It wytfêrzen lân lei yn rêst. De toarre, stive reiden stiene deastil yn
it boomiis, de greiden glinsteren witich fen in tin laechje snie. Sa
nou en den krôke it hwet.... in sniewolken glied stadich foar de moanne
lâns, in breed wrâldskaed oer in oneinige himelklearte.
Der skynde de moanne wer, fol, breedglimkjend as in âlde wize, dy-t wit
fen mennichten fen moangongen en ieuwen. Jupiter flonkere, de Môlkwei
syn blinkjende slinger teikene him dúdlik ôf tsjin it djipkleare blau
fen ’e froastige winterloft.
Der wie eat yn ’e frede fen dizze joun, det net mear fen dizze ierde
wie, sa ’s der yn it minskelibben ek ûren wêze kinne, dy-t ivich stiene
boppe al de rin fen deiske dagen....
Yn ’e fierte skimeren flau en tear de ljochten fen ’e bûrsterhuzen en
de man, dy-t de hulterige paden delkaem, stapte nou flugger oan. ’t
Loek kâld, syn hânnen priken him yn ’e broeksbûsen en ’t forlangst nei
in smûk sit yn in waerme keamer foar in hiel great fjûr krige sa ’n fat
op him, det hy draeide earst noch efkes lofts om, do-t hy Boerum
ynkaem, om by hospes Germ in healfeantsje op to nimmen, eart hy nei de
snider ta gyng, om him in nije jas oanmjitte to litten.
„Jonge, jonge!” sei Germ en wreau him yn ’e hânnen, „ha wy dy der
Abele? Det meij wol oan ’e balke!” En tsjinstich brocht ’r him al in
romerfol, eart Abele der om frege en ek in pear triedtsjes toeback for
de trochroker. ’t Wie Abele, as foel ’r yn side. In hiele gânske wike
wrotte en wrame as boerefeint om in lyts lean, nou ris in amerijke ek
minhear.
De stoeltsjeklok sloech krekt saun. Dos noch in ûrke tiid, hwent foar
achten birg de snider jelnestôk en kryt dochs net op. Hy nussele him
noch hwet tichter by ’t fjûr, djip yn ’e stoel, hy siet der, as scoe ’r
nea wer foart. En it dûrre al net sa bare lang, do kaem de polletyk op
it aljemint en hospes Germ, in âld speurhoun yn frânske tsjinst,
spitste de earen. Wenne Abele Reitses net by Joege Innes en hope hy net
al syn libbensdagen, dy Oranjerazer noch net ris in goede loer draeije
to kinnen?
Ongemirken wei kaem der mear folk, de tapkeamer rekke fol, Abele
Reitses krige partij ef foun oanhang, foaral do ’r op ’e tekst kaem fen
’e boargerwapening. Ja! der hie elts it mier oan, koe ’t slimmer, as om
twongen to wirden, fjuchtsje to moatten, licht wol tsjin eigen
doarpsljue? De healfearntsjes makken de ljue hjithollich en mûlrap en
do-t op it lêst hospes Germ it net litte koe en smeulde op Oranje,
stiene se as nite hoannen foar inoar oer, prinsman en patriot. En Abele
Reitses[1] raesde der yn om, sûnder omtinken, hwette tizich fen tofolle
healfearntsjes yn ’t folle gelach wei fen „Oranje boven! Oranje boven!”
[1] Abele Reitses wie yn 1795 ek al ris oppakt om syn
„Oranjebaldadigheden”, to Fisfliet útheefd en deswegen nei
East-Fryslân útband.
Der kaem in greate stiltme op dizze deadsoune. Hy stie allinne yn ’t
foarmidden fen ’e tapkeamer en seach binijd om him hinne. Dy-t it nys
sa mei him hâlden hiene en oanfjurre, hwer wierne se? Hja rôpen net
mei, taelden net iens mear nei him, mar sieten mei-inoar to mûskopjen
yn in herntsje.
„Nou”, sei ’r spitich wei, „den ik allinne mar: Oranje boven!” Hospes
Germ stie fen fierrens to gnizen as in pinksterfoks, foaral do ’t ’r de
blinkende sabels seach fen ’e gens d’armes en noch ien en noch ien, wol
fiif om it hoekje fen ’e doar. Hast onmirkber wei wonk ’r en eart Abele
in flau bisef hie, hwet der úthinge, hiene se him de hânboeijens al oan
en dreauwne him foar hjar út.
Dit gyng guont fen ’e oaren den dochs to bot. „Abele wit net mear, hwet
’r seit,” sei ien út it omsittend laech en gyng oerein, hiel stadich.
Germ koe him.... it scoe de lêste kear wol wêze, det baes Schotmans in
foet oer syn drompel sette.
„Boarger Schotmans, kin ik der nou foar, det dy man raest en opstiet
tsjin ’t gesach? Ha ik him der ta oanset altomets? Myn foet stiet
ommers ûnder allemans tafel.”
Schotmans naem de pong, smiet in hantsjefol lyts jild op ’e tafel.
„Der.... for Abele en my!” sei ’r koelwei en gyng. En Albert Hindriks
en Oeds Geales fen ’e Collumerterp en Doeke Idskes fen Boerum en Louwe
Cornelis gyngen mei. De tapkeamer wie nou Oranje-skjin.
„Handich lapt,” prize ien.
„’t Hie Joege Innes wêze moatten, mar dy âld rat is dy to goochem,
Germ-om,” stikele in oaren-ien.
„Dy-t de goes net oan kin, sjit de tjilling. Mar mis is ’t, hospes. ’t
Wirdt dyn skea,” sei in tredden-ien, bitelle it gelach en joech him ek
ôf. De minne wize fen dwaen fen ’e hospes hage him net.
De klok sloech acht. De snider wachte om ’e nocht.
De gens d’ armes mei Abele yn ’t foarmidden lânnen yn ’e bûrren oan. Hy
warde him nou danich, om him los to skûrren.... hy kaem yn ’e frisse
reine jounloft wer hwet ta him sels en fielde as by ynjowing, hjir to
Boerum wie noch in lytse kâns om los to kommen en hy krige in flau
besef, hwet him wachte, as hy to Collum yn ’t hounegat smiten waerd’.
„Help! help!” raesde ’r ynienen yn ’e stiltme fen ’e winterjoun. De
lêste klanken wierne noch net forstoarn, as de doarren fleagen
wiid-wach op en alle huzen liken wekker to wirden út ’e dod. Lûken
rattelen, klompen bosten en de bûrren roan yn in omsjoch fol. Mar
nimmen doarst it oan en helpe him, ek al omt se net rjucht wisten, hwer
it om gyng en sa rekken hja al sparteljende wei de kant út nei Collum,
earst noch in hiele smite der efter oan, mar al njonkenlytsen wei
forsjillen se, do-t se de kjeld fielden fen it iensume, onbibouwde
fjild. It geskreau en gejammer fen Abele hâldde ek op. Hy tocht om syn
faem derjinsen tichte by de Lauwers yn in lytse poeskoken, hwer hy joun
ek noch efkes kypje scild hie, as ’t net to let waerd en it moed waerde
him fol. De triennen rôllen him oer ’e wangen en hy forflokte de drank,
dy-t him ta dizze steat brocht hie. Sei Joege Innes altyd net: „In slot
op ’e mûle, astû in blauhoaz sjochste.” En hy, hy ezel! yn ’e hoale fen
’e lieu hie hy der útflapt, âld en nij!
Lang om let lânnen se to Collum oan en smieten him yn ’t hounegat fen
’t rjuchthús, de boeijens oan en ’e foetten yn ’e twangstôk. It waerde
tinken. Der wie net folle folk mear op ’e lappen.... de loft stie spits
en kâld. Hwa siket den net syn hael by de hird, hwer it moai houtfjurke
stiet to glûrjen en in feardich boekeblok op leit to knappen en in
maklike briedstoel noadet ta in knipperke ef in smûk petear?
De oare moarne ier en betiid.... de dage gyng noch mar krekt oer de
loft, diich Joege Innes in nije toppe strie yn syn klompen, stiek de
knyft by de broeksbân yn, hinge de snaphaen oer ’t skouder en treau in
swiere pong yn ’e bûs en joech him op in paed, de hirde klaeireed del
op Boerum yn, op in distânzje folge fen syn soan en de lytsfeint. Hy
wie noch net sa ’n ein op reis, as hy moete Schotmans en Louwe Cornelis
en Doeke Idskes en in hiele heap oare getrouwen en bipikele Oranjeljue,
der min huzen op bouwe koe en dy-t ek wol safolle splint hiene, om
penningtellender wize sa ’n akkefytsje útsjonge to kinnen.
„Hwer scil dit hinne?” sei ’r en seach fen de iene op de oare, heimlike
blydskip yn ’e skrandere eagen.
„Lyk as jou de Oranjehoanne fen ’e matte helje, det ’r wer fiktoarje
kraeije kin,” andere Schotmans snedich.
„Den mar mei,” sei Joege Innes. Der kamen al mar mear de klaeireden
delklossen, in inkelden ien it gewear op ’t skouder, oaren de gripe ef
de heaplôke heal ûnder de jas, allegear stevige knapen mei hânnen as
slaeijen, dy-t hjar man stean scoene, as ’t wêze moast. Hwet der bard
wie, moast wol as in diggelfjûr oer ’t gea flein wêze.... al mar oan
groeide it tal en hja waerden roerich ûnder hânnen wei. Joege Innes,
great en stoef, roan mar stil foarop. De wyn waeide yn syn lang
bird.... de earste skimer fen ’e reade winterdage joech syn antlit de
wûndere gloed fen in âld-testamintyske profeet.
