goud
glinsterjende unifoarmen it bolwirk in slach yn ’t roun en de joune
joech baron Verstolk, de prefect in feestelik gearset hjar ta eare. Hja
dânsen, det it klapte en de moaije fammen, foaral de Frânsken, wierne
lang net fij, om hjar geandefoet nei hûs ta bringe to litten dy nachts.
It wie kostelik waer en fen ’e wyn binevele, ûnthjitte ’r ûnder
roazegeur en moanneljocht folle mear, as det ’r ea folbringe koe.
[4] De nammen efter yn it boek.
Fensels wierne der ek al wer guont fen dy stoeferts ûnder, dy-t bitanke
hiene for ’t feest en by heit en mem thús bleauwn wierne to jammerjen.
Him lêste it libben wol en mei syn achttsjin jier tocht ’r noch net om
dea en sokke dommichheden.
Sa kaem de Moandei, de 12e fen July 1813. It mesyk foarop, Verstolk der
sels by mei de maire en de adjuncten, bineffens it heechste militair
gesach fen Ljouwert, diich de jonge helden de eare oan, by hjar ôfskie
to wêzen. Ek inkele heiten wierne der, mar de measten misten de moed,
om derby to wêzen en hjar bern foartgean to sjen. Hjar dierbere bern en
hjir for greatmakke to wêzen....! it wie mear as se drage koene!
Fen Rhé forbiet syn ellinde en brocht sels syn bernsbern. Stiif en koel
foar ’t each stie hy derby en seach, ho-t se hjar reisfeardich makken,
de hynsders noch ris op de nekke kloppen, de pistollen noch ris
ûndersochten en knypeachjes joegen hjir en der, hwer se mar in moai
faem bispeurden. It stie swart fen minsken.
In inkele healwize raesde: „Hertebloed!” Hy waerde foartdaedliken
knevele en sparteljende en razende foartsleept.
Yn ’e stúdzje wei seach fen Rhé him efternei, ho-t ’r oer it Pypke
spartele en sa by it Nau lâns. It scoe wol op ’t Blokhús oan moatte
efterom de Weaze lâns. En sá seach ’r ek Ryklef Ripperda oankommen.
Manlik en foars, deftich en noch jong, al sette ’r nei groeijen en wie
syn gong net mear sa jong en fluch. In man fen gesach, de Drost fen
Ljouwert. To glûp skile ’r nei him, de gelegenheit joech hjar to moai
oan ommers, om it net to dwaen en yn ho lang hiene se inoar net fen
tichteby sjoen!
Der kaem ’r oan, stadich, stie stil by de earmoedzjende man en sei
heech hwet tsjin de tsjinders. Dy sloegen oan en gyngen do foart mei
hjar frachtsje.
Wûnder, det syn eagen suver twongen waerden, om nei syn deadsfijan to
sjen. Soun wie ’r, det seach ’r, lokkich wie ’r, det wiste ’r fen
Henricus, ryk waerde ’r, det seine de minsken, nou ’t earst omke
Hopperus stoarn wie en Anne alles tamakke hie en nou Anne hjar mem wer
widdou waen wie, en by dy twadde man gjin bern hie en Anne dos der ek
allinne erfnamme fen, lytse ljeave Anne. Dy skat naem ’r ek al ta him,
sa alhiel, det hy rekke derby troch, hy bistie net iens mear for
hjar.... Alles, alles waerde him tabrocht en hy....!
As de wjerljocht skeat it troch syn brein: hie hy net ris ienkear
winske, noch ris as man tsjin man foar inoar oer to stean en den in
stryd, dé stryd op libben en dea út to fechten. It heuchde him noch as
de dei fen jister, ho-t Poppéus him fen Anne ôfset hie en.... ek.... o
ho swiet wie it dy joune, om Lefèbre lêst jaen to kinnen, him dea ef
libben him yn hânnen to leverjen en noch ris wer dy Collumer dagen, ho
ticht hie ’r him by him hawn en noch ûntkaem.... As de kat de mûs yn ’e
bisnijing en yn it amerijke fen tapakken formoarde it lot syn plan.
