Oan ’e âld Harstewei tichte by Iestrum en hielendal forside yn ’e
beammen, stie in húske. Brekfallich wie ’t, de lûken hingen mar heal
mear op ’e hekken en de measte rútsjes, nou der blies de wyn troch. It
stie der sa forlitten en iensum, nimmen liet syn each der oer gean as
op in joun in man, dy-t der stadich oantrêdzjen kaem, sims foarsichtich
om him hinne seach en do mei ien sprong oer it sleatsje wie op it hiem
en him tomûk nei de hússide joech, hwer in lytse útdoar yn ’t brike
kosyn hinge. Hy fielde ris ûnder it tek en ja waerliken, de kaei wie ’r
en sûnder in bult geskermesear krige ’r de doar op en gyng yn ’e hûs.
Binne-yn like it hiel hwet better as bûte-om. De liemen flier fen ’e
keamer wie skjin oanfage en mei wyt sân bistruid, der stiene in pear
banken en in stikmennich stoellen en yn ’t foarmidden in greate
trijepoatige klaptafel. It forwûnderlikste wie, op ’e hird barnde in
lyts fjurke, nochlik glimkjend mei lytse biwyskes fen in lôge en derby
stie in greate swartrikke tsjettel. De man hifke him ris en hinge him
do oan ’t hael.
Do gyng ’r stil foar ’t fjûr sitten en wachte op ’e dingen, sa ’s hy
wiste al op kommenswei. Mar al ringen bigoan him det wachtsjen to
forfélen, hy diich de útdoar ris yn ’t kear en seach om him hinne, alle
kanten út. Neat oars as bosken en beammen, hege diken en op ’e groun it
toarre, noch wintereftige gêrs. Der flonkeren al in pear stjerren....
yn stúdzje wei kúrde hy der nei.
De stiltme bineare him suver hjir yn dit iensume hûs. De fûgels wierne
al stil, in flearmûs tûmmele om twisken de beammen as in biwjukke
tsjamme en nei de kant fen ’e mar skreauwde in reiddomp. In oaren ien
trompettere der tsjin yn: Kom ris op, ast doarst. It wyfke scoe wol yn
’t onlân tahâlde, hiel yntkoart bigoan der wer ljeafdetiid en
ljeafdestryd. Sels fielde ’r ek al de hearlike nije kreft fen it jier
yn syn jong sterk lichem.... hy doarst ek wol, moed hie ’r, ja det
sikersonk!
Der krêken in pear tokjes op de dyk en do ’r omseach, liet in âld man
him stadich by de steile kant delglide, de hân oan in stevige
hazzenúttetokke en wie mei ien sprongkje oer ’e dyksgoate en by him.
„Foppe-om!” sei de jongste bliid.
„Wiestû der al lang, Wibe?” frege dy.
„In skoftsje. ’t Is noch betiid, mar ik koe tomûk foartkomme efterút en
do de âld Dyk del en oer ’t Heechsân en sa wer oer ’e lânnen hjir
hinne. De wei om is net bitroud. Strúnders planteit en yn elts hûs
Frânske ynkertiering.”
„Soksoartige útfenhûzers ha ik fjouwer,” forkleare Foppe-om. „Twa fen
Eadske hjarres hie ik al en nou noch twa der by. It soppet rûm yn
oarremans petyljen, tinke dy Frânsken grif, mar myn miellen wirde lyts,
jonge. As ’t sa troch giet, rekket Foppe-om oan reapsein, den moat de
stôk yn ’e hals, der is sa gjin fordidigjen mear oan. It libben wirdt
stadichoan it Fryske folk ta ’t lichem útknypt.... O Wibe, det it sa
komme moat mei ús, ús Stedhâlder, ús folk....!” en Foppe-om balle de
âlde stramme fûsten.
„Stil,” sei Wibe Lubberts.... „hark!.... der is hwet!”
It waerde al skimerich, de moaije folle moanne kleau, in sulveren bal
oan ’e loft, mar de jounglâns wie ek noch net alhielendal wei en as in
skynsel seagen se út ’e fierte in great swart ding oankommen, noch
swarter as de joun. It blykte in âld hynsder to wêzen en hy droech in
steil en meager man en der waerde bliid fûske mei dizze nij-oankomling,
master Marten Joukes fen Driesum. It hynsder waerd nei in hokje brocht
efterhûs, der hea en hjouwer en wetter to finen wie, alles nei de eask
en hja gyngen trijersum yn ’e hûs en diene de doar op ’e skoatel en de
blinen alhiel ticht.
„Hearst net fluitsjen, Wibe?” sei Marten Joukes. Dy mei flugge stappen
nei de doar en efkes letter roan de keamer ynienen fol. Der wierne me
Schotmans fen Boerum, Bindert Japiks Cloosterman fen Bouwekleaster en
syn soan Wytse, jonker fen Scheltinga fen Stynsgea, Rienk Reinders, de
skoalmaster fen Optwizel en Romke Piters, great eigenerfde ek derre,
Jan Binnes fen Aldwâld, Gjalt Botses fen Mûntsjessyl, Else Louwes
Siccama, dy ’t efter de Collumer tsjerke wenne mei Eelke Meinderts, de
wiidforneamde skriûwer fen Aagtsje Ysbrandts en forskate moaije
dichten, biselskippe fen Boate Eskes. Op ’t âlderlêst kaem der noch in
kearel oanstappen en dy naem ek de guit nei ’t húske ta. Sa ’n
Collumersweachster tsiiskeapman like it wol, to sjen oan syn greate
wite pûdden, dy-t him, ien foar ’t boarst en ien op ’e rêch bingelen.
Hy swaeide der oer, krekt as hie ’r in stik yn ’e kraech, de hoed hinge
him op ien ear en syn hiele antlit gyng hast skûl yn in lang swart
bird. Sûnder mis ien, dy-t min ljeafst net moet op iensume wegen en as
min him al moet, den ljeafst mar oan kant gean en slûpende wei foarby.
De sutelder seach ris nei it húske, nei in âld wylgenmoes oan ’e
sleatskant en der in einekoer yn, do wie ’r yn in omsjoch oer it
haechje, by de hússide lâns, yn ’e hûs. Flap, de doar ticht en de beide
skoatels der op.
„Jonker!” sei Wibe Lubberts sunich en allegearre fleagen se bliid
oerein op him ta.