Hiele Collum stie al op iene-ein, dy iere moarne fen ’e 3e fen Selle
1797, hwent Abele hie dy nachts sa raesd en gûld en slein tsjin de doar
fen syn hokje, det de rottelwacht hie gjin each ticht dwaen kind yn ’t
pertael fen ’t rjuchthús, hwer hy oars altyd syn hazzesliepkes diich en
wie him út bigoan to rachen en to skelden. In pear omstippers krigen
der de lucht fen en gjin ûre letter strúnden der wol tweintich om it
rjuchthús.
„Súdde min him niet fordoen, die der met syn gegúl?” sei der ien.
„Hja moasten dy de earmbânnen mar ris omdwaen mei dyn stoaters gegniis,
dû frânske koeke- en daeibakker,” nite him in oaren ien. En det wie me
yn in omsjoch fen pak oan en slach der op, it klapte op ’e Piip en de
planken dreunden der fen. Der ynienen waerden se allegear ketoen en
stil.
In hiele kloft Wâldtsjers kaem it West út wei klossen en det wie rjucht
út, rjucht oan op it rjuchthús yn. Der wierne wol fiifhûndert en noch
mear. In wiif rekke ûnder de foet, in great skoukarre foel om en waerde
yn moster totrape. Hja hokken foar de doar fen ’t rjuchthús gear en
sloegene op ’e doar, det it krêke en do-t det net holp, rinkelen de
glêzen. De blinen hellen se foar de finsters wei en rameiden de
boppedoar sa lang mei de swiere izers, det dy joech bilies en ’t
breinroere, fakseare folk stoude ta ’t rjuchthús yn, guont fen de
drysten nei de riedseale ta, hwer de rottelwacht efter de lege stoel
fen siktaris Braek stie to triljen en him lyts makke efter it bekling.
„Hawar, scilst dyn breahear ris fen ’t bêd rottelje en helje him hjir?”
hjitte him in reus fen in Collumersweachster en sette him in twadúbbel
skerp knyft op ’t boarst.
„Genede! genede!” jammere de rottelwacht. Do gniisden se en stompten
him ta de doar út. Hy fleach efter oer de lânnen, oer sleatten en
slûzen en brocht sa minhear Braak de jobstynge.
In greate bynstok waerde in koumelker ôfliend, de wacht foar ’t
hounegat lamslein en foartsoald bûtedoar en do mei de bynstok de doar
rameid. Abele, dy-t earst noch forskûrrend jammere, waerde stil. In
stik twa trije ramen, do sprong de doar op en Abele der út as in swel
sa fluch en stie op ’e foarstriette en sloech fen blydskip mei de
hânnen yn ’e loft en de oaren dânsene om him hinne, sa ’s se it ek wol
sjoen hiene om ’e frijheitsbeam.
Do-t Joege Innes mei syn oanhang ta Collum ynstapte, kaem Abele al fen
’e oare kant en roan as in ljip. Joege Innes glimke efkes hiel
fyntsjes, oars wie ’t nin draver, dy Abele, mar nou siet moatten der
efter. „Mar gau oan ’t melken,” rôp ’r him noch nei.
Hwet seagen se raer op, do-t se by ’t rjuchthús kamen en de boel der sa
op iene ein stie. Alles forrinneweard, it doarskesyn stikken, de ruten
neat oars mear as holle luchtgatten, de gerdinen as raffels waeijend
foar de iepen finsters.
Joege Innes skodholle. „Moast it sa?” sei ’r tsjin Jan Binnes, dy-t
deabidaerd op ’e hege brêgeleuning siet to smoken en mei in stik ef
hwet oaren der de wacht hâlde, det gjin patriot oer ’e brêge komme koe.
Húnsk lake dy. „It moast noch hiel oars,” sei ’r stadich, in nuvere
flikkering yn ’e woeste, moaije eagen. „Wy gien’ nou noch nei siktaris
ta, dy gleone patriot moat en scil fen ’t bêd roffele wirde. Twinge
scill’ wy him, om in forklearring to teikenjen, det ’r Abele net wer
oppakt.”
„Scill’ wy ek mei, mannen?” rôp Joege Innes.
„Jawisse det!”.... rôpen se werom. „Det wirdt me ommers in feest, det
krollen fen dy gledde iel ûnder ’t mes fen ’e strûper.”
It gyng der mei staesje op los.... In lyts fyftich bleauwne efter to
wachthâlden by ’t tsjerkhôf en de Bûtenposter paden, en sa koe nimmen
hjar fen efteren oanfalle. De Collumer patriotten, greate skreauwers,
mar minmachtich, kroepen dochs ek ljeaver as foksen yn ’e hoale en
stjûrden ûnder dúmkes wei twa ôfgesanten op ’t hynsder Meckamareed út,
troch de lânnen en de sânwei del nei Collumerfallaet, om Keuning to
warskôgjen.
Siktaris Braak, al op in rare menear to wekker wirden fen ’t gejammer
en gebear fen Ulke, de rottelwacht, stie yn ’e gong to triljen en seach
nou en den skrutel troch ’t kykgat fen ’e doar. It greate izeren
poarthek hie ’r wiid opsette litten en de lûken fen de finsters.... it
wie in nuver iepenhoftich gesicht sa ier yn ’e moarn. Mar siktaris,
goed minskekenner, al wie ’r patriot, bigriep bêst, de doeme mennichte
fornielt earder, hwet ticht sit, as hwet wiid-waech opstiet en hy moast
nou fen ’e moarn alles winne troch forstân en bislepenheit, oars
forlear ’r hjoed licht én syn prestysje én syn baentsje en miskien, o
mieri! wol syn dierber libben!
Syn gloednije, goudbitresse Frânske frak hie ’r oan en yn eltse
broeksbûs in laden pistol en op in deftige distânzje stiene syn trije
feinten efter him to triljen, ek wapene, al wie ’t mar mei gemiene
ljue’s snaphanen.
Jan Binnes hie de foarstap en razen, ja! breinroer waerd’ siktaris,
do-t hy det seach. Jan Binnes, dy aterling! dy gledde goochemert! oeral
by en noait to binaderjen! dy fjurkestoker fen ’t hiele gea! En prate
koe ’r, det it folk waerd’ der gek fen, hy koe se oanhysje wol ta
moard, wie ’t sizzen en al scoe de pynbank se den ek út inoar skûrre,
hja scoene noch gjin kik jaen en him forklappe, sá hie hy se ûnder de
ban. De wyldste hynsders learde hy yn in ûre mennich it lûken en as der
twa bollen fochten, hellen se him mar en den kamen se elts fen in kant
op him ta en slikken nei syn hânnen. En den bispriek ’r se mei rare
wirden.
Soks hie siktaris Braak, de forljochte patriot, it min op stean.... In
stikje pompier, hwer min in dwangbifel op skriûwe kin, is gewillich,
mar sa ’n Jan Binnes.... det wie in oare macht, dy-t dwars yin sines yn
raemde.... De grize gyng him oer ’e grauwe.... En Jan Binnes, sa ’n
hûndert man, rare knapen! him op hakken en teannen nei, kaem al
tichterby.
„Hwer bistû, divelske patriot!” raesde ’r. „Kom der út, detst skriûwe
kinst, hwet ik dy foarsiz en oars.... den scill’ wy dy de knyft troch
de strôt helje, det ’r iepenreept....”
Siktaris sloech syn slach. Hy smiet de doar op en stie der yn al de
gloarje fen syn gouden jas. „Hwet moat det hjir op myn hiem? Gau der
ôf.... fluch hwet jimm’ allegear....”
Ien amerij stie ’t folk stom. Wel noch ta, Jan Binnes krige partij!
Selst Joege Innes forknypte him ynwindich. Sims fielde hy him selst
lyts-man by Jan Binnes.
Jan Binnes, great en smel op it hege parredis, kaem noch in stap twa
tichterby en siktaris gyng skytskoarjend efterút.
„Stan nou en optslach ek.” De greate, flimend skerpe eagen hâldden him
suver fêst yn hjar tsjoen, al hie siktaris nou ek wold, hy koé net mear
fen ’t steed komme.
„Gau teikenje, det Abele frijlitten wirdt foargoed en noait wer
omkrûmte bylei wirde scil en oars.... ik scil dy pleachje mei de pleach
fen minske en dier, himel en ierde en....”
„Stil....! stil....!” hime siktaris, „ik scil teikenje, al hwetst ek
mar wolst. Lit my los, dû divel....”
„Hwer hâldt ik dy fêst?” sei Jan Binnes dimmen en sloech syn eagen
foardel.
En siktaris wie net sa goed, as hy teikene mei diselde pinne, hwer hy
oars sa faken it bifel ta finzenisstraffe fen in Prinsman mei skreauwn
hie, nou, de ridel fen binaudens yn ’e hân en ’t klamme swit yn kobben
op ’e foarholle, in ûnthjit op skrift wol sekuer en for nin oare útlech
fatber, det Abele Reitses scoe noait wer oppakt wirde om syn
Oranjeropperij en ek gjin oaren, dy-t him fen nacht út ’e need holpen
hiene. It wie in swier stik for him.... ho siet ’r twisken twa fjurren
yn ’e yeske! hwet scoe minhear fen Rhé wol net sizze! misledige hy it
Frânske gesach der net danich mei, hy, dy-t jerne ginste hie fen hege
hearen.... Mar hjir optheden wie gjinien ta help en hjir loerde de
dea.... Ja, dy loerde yn ’e eagen fen Jan Binnes.... It hert sloech him
tsjin de kiel oan....