En nou hie ’r dochs syn winsk, hjir wie ’r. Licht stie ’r optslach
neist him! Hy tocht net mear, yn in divelske brânning fen wraek
tosloegen de kweade tinsen al hwet der noch goeds libbe yn syn hert. Dy
hie for syn jonge nei de Haech ta west! jild fen syn eigen derby bean
om him frij to krijen? Há! há, húnlake it yn syn moed, in stimper, dy-t
det leauwt. Dû, bitûfte skerpsjogger, litst dy doch gjin earen oan ’e
holle naeije! Dû bist doch wol wizer!
Ja, hy wie wol wizer. Hy wist wol better, hwet de iene fijan for de
oare docht. Noch djipper yn ’t onleech bringe, noch djipper de kanker
fen ’t leed yn it herte sprute litte, det alles der mei bismet wirdt en
it libben ta in hel en as ’t kin.... as ’t kin en de fijan jowt him
bleat op ien, swak punt mar....
Ta twa kear ta klonk der in skot. It pofte der oer.... de wjerklank
galme oer ’t Breed fen ’e Nijested. Ryklef Ripperda, dy-t him krekt
foaroer bûgd hie, om in âld wyfke de kaei wer to jaen, hjar yn it
gewoel ûntfallen, seach forheard om him hinne, gjin bilul der fen, hwet
der krekt foarfallen wie.
Ien krige him by de mouwe en loek him mei. „Foart, foart!” smeke dy.
„Sjoch net om.”
It wie Verstolk, deawyt en hy mei noch in stik ef hwet oaren skouwden
him fen ’e Nijested ôf de Piperstriette yn, stadich, mar sa mei
oandrang, det hy gyng, al wiste ’r sels net hwerom....
Verstolk bleau sels by him. Hy wie sa oandien, de triennen stiene him
yn ’e eagen. „It wie ien amerij it libben oan in siden tried, myn
frjeon,” sei ’r, do-t se hwet fierder yn it stille strietsje opgyngen.
„Hwaens den dochs?” frege Ripperda fol binijing. En do sei Verstolk
plechtich: „Jowes.” Efkes gyng der Ripperda in rille troch de lea. Sá
yn ’t folle rike libben! sa oan ’e rânne fen ’e dea, deun der oan!
„En is der nimmen rekke?”
Verstolk hinge der tsjin oan, om mear to sizzen. „Ien skot makke in
offer.... ien wie lokkich mis,” sei ’r optlêst.
„Dochs net Henricus?!” rôp Ripperda. O dy jonge! o Anne! Hwa koe hwet
op him tsjin ha.... it wie ommers hast noch in bern!
„It wie út noch yn net for him ornearre,” sei Verstolk nou koartwei,
do-t hy seach, ho forslein Ripperda wie om dy jonge. „It wie for jou,
dy skoaten allebeide.”
Ripperda harke raer op. „Ik ha gjin fijannen,” sei ’r heech en fol
bitrouwen, hwent it wie wier.
„Fen Rhé, det wie jou fijan,” sei Verstolk, en in frjemde earnst dimpte
syn wolmienend lûd.
„Wie?!” Wer fielde ’r eat fen de dead tichteby, it geklap fen ’e skiere
wjukken, de iiskâlde amme fen de man mei de seine....
„Fen Rhé is dea,” sei Verstolk ienfâldich. „It earste skot wie for jou
en fen sa tichteby, it koe net misse. Mar it moast. Ik seach jou
foardelbûgen, krekt dy seconde en it gyng roerend oan jou lâns. It
rekke Henricus, dy-t krekt op ’t hynsder scoe, yn ’e skonk. Och, it is
mar in skampskot, neat om de hakken. En do wie de twadde kûgel for fen
Rhé sels.... Raek.... en det mei dy âlde rideljende hânnen....”
Ripperda trille, it gyng him hast oer de fûst, dit allegearre, hy
winske himsels thús.... hwet miste ’r optheden Anne!
„Forgin my, om nei hûs to gean, as ik kin. lk bin hwet fen de wize,”
sei ’r stadich.