Ja, it wie jonker Ryklef Ripperda, de dea en finzenis ûntkaem, nou yn
’t foarmidden fen it boerefolk, like trouwe Oranjemannen as hy, de man
fen hege steat. En nou hokken se mei inoar om ’e tafel to
rieplachtsjen, ien op ’e útkyk foarhûs yn ’t tsjuster, as der ek onrie
kaem. Mar hwa tocht der om, det hjir ea hwet útheefd wirde koe, hjir
midden yn ’t forlitten lân, der gjin wei, gjin paed roan en simmers
selst noait oaren kamen as bisteforweiders en ris in inkelde krûdesiker
om wjirmkrûd en honnebeistal?
Hiel ienfâldich wei, sûnder ophef, sûnder gelekskoai, diich ’r it
forhael fen syn bifinings yn ’e lêste wykmennich, in tiid, for altyd
mei onútwiskbere markteikens griffele yn syn oantinken. De hollen
foardel, harke it omsittend laech nei him, ho biwarren se elts wird yn
hjar hert!
Hy siet ticht by ’t bedsket, der wie ’t it feilichst, as der al ris
onrie kaem en ’t tichst by de útdoar nei ’t efterhûs, hwer de doar fen
yn ’t kear stie, om de wyk spylje to kinnen it lân yn, it tsjustere,
iensume nachtlân en in flauwe wjerskyn fen it fjûr skynde op syn moai
drystmoedich antlit. De measte patty fen syn harkers wierne âlder as
hy, allegearre goedwillich om mei gean to wollen en to stibelearjen,
mar onmachtich om foaroanman wêze to kinnen. Wibe Lubberts scoe ’t
licht noch al kind hawwe, as ’r mar mear leard en yn ’e wrâld forkeard
hie. Mar syn skipke hie likemin as det fen Marten Joukes ea op ’e
greate wieling fen ’e bûtewrâld omtoarke en dobbere, hjar wrâld syn
grinzen wierne it Ljouwter fémerk en de Liike winters en oars dei yn,
dei út it eigen boerehiem. Sa tocht Eelke Meinderts yn him sels, wylt
hy om him hinne seach nei syn mannen en jonker Ryklef der middenmank,
de jonge kening mids syn trouwe folk, mar ek.... de sterke stoarmer en
syn folchsum ploechje. En de greate mennichte wirdt it bêste laedt fen
immen, dy-t heger stiet. Gelikens jowt gelikens nea gesach.
De jonker swijde.... hy wie útpraet op dit stuit. Der foel in swiere
stiltme. Nimmen sei in wird, min hearde allinne it knappen fen ’e
houtsjes op ’t fjûr en it kofjewetter, det bigoan to razen yn ’e âld
tsjettel.
„It wachtsjen is op jou, master,” sei Wibe Lubberts en stompte Marten
Joukes efkes oan.
Master greatsk! sa útforkoaren to wêzen fen al dizze forstânnige
mannen, eigenerfden de measten en floreenplichtingen allegear, hwer hy
mei syn tractemint fen hûndert fjirtich goune jiers neat oars by wie as
in earmlike penneforsnijer, raspe de kiel ris in kear twa trije en do
sei ’r:
Frjeonen en Oranje-tagedienen! Alvorens wij deeze saek verders
útspinne, mut it my fen ’t hert, ho-t de saken der voorstane yn de
Wouden. Niet te best of wûndre goed, al naar ’t woord hewwe mag. Niet
te best voor de blauwhozen, want om so te seggen staat de lonte aan ’t
krúd toe. Der hoecht niet feul noadich te wesen, as wy hewwe in oproer
fen wer bin je my”....
„Det kin mâldernôch wirde”, foel Foppe Lieûwes him yn ’e reden.
„Jou kinne my eerst prate late, Foppe-om en segge dan jou bifining”,
fjurre Marten Joukes finnichjes fen him. „En as wy dat oproer den ris
kregen en se deden allegaer so, Oostergo, Westergo en de Sevenwouden,
den konnen wy ons dy skapetiken fen in Frânsen wel ris gau fen ’e húd
ôf skudde. As ik noch dúzend gulden hadde for myn folk, alleenich for
krúd en load, dan súdde it niet so ’n sware hys wirde. Hwet seit it
omsittend laech.... om so te seggen de jonker fen dizze tiding?” en mei
in soarte fen bûgingkje draeide hy him nei de jonker ta, wylt alle
oaren der oandachtich by sietene en boe noch ba kikten.
Nou joun gyng ’t der hjir om.... de bislissing hiel yntkoart scoe ’t
útwize, as Fryslân noch wer út de niten komme koe ef doemd wêze scoe ta
ûndergong, in diel fen Frankryk wirde ûnder in hollânsk regear, in
melke kou for in frjemd gesach. Det noait! det noait! Kin in wylgentien
net bûge oan ’t brekken ta, sûnder dochs ea earne in brek to krijen,
det him kniest yn ’t mark? Driûwt ’r der letter gjin soune, nije loaten
wer by? lit ’r syn krúntokken net rûzje yn ’e wyn, maitiids syn pûskes
net spegelje yn ’e sleat?
„Frjeonen!” sei jonker Ripperda en yn syn lûd klonk in soarte fen
birêsting, mingd mei de greate earnst fen dizze amerij, hwent hy wist
mar al to goed—histe ’r oan, den gyngen se him efternei, selst yn ’e
dead, wie ’r to lau, den scoene se him licht for in skermman forslite,
dy-t, ast der op oankaem, syn libben net jaen doarst en woe for de
goede saek. „Frjeonen!” sei ’r noch ris wer en hja allegearre kearden
him hjar stoefe, forware antlitten ta. „Hwet master Marten Joukes, in
man fen gesach yn ’e Wâlden, ús nys krektsa fortelde, forbjustert noch
forbaest my. It moast sa komme. It is de wet fen ’e macht, dy-t yn
machtsmisbrûk ûntaerdet—fen it forset, det opkomt en to ’n langelêste
dizze macht wer brekt, det hja to niete giet. Dizze tiid komt ienkear
for Fryslân.... mar ik leau net, det hy der nou al is. Wy binn’ to
minmachtich. Wy ha to krap jild. De Frânsken ha de ponge al tofolle
plondere en ús Stêdhâlder is net sa ’n ryk man, om lykme allinne in
leger útrisse to kinnen. Ingelân wol ús wol helpe, mar dy-t fen frjemd
oannimt, rekket yn rare liendersskild. Fryslân sit oan ’e kop ta fol
Frânsken en ûnder ús eigen folk skûlje selst noch forrieders, dy-t for
in baentsje ef sa ’n hûndert goudgounen selst wol in frjeon de hakbile
fiele litte wolle. Witt’ jimm’, ho-t it de frelle fen Dordt tot Medler
forgien is, do-t se opstie? Fen fjirtsjin kûgels troffen is se stoarn
en hwet hat hjar dead bidijd? Neat.—By hwet wy bigjinne, moatt’ wy ek
om de ein tinke.—Bij wat gij doet, let op het einde,—seit de spreuk.