Joege Innes, stoef en steech yn ’t foarmidden, bisocht al ris om in
oerwicht oer ’t folk to krijen en de hertstochten del to bêdzjen, mar
hja wierne al moannenlang tofolle troch dy boargerwapening fakseare en
fielden hjar nou los fen ’t ket en oan ’e winnende hân. Foart de hate
patriot, foart de bloedsûgerige ekstra heffings op hjar lyts bytsje
oergjerre jild, om det yn hollânske ef frânske pongen forsjilje to
litten, foart mei de ynkertierings, it gemienste frânske rosmos yn ’e
hûs ta skea fen wiif en bern, foart mei Braak en Keuning, dy-t it to
ûnderstean doarsten en sette hjar eale grytman fen Scheltinga in set yn
’t tichthús, om sels op ’t stoeltsje komme to kinnen, foart mei de
boargerwapening, om for in frjemd, hate gesach fechte en yn ’e dead
dreauwn to wirden, foart alderlêst mar aldermeast mei de godleugenaers,
dy-t nou selst al roavjende taesten dwaen doarsten nei hjar tsjerke en
tsjerke- en weeshúsgoederen, foart der mei!! nou en nou foargoed ek!
Siktaris kaem wer op it parredis, sa wyt as in wever, it frijbrief for
Abele yn ’e hân. Jan Binnes krige it oan en gnúfde der wakker yn om en
do joech ’r it oer oan Joege Innes en de wiidforneamde dichter Eelke
Meinderts, ek mei de oare Oranjemannen úttein, en dy liezen it ek ris
nei en bifounen it ek, goed yn kalk en semint to sitten. Nin minske koe
der in neil efter krije, mienden hja.
Jan Binnes, koart biredt, draeide him om. Hy ginde Braak net iens in
goe-moarn, winske ’r net, det ’r nin goede ef kweade moarn ea wer sjen
scoe?
Mei tsjinsin gyng it folk him efternei, mar heal foldien. „Scoe det der
oars ek ris barne wold ha?” sei der ien sa smout wei en wiisde op in
skoander blokje klaeihea efter siktaris syn hûs. Der de reade hoanne op
kraeijen to sjen, hwet scoe ’t in trewis west ha!
Joege Innes fielde as by ynjowing, hwet hjir op dizze amerij ûnder it
fierst to stille folk omgyng. Jonge, jonge! in stiltme foar de stoarm!
Min kin in pod ommers wol sa lang tergje, det ’r kwat en hy bisocht sa
ûnder dúmkes wei, de ljue hwet yn ’t lij to praten en guont wer de
Collumer en oaren de Aldwâldemer kant út to krijen. Bigoan hjar de mage
ek net to jokjen? Him tominsen tige, hy woe nei hûs. En stadich oan
dripte de iene nei de oare ôf, Jan Binnes optlêst ek en sa ’n
fjouwerhûndert Wâldtsjers mei him, allegear einliks prot, det it sa
njúd ôfroan wie en de hotte en de file inoar net rekke hiene. Earst
noch ris efkes by „grytman” fen Scheltinga en mefrou Bouricius oan, om
der it nijs út to krantsjen, do sochten de measten memme brijpot mar
wer op, froed en wol. Mar de fonk, ienkear yn it droege hout, smeulde
foart. Hja gyngen nou nei hûs, skodden de fûst tsjin it fallaetshûs,
hwer Keuning húsmanne en joun! den scoene se it krûd yn ’e hoarntsjes
rûggelje litten ha en de houwdegens wierne slipe en de snaphanen ré,
den kamen se werom....
It foarspel wie dien. In tûken ien, dy-t nou it lot syn rin noch
kearde. De hjitte hertstochten fen dizze ienfâldige ljue, noch nea fen
hjar hiele libben towekker roppen, rekken nou oerstjûr, de knyft kitele
hjar hânnen en yn ’e bûsen fen in inkelde rattelden de kûgels al as
sûre pipenuten. Sa wierne der wol guont, dy-t bihâlden wer thús
oanlânnen by de koekpanne mei spek op ’e hoep en de greate petylje
beantsjes derby, doch sinnige it in hopen mâlle min, as dit hjoed sa
ôfrinne moast. Hwet hie min bidijd? Wierne se nou fen ’e
boargerwapening frijrekke? hoechden se gjin swiere lêsten mear op to
bringen? Keuning siet noch frank en frij foar ’t finster hjar út to
gnizen, ynpleats det ’r ris omraek omsoale wie en streeps hawn hie, det
de flarden fel der nei fleagen.
It bleau rare roerich op ’e wei.
Sa kaem de joun, de moaije joun fen dizze froastige Febrewarisdei, fen
in tinne mist omdize, fen in earste ketiersmoanne biskynd. Read en
froastich wie de sinne al wer ûndergien, de reek út ’e skoarstiens stie
as in plûm yn ’e loft.
Do-t de hearsfeint fen „Vaartzicht” it hek slute, seach ’r mei
binijing, ho fol as de wei stie en ho oerstjûr it folk wer waerde. Hja
sprieken op for mastersfeint, knyften blonken en Keuning syn namme
waerd’ faken neamd. Sa krige stadich-oan it wyldsin hjar wer yn ’e
kloeren en optlêst setten in stikmennich de stap der ûnder nei Jan
Binnes ta. Woe hy ek wer mei, om dy Collumer patriotten opsitten to
learen?
Dy nachts! o hokfoar slimme nacht wie det for Collum en omkriten! rekke
it folk slaende deilis mei in kloft skutters fen Dokkum, as help stjûrd
for minhear Braak. Guont fen it trekskip hiene heard fen de rûzje
moarns en ’t mei de waerme hân oerbrocht oan ’t regear fen de greate
sted fen Dokkum. It dûrre al net sa lang, do founen se Jan Binnes en
syn maten op it tsjerkhôf, hwer se hjar for tsjinwar opsteld hiene, de
grouwe mûrren as in goede rêchstelling en do gyng ’t der heil om seil
oan wei.
De boargers Wadman en Feugen fen Bûtenpost wierne ier en betiid mei in
ekstrapost nei Ljouwert jage, om it fen Rhé oan to dragen. Sels koe ’r
net komme, wie ’r net krebintich en gammelich fen ’t winter? mar hy
stjûrde twa boargers mei werom, frjeonen patriotten Ament en Germans,
goed biselskippe fen swier wapene huzaren, om poalshichte to nimmen fen
dit spektakel. En hy gniisde as in pinksterfoks: it scoe gjin kwea
kinne, om dit folkje ta ’t alderúterste to niidzjen, den scoe hy letter
de boeten heech opdriûwe kinne. Hwent hjitte dit Collum en syn omkrite
net ien fen ’e fetste lânsdouwen fen Fryslân?
Earst, do-t it allinne fen de Prinsljue tsjin ’e Dokkumers gyng, bleau
it sahwet kamp, mar do-t de huzaren kamen op ’e greate woeste hynsders
en in raer misbaer makken mei de lange sabels, wie ’t pleit gau
forlern. Seis en sechstich Oranjemannen pakten se op en setten se efter
slot yn ’e tsjerke, om der to bikommen fen hjar hjitholligens en leare,
ho-t it rjucht ef onrjucht fen ’e sterkste it altyd wint. Jan Binnes
wie hjar twisken de fingers trochslûpt en kaem yn ’t holst fen ’e nacht
wer thús setten, smiet it dek op ’t hynsder en jage foart, de
Aldwâldemer kant út.
In lyts ûre letter kaem ’r werom en gyng bidaerd op bêd.
Yn ’e iere moarn waerde hy fen ’t bêd kloppe. „Oarloch yn Collum! Al
acht dea!” raesden se him tomjitte.
„Ael,” sei ’r tsjin ’t wiif, „ik moat wer foart. Licht bliûw ’k de
hiele dei wol wei en kom earst joun let wer thús. Jowst my in flaubyt
mei?” en syn wiif, noch heal yn ’e sliep, snie broggen en helle in pear
woarsten út ’e skoarstien en in stik tsiis út it spyn. „Hjir jonge,”
sei se. „Gien mei God en kom hjir bihâlden wer. En moardzje net, Jan.”
„It fjûr scill’ se oan ’e teannen ta ha, mar gjin bloed, Ael. Gjin drip
bloed. Det is de leare net....” en sa gyng ’r foart en waerde wei
bûtedoar, der it tsjuster fen ’e nacht al bigoan to wiken.
De wei stie swart fen folk.... it wachtsjen wie op him, dy ’t se
allinne mânsk genôch achten, om nou foarman to wêzen en dizze saek ta
in goed ein to bringen. It tal groeide njonkenlytsen noch, der kamen
guont by fen ’e Sweach en Feanwâlden en optlêst in hiele smite fen
Driesum en Moarmwâld, master Marten Joukes oan ’e spits. Ek Scheltinga
foege him by hjar en sa gyngen se op reis de nachtstille wei lâns.
Opmerkelike stil.
Der ynienen bigoan de Collumer klok to klippen, in tel ef hwet en do
mei syn swiere bromstimme to lieden, it stille gea oer. It klonk near
yn ’e stille, froastige foarmoarn o sa near. En de klok bromde mar
troch. It wie it ôfspritsen sein al sont lang for alles, hwet Oranje
tagedien wie, om op to kommen, noch ienris for gelove, goed rjucht en
wet it findel heech to heffen. En de finzenen yn ’e tsjerke diene it ta
greate argewaesje fen hjar oppassers bûtedoar, dy-t der net yn doarsten
om hjar ’t manuael op to lêzen. En sa moasten hja se wol betien litte.
Hark! de Boerumer klok klipt ek al en de Aldwâldemer folget. Ut
Bûtenpost komt ek lûd. Weinen bolderje yn ’e fierte, geskreau en geraes
oeral. Sa gyng it op Collum yn. In eindsje de Krúswei foarby kamen se
al yn ’t fjûr. Der waerden se oanfallen fen ’e huzaren, mar dy,
minmachtich, leine al gau to spinfoetsjen en winnende wei gyng ’t nou
op Collum ta en der troffen se al in hiele bulte frjeonen út ’e
Dongeradielen en Boerum en Augsbuurt, der founen se Joege Innes as
foarman en mei mannemacht bistoarmen se de tsjerke en forlosten hjar
folk.