Yn ’e fierte hearde ’r it mesyk, in mars, hwer de garde mei ta de sted
út brocht waerde. Henricus scoe der net by wêze.
Syn skonken fielden as stikken lead en sa kaem ’r thús. Minne Pjirkes
en Willemke stiene gûlende op ’e striette út to sjen en minhear Baerdt
siet deawyt foar ’t finster. Op in draechberje, in hiel escorte fen
Frânsken der omhinne, brochten se Henricus thús. „Ik wol hjir wêze, by
mem,” sei ’r, wylt ’r syn pine forbiet. „Hjir yn dit hûs.”
Minne Pjirkes en Willemke bigoanen noch folle hirder to gûlen en
himsels kroppen de triennen ek oan de kiel ta. „Gûl mar út,” sei der
ien en hy foel yn in greate stoel del en yn in stream fen triennen
tobriek de spanning fen syn moed. Jehannes stie neist him.
„Hwet de dei ús bringe scil, wit allinne de joun to sizzen,” sei dy
oerlangsum. „Henricus leit al yn ’e efterkeamer op bêd.”
„Is it slim?”
Jehannes andere net joartdaedlik.... „Hy is soun en geef, Ryklef,” sei
’r nei in set, „mar om ien ding sit ik yn noed. As der mar gjin kâld
fjûr by komt mei al det nije gûd en det goud fen ’e unifoarm. Der is in
stikje fen yn ’e woune rekke. It is swier forgif, det goud. En de kûgel
sit sa djip, hy is net to finen.”
Ryklef syn earste tinsen wierne for syn wiif. „Ho moat det mei Anne?
Hja moat it optslach witte.”
„Ja wis,” stimde Jehannes by, „en dû moast it sels sizze, det se
sjocht, det dy neat miskearret.”
„Ik gien nou foartdaedlik,” en hy biöardere it hynsder en ried gjin ûre
letter de Nijested lâns.
Hjir hie de dead efkes frij krige, op him to ramen, hjir foege it lot
him démoedich nei de wil fen ’e Gebieder oer dead en libben beide, om
him wer frij to litten, gjin hier to krinken en him mei in oare bút
tofreden to stellen. Efkes hâldde ’r it hynsder yn.... der lei in lyts
plakje bloed, in meager hountsje kaem en slikke der op om....
En oars neat mear fen de tragedy, hjir ôfspile yn in tel mennich.
Hwet harken se to Wyckel raer op, do-t hy der fortelde, Henricus wie
net mei foart rekke, dy wie fen ’t hynsder ôffallen en lei nou mei in
stikken skonk by hjarres.
„En hwerom net by pakes?” Dizze fraech hie hy forwachte en der him
klear op makke.
„Hy sei sels, hy woe ljeaver nei uzes ta,” koe ’r mei in gerêst gewisse
sizze, hwent Henricus hie him sels dit boadskip meijown. Hja hoechde
net to witten, mei ho ’n swak lûdtsje as det sei waen wie twisken it
dwyljen yn.
Stadichoan op ’e weromreis nei hûs waerde se einliks wys, ho ’n omkear
yn ’e dingen der bard wie, al doarst ’r hjar der noch neat fen sizze,
op hokfoar wize fen Rhé oan syn ein kaem wie, mar einliks in pear dagen
letter moast it hege wird der wol út, fen Rhé wie der net mear, hy hie
’t him sa nei naem mei dy jonge, det hy wie dea bleauwn by ’t ôfskie.
Earst wiken letter wie hy yn steat, Anne krekt alles sa to fortellen,
as ’t gien wie.
Henricus syn jong sterk lichem stried noch in dei ef hwet tsjin it
forgif, det yn syn lichem omkankere en hwer gjin doctor Falentijn selst
baet for hie noch immen oars op de wrâld, do joech ’r bilies en stoar
yn ’e earms fen syn mem, dy-t yn al dy dagen net fen syn bêd weiwykte
en in wike letter as ’r foartgean scild hie mei syn maten, fleurich en
wol, lei ’r stiif en stil yn ’e kiste....