„Mar ast nou al sa fier ris kaem—it folk bigoan—. Ho scoe de jonker der
den ûnderstean, as ’r hjir noch tahâlde?” sei foarsichtige Banjer
stadichwei mei syn fluensk frouljueslûd.
„Is ’t for Oranje, den bin ’k op myn post”, sei Ripperda fol fjûr. It
klonk as de reveille fen de tromslagger, de oprop for libben, sege ef
dead. „Mar dizze saek leit der oars ta. Der binn’ noch gjin feiten, ik
wit noch fen neat oars as fen feronderstellingen.”
„In tastân wizigt him sims yn in tel twa”, foel master yn. „Hwa is der
mei my foar, om de kat de skel om to binen? ’t Der ris op oankomme to
litten? It folk stiet klear, jonker. It wachtsjen is noch mar op it
Ljouwter jild.”
„Der hoecht it net om oer to gean, it sit yn goede pongen yn myn
pûdden”, sei Ripperda in bytke stoef. „Ik ha myn sin der oer sei, ek as
man bikend mei kriichsbidriûw liket it my net goed ta, ien man tsjin
seis ef saun oer to setten. Det is de forhâlding. En soks neam ik
moardzjen. It lottet ornaris raer út, as min it gefaer net biächtet op
hope fen in onwisse sege. Komme wy bikaeid út, den scill’ der offers
falle, master, net sunich ek. It frânske gesach is in wrede hear.”
„As ’t der mei to heljen is, litt’ se my den mar as offer nimme”,
spatte master op. „Lit se my mar giselje en brânmarke.”
„Hja scoene jou libben easkje kinne, master”, sei de jonker earnstich.
„Hark ris”, sei Gjalt Botses fen Mûntsjesyl, „lit ús nou earst ris jild
sjen. Binnen is binnen.” En al moi gau rôllen de gouden en sulveren
riderkes oer ’e tafel, waerden optaest op heapkes. Collumerlân,
Achtkarspelen, Dantumadiel wiisde it briefke út, det ’r by lei. It foel
hjar allegear hwet ôf, der lei mar in bytke, foaral de âlderen hiene
hjar moed net. Foppe-om, de hiele joun al hwet mismoedich, suchte en
Wibe Lubberts telde sa út ’e rûchte wei de rychjes. Der wie gjin iens
twatûzen goune en wapens, krûd en lead piperdjûr.
„Ik hâld my oan de jonker”, sei ’r ynienen stadichwei mei in neidruk,
hwer elts fen opharke. „Nou de saek sa stiet, bin ’k net sa dolkoppich,
om ús folk mei yn ’e dead jeije to wollen”, en Foppe-om, Romke Piters
en Else Louwes Siccama, en mear fen dy âlden, foelen him by. Mar der
wierne ek oaren.... en do se it jild mar seagen, riisden der gouden
bergen yn hjar oermoedich brein.
„De jonker hat in skalk each op ús plannen”, smeulde Jan Binnes fen
Aldwâld, „omt hy hat it altyd to dwaen hawn mei hierde soldaten. Mar ús
folk docht it net for jild ef for eare, det docht it for syn gelove en
det is hjir ien mei Oranje! en Oranje sit ús hjir, jonker”, en hy
sloech him by dizze wirden mei de flakke hân op ’t boarst en hy loerde
skean ta de eachshoeken út nei de jonker. Nou scoe dy wol opspatte en
tasizzings dwaen! As min sa ferge en nite wirdt, den ûnthjit min wol.
Mar Ripperda bleau bidaerd. Yn ’t Osnabrückske hie hy ek wol ris rare
breaïters ûnder syn folkje hawn en it altyd klearspylje kind. Jan
Binnes krige ’r ek wol stil.
„Frjeon Jan seit dingen, hwer wy allegear akkoard mei giene”, andere ’r
droechwei. „Der hoege wy net op to anderjen. It liket my goed ta, wy
scille der oer stimme strak ansens, as wy oer alle oare dingen útpraet
binne”, en hy liet by it bytsje gleonte fen ljocht út ’e pyptsjettels
Foppe Lieûwes, Boate Eskes en master Marten Joukes it briefke teikenje,
det se it jild ûntfongen hiene. Sadwaende hokken de fjouwer
foaroanmannen yn ien herntsje by inoar en flusterjende wei praettene se
oer it nijs fen ’e lêste wykmennich en oer it aldernijste, hwet se in
dei ef hwet lyn yn Ljouwert mei bywenne hiene.
„Hwet?!” rôp Ripperda moi lûd, „Haeije sa tramtearre? En der wie gjin
biwys ommers, det hy krekt it wie, dy-t my lossnien hat. Is der hwet
foarlêzen, Foppe.... Wibe? Siz op, jou ha jonge earen. Hat de
gerjuchtichheit hjar bislach hawn?”
Hast onwillich wei sei Wibe Lubberts heallûd: „Der is in wirdmennich
foarlêzen, jonker, do wonk dy âlde minhear fen Rhé....”
„Wie dy der?” Det koe ’r hast net leauwe.
„Hy siet foar ’t finster yn ’e keamer, tichte by de Blokhúsdoar mei
monsieur Poppéus.... en al dy oare hearen. Dit wie in feest for hjar en
Haeije hat in wan krige.... nou, as ’r it redt, den falt it my ta....”
Foppe-om skodholle. „Hja giselen him de rêch iepen”, suchte ’r. De
grize gyng him noch oer de grouwe, as ’r it him tobinnen brochte.
„Hwet sei it folk der fen?” pinfiske Ripperda. It hert diich him sear
om hjar, dy-t sa for him lit hiene.
„Hastû ek hwet heard, Wibe?”
„It folk wie stil, mûskestil. Wy hearden de Nijetoer spyljen.... twa
ûre, sa stil wie ’t. Allinne....” Sa ’t like, bitocht ’r him wer en
farde net foart mei praten.
Sêft trune de jonker him oan: „Ho fierder, Wibe? Jimm’ kinn’ bigripe,
ho nei my dizze saek oan ’t hert giet. O myn earme frjeonen....!” en
der blonken triennen yn syn eagen en rôllen oer syn wangen, mar hy
biskamme ’r him net oer.
„Siz dû ’t mar Wibe”, joech Foppe-om him frij.