Hja protten suver ta Collum út, alle wegen wierne stiiffol en der kaem
earst wer rûmte, do se it West yn teagen, fen plan as se wierne, om de
Dockumer skutters, dy by Keuning stiene to oppassen, yn ’e wiele to
riden en to omsingeljen. Dy ek net slûch, bigriepen skoan, hwet hjar to
wachtsjen stie, tritich man tsjin sa ’n túzen en hja naeiden út en
kamen mei great misbaer werom yn ’e sted fen Dockum.
Nou hiene de oaren de baen rûm. Jan Binnes seach om him hinne, in smel
gnyske om ’e reade mûle, in felle loaits fen haet yn ’e eagen. Yn in
omsjoch foroare ’r fen in ienfâldich húsman yn in oerste, in
felgebetene machthabber oer in folchsume binde. „Efter my, fiif by
fiif,” wie syn koart bifel en hja gyngen as skiep. Hja setten hjar yn
postuer, de drystmoedigen deun efter him, de binauden op in fetsoenlike
distânzje, bang for fjûr en noch banger for útpiken.
Hy wie net bang, krekt as bigoan nou hjoed earst it libben en libbe hy
det yn al syn ieren en sinen mei. Syn bloed polske red, al de slomjende
kreften yn him, sa goed as tsjoed, waerden wekker. In onforwrikber
bitrou op it goedslachjen fen syn plannen bihearske him. Wierne se ek
net mei opsteld fen jonker Ripperda en selst alle slûpynen, hwer se yn
gefal fen need de wyk hinne spylje koene, hie hy oanjown. Stiene der
hjir en der yn ’t lân gjin húskes en hokken, hwer nij ark lei om to
sjitten en yn gefal fen de alderúterste need, lei der net in skip by
Collumer Aldsyl, as help stjûrd fen Ingelân, om de fluchtelingen,
aldermeast de haedmannen, op to pikken en se oer de frije sé to
bringen, hwer se mar hinne woene?
Archibald Porter, eare syn namme! hie wol ris earder riemmen snien út
diselde lape lear.... hy wist, ho winste en forlies rare broerren
binne, der min bilieven mei rekkenje moat. Mar dit mislearje! och, det
bistie net. Der hie hy gjin noed mei, alhowol, ien ding barnde him yn
’t moed. Yn elts gefal wie ’t it lêste jild, hwet Ingelân taskikt hie,
it âlderlêste, ja dette, hie jonker Ryklef sei. Ingelân koé net mear
jaen. Syn oarlogjen friet jild. En as hy hjir om tochte, den forsonk ’r
yn gemimer. Ho!? as it ris misleare.... Mar der wie gjin mis op, hja
scoene it winne! Moarn den dei de Oranjeflach op ’e Dockumer toer en
licht oer in wike wol Ljouwert selst wer frij fen ’e Frânsken!
Yn ’t stille Bouwekleaster hie de joune krekt en allyk west as altyd.
Wolmoet hjar douwkes fleagen op ’e neidei nei de til, de jernamers
rattelen en de feinten en ’e faem bigoanen to melken yn ’t waerm
bûthús, hwer min neat fen ’e kjeld bûtedoar bispeurde. Lysbeth en
Wolmoet kamen, de lege tobbe twisken hjar yn en hellen it linnen fen ’e
bleek, stiif en hird fen it neiwinterke. Hja seagen Bindert Japiks
troch ’t kleasterhôf kuierjen, de útfenhûzer by him, ek lyk as hy yn ’e
blauwe kyl en der de jas los oerhinne en in âld foerpet op.
Op ’e reed moeten se inoar en Lysbeth stompte de jonker oan en wiisde
yn ’e fierte. „De jonker scoe goed dwaen en gien optslach yn ’e wâl.
Hwet komt me der oan op ’t hynsder?” De eagen fen ’t âld minske, fen
ljeafde opskerpe, hiene mear sjoen as de oare trije. Yn in omsjoch
glied Ripperda yn ’e wâl en makke him lyts twisken it struwel. Op ’e
joun ien op ’t hynsder hjir yn Bouwekleaster, hwer yen winters nimmen
ea byneist kaem as de bolrinster en de bolderwein fen ’e moalker? Hwet
koe det wêze?
Stadich kaem Bindert Japiks it lân út wei, de reed del. Hy wist syn
útfenhûzer goed forside, holp it winnende tsjuster ek net mei.... dos
hy bleau bidaerd wei stean, do-t de ruter fen ’t hynsder sprong en
rinnende wei op him takaem.
„Bindert Japiks binn’ jou?”
„Ja ikke,” wie ’t koele andert.
„Hwet seit min, as Oranje in prinsman moet?”
„Oranje sterktme, neat oars,” andere Bindert Japiks koart.
„Lêz,” sei de ruter en hâldde him in brief foar. Mei ien hael fen ’e
knyft snie ’r it brief op en lies. De kleur forskeat yn syn reafallige
wangen.... hy sykhelle djip. Ien amerij mar, do wjerljochte der eat as
fen freugde yn syn greate blauwe eagen.
„It andert en gau ljeafst,” tantte him de frjemde ruter.
„Moarnier fiif ûre biredt sûnder útstel ef smûsjes. Wiste it goed?”
De jonge ruter nikte en smiet syn lichte lea mei ien sprong wer op ’t
hynsder en draeide det út nei de Ham. Bindert Japiks miende him nou sa
fen oansjen wol to kennen, wie ’t net ien fen Boate Eskes jonges?
Nou wie den de kûgel troch de tsjerke.... nou kaem de kniper op de
skine. Hansum nei de jonker en eart it jounmiel op ’e tafel stie, roan
de hiele greate skûrre al fol fen trouwe knapen en elts krige syn
poarsje fen wapens en krûd en lead. It hie himsels sa ’n foech
kaptaeltsje koste, mar nou koe hy de Ham en ’e Pein ek út syn eigen bûs
wapenje. Dy-t net sjitte koene, learden it dy joune noch by de walmige
lantearne en in stikmennich kjersen, sa goed en sa kwea as ’t gyng en
dy-t it net handich genôch stie, dy retten hjar oars wol en scoene de
seine en ’e heafoarke meinimme ta hjar forwar. Gjin minske krige dy
nachts in wink yn syn eagen. Kamen der fen ’e Ham gjin fiif en fyftich
del en fen ’e Pein sels acht en tweintich? Selst âlde Wobbe rekke noch
mei, hy scoe de hynsders menne fen ’e wein, hwer Bindert Japiks en de
oaren fen syn ploechje op ride scoene, hwent Collum wie for hjar fierst
to fier om geandefoet to kommen.
En Ryklef Ripperda.... Nou wie ’t den sa fier.... Hwet him roppen hie,
lûd fen stim, selst yn it fiere Saksen, selst mei noch net kenber lûd
yn ’t hjitst fen ’e freugd yn Bohemen.... nou bigoan it him to
bilichaemjen, woe ’t kend wêze fen him.
En hy!? Hy naem it oan as in frjemde jefte folgens Heger Bistel. For de
twadde kear waerde ’r nou dos ferge, om blyk to jaen fen syn
oertsjûging. En wer scoe it wêze foar in hiele smite folk, licht wol
tûzen, lyk as it do ek wie dy deis to Ljouwert. Oranje ôfswarre en
knibbelje foar it Frânske gesach! Den, ja den! is der mar ien kar!
Miende ’r noch net it trochknappen fen syn sabel to hearren en ’e klets
op ’e balflinten? Oranje ôfswarre! det noait.... do net, nou net en
noait!
En hy skoarre him ta dit forset. Hy seach noch ris wer syn
planteikeningen nei, hwer hy fen wiste, det Jan Binnes in twadden ien
fen hie, yn ’t holst fen ’e nacht kaem fen Scheltinga fen Stynsgea der
noch by en Foppe Theunis (Rispens) fen Surhuzum en de oare moarne, dy
noait wer to forjitten moarne! triek de hiele smite, sa ’n great
tachtich man oer Stynsgea op Collum oan, om hjar frjeonen, opsluten yn
’e Collumer tsjerke, mei to ûntsetten. Foarenop Wobbe, de beide gleone
brunen foar de boerewein en der fen Scheltinga op en Bindert Japiks,
Timen Hendriks fen ’e Pein en de beide broerren Gerrit en Marten Klazes
fen ’e Ham en de oaren to gean, bihalven den de jonker en Wytse en
Ritske Binderts op ’t hynsder.
Het Geregte fen Achtkerspelen, bilichame yn ’t haedplak fen ’e gemeinte
Stynsgea yn ’e persoan fen fen der Kooij, bipluze krekt syn
moarnsbrogge, do-t hy in nuver geraes en gebear hearde op ’e wei. Hy
hie to nacht min sliept fenwegen dy nachtmerje to Collum mei dy
healwize Abele en wie al ier-en-betiid fen ’t bêd kaem en lies for
fordiwedaezje „rapporten” en dronk der syn kofje by en iet in flaubyt.
’t Smakke allegeare like min. Nitelich smiet ’r de boel der del.
Hwet wie det? Dy Bindert Japiks lyk foar syn hûs fen ’e wein en det nei
’t tsjerkhôf ta? ’t Wie noch mar skimermoarn, mar dit miste him dochs
net. En hwa wierne dy oaren? Hwet moasten dy nou wer? Der wie nou ek
suver altyd hwet, min scoe yensels der om forgrienne. En.... De mûle
bleau him heal yn ’t kear stean fen skrik. Bigoan der de klok.... to
klippen?....
„Hindrik!” raesde ’r. „Der út en sjoch, as der brân is ef soks
sahwet....”
„Ik.... doar.... net,” hime dy en kroep yn in hoeke by ’t bedsket.
„Wel den donder, den scil ’k sels,” en hy stapte as in pau ta de
efterdoar út. It tsjerkhôf stie fol Hamsters en Peinsters en de klok
klipte earmoedich en der bigoan me de Surhuzemer en dy fen ’t âld
klokhús fen Bouwekleaster ek al en de Hamster....