Der waerde net iens folle oer praet, de ienling minske syn libben en
lot telde optheden net yn ’t grouwélich biweech fen de tiiden, dy-t
aloan noch fen greater en ôfgryseliker nijs de minsken forbaesd stean
lieten, nou noch forskerpe, troch det Ruslân him mei Prusen forboun
hie, om Napoleon oan to fallen. Ingelân soarge for it jild en det wie
in stipe sa great, wol yn steat moed en selsbitrouwen oan to fjurjen.
Ripperda hearde der fen.... hy tocht om de briefkes fen Porter. It
moaije frije Fryslân fen do.... it wie der net mear, ûndergien yn ’e
wieling fen de tiiden, syn tael trochmjukse fen in Frânsk grienmank,
syn Hegeskoalle to Frentsjer him ûntstellen, der hy twahûndert en fiif
en tweintich jier greatsk op wêze kind hie en syn hiele Fryslân nou ta
neat oars mear nut, as om hege bilêstings op to bringen for Hollân, det
him fet meste mei syn goed.
O ho hope hy ek om al dizze dingen, Napoleon mocht noch ienkear syn
master fine, ien, dy-t him stie, totrape en fornietige, sa ’s in minske
mar fornietige wirde kin! Oan alle lytse en greate riken ek sa fen him
bihânnele, hie hy ’t fortsjinne!
En it bigoan der sa linkende wei op to lykjen. Prusen en Ruslân yn ien
greate skoarjende ienriedichheit foelen him oan, in feit, yn ’e lêste
jierren noait mear bard. Napoleon spriek óp, Napoleon foel oan,
Napoleon woan en Napoleon noch ris, fornietige mei de foet op de nekke,
minske, eigendom en Staet.
Mar nou bigoan, o sa stadich it wetter in oare wei to rinnen.
By Lindenau treffe Prusen en Ruslân it leger fen Napoleon en wirde de
bounnoaten forslein. Noch is Napoleon baes, noch draecht ’r de
keizerskroan, al stiet dy wankelich op de holle. De oerwoanen jowe al
mear en mear krimp, hja stouwe alle kanten út en tosnipelje sa it leger
fen Napoleon. Hjir hwet en der hwet.... de Rus en de Prús gnize. En
hast onwillich wei glydt der in glimke oer it stoefe antlit fen
Blücher, as hy de kaert bistoarret.... Tobek! tobek! commandearet hy en
foarút! foarút! tsjin it nije leger, det al for him klear stiet.
En de dei fen ’e 14e fen Augustusmoanne 1813, de dei foar Napoleon syn
jierdei, falt in nij leger, nou ek noch mei de help fen Eastenryk
derby, Napoleon wer oan. De flucht wie mar in skynfortoan, spjalting
fen it Frânske leger, as ienheit ûnder Napoleon syn bifel in slimme
fijan, tobrokkele yn legerkes ûnder jonge ûnbidreauwne officieren in
nietichheit, det wie it doel. En det doel, det binaderen se nou.
Sweden waerde ek noch hjar bounnoat en krige derfor fen Ingelân in
presint fen fiif en tweintich millioen francs en it hiele lân Noarwegen
op ’e keap ta. Hja scoene it nou mei inoar redde.... it moast....
Yn Mecklenburg stiene 40.000 Russen, 100.000 Sweden, Russen en Prusen
by Berlyn, yn Silezië 200.000 man en by Lintz 40.000 Eastenrikers, fûl
op dizze fijan. En den noch by Praag 140.000 man. Dit wie de earste
lynje en efter dizze kaem de reserve, noch mear as 500.000 man.
Napoleon koe der tsjinoer stelle: 70.000 tsjin Bernadotte, 100.000
tsjin Silezië, by Görlitz ek 70.000 man. Den by Dresden 16.000 man en
de garde, mar 20.000 man mear ûnder persoanlik commando fen Napoleon
sels by Dresden. De measten fen syn soldaten wierne nou de jonge
soldaten, de conscrits, troch freeslike twang oproppen om him to
tsjinjen, sims tsjin hjar eigen folk de wapens op to nimmen en det se
net sa fûl fochten, wie to bigripen.