„Nou, do kaem me der in fromminsk midden út it folk weisetten.... in
jongen ien en dy skodde de fûst tsjin de greate-ljue foar ’t finster en
dy raesde ’t út: „Ik winskje dy smycht alle ellinden ta, dy der mar op
’e wrâld to finen binne! Lit dyn soan krolje fen pine as Haeije nou!”
en hja bearde sa raer, det hja tochten, hja wie dûm waen”.
Ripperda syn earnstige eagen fregen, smeken om mear.
„Do kaem fluch minhear syn heit, ús âlde jonker Ripperda út it folk wei
en dy lei hjar de hân op ’e earm. En do is se stil meigien. It
alderslimste hat se net sjoen.”
„Mei Heit foartgien?”
„En do hat in wyfke út in gasthús hjar wetter brocht en lodderein krige
se fen in forname dame út ien fen ’e huzen.... It diich bliken, it wie
Dúfke, Haeije syn wiif.... En optlêst is se werom kaem en hat Haeije
meinaem nei hûs.”
„Koe ’r noch gean?” frege Ripperda, dy-t to faken dizze toanielen
meimakke hie yn ’t bûtelân, om net to witten, ho-t immen mei in
britsene lea der oan ta wie.
„Kwalik”, suchte Foppe-om, goeman en seach de reus noch ris wer foar
him, deawyt en stuiterich, krekt as miste ’r it bilul, om mear rjucht
gean to kinnen.
It waerde oproerich yn Ryklef Ripperda syn hert. Forstân en gefoel
bigoanen in stryd derre, hwer nimmen weet fen hie. O hie ’r nou tûzenen
om him hinne en den nei Ljouwert gean to kinnen en der op to slaen! man
tsjin man en skerp tsjin skerp; it lân skjinfeije fen it gespús en it
âlde, ljeave, hillige gesach wer yn eare en oansjen! Koe ’r? Scoe ’r?
Scoe ’r as in goed chirurgyn it mes yn ’e swolm sette doarre, it lichem
suverje litte? Mar ek de kâns wie der, de matearje kaem yn ’t bloed en
de dea scoe den de ein wêze kinne. Sá wrakselen dy twa greatmachten der
danich om yn syn harsens, dy beide sterke maten, oan inoar weage.
Hokfoar scoe ’t winne?
Foppe Lieûwes en Wibe Lubberts sieten der nou mar stil by en bigoanen
stadich hjar broggen to biplúzjen en dronken der in kûmke kofje by,
rounbrocht fen Wytse Binderts, fluch jongfeint fen njuggentsjin jier en
joun for ’t earst yn ’t rountsje fen ’e Oranjemannen bihelle.
—Ek al great—tocht Foppe Lieûwes, do-t hy him sa by de rige lâns gean
seach, yn ’t healtsjuster fen ’t barnende fjûr en de sêft ta de keamer
yn kypjende moanne in jong, linich skaed fol biweechlikheit en
libbenskreft. Syn folk wie Oranje wakker tagedien en hy skaeide grif ek
dy kant út, ien fen de seis jonge loaten op de âld stamme fen Bindert
Japiks en Anty Wytses. Mear as alle ierdske goed sa ’n seine fen seis
fikse, fleurige jonges en Foppe Lieûwes, âldfeint, suchte.... Hy hie
neat ta freugde yn syn libben en treast yn syn âlderdom, it lot hie him
net dy kant út ha wold.
Aldmannich dûkte ’r wei yn syn buffeltsjekraech en hinge roungear op
syn bankje to iten. Hy fielde him âld en min optheden, al dy jonge
minsken om him hinne, dy jonge plannen doarsten to meitsjen, oanfjurre
fen it soune, trúnjende bloed. Scoe ’t him noch barre meije, der de
blide útkomste fen to sjen, it waeijen fen ’e Oranjeflagge wer op de
âld toer fen Eastemar. Scoe ’t? Ef scoe de klok him al earder bilet
hawwe?
Schotmans smiet in pear houtsjes op ’t fjûr en in stik planke, ynienen
wie de keamer fol gloed en it stûke petear bigoan him wer grânzjende
wei to forheffen.
„Ast mei ’t wolnimmen fen de jonker is, súdde ik noch wel in
woordmennich segge wille,” frege master Marten Joukes op syn
heal-Dokkumers.
„Gien jou gong, master”, noade dy.
„So ’t jimm’ allemaal wel wete scille, he ’k it forpoft om it stamhús
fen Oranje ôf te sweren en my to foegen na det frânske gesach. It sal
my myn baentsje fen master en ook fen dorpsrechter wel koste. Mar ik he
wel in paer duiten, om mysels bedrippe te kennen. Mar der benne ook
anderen.—Is it de jonker te kennisse komen, ho min tegenwoordig it folk
wapent tegen Oranje? As ’t dus aan ’t fechten toe komt, den mutte se
skiete op hur eigen doarpsljue miskien, dy ’t it wel met Oranje houde.
Yn de grietenijen om Dokkum hene he se der niet feul sin aan, se komme
niet op. Earstens wille de luijden niet fechte en bilieven niet teugen
eigen folk en se hoeve ook niet te tellen, hoveul jongkearels der yn in
dorp benne....
„Om ’e divel net!” spatte der ien op. „Tinke se, det ús jonges foar ’t
kenon set wirde scille om hjar?”
„Stil nou”, susse in oaren, „lit master prate”.
Master neamde nou tal fen nammen op, hwer it fen fêst stie, hja stieken
de hoannen yn ’e wâl en steurden hjar net oan ’e oprop. „It giet net
goed sa.... earst ús frijheit, do ús jild en nou lizze ús jonges oan ’e
sintinzje”, hime hy, „mar nou mut de houwdegen mar ris op ’e slypstien
en ’t krûd ris rûggelje yn ’e hoarntsjes.”
„Ha se det?” tantte de jonker him stadich mei neidruk.
„Mear as de jonker tinkt”, sei master, „en dit jild”.... en hy wiisde
op de pûdtsjes.... „is ek gau omset yn hwet oars. Der hoecht neat by to
kommen, as it wirdt ien great forset en den....”
„En den?” sei de jonker him nei, swiere neidruk op elts wird.