„Helje eksteur!” raesde ’r pûr. Mar eksteur wie wei en bleau wei. En
liet de klok mar klippe en liede.
„Sa lang der klokken liede kinne yn Fryslân, scil ’t for Oranje wêze,
wit det, dû gemiene patriot. Scill’ wy dy de nekke ris omdraeije?” sei
ien út in kloftke jonge Hamsters en hja raemden nei him. Hie ’r de
jichte net? en as in âlde foks kroep ’r wer yn syn hoale en markbite
nau, hwa ’t yn ’t foarste gelid stie fen dizze reboelje. En hy gnyske,
do-t hy seach, it wierne Bindert Japiks en jonker fen Scheltinga, syn
eigen doarpsnoat en ek sa ’n forflokte prinsman.
Fen alle kanten streamden de minsken ta, fen Surhuzum en ’t Fean en sa
gyng ’t nei Bûtenpost. Der kamen der wer sa ’n njuggentich by,
swijchsum en stoef, âld en jong, ryk en earm, mar meast dochs de
geseten ljue, lytsman en patriot wie pankoekje út ien bisleek. Dy hwet
wie, hâldde oan God en Syn gesach fêst, wie Prinsman en ’t minder
soarte kroep, om de frânske krûmmels, dy-t hjar tasmiten waerden, to
bisetten.
Bindert Japiks seach om him hinne. Trou kamen se op, syn foltsen. Hy
seach Japik Durks Cuipers fen Bûtenpost en Wybren Lourens en Roel, syn
broer en Eabe Tsjeards Rispens de Boksumer en Roel Stuit, de keslein
fen ’e Roskam en Wytse Eabeles fen Stynsgea en Metske Ates en yn in
kloftsje appart sahwet it hiele Optwizeler manfolk, Wibe Lubberts
foarop en Bindert en Wolter Jans en Piter Wytses en Wopke Tabes en hwet
fjierder efteroan op in greate mallejan op in pear stevige beamstammen
de geseten ljue fen ’e Koaten, Jehannes Piters de leijen yn ’e hânnen
fen ’e hynsders en de iene hie in oranjelintsje oan ’t hoofdstel. O dy
âlde ljeave, sa forspuide kleur! de triennen skeaten him yn ’e
eagen....
Der wie ôfpraet, de jonker Ripperda scoe him earst mar hwet appart
hâlde, om net tofolle each to jaen, al wie hy hjir twisken al dy
trouwen ek noch sa feilich as hwet, mar einliks Bûtenpost foarby, liet
’r Bindert Japiks syn bêste hynsder, in moaije swarte rún foarkomme en
sprong er op, jong fen swaei en ried de oaren foarby en oan ’e spits.
Sûnder commando oardere it folk him. De wei roan alhiel fol, hja kamen
fen ’e sydpaden en út Feankleaster en stadich gyng ’t op Collumer
Fallaet en Collum ta. It wie nou al moarn.... de ljochte dizen seine
it, dy-t stadich oploeken en troch in spjalt hwet fen it Easten sjen
lieten, hwer de sinne blijread tynde boppe de rûchfearzene wrâld.
By de Krúswei moeten se einliks Jan Binnes en de oaren. Dy foel in
stien fen ’t hert. Hy wist sels mar al to goed, hokker macht as ’r hie
oer it folk, mar kriichskinst, regele forset, ja! det wie en bleau in
sluten boek for him.
„En nou mannen,” sei ’r. „Sjoch jimm’ dizze? Det is ús jonker Ripperda.
Wy hâlde it ek mei ús âld regear en scill’ ús forwarre ta it uterste
der for, net?”
„Ja, wy allegearre....” rôpen se.
„Wy scille noch.... dizze hat it al dien. Jierren lang hat ’r for de
saek fen Oranje as in balling omtoarke, earmoed lit en forfolging. Hy
hat de proef op ’e som bistien. Hear him en doch nou, hwet hy seit. Hy
wit it.”
„En dû....?”
„Ik tsjinje him,” sei Jan Binnes dimmen en bûgde syn holle. In earste
sinnestriel syn glâns foel op syn swart gled hier en ’e keal útskearde
jonge nekke. De gouden ringkjes yn syn earen glinsteren.
Al stoarjende wei seach Ripperda it. Sa ’n lyts, ienfâldich genierke en
dochs in persoanlikheit, in sterke diedkreftige persoanlikheit! Hokfoar
kreften moast dit teare, jonge lichem bergje, om sá in mennichte fen
folk nei syn wil liede to kinnen, det se selst net iens rjuchts ef
lofts seagen, mar blynwei roanen, hwer hy roan en stok-stiif stiene,
hwer hy stie? Ho ’n fjûr moast der fenbinnen barne, det selst de lôge
sa fier waermje koe?
It folk kearde him ôf fen Jan Binnes en seach op nei him, guont fol
tsjinsin, miende ’r to bispeuren. Mar hja moasten, der wie gjin ûntwyk,
Jan woe it ommers sa ha.... Jan wie hjar rjuchtlike oerste, al ho ’n
war ’r nou ek diich,—en det scoe ’r sels ek wol wer it bêste witte,
hwer it om barde—om de hege hearen nei foaren to triûwen. Hege hearen!
sokken kamen der al mar mear! Jonker Eiso de Wendt en siktaris
Gerroltsma en Boate Eskes en dominé Riedel en Else Louwes Siccama en
Ritsma.
Stadichoan abbesearen se det út nei Huster-Noard, Kollumer Fallaet
foarby, hwer gjin minske to sjen wie, de lûken foar de finsters en alle
doarren potdicht. Jan Binnes seach it. Hy lake syn smel gnyske, der it
yen kâld by oer de lea gyng. En hy wonk in stikmennich knapen, om by
him yn ’e efterhoede to kommen. Hwet der bikoezzemoezze waerde, hwa hie
der erch yn? Nimmen. Elts foar oar, tsjerne mar ien ding yn ’e tinsen
om, aloan en alwei, hoe scoe ’t gean by de sted fen Dockum, as de
poarten ris opeaske waerden út namme fen Oranje? Hwet waerde der it
andert? Ho scoe ’t der joun foarstean om dizze tiid?
It wie nou in ûre ef njuggen. De sinne kleau.... it waerde omtlitten
waer. Der dreau in swiete wyn it Suden út wei oer it gea, yn
heimsinnige boartlike flustering telde ’r fen foarmaitiidswille, fen in
earste knopjende blom.... in nij bled, yn ’e smoute fen in hússide oan
’t ûntjaen.... in ljipke yn ’t hast wolkenfrije blau, det oer ’e wjuk
slacht en it wite douns fen ’e earste skieppewolkjes, omkroljend foar
dy lije wyn! It bifearzene gêrs bigoan to teijen, der flonkeren nou
tûzenen diamanten oan, in winterkeninkje song, in stik ef hwet protters
sieten op in trop to kweeljen yn in keale, wite beam en boarten de
kâlde wjukjes waerm.... O it wie sa moai dy moarne! It stille wetter
noch moarnsslûch en de beammen hjar toppen allinne mar wekker, blijread
de brune elzeknoppen yn ’e wallen fen ’e sinnestrielen en brúntsjuster
de stammen fen ’e greate ikebosk fen ’t Hús ter Noard.[2]
[2] Dêr stiene doe sa’n achthûndert ikene stambeammen.
By Rinsmastate to Driesum wie ’t halt, de lêste rêst foar de died.
Ripperda dielde nou syn folk yn trijen.... dy him de bêsten liken en de
drysten, hâldde ’r by him, om de meast forsterke Wâldpoarte mei to
bisetten, master Marten Joukes fen Driesum krige de twadde ôfdieling en
Jan Binnes mei syn folk, allegear rouwe knapen, dy-t wol net fen wiken
witte wolle scoene, de trêdde.
Mar hwer wie ’r? Wei, as hie de groun him opslokt. It diich hjar
allegear nij. Allinne syn frjeon Tsjibbele seach ’r neat net raer fen
op. „Jan giet frjemde wegen optheden.... ôfrekken hâlde,” sei hy
heallûd tsjin Ripperda. „Strak ansens komt ’r wol wer.... Mar....
„As ik him den noch mei ha wol,” en Ripperda seach rare stoef. Oarder
moast der wêze en selst Jan hie nou in haed boppe him.
„Ik scoe optheden net graech yn Keuning syn fel sitte,” flustere fen
Scheltinga fen Collum en kaem Ripperda op ’e side riden. „Jan hâldt de
macht oer himsels, sa ken ’k him, mar oars.... ’t koe in moard
wirde....”
Ripperda waerde kjel. It lytse, stevige mantsje kaem him foar de geest,
de kantige holle, de wrede mûle, de frjemdwoeste flikkering yn ’e
moaije eagen, krekt as flikkere der seineskerp yn, det om bloed rôp en
it waerde him onhaechlik to moet.
„Moat der hwa werom en helje him....?”
„Ik wit neat.... ik foronderstel allinne. Lit him syn eigen stip
bireare....” warde fen Scheltinga him der tsjin.
En Jan Binnes birearde op Collumer Fallaet syn eigen stip. De knyft yn
’e hân en sa ’n fjouwer man by him, fleach ’r yn ’e hûs op by Keuning,
dy-t him oankommen sjoen hie en op it hea forside kroep en wiif en bern
mei de bringst oanpiele liet. Hja raesden wakker en skeaten mei los
krûd yn it skûrke en stieken yn ’t hea, om Keuning to formoardzjen en
jagen de brân yn in spoennebult efterhûs, det de lôge en ’e stank
bearden raer, mar Keuning kaem net út syn forskûl. In oar wiken lang yn
’t tichthús sette, sa ’s dy feint efter Collum oandien wie en der ’t
letter fen útkaem, der hie dy stimper net hândiedich oan west en selst
it hiele saekje wie net iens bard, mar in útfynsel fen Keuning, dy-t in
pik hie op dy ljue—soks, ja soks! det wie trewis for him. Nou him sels
it fjûr ris nei oan ’e teannen lei waerd, wie ’r allinne for syn eigen
fel en bonken binaud en wiif en bern moasten hjar mar redde.