De earste dagen wie Napoleon noch ris ienkear wer oan de winnende
hân[5] en do.... en do....! Foartdaedlik nei de feestroes oer dizze
oerwinning wer in nije slach en dy wie forlern foargoed. Do waerde ’r
twivelriedich, ho-t ’r scoe en det fielde it leger. De bôge stie net sa
stiif mear spand.... de wrede pylken forlearen de macht, om doel to
reitsjen....
[5] Hjir foar Dresden sneuvele ek ginnerael Moreau, yn Fryslân
wolbikend. Hy hie de wapens opnaem tsjin Napoleon, omt dy him do
destiids forbannen hie nei Amerika en striid nou yn ’e legers fen ’e
bounnoaten tsjin him.
It bigjin fen de ein bigoan him kenber to meitsjen. O it wie hast net
to leauwen! Utkomst, forlossing, de minsken koéne, doársten der net
mear op hoopje! De rêch wie al hast krûm waen yn slavernij.
Hja skûrden inoar de kranten, de Frânske kranten út de hânnen, sa fûl
wierne se op nijs. Namen de dingen in kear? waerde him syn freeslike
macht wer ûntnaem, sa ’s dy him ienkear jown wie troch de Biskikker oer
minskene- en folkene lot? Koe ’t wier wêze? Blierke der in dage yn ’e
fierte! in dage fen in jubelmoarn?
De postwein wie op in moarne wer yn oantocht fen Grins ôf en Wytse
Binderts stie al by de wei, om de nije kranten oan to krijen. Hwet wie
dy postwein fol en noch ien en noch ien en trije byweinen, in hiele
karafaen!
„It wirdt hjar der to hjit yn Grins, dy naeije al út!” lake de
postillon en fluite it heechste liet. Nuver, det dy Frânsken allegear
foartteagen, scoe it den dochs wier wêze, hwer it praet nou al dagen
fen gyng, it Frânsk regear hie syn possenaesje útspile, de Nederlânnen
waerden frij! O ryk, o hearlik wird, wer frij to wêzen yn tins, yn
wird, yn gelove en regear! Hwet in skat for him, dy-t it mist hat en ’t
den werom kriget!
De Frânske officieren, dy-t noch altyd by him ynkertierd wierne mei
hjar oppassers, om to sjen as hy wol in goede adjunct-maire útmakke,
seagen skean by de noas del, do-t se al dy hege Frânsken der yn ’e
postkoets markbiten en nou ek al mei eigen span hjar foarbyriden
seagen. It bigoan op de neil to barnen, hja stiene it spul net mear.
Hja praettene hwet mei inoar en gjin healûre letter stiene hjar
hynsders al mei ’t seal op. Wytse Binderts seach it en liet ek syn
rydhynsder optuge. De iene officier wie noch altyd it haed fen alle
Frânsken yn hiel Achtkarspelen en syn gast en achting wirdich, al wie
’r in Frânskman en dos ried hy mei.
„Noch binn’ jimm’ op myn noed,” sei ’r, „en der scil jimm’ gjin hier
krinkt wirde, mar gien nou foart. Ik bring jimm’ nei ’t hûs ter Heide
oan ’e Simmerwei, den ha ik myn plicht dien.” En hy liet hjar de
kranten lêze. En hja bigriepen, al dy minsken wierne al fluchtelingen,
foarrinders fen tûzenen, noch op kommenswei.
„Oranje boven,
De Frânsen yn de oven,
De Frânsen yn it fjûr,
En de Prinsljue dy bliûwe oer!”
songene de bern yn ’e bûrren, do-t se foarby rieden en makken lange
noazen tsjin de officieren, mar de greaten hâldden hjar fetsoenlik om
Wytse Binderts, dy-t mei hjar ried.
Der gyngen se.... in stik libben en leed namen se mei. En der kamen al
mear en mear, de hearrewei roan fol, frânske ambtenaers, officieren, in
ginnerael mei syn hiele eigenwize staf, gens d’armes, de measten mei
wiif en bern. It folk waerd roerich, hja bigoanen spotlietsjes to
sjongen en keilen hjar stiennen efternei.