„Den scill’ wy sjen, hwa ’t gelyk kriget, jou twivel ef myn
drystmoedichheit!” en de eagen fen Marten Joukes flikkeren by ’t ljocht
fen ’e lôge fen hillige strydkreft, krekt as wie hy in krúsfarder en
seach yn ’e fierte it leger fen ’e Saracenen al oankommen. Hy neamde
himsels in mathematicus, tocht Ripperda sa foar him hinne, mar der
doochde ’r noch net al to goed for, koelbloedich birekkens meitsje,
plannen teikenje, om útwegen to finen út in bihyplike tastân, der wie
hy to hjithollich en to rimpen ta, scoe ’r op ynfleane as de bolle yn
’e reek op, de dea tomjitte. Allinne de koel-forstânnige hearsket oer
túzenen. En hy sels? Och, hy fielde him ek noch stoattelich en wankel,
om nei de died taeste to doaren, al markbite ’r, det dy al folryp as in
frucht yn ’t birik fen ’e taestfiem fen syn earm en hân hinge to
lokjen.
„Lit ús stimme, frjeonen”, wynde hy him der út en liet sa oan it lot de
bislissing, om útring to jaen om hwet der yn hjar binnenst woelde en
wraemde. „Lit ús stimme, hwa ’t for in diedwirkelik forset is ef for in
stilswijend. Elts meij bitinke, det hwet ’r nou biwirkstelligt, it kin
him syn libben kostje, as it ta ’n útfier brocht wirdt ef ek.... der
kin miskien in goed ein fen komme....”
„Dos de jonker is der noch tsjin?” hifke Foppe Lieûwes súntsjes.
„Ik bin der tsjin”, sei Ripperda lûd. „Ik acht de tiid noch net ryp for
de died”. Hy gyng einliks tsjin syn eigen hert yn, hwent det trille en
langhalze just om dy died to sjen, dy died, om wraek to nimmen om alles
hwet der oan it Oranjefolk misdien wie dizze lêste tiiden.
Efkes wie it stil, min hearde it sêfte jounrûzjen fen ’e beammen om it
hiemke en it doffe gestap fen ien fen ’e jonge maten op it sânpaedtsje,
de skildwacht for onrie.
„Ik bin der foar”. It swiere lûd fen master Marten Joukes foel yn dy
stiltme as in klok, dy-t bigjint to lieden.
„Ik ek! En ikke!! Schotmans is der foar! Jan Binnes fen Aldwâld!
Tsjibbele fen ’e Wygeast! Bindert Japiks der foar! Eelke Meinderts der
fûl op tsjin—Gjalt Botses der foar!” It waerde in lawaei fen bilang,
elts skreauwde en bearde en rôp.
„Stiltme!” rôp Ripperda der twisken. „Ik scil de nammen opteikenje en
foarlêze en elts ropt den „foar” ef „tsjin”. En hy skreau stadich de
nammen op by it flikkerjen fen in eintsje kjers op in flesse en rôp den
de nammen ôf. It hagele fen der foar, it hagele op syn moed as
heilstiennen yn Maeije op ’e jonge bloei fen it jier. Toalve der foar
en mar fiif der tsjin, derûnder hysels, Foppe Lieûwes, Wibe Lubberts,
Eelke Meinderts en Boate Eskes. De saek wie forlern.... it folk winske
iepentlyk forset.
„Wit hwet jimm’ dogge”, warskôge ’r yetteris. „It kin in stryd wirde op
libben ef dead. Ik siz it noch ris: wy binn’ to minmachtich”.
„Ast slim komt, stiet de jonker ús den by?” ûnderstie Schotmans him.
„Ja, ho scoe ’t den wêze kinne”, hifke foarsichtige Banjer, „as ’t sa
wêze koe, det wy de jonker syn help fennoaden hiene, sjoch.... den
moatte wy dochs witte, hwer wy de jonker fine kinne yn dizze
contreinen”, liet hy der tokjende wei op folgje, it iene fen syn
plúrjende eagen net fen ’e jonker ôf en in fyn gnyske.... o sa ’n finen
ien, om de holle mûle.
„Det ’s ommers....” bigoan Marten Joukes, mar fen in freeslike slach op
’e tafel, hwer de kjers fen omfoel en de flesse fen op ’e groun keile,
skrilde ’r sa, det hy hâldde him stil en bisefte do earst, hokfoar
flater hy wol net bigean scild hie.
„Hwer ik bin, Banjer, is net nedich, det jou witte”, sei Ripperda
heech. „It is net iens nedich det mear as ien it wit, mar hjir witte
twa it, master en Wibe Lubberts. Det binn’ gjin forrieders. Ik set se
allebeide heech. En jou Banjer, ik scil lêst jaen, jou gongen nei to
gean. Towille fen mysels acht ik it nedich, jy bliûwe hjir mei twa
oaren en scill’ net earder foartgaen kinne as trije ûre letter as ik.”
Hy gyng oerein en socht de wiide tsiisdragerskyl wer op en ’e âlde
breedskade hoed. Hy fielde it, syn posysje stie wrantelich optheden,
gjinien fen ’e foarmannen foel him by, allegear hisen se him oan op it
doel, det hy skou wie, nammentlyk forset, iepentlyk forset fen man
tsjin man en det easke earst in fynútwirke plan en in goed tal oersten,
birekkene for hjar wirk, fierder, o slim kânsspel! rûch jild by de rûs
en de stipe fen ’e Ingelskman, om wapens to krijen, slûkjende wei by
Nije Silen en to Harns en de stille havens fen ’e Sudersé.
En hwet woe dit hantsjefol den noch? Der op ’e dolle roes ynfleane as
de wylster yn ’t net? syn eigen ûnk fen finzenis tomjitte? Hy wie
steurd, det syn wirden sa min oerwicht hiene, om hjar ta oar ynsicht to
bringen en hwette stoef joech hy him ôf, biselskippe fen Wibe Lubberts,
dy-t hy yn alles syn bitrou joech.
It wie nou nacht. Yn ’e fierte by in hûs op ’e Iesten blafte in houn,
oars wie it stil. Ek gjin forweech fen wyn mear yn ’e keale beammen, dy
hjar tokken fol fyn gerank dochs al wer de teare skiente fen ’e
poarjende bledknop droegen. Der sweefde ek al in frjemde, fine geur fen
hwet nijs oer it gea. Tynde dy heimsinnich út ’e âlde poel yn ’t skaed
fen ’e wylgenmoezen, hwer it glimhout yn glinstere? Kaem it fen ’e
winterfrucht, tear sykheljende mei tûzenen fen gêrslongkjes yn ’e reine
foarmaitiidsloft?....
Dy loft stie sa blau en stil boppe de ierde en de stjerren fonkelen der
oan, heldere kleare himeleagen, noait fen ierdske tins ef dream
bismodzke. Ryklef Ripperda seach der nei.... nei dy moaije kleare himel
fen syn Fryslân. Syn eagen dwaelden ôf nei it heldere paed fen ’e
Môlkwei.... Der ynienen foel in stjer.... noch ien.... en noch ien....