De kearels sloegen mei stokken en houwdegens en easken alle wyn en
jenever, dy-t mar yn ’e hûs wie en do jagen se syn wiif en alle bern ta
de doarren út.
„Gien dû mar nei Ael, den kin se tominsen sjen, det ’k dy net deadien
ha en ek de bern gjin hier krinkt,” raesde Jan Binnes hjar efternei. En
’t minske diich nei syn wûnder wird en bilânne goed en wol by Jan
Binnes Ael. Hja kaem der wol faken, hwent it great fanke fen Jan Binnes
tsjinne by hjar en hja koene it skoan lyk-fine, al wierne de manljue
den ek gebeten fijannen.
„En nou scille wy dy kearel fen dy wol ta ’t hûs útswitte,” bâlten se
alhiel dûm en swaeiden greate barnende striewisken yn ’e hân, om ’t hûs
en rôpen lûd, brân! brân! Stilwei trapen se de gleone dingen efterhûs
wer út, mar Keuning boppe op ’t hea hearde it gegûl en ’e forwinskings
en stoar tûzen deaden yn dy inkelde ûre. In bult fen syn sounen waerden
der mei ôfbitelle.
In aerdich skoftsje letter foegen Jan Binnes en syn folkje hjar op
stellene hynsders fen Keuning wer by de oaren. Jan Binnes kroep jonker
Ripperda al ris sa stilwei op ’e side as in great jonge, dy-t him raer
misbreukt hat en hwaens gewisse ûnder de eagen fen heit wûnderlik
bigjint to tikjen, mar de jonker seach yn ’e oarre-wei en diich krekt,
as bistie ’r net. Det koe ’r net daeije.
„Wy ha net moarde,” sei ’r einliks skruten en ried deun njûnken de
jonker.
„Ik freegje neat, wol?” andere de jonker koel. Oerhearrige ljue, der
hie hy it mier oan.
„Ik moat prate, oars stik ik hjirre!” en Jan Binnes skûrde yn ien hael
de wollene das fen ’e hals. „’t Scoe wêze, as hiene wy hwet onearliks
útspûke. „En det is ’t net....”
„Nou den....”
„Ik ha mei Keuning ôfrekkene.... Ik moast.... ik.... ha him oan ’e dead
ta pinige.... Den is de divel yn my sterk.... in wrede hear,
jonker....”
Ripperda hâldde syn hynsder yn. „Hjir, toside fen ’e wei,” sei ’r as in
bifel. „En as der ek mar ien drip bloed fallen is, den bistû my to min
om mei. Den walchje ik fen dy.... en fen dyn gelikens....”
Alle bloed skeat út Jan Binnes syn antlit. Hy waerd’ sa wyt as in doek.
Syn hânnen, stevich om de moanjes fen ’t jonge hynsder, groeven hjar
noch djipper yn it sidene hier. Hy sloech de eagen foardel.
„Nou?!” It lûd fen Ripperda wie hird, as sloech der in stien tsjin in
stien. „Ik wól de wierheit en oars.... bist ús maet net mear.... Hwet
ha jimm’ mei ’t wiif dien en ’e bern....?”
„Der útjage foartdaedlik en.... in leech fetsje efternei smiten....”
„Is det de wierheit, Jan? Ast my bidraechst, ik bin yn steat, dy foar
al it folk hjirre, Oranjeljue! Jan Binnes, ta ús smite út to bânnen.”
„By myn earme siele, it is de wierheit,” sei Jan Binnes démoedich, syn
eagen great en fol yn ’e jonker sines. De siele seach sa frank en frij
troch hjar frjemde finsters, det Ripperda wist it, hja liichde net.
„En dy Keuning....?”
„Sit noch op ’t hea.... Hat miend, wy stieken it hûs yn ’e brân....”
„Hwet?”
„Wy ha in spoennebult yn ’e brân stutsen. It stjonkt noch wol trije
dagen.... O jonker, it moast der út, ik koe net mear libje sá. Ik moast
him krûpen sjen.... Nou is myn haet bikoelle en bin ik wer minslik, in
minske lyk as de oaren, as waeks yn jou hânnen.”[3]
[3] Historysk fest stiet, det der by Keuning neat oars bard is as
bangmakkerij.
„Lit it net wer foarfalle,” warskôge de jonker him en wylt syn each op
it hynsder foel, hwer Jan Binnes op ried: „dy liende guds bringst joun
werom, bigrepen? En nou.... dû bliûwst op dyn post, al rint ek alles
wan. Toan, det ’k dy noch bitrouwe kin. Kin ’k der op oan?”
„Yn libben en stjerren gien ik net fen myn post,” ûnthjitte Jan Binnes
syn helder jong lûd en hy rekte syn breed sterk boarst, hwer it
moedige, hertstochtelike en fen wûnderlike stimmings bihearske hert
hastich fen tik it soune bloed troch de ieren polskje liet.
Jonker Ripperda seach him oan, syn hert waerde weak, hwerom, det wiste
’r sels net. Hok in nuver boun, hja beiden en doch.... „Ik leau dy,”
sei ’r ienfâldich en ried wer foar him út. „Meitsje dyn paed skjin en
myn bitrou net ta skande.”
In ûrke fen Dockum ôf wachten se op ’e joun, om den de sted op to
easkjen. ’t Wie stil yn ’e natuer, der waeide gjin wyntsje mear en ’t
smel streekje moanne joech krekt safolle ljocht, om de wei sjen to
kinnen en de trekfeart, in minne maet, as ’t ris ta fluchten kaem,
tocht Ripperda, tominsen, as min der gjin rekken mei hâlde. In eintsje
fierder leine twa greate tsjalken njonken inoar. Hja stieken krekt de
lantearnen op, ien foar ien, oan ’e mest ien en ien by ’t roer. Hja
skommelen wakker op en del, bitsjoend liken hja wol, hwent de skippen
sels leine deastil. Ripperda glimke en joech him nei de greatste tsjalk
ta. „Is de skipper Jan Roasje dêrre?” rôp ’r by de planke.
„Presint en mei jou wolnimmen, sa soun as in fisk yn ’t sâlt wetter”,
hearde ’r roppen. „Kom harren”, en hy loek de jonker suver yn ’t
foarûnder. „Wy lizze hjir al sont fenmiddei.”
„Hwet ha jimm’ yn?” en de jonker gnúvde nijsgjirrich om him hinne.
„Ikke.... fracht fen Porter fen Harns, swiere ikene planken en de
alderlangste juffers, dy-t mar to krijen binne en myn maet fen ’t
selde. Ast wêze moat, kinn’ wy mei dizze beide tsjalken en ús lading in
feilige brêge meitsje dwars oer de feart, sa ’s ús hjitten is.... As
jimm’ foartgiene, bigjinne wy der oan.... ’t Is to hoopjen, it wirdt
net brûkt....
Ripperda sloech yn oar praet. „Hwer binn’ de hynsders?” frege ’r.
„Fjouwer yn tal, rinne hjir yn ’t lân.... Bêste dravers. Binn’ yn in
omsjoch op Collumer Aldsyl.... Der swerft Porter syn kant skipke al
sont in skoft om. In goed ûntwyk, jonker. Feilich oer ’e sé, hwent hwet
derjinsen brouwt wirdt....”
„Ho det sa?”
„Is net folle goeds. Hja ha der in kenon en fen ’e moarn is der
forsterking kaem fen Ljouwert, by de Ie lâns, seach ik se gean. Mar der
binn’ ek oaren ûnderweis, ûnder ’t bifel fen in hege hear....”
„Mar hofolle Frânsken wierne der sa hwet?” fiske de jonker hastich, om
syn birekken meitsje to kinnen.
„Sa ’n fiifhûndert man, meast âldere knapen. Ik ha se allegear
mei-inoar yn ’e Ie winske, om to smoaren yn ’e blaumodder”, bislute Jan
Roasje syn tynge.
Ripperda diich in setsje it swijen der ta. „Wy hoopje se stof to
leverjen, Roasje”, sei ’r optlêst. „Ik ha my sels oan ’t nou ta tsjin
elts iepentlyk forset keard, mar as in minske to lang fakseare wirdt,
den krijt it forset him yn ’e macht op gelyk ef ongelyk. Hy rint den
rjucht troch, al is ’t ek tsjin in mûrre oan.”
„En doch, de druk is ek oan in tiid ta”, sei Jan Roasje sa smoutwei
foar him hinne. „Nei in dei fen hirde wyn falt min sims sa mar yn ’e
lijte.... Jonker, Gods seine oer jou dwaen’ en as ’t op ’t slimst komt,
den trije fjûrpylken foartdaedlik nei inoar oan ’e Damwâldster kant.”
„Det ’s goed, hwent wy stiene by de Wâldpoarte. Der it kenon ek stiet.”
„Myn goede, ho witte jy det nou al?” rôp Jan Roasje.
„Ik ha sa myn sindboaden en det binn’ goede útkloarkers.” En de jonker
nikte him frjeonlik ta en gyng syn wegen nei syn folk, yn wachtsjende
rêst op ’e berm en yn it lân der omhinne, de âlderen op ’e weinen to
pypkjen, de jongeren hjir en der op tropkes, inoar oanhysjend mei
hjitte wirden en mar kwalik harkje wollend nei de wet fen stilswijen en
biredt wêzen.
Einliks piipe der in fyn fluitsje, stadichoan kaem der biweging yn ’e
tsjustere skynsels, dy-t hjar út de dize fen it lân los makken en elts
op syn plak torjuchte kamen. Gjin wird waerd der mear sei.... it waerd
nou tinken. Min fielde nei de trekker fen ’e snaphaen, loek de
houwdegen ris healwei út de ské ef skodde it krûd ris yn ’t hoarntsje
ûnder ’e jas. It bloed bigoan hirder to streamen, de oerminske syn
wylde instincten fen forwar en stryd waerden wekker út in ieuwenlange
sûze.