Sa rekke Optwizel syn ynketiering wer kwyt yn in dei twa, hwer se
achttsjin jier mei oantangele sitten hiene. Guont minsken gûlden fen
blydskip, it wie den ek wol de útredding út de greate need.
En do kaem de moaije moarn fen de Woansdei de 17e fen Novimber 1813.
Earst lei der hwet in dize oer it fjild, mar dy loek op en de ljeave
wintersinne skynde op de hirdfêrzene wei en de keale beammen, op ’e
pleatsen en ’e huzen, sa fredich op hjar hoarnlegers en hiemkes en nou
suvere fen alle frjemdlânsk gespús.
Wytse Binderts kaem der oan mei de feinten, elts mei in grude strie
ûnder de earm en dy bounen se oan in beam by de wei. Fierders liet hy
der trije ammerfollen wetter by delsette en stjûrde de feinten by de
streek lâns by al de geseten ljue, om itselde to dwaen en net binauwd
to wêzen, hwent dy-t nou kamen, al wierne se rûch en rou, mienden it
goed mei Fryslân.
En tsjin de middei, der kamen se oansetten op hjar lytse taeije
kedtsjes, sa ’n fyftich Kozakken[6] ûnder bifel fen hjar hetman Jesouw
Rebreef. Hja seagen it strie en it wetter by de wei.... it wie in tael,
dy-t se forstiene, in tael sûnder wirden, dy t hjar noege en gjin
ketier letter founen se yn de greate skûrre hjar leger spraet for de
nacht en de tafel oeral oanrjuchte en for de oerste in sêfte rêststé yn
’e hûs by Wytse Binderts.
[6] Historysk. Kozakken waerden húsfeste yn Optwizel, de Koaten en de
Tille.
En sa gyng ’t by eltsenien. Oeral wolkom, oeral gastfrij oanhelle.
Wierne se net de bifrijers? bigoan fen de steppen net de fiktoarje?
Napoleon! it wie in namme, al skiednis waen. Mar Oranje! it wie de
namme fen de takomst! de namme, yn sa lang net útspritsen, der om lit,
om fochten, om bidden wie....
En nou! nou! de 6ste fen Decimber 1813 waerde de Prins fen Oranje as
Kening Willem de Earste ta souvereine hearsker oer ’e Nederlânnen
útroppen.
Do wapperen de oranjeflaggen wer op de Aldehou, do letten de klokken
wer for in soan fen ’t eigen folk. It wie it feest fen de bifrijing fen
it jok, de frjemde twinger syn possenaesje foargoed útspile.
En op alle toerren en toerkes hiel Fryslân oer, blonk it bliide orange,
blanche, bleu. De read-wyt-blauwe flagge waerde fortrape, de keizerlike
earnen stikken slein en it folk húnde, dy-t Frânsk prate doarst.—
Alde Foppe Lieûwes, krebintich en rimmetikich, kuiere op ien fen dizze
dagen yn syn finne en seach it hear oer. Nou wie it den sa fier....
Hy stoarre yn ’e fierte. Der lei Eastemar en op ’e hege toer, der
floddere in kleurd fodsje gûd yn ’e wyn. Oranje wie ’t, O-r-a-n-j-e. Hy
seach it. O hwet wie it him great....
Syn foetten gyngen hjar lêste paden yn ’t twa en tachtichst jier fen
syn libben, mar dizze dei wie de moaijste noch fen syn hiele libben,
dizze earste dei fen in jubeljier, hwer in frij folk him út frije wil
oan in nije Souverein forboun.
En hy krige de âlde snúfdoaze noch ris wer út de bûs, foar sa lange
jierren to Ljouwert koft yn de heechste ellinde fen syn earm lân en hy
lies it ferske yetteris, det der yn stie, nou gjin ûnthjit mear, mar
bliide forfulling:
Al ben ’k tot spot, al ben ’k tot hoon,
Ik zeg: Oranjen houdt zijn kroon!
Een boom is ’t, die te groeien staat,
Waar men wel menig tak afslaat,
Maar hoe men knot en kerft en snoeit,
d’Oranjeboom nog eeuwen bloeit!—