In rein fen frjemde hearlikheden.... En stil foar him sels hinne sei ’r
syn winsk folgens it âlde sechje.
Hjir kruste de Harstewei in foetpaed.... en der wie de brede hearrewei
fen Ljouwert op Grins. Nou gyng ’t it Wyldpaed op.... it wylde paed, ja
wol det. Gjin hûs to sjen, ûren fier net, heide! heide! en
boskstruwellen, spûkeftich fen foarm, elzenbosken, den wer hege
sânbulten, bigroeid mei ikenkreil ef keal en aeklike wyt yn
ljochtmoanne waer. Sims in greate poel, it djippe swarte wetter as in
droef geheim weikrûpt yn in slinke. It wie in min paed, dizze âld
sânwei, mar it wie ek in feilich paed.
Tichte by Hanenboarch gyngen se by inoar wei, Wibe Lubberts de Wedze
del nei hûs en Ripperda joech him nei ’t âlde Fogelsanghstate ta by ’t
Feankleaster, hwer in keammerke him wachte yn ’t ôfgelegenste hoekje
fen ’t greate slot. Sa stil as ’r koe, slûpte ’r yn ’e hûs en by de âld
trap op nei de souder. Hjir húsmanne ’r nou al sont wiken, sont syn
twadde flucht út Ljouwert ûnder it gastfrije dak fen ’e fen Heemstra’s,
like greate Oranjefrjeonen as hysels. Hjir wie rêst en feilichheit. Mar
for ho lang noch? Hy hie dy Banjer trochsjoen.... dy wikel ûnder de
mosken. As ’r koe, scoe hy se allegearre wol forriede wolle en gnize,
as se oan ’e galge bingelen.
’t Slimste eigentlyk, hwer de skoech knypte, wie de jildkrapte. Jild
joech hjir ek al wer macht en as ’r planteit wapens wie en sok spul,
wie alles folle better to weagjen. Hy siet der noch in set oer to
mimerjen en kaem optlêst ta ’t bislút, Porter noch ienkear wer to
skriûwen om jild, Archibald Porter, de earsume Ingelskman, dy in
traensiederij hie yn ’e sted fen Harns en in goed en needrich boarger
wie fen dizze âld sted, mar yn wierheit.... o ho inkelden wisten det
mar! in ôfgesant fen it machtige Ingelân en in great frjeon fen ’e
Stedhâlder, hwer ’r wol for troch ’t fjûr fleane woe.
Hy ouwele it brief soarchsum en segele him yn ’e midden mei it wapen
fen ’e Ripperda’s.
De dage gyng oer ’e loft, de dage foar in moaije sinneskyn
iere-maitiidsdei en syn hân trille, do-t hy dit syn brief oerjoech oan
in feint, dy-t him nei Ljouwert bringe scoe en kaem ’r al yn need, him
opbarne oan ’e gleone pipe en ’t boadskip wol mei de mûle oerbringe oan
heit, dy ’t wol soarge for de fierdere reis.
Noch gjin wike letter kaem it andert bihâlden oer. It wie mar in
wirdmennich, mar genôch. Archibald Porter skreau koartwei.... de greate
letters gniisden him suver út der op it wite pompier: It wie al ienkear
sei, nóch Ingelân nóch de Stedhâlder sels koe mear jild biskikber
stelle. It hie allegear al skatten koste en ’t bidijde neat. Alhiel
forlegen litte scoene hja hjar dochs ek net en derom waerden der dizzer
dagen noch in pear skippen fol wapens stjûrd nei Collumer Ald Syl en
lei der by minhear Ripperda noch in pong fol goud.
De brief wie sadanich, det hja waerden net foargoed ôfkonfoaid en doch
wie ’t Ripperda, as ’r op in moaije greate barnende kjers ynienen in
swiere domper set waerde. It ljocht snokte noch efkes nei yn in hael ef
hwet.... nou waerde de wrâld ynienen tsjuster.
Ja wol det.... ek syn wrâld. En singulier!.... nou, nou krekt! nou ’t
alles him by de hânnen om ’t ôfbriek, bigoan eat yn him út alle macht
in forwar, sa heftich, det it him meisleepte yn fûle foasje selst tsjin
better witten yn. Hwerom scoe ’r dochs ek net dy stryd oanbine? jong,
hjithollich, doldryst frege hy it: hwerom einliks net? Hwet wie ’r mear
by to forliezen? It libben? Syn felle hearlike soune jeugd kende ’r
noch net de waerdij oan ta, dy-t it hawwe scoe, as ienris de fyftich
efter de rêch wie en stadichoan de deadswetters tichter op him oan
bigoanen to streamen en sa nou en den ramende al ien fen syn kinden
meinamen. De libbenstsjilk stie noch sa fol fen alle hearlikheden
preauklear to pronkjen en hokker feest is der greater for it hert, as
den stride to kinnen for in ideäel, bilichame yn hokfoar foarm den ek.
En hjir hie ’t de foarm oannaem fen hwet wol elts it hillichst is op
ierde, it gelove, it heitelân en it âlde, ljeave Oranjehûs, for him en
al syn foarsaten troch ieuwenlange tradysje biknotte yn in fêste bân.
Al taende de gloarje, al wie de opperhear nou ek in banling yn in fier
lân, dit bleau sa, krekt sa lang oan syn deasnok ta. En hwet nóch it
húnsk gepraet fen Jan Binnes, nóch it petear mei master biwirkstelligje
kind hiene det diene nou dizze lêste onforskillige wirdmennich fen
Porter. Hjar lauwens makke him hjit. Hja trunen him oan ta de died.
Sá skouwde it lot him al njonkenlytsen foarinoan op it skaekboerd, om
it spul to spyljen, de iensume helt yn it greate, frjemde lân, de
lytsmoedige skare fen fjirrens efter him oan, bang en dryst fen beiden.
En swak yn al syn kreft, knibbele ’r dy joune yn in hoekje fen syn
keammerke del en frege om stipe, om sterke stipe en great forstân, om
dizze saek ta in goed ein bringe to kinnen. It wie in stryd for de
goede saek en it wettich gesach, mar wie de tiid fen druk al foarby?