Ripperda, strang en stil op syn great hynsder, seach se him foarbygean
yn ’t flauwe moanneskyn waer. Marten Joukes, lang en smel boppe de
oaren út, geandefoet twisken sa ’n trijehûndert man nei de
Hantumerpoarte, it minst biswierlike plak. It kaem him ta.... ’t scoe
der in maklike sege wirde kinne. „Joun”, sei ’r ienfâldich en it klonk
Ripperda yn ’e earen, as scoe der nei dit joun folgens him in bliid
ûnthjit fen moarn folgje. Hja gyngen, hja waerden wei yn ’e dize fen ’e
teijoun. Noch efkes klonken hjar stappen.... do naem it lot se yn ’e
kniep fen syn earms. Stil gyngen se yn stiif en steech bitrou op in
ginstige útslach.
De twadde kloft oppeneare him hiel hwet roeriger. Der klonken
flokwirden, der flikkeren knyften en houwdegens en guont bisochten, om
de oaren foarby to kommen en yn ’t foarste lid to reitsjen. Den waerde
it kreauwen.
Jan Binnes, rjucht en steil op it stellene hynsder, ried foarop. Sá hie
de jonker it wold, hy diich it en fielde him op syn rjuchtlik plak.
Syn frjemd, skerp teikene antlit like nou yn ljochtmoanne waer noch
witer en wûnderliker as oars.... Ripperda koe der skoan ynkomme, hwet
se him sims neijoegen fen tsjoene en bisprekke en sa.... hy mei syn
forljochte tinkbylden leauwde it net en dochs.... der wie in sfear om
dy man, oars as fen de twahûndert, dy-t him folgen. Hy selst kaem ien
amerij ûnder dy frjemde ynfloed.
Det wie, do-t Jan Binnes oan him ta wie en de hynsders noch ris lyk
neist inoar stiene. De gounzjende minskeswarm bleau in tred twa tobek,
fen Scheltinga hâldde se yn lust, mar stilkrije koe ’r se net, hja
waerden al mar roeriger.
„Stil dêrre,” rôp Jan Binnes. Syn helder lûd trompettere oer it folk,
selst de fjirdsten hearden it.... En selst yn det lûd wie hwet fen ’e
tsjoen fen ’e man.... it folk swijde op itselde stuit.
„Joun jonker”, sei ’r bidaerd, hiel efkes in oare, waerme ûndertoan yn
it moaije lûd, in teare aeijkjende fal.... „it wirdt nou libben ef dead
for Oranje.... ús Oranje.... jowes en mines. Gjin macht op ierde krijt
my fen myn plak.... Joun wirdt alles bislist....”
Hy sette it hynsder oan en it tsjuster diich in taest nei him en as in
woelige sé waerden se allegear wei yn ’e nacht. ’t Scoe in swier stik
wêze, dizzen yn bitwang to hâlden, allinne in Jan Binnes scoe ’t
bistean kinne. Hy koe se wol om ’e finger wine fen ’e leechste ôf oan
’e heechste ta.
Ripperda rôp de lêsten en de measten om him hinne. It wierne de
alderbêsten en de bitroubersten út de Dongeradielen en fen
Achtkarspelen en om Birgum en Feanwâlden hinne. Foppe Lieûwes wie der
middenmank, Bindert Japiks, al de Koatsters en Twizelers, alles fen
Bûtenpost, de Sweachsters en de âlderen fen Collum en Boerum en
Mûntsjesyl. Hja scoene nea krimp jaen, tocht him en dochs, as hy him
tobinnen brochte, ho hy sels de earste kear yn in hjit gefecht yn Polen
trille hie as in bern, do-t de kûgels om him hinne bigoanen to
fluitsjen, den bikroep him sims ek wol eangstme, as ’r dizzen seach.
....Ljeave, goedwillige, hjithollige skare! tocht ’r, wylt se stadich
foart abbesearen. Scoene se him folgje kinne en net tobek skrilje,
selst net foar de dea....?
Stil-wei gyng ’t nei de Wâldpoarte ta. De lêste neikommers út de
Wâlden, út Ljouwert en efter Ljouwert fendinne, sa fris as in nút,
sluten hjar by hjar oan.
Ien skreau: Dockum for Oranje! der poften de earste snaphanen en
gewearen en stoarmen se op ’e Wâldpoarte yn. It fjûr knettere, swiere
balken waerden tsjin ’e doarren set en taraemd. Koe de iene ploech net
mear, de twadde kaem, de tredde, de fjirde, de fyfte. Efkes wie it
stil, den klonk it geknetter wer, fûleindich setten se al mar wer ta op
’e poartsdoarren.... De greate swiere skoatels rattelen, de knieren
krêken. Der splintere al ris in stik fen ’e balken.... Ripperda en de
oare bêste skutters mikten al mar oan op ’e kykgatten, hwer se út
bistokele waerden fen in hjit, oanhâldend fjûr, det net folle skea
joech en sims alhiel swijde. Den wierne der kûgels rekke en kamen der
oaren op it lege plak.
Mar ynienen krigen se huf. Hja bigoanen der oan ’e binnekant finniger
fen hjar to fjurjen, lang net mak. It fjûr waerde net mear stil en mei
opsetsin waerde op ’e foaroanmannen mikt, Ripperda en fen Scheltinga en
Ritsma.... Ien dekte Ripperda mei syn eigen lichem.... in reus fen in
kearel, dy-t in efterkret fen in wein as dekking brûkte. Yn in omsjoch
siet det as in souwe fol gatten en fleach op ’t lêst yn ’e brân. It
gefaer kaem tichteby. Hja skeaten goed, dy Frânsken, al wierne der net
safolle miskien, hjar ark wie goed en de hân bidreven. Lokkich, de
Oranjemannen spilen ek net swak by, it waerde sahwet kamp.
Noch stie de poarte.... noch wie der net ien tûmbré groun woan. As ’r
nou net gau hânnele waerde, rekke de boel op it deade punt en....
Scoene se ûnderlizzend partij wirde moatte? tocht Ripperda en seach
twivelriedich nei de sterke poarte. Tsjien stappen fierder, hja hiene
de sege, tsjien stappen tobek.... Fryslân wie forlern, noait scoe
hjarren ea wer sa ’n kâns yn hânnen jown wirde en hjit en jong fen moed
fjurre hy syn folk ta it allerúterste oan, mikte sels sûnder rêst op it
greate kykgat fen de poarte, hwer hy de foarmannen fen ’e fijan wer op
’e loer wiste. Efkes stil, bigoan de stoarmrin wer en o mieri! de
poarte fleach wiid-waech op.... De Oranjemannen foelen werom fen ’e
weromstuit op hjar eigen maten, ien amerij fen bisluteleazens.... de
sterkste stie it hert fen skrik stil....
In great kenon skeat syn earste kûgel yn it folk op. It gejammer, det
der op folge, wie freeslik. It hie neat minseliks mear. Sá scil in dier
kreune yn deadsbinauwinge, as de syken ta syn earm lichem útgiene, mar
in minske?! wierne det minsken, dy-t der op ’e groun omrôllen en den op
in roungear protsje lizzen bleauwne? Wierne det minsken?
It hiene minsken west, soun en jong, noch gjin fiif minuten lyn. Nou
dreauwne se yn hjar bloed en smoarden der yn....
Sa ’n trije-, fjouwerhûndert joegen gjin krimp, dy hâldden stand, de
oaren wykten, deadseangstme yn ’t hert, tobek. Ripperda sels gyng yn ’e
sjitlynje stean fen ’t kenon, twisken de wounen en deaden yn, de sabel
yn ’e fûst, biredt om ta it uterste to striden.
„Hwa stiet my by, dy komme nou op!” rôp ’r, syn lûd heas fen ellinde en
meilijen.
Fen Scheltinga, de Wendt, Wibe Lubberts, Joege Innes en Schotmans
sprongen him by en noch sa ’n tweintich oaren en bisochten meiinoar, om
it folk wer nei foaren to krijen. Mar dy hjar kreft wie britsen. Ien
draeide him om en gyng op ’e rin, mear folgen, in stik ef hwet pakten
de wounen op en droegen se foart en de deaden sleepten se oan kant, de
pet oer de britsene eagen.
Der kamen nije forsterkings fen syn folk, al wer nijen, Ripperda seach
se kommen en der tynde wer in griselke hoop yn syn hert. Hja lieten der
him net allinne foar sitte, al moast it den ek hjar bloed kostje.
Wer fleach de poarte op.... en nou wierne se klear for de saek. It
kenon wie der en dochs, der kaem gjin lûd. Ta twa kear ta waerden de
bitsjinners der by wei sketten en do waerde it fechten man tsjin man,
de bitûfte Frânsken tsjin ’e goedwillige, onbidrevene Oranjemannen.
Ripperda seach it oankommen, liet syn fjûrpylken ôfsjitte. Lokkich, de
dekking wie der for de flucht en gjin fiif minuten letter wie al it
folk yn dusoarder, smiet de snaphanen wei en fleach, sa hird as ’t
rinne koe, foart, de forstânnigen joegen hjar hastich út de skotlynje
en fjurren noch, sa folle as se koene, mar och! hwet joegen dizze
hûndert, as der tûzen nedich wierne?