Mocht it lân nou al hoopje op in bliide útkomste, op in jubeljier nei
de dagen fen Job? Och, hy wiste it net. Hwet wit in minske? Net iens,
as ’r de dei fen moarn it ljocht wer sjen scil en ho folleste minder,
hwet syn foarlân wêze scil yn takommende dagen. Derom net, hy wie
biredt.—
In joune ef hwet letter hast neare nacht al, it aeklik gespûk fen
greate mistfluesen oer ’e greiden en twisken de keale beamtokken, in
onrêstige wyn syn gegûl út it Westen, dy-t hy lokkich yn ’e rêch hie,
sette hy de stap der ûnder nei Jan Binnes ta to Aldwâld, him oanwiisd
as immen, dy-t tige gesach hie yn dizze contrein, en miskien hwette
ûnfoech en rûch yn dwaen en litten, dochs in earlike en rjuchtúte
kearel. Hy wie lyts boer en genierker derre en bidijde in sober stikje
brea op syn lyts steedtsje. Ienris hie hy him moet by heites to
Ljouwert op in forgearringe fen stedtsjers en gealjue en nou langlêsten
yn ’t húske by de Harstewei. Syn antlit stie him noch altyd foar de
geest as hiel appart to wêzen: greate, donkere eagen, hwer min in
frjemd fjúr fen drystens, moed en ek ûnforsetlikens yn barnen seach, in
smelrêgige noas mei fine biweeglike noasters en derûnder de fynlippige
mûle, fêstbiret ticht, in smelle reade skreef yn ’e bislettenheit fen
’e blekens fen it frjemdsoartige antlit, troch it fjouwerkantige kin en
syn breed trutsen dobke deryn hast wreed. Dizze man socht ’r op, dizze
man, fielde ’r, scoe min goed dwaen to rieplachtsjen, bikend as ’r wie
mei gea en ljue fen bern ôf oan.
Hy trof him thús, foar ’t fjûr, drok dwaende mei ien fen ’e lytse bern
op ’e knibbel, om douwebeantsjes poffe to litten op in âld têst. In
heftige, gleone loaits fen syn eagen trof de gast, de frjemde en dochs
om syn war dwaen for ien en diselde saek ek al wer de bikende.
„Joun jimm’”, sei ’r mei syn foars lûd en dûkte him yn ’e doar fen ’e
sobere wâldtsjerswente.
.... „Joun.... werom, jonker”, andere Jan Binnes stadich en liet it
jongkje fen syn knibbel glide. „Gien sitten”, en hy skouwde in foech
bankje by ’t fjûr en lei der in kjessen op, alles net onwillich wei en
dochs ek net botte oansjitsk. Eat as ienfâldige greatskens spriek út
syn hiele dwaen en litten, wie der om syn hiele persoan.
Mei in wirdmennich bisocht Ripperda, om oan ’e slach to kommen, mar it
woe net bûtterje. It petear forsânne fen it doel ôf yn nietichheden, hy
woun der him út en flustere einliks: „Der is tofolle kriel om ’e tafel
en efter de bedsdoarren, wy giene noch efkes yn ’t bûthús to ôffûrjen.”
En hja joegen hjar ôf nei ’t bûthús en biseagen it fé, it ryk bisit fen
him, lyts frij man en bisteande út twa bistjes, ien skiep, ien geit en
in spallinkje op ’t hok. Mei ho ’n ljeafde liet ’r der syn eagen oer
gean! Der sieten se nou by de tútlampe syn walmige reskepiid en
bikoezzemoezzen in bulte, ho-t der de lêste nachten skippen fol wapens
lost wierne by Collumer Ald-Syl en by ’t wyt brechje yn ’e Ald Swemmer,
ho hy, Jan Binnes de hiele souder folloeid hie en by Joege Innes to
Boerum, Wibe Lubberts to Twizel en Bindert Japiks Cloosterman yn ’t
Bouwekleaster fen ’t selde en hy liet in list sjen fen mannen, dy-t yn
gefal fen need op it earste klippen fen ’e klokken komme scoene en de
wapens opnimme for Oranje.
Ripperda bisoude! Der stiene se fen East en West, Súd en Noard! Lyklama
fen Aldeboarn! De Kempenaer fen ’e Limmer! syn frjeon Rengers fen
Ysbrechtum, fen Hambroek fen Ljouwert en al mar mear, mar mear!!
Fornamen en nederigen, mar allegear Friezen, dy-t it opnamen for it
fordrukte heitelân!
Ho skoarren se him optheden, sûnder it sels to witten en as yn ljeafde
aeide syn hân oer it knûkerige fodsje pompier.
„De lonte leit oan it krûd ta.... deun der oan,” sei Jan Binnes
stadich, syn gleone eagen fêst en lyk yn Ripperda sines, krekt as
hâldden dy loaitsen de siele fêst yn sêfte twang troch in heimsinnige
oermacht, „it is mar mear ien spjeldeknopsbreedte en den....”
„Ja, den....” suchte Ripperda.
Efkes bleau it stil. „It is altyd on ef even. Licht lûke wy oan ’e
koartste ein. De tiid scil útwizing dwaen. Us saek stiet faei, derom is
weagjen de wei. ’t Izer smeije, ast hjit is. En det is ’t optheden. Oan
’t kroljen ta as ’t ein izer yn ’e smid syn hân. En bûgt ’r it den net
nei syn wil?”
„Jou ha moed”, miende Ripperda, „mear as ik.”
„Hark ris,” andere Jan Binnes en prate mei oandrang. „Ik ha moed, det
’s wier. Mar det is net in moed út myselme. Ynwindich trillet myn herte
fen eangstme en freze om hwet komme kin as ús alles mislearret. Licht
den it Blokhús ef de galge. En as ’k sa tink, den wird ik bang.... En
as ’k der den wer yn kom, for hwa it giet.... sjoch jonker, den doar
ik, ja den nim ik it op tsjin tûzenen, tsjientûzenen as ’t moat....
hwent ik stien yn it fêst bitrou, ik doch it for in goede saek. En al
lang ha ’k my mei hert en siel oerjown oan dy macht, dy sterker is as
iksels.... ja, der jow ik my oan oer.... sa alhiel as in lyts bern oan
syn sterke heit.... Ik kin net oars....”
In hiel skoft bleau it stil. Swijende holpen se inoar troch hjar tinsen
en ienriedigens. Mocht Jan Binnes den al in fanaticus wêze, hwet syn
dieden noch útwize moasten, howol syn wirden der wol op wiisden, hy hie
de kreft en de moed ta de stryd en kaem dy ienkear, den scoe hy mei
foarenoan yn ’t gelid stean en syn plak skjinmeitsje, like it Ripperda
ta.
Ho wûnderlik wie ’t altyd yn ’e wrâld! Hwerom wie dizze net berne yn in
hege steat en him gjin macht jown oer tûzenen, det him grif goed ôfgean
scoe? Hwerom siet hy hjir yn in lyts holderhúske en molk syn kij en
bouwde hiel njúd syn fruchten en biskripte it brea for wiif en bern,
wylt de hiele wrâld soksoartigen, doarders! dwaenders! en oermacht oer
oaren habbenden brek wie? dy hiele wrâld, dy-t optheden op ’e kop stie?
Sa mimere hy der yn it stille bûthús by de wjerkauwjende kij en ja wol
wûnderlik! wierne dizze syn tinsen.
Yn ’e neinacht gyng ’r wer foart, biselskippe fen Jan Binnes, de
Mûntsjewei by de Mûntsjebosk lâns, mei syn achthûndert ikene beammen,
nei ’t Jan Binnes him fortelde, in prachtich forskûl for immen, dy-t
miskien yntkoart ris fluchte moast, mar nou yn ’e tsjustere nacht in
reuseftige klobbe fen noch tsjusterder swart tsjin de loft, hwer moanne
noch stjer mear oan to bikennen wie. Net lang mear scoe hjir syn honk
wêze kinne, Jan Binnes achte it to noedlik en hja founen út, by Bindert
Japiks Cloosterman yn ’t Bouwekleaster by Stynsgea, it haeddoarp fen ’e
gritenij, scoe ’t better wêze, mear yn ’e flank, as de greate slach
slein waerd. Hjir leine de greate heiden efterút en bosken fol wyld,
rûch beamt, hwer min feilich yn fluchte koe, as ’t ris knypte. Hwent de
tsjoede kâns is ek in kâns en net ien, dy-t wei to siferjen is.
En sa forfarde Ripperda den in dei ef hwet letter geandefoet fen
Feankleaster nei Bouwekleaster, bleau to jounbroggeïten dy deis by Wibe
Lubberts en gyng dy joune mei him skeanoer de lânnen op it oerset by
Mûntsjetille yn en sa nei syn nij thús. Hwet wie it him der eigen! De
hege geast, al bisjiddde mei in nije frucht, de âlde beammen, de sterke
earms rikkende nei it goudene jounljocht, Wolmoet hjar wite douwkes,
hjir en der delsaeijende út it hege blau, fen froast noch helderder as
oars en hiel heimsinnich op it tsjerkhôf it klokhús, nou heal
weikrûpend yn ’t oanwinnende tsjuster.
En as in bern fen ’t hûs waerde ’r der ûntfongen by Bindert Japiks en
syn wiif Anty Wytses. Hy moast yn ’e briedstoel yn ’e hirdsherne en ’t
nije goezzeplûmmene bêd yn ’t binhús, der kaem in têst mei fjûr ûnder
en twa hjitte krûkjes der yn en in nij hynstetek foar ’t sydfinster om
’e sigen, det hy foel der yn as yn side. Suver as in skipper, dy-t mei
syn skip binnefalt yn in feilige haven nei de stoarm!
Syn útfenhûzjen scoe der oars wol net sa lang dûrje, hie Bindert Japiks
fol neidruk profetearre en dochs.... sims winske hy wol, elts minske
hat ommers syn swakke riten! det it noch in deimennich, in wykmennich
dûrje mocht! Hy fielde him oansterkjen nei lichem en siele yn dizze
rêst fen it iensume boerehûs by minsken, dy him tagedien wierne en mei
him to stek stiene, him heech setten, al seine se it net yn tal fen
moaije wirden. Hjir yn ’e hiele omkrite hâldden se it mei Oranje, lyk
as hy, hjir gyngen se ek noch net mei de stream, dy los fen Bibel en
wet, neat oars preke as lichamelik geniet, tajaen oan alle lust fen it
sounige fleis, hwent der is dochs gjin forjilding, straf ef lean, gjin
himel ef hel! Libje as in dier en mar as in dea dier yn ’e groun!
In skare fen njuggen, sieten se jouns om ’e tafel, de boer, de frou en
de seis jonges en hy allinne as frjemde der by. It miel wie ienfâldich,
mar hja mochten it skoan en as heit it tankgebet sei hie, gyngen de
jonges der út to ôffûrjen ef op bêd. Guont wierne al jong-great, guont
gyngen noch op skoalle, twa hiene al as heit de kant keazen fen Oranje
en Ripperda hie hjar nammen lêzen: Wytse Binderts Cloosterman en Ritske
Binderts Cloosterman.
It jonge geslacht, fen hwaens dwaen en litten, fen hwaens tinsen en
dieden it ôfhingje scoe, ho-t de wrâld der oer in fiif en tweintich
jier foarstean scoe.... it jonge geslacht, by tractaet fen de 17e fen
Maeijemoanne 1795 ek foarbistemd, om Frankryk by to stean yn syn
oarloggen! Koe ’t fornéderjender det forboun syn foarwaerden: net
allinne hûndert millioen goune brânskatting! Venlo en Staets Flaenderen
kwyt en 25.000 soldaten op kost en klean, mar dit wol it
aldertergjenste, it mes op ’e kiel, om twong to wirden dit Frankryk,
dizze Moloch ek noch it alderdierberste bisit, it lân syn jeugd to
offerjen?
Derfendenne nou tsjinwirdich de wapentelling, it opskriûwen fen ’e
nammen fen alle warbere jongkearels. Hwer it hinne moast, hy wist it
net. En as ’r den dizze seis fleurige jonges om ’e tafel sitten seach,
krige hy der bikrûping oer. Hwer waerden se for greatmakke? Hokker dis
scoe ienkear hjarres wirde? Op hokker pôle hjar libben de bifestiging
en hiemfestens fine? Ef scoene se allinne great en feardich wirde
moatte om as slachtoffer falle to kinnen fen in oarloch? Dit geslacht
makke de woelings fen in tiid mei, hwer hy troch syn jierren al hast
bûten stie. Scoe ’t in geest fen forset kweke ef slappens en
meigeanders mei it nije, de frjemde tsjoen fen it heimsinnige út ’e
frjemdte hjar yn ’e maling nimme en swak meitsje? En hy seach fen ’e
iene op ’e oare en den wie der altyd ien ûnder, hwer hy it measte mei
op hie. En det wie Wytse Binderts, de âldste soan.
De dagen forgyngen sa stil en moai as sêfte wolkens oan in kleare
einder en dochs...?
Hwet hie Jan Binnes sei?
„Der is mar mear ien spjeldeknopsbreedte, sa ticht leit de lonte oan ’t
krûd....”
En den...?