Oan syn hert ta troffen fen dit leed, seach Ripperda se foartslûpen. De
opset fen jierren wirk, fen tûzenen en tûzenen fen kosten to pletter
slein, alles forlern, alles foarby! nearne mear útkomst út dizze sompe
en grimmitich en bidroefd fen beiden, oardere hy syn lêste trouwen, in
hûndert man ef trije en bistoarme yetteris de poarte, dy-t nou wer
ticht wie, om it kenon, in saunpounder, to laden. Wer mis. Do waerde hy
pûr en hy hjitte se allegear, om tobek to gean en allinne mei Wibe
Lubberts rôlle ’r nou in fetsje ef hwet krûd stilwei foar de poarte en
lei ’r de lonte sa nei oan, det ’r by ’t iepengean fen ’e poarte op it
fetsje komme moast.
Alle folk waerde nou al fierder en fierder efterút dreauwn.... in
drysten ien, dy-t der mar op ’e noas by stean bleau, krige ’r by de
mouwe en sleepte him sels efterút.
Hja hâlden op mei sjitten. „As de poarte iepengiet en it kenon
bigjint.... den mikke, ienkear! en toside! en foart,” wie syn bifel.
„Us tal is nou to lyts, om mear hwet to weagjen.... dizze iene ôfbrau,
dy kin ’t noch lije. De wounen op ’e weinen en ús deaden.... God wêze
hjar siele genedich....” Hy wist it tal al, hjir wierne it trije[4] en
sa ’n stik ef toalve wounen, net swier, mar ho scoe ’t by master[5]
wêze en by Jan Binnes. Hiene hja it hâlden? wierne se yn ’e sted? Hy
wie syn rie suver to ’n ein.... knypte de hânnen ta fûsten. O! Oranje
Fryslân, ûndergong for altyd, yn ’e weazze wei....
[4] Piter Lieûwes fen Feanwâlden.
Piter Emkes en Theunis Gerbens fen Ikkerwâld.
[5] Dêrre twa deaden: Heime Gearts fen Driesum.
Sikke Sjoerds fen Damwâld.
It waerde stil ûnder it folk, hja fielden, dit waerde de lêste útsetter
en dizze getrouen, dy-t de tastân like goed biseften as hy sels, waerde
it moed fol. Wibe Lubberts en Joege Innes gyngen deun neist him stean,
hy wist, hja scoene hjar lichem jaen, om sines to redden, as ’t wêze
moast. Oars gjinien, de oaren wykten sa neigeraden al mar mear tobek.
Mei in ruk fleach de poarte wer op, in getonger en geknetter fen
gewearen, pistollen en snaphanen, ôfsketten op det iene stuit, in
skynsel fen in bult minsken om in swier tsjuster ding, in felle slach,
noch ien, noch ien!
„Efterút! efterút! foart!” raesde Ripperda en sels fleach ’r mei de
oaren yn ’e wâl efter de âlde beammen.
De poartdoarren barsten yn stikken en fleagen wech en der wear, geraes
en gejammer sûnder ein, noch folle slimmer as nys by hjarres en der
ynienen in greate slikjende lôge op twa plakken tagelyk, gekreak, in
freeslike plof....
„Foart!” rôp Ripperda, en syn folk, bijljochte fen ’e brân, fluchte fen
’t steed, hwer se in skoft lyn sa fol moed hinnetein wierne.
„Us deaden ha hjar selskip meikrige, leau ik,” sei Wibe Lubberts, wylt
’r noch ris omseach. Ripperda andere net, de lust ta praten wie him
gled-wei forgien.—
De tsjalken leine der noch en Jan Roasje holp mennichien oer dizze
frjemde brêge, om to ûntkommen, howol der ek noch sa ’n tritich man
finzen rekken, dy-t eigenwiis, op eigen manne boete bisocht hiene, by
ien fen ’e oare poarten to kommen, om to sjen, ho-t it der foarstie.
De oaren bigoanen nou ta hjar sels yn to kearen, stil as it wie en it
gedreun fen ’t kenon dien en ’t sjitten ek.... bispeurden oan alles, de
saek wie gled forlern, al scoene master en Jan Binnes ek oan de
winnende hân wêze, hwer mar gjin wissichheit fen to krijen wie. Tael
noch teiken.... earst hearde min noch sjitten yn ’e fierte, nou wie det
ek stil. Hja wisten, master en Jan Binnes hiene gâns forsterking krige
fen Ljouwert, scoene se hjar man stien ha en gjin krimp jown? In pear
flugge bazen bisochten yn in boatsje om ’e sted hinne to kommen en nei
ien en oar to pinfiskjen. Hja hoechden net fier, as hja seagen it spark
al dwalen. In hiele heap folk kaem der bot oerstjûr oanfluchten....
Master finzen en Jan Binnes flucht as de alderlêste, allinne
oerbleauwne en in stik ef hwet Frânsken him as hongerige wolven nei. En
wol tachtich finzen.[6] En trije man swier forwoune en ien dea. Det
makke stil. Min hearde gjin flokwird mear.... gjin geswets. De dead
ware om hjar, de libbenen, for syn greate wite majesteit wierne se
allegear bang.
[6] Sjoch de oanteikeningen efter yn ’t boek.
In inkelden ien fen ’e âlderen stiene de eagen fol triennen. De lêste
stryd forlern.... alle hoop wei, alles to niete! Stilwei hokken se by
inoar, Foppe Lieûwes en syn kornuten, allegear as troch in wûnder de
kûgel ûntkaem, net ien hier op de hollen krinkt. By Jan Binnes syn
poarte stie ’t der folle slimmer foar, dy tachtich finzenen wierne fen
de alderfornaemsten, pakt by in bistoarming fen ’e poarte, dy-t
mislearre wie en útroan op gefecht fen man tsjin man.
En Jan Binnes? „Dy is net ien hânbré wykt. Elts fen syn kûgels wie in
treffer,” fortelde in nije boadskipper Ripperda. Mar hwa kin it hâlde
tsjin in oermacht?
Ho krekt wie alles útkaem, sa ’s hy det foarsei hie yn ’t húske to
Iestrum, tocht Ripperda. In oermacht fen tûzenen hiene hja habbe
moatten, scoe dit forset eat bidijd habbe. Hy biet him op de tosken fen
ellinde. Dit dos de ein fen alle dreamen! Smaedlik weromjage en de
Jacobijn in nij wapen yn hânnen, hwer ’r syn profyt fen trekke scoe en
hjar útsûgje as in bloedsûger.
Tiid fen wachtsjen en treurjen, wie der nou net. Fluch it folk
oarderje, weinen en hynsders efteroan for dekking, nij krûd klear,
kûgels en lead, as se ris efterfolge waerden.... In stille skare wie ’t
nou, as gyng ’t nei in bigraffenis, de deaden op twa boereweinen yn ’t
foarmidden. En Marten Joukes en Jan Binnes kamen net mei werom. Fen syn
folk wierne net sa folle finzen rekke, as by de earste raem in stik ef
hwet. En hwet scoe hjar to wachtsjen stean fen ’e Jacobijn, dy wrede
hear?
In fiere klok sloech alve ûre, dos yn lyts trije ûre it lot bislist oer
in opsteld plan fen jierren en tûzenen fen minsken, tocht ’r bitter en
sprong op ’t hynsder, om de foarstap wer to habben. It folk skikte him
swijgsum om him hinne. En sa gyng de droeve stoet dy nachts wer op hûs
ta.—
Midden yn ’e nacht waerde âlde fen Rhé opkloppe. „Ho is ’t gien?”
gnyske ’r.
„Goed,” andere de boadskipper. „’t Kenon hat rûmte makke, moast ik mar
sizze en sa ’n lyts hûndert man sitte yn ’e Dockumer tsjerke op ’t
fonnis to wachtsjen.
„En Ripperda?” De eagen fen fen Rhé fonkelen. Fensels hy earst oppakt!
Hie ’r gjin oarders jown, desnoads allegear rinne litte, mar him
allinne der útkippe!
„Dy.... is ûntkaem,.... leau ’k,” stammere de boadskipper. Hwet seach
dy âld man forskûrrend!
Do flokte fen Rhé sa alderfreeslikst, det de boadskipper sloech in
krús. Wie ’t net altyd sa, det ’r him as in iel ûnder de hânnen
weislûpte?
En mei noch in swierder flokwird der oerhinne winske ’r Ryklef Ripperda
noch ris ienris yn syn libben tichteby, selst foar de poarte fen ’e
dea, om bloedich ôfrekken to hâlden, biswarde hy himsels. De
boadskipper roan de grize oer de grauwe.... hy slûpte foart. Hy hie ’t
net op dizze âld man stean.... hy seach sa foksige gemien en in dofke
scoe der dochs ek wol net opsitte.—
In pear dagen leter siet Archibald Porter foar ’t finster út to sjen.
It joune al.... it greate úthangboerd fen ’e „Spuitende Wallefis” syn
lêzen wie hast net mear to ûntsiferjen en yn ’e haven bigoanen de
ljochtsjes fen ’e skippen de iene nei de oare to pinkeagjen kreklyk as
lytse stjerkes. Hy mocht der graech nei sjen.... en hy diich in nije
smaeklike hael oan ’e lange piip. Al dy skippen, al det fortier, wie ’t
gjin eachweiding?
Ynienen gyng ’r oerein en seach nau ta, hwet der yn ’e fierte foarby
foer.
In moai kant skipke wie ’t, in flugge sylder, mei in snikwyt seil en
heech yn ’e mest in greate lantearne en efter by ’t roer noch ien....
Steatlik sylde it foarby.... langsum en wis. It hie de wyn mei, dy wie
Eastelik....
Sa gyng de balling yetteris foart. Nou foargoed. Tsjin wille en tank
moast ’r de bânnen losmeitsje, hwer hy mei oan dit lân biknotte wie. It
koste triennen.... it diich it herte searder as alles, hwet der
foarhinne yn syn libben west hie.
Stadich waerde dit syn lân oan ’e einder wei. Noch in toer.... in pear
havenljochten, in driûwkeljende beaken yn sé, in pear séfûgels, dy
meifleagen....
En optlêst, det ek net mear.... Wie dit alles net as in ôfskie fen in
ljeave deade, dy min nea wer sjen scil?—