VII.

As in lange staesje fen stil-trêdzjende skiere nonnen, sa tôgen de

wolkens, frachten snie yn ’e kape, de winterloft lâns, it forlittene

paed, hwer gjin fel sinnefjûr mear barnde en hjar greate grize kapûzen

fordonkeren smychtich en skelmich it lytse streekje sinneskyn, dwaende

yn ’t Súd-Westen om hjar to ûnderwrotten. It pinkeage der al de hiele

dei om, earmtlike sobere pronk fen in sinneblinkje, det gjin sinneskyn

hjitte koe, en gjin ljochtmoanne yet wie. In biwyske wie ’t, in

triljende libbenssucht fen it ta de dead martele en stridende ljocht.

Hwer wierne nou de dagen fen triomf? de hjitte wegen fen ’e bigearten?

hwer eltse foetprint in bûrling bliûwe liet fen tinend ljocht, fen

hearlike blide tinzen, fen kostlike kreft, dy-t oanfitert ta moedige,

oermoedige en selst weachhalzerige dieden, de tsjustere driûw fen ’e

hiele skepping, om wer it nije to jaen yn ’e tiid dy-t komme scil, it

libben syn foartbistean’s wissichheit yn it smeijen fen ’e nije

skeakel?

It ljocht sykhelle noch swakjes oan ’e loft. Ho flau de skimer! ho

kringe de démonen fen skaed en nacht al wramende op him yn! Sjoch se

wrakseljen mei him, de godlike! en den wer yn inoar om! sjoch it

slangeringjen fen hjar skiere, wytskobbige wolkeliven! hjar spjaltinge

yn in mennichte fen wjerljochtreade fangearms, om der it godlike, det

mar net stjerre wol, it moaije, it goede, it reine fen ’e wrâld mei to

fornietigjen. Ho-t se de wrede wyn en de kjeld oproppe ta help, o dy

freeslike wraksel derboppe yn ’e loft.... is ’r net it suverste byld

fen ’e lytse minske op ’e lytse ierde derûnder, ek wrakseljend tsjin

syn kweade geesten, dy-t nei him rame, om him it godlike fen syn siel

to ûntstellen?

Mar it ljocht, it godlike scil it winne....! En sa tynde it stadichoan

oer in stille lânsdouwe, griis en feal yn ’e winterfoarmoarn, forlitten

fen minske en dier yn ’e meast folkomene iensumheitsearmoed fen ’e

onbiprinte snie, dy-t noch gjin minske droegen hie, allinne de lichte

lêst fen rovers út honger en moardsucht, oanfitere ta strún en aventúr

yn ’t piktsjuster fen dizze stille nachten.

Ien jaget der oer in boerehiem yn it winnende ljocht.... de moaije

lange rêchhierren stiif fen froast, de lytse snút gnúvt by de hinneloop

lâns. It rûkt der sa fearrich en fetlik.... Hy hâldt him mei de skerpe

klauwkes oan ’e triemkes fen ’t hinneljedderke, it sêfte moaije lyfke

himet fen wille as in jager it boarst, as de hazze omtûmmelt fen in

rekke skot yn ’e efterpoaten. Hjir is it neat oars as moardlust, dy by

tiiden raest om bifrediging, derre de mird freget neat as iten, it

wapen tsjin de stille, grime dea, dy-t nou al dagen op him loert.

De hoanne skreauwt en slacht yn de geweldige wjukken, de hinnen raze,

as in lytse dryste ruter springt de mird de alderfetste nei de waerme

strôt.... Wer stiltme. Hwet geslûp en gewriûw, in plofke yn ’e snie, in

bloeddrip twa trije op in efterhússtriette, suterige wyt yn it bleke

ljocht oan ’e Easterkym.

De mird spilet fen ruten, as in tigerke giet it by sprongkjes mei in

plofke op it hirde iis fen in bysleat, by de rûche wâl wer op en den

oer it lân yn ’e tichtsnijde fûrgen lâns. De skiep skeuke him foart, as

’r oan hjar lâns reart, in âld skierroek yn in iensume eskenbeam skeldt

him út. De mird dûkt him noch lytser. Hwet male him dizze allegear! Der

is neat, hwet him fen it paed nei de hoale ôfhâlde scil en mei faesje

tûmmelt hy by de hege wâlskant del op it hirde iis fen it Djipt.

Ynienen krûpt ’r yn inoar ta in nietichheit, in biwyske mar fen in

libben dier. Syn bloeddrich snútsje giet skûl yn t sêfte hier fen ’t

lyfke, de fjouwer poatsjes lûkt ’r op, de rêch jowt him willich yn ’e

bocht, nou moat de sterke rêchbonke de skutte wêze tsjin gefaer. Sa

leit ’r der deastil, in lyts protsje yn greate deadsbinauwinge.

De minske, de greate fordylger, giet foarby. It skaed.... it greate

skaed yn ’e wrâld fen al it djiert, hwer it mar earne ek sykhellet....

it greate skaed, altyd fen pine en dead biselskippe. Hy hat wjukken oan

de foetten. It iis krêket en earmoedet, hwer hy de swierte fen syn

lichem plantet. De kwalster stout de mird oer ’e hûd, hy roert gjin

hier, leit as dea.... It skaed giet deun oan him lâns.... As in skûrwyn

giet it foarby....

Mei in sprongkje ef hwet is de mird nou by syn hoale ûnder in daem yn

in forstoppe pomp, hwer it wetter net mear troch wol. Mar de minske,

hokker hoale nimt him yn syn biwâld, hwer is de koestering fen in smûk

binhûs for syn yneine foetten?

De reedrider seach de Liikster bosken blauwjen oan ’e einder, rjuchts

seach ’r de âlde standermounle fen Súdhoarn en it keal beamte fen ’e

Hanckemabosk en hirder, al mar hirder kris! kras! fleagen de flugge

izers oer it hirde iis. De wyn hie de snie der ôfjage, wreed en kâld

lei it iensum paed der foar.

Hy bleau efkes stean to útpûsten yn ’e smoute fen in tropke beammen.

Hwet scoe ’r wol net jaen wold ha, om him efkes waermje to kinnen yn

ien fen ’e greate bûthúzen, hwer nou sa noegjend de kouwegleskes fen

skimeren yn ’t bleke lantearneljocht. Hy koe it gefaer en hy joech ’r

him mar net sa op ’e dolle roes yn. Mei soarch strûpte ’r syn knapsekje

los, det him op ’e rêch hinge en helle ’r in spekbrogge út en al itende

wei ried ’r stadich fierder, Bidlersboom foarby, op Blaufallaet oan.

De sinne riisde boppe de tear-kleurde roazereade kym.... hwet in

woldied wie dit stille, bleke winterljocht for de iensume reisger! De

sniewolkens protten nou gear yn nidige kloften djip yn it Suden en

seagen oerginstich it ljocht groeijen, boppe de kym út en winnende wei

heger kliûwen, al mar heger....

En hy!.... o ho seine hy de nije dei, wer de earste yn it heitelân, de

brune jonge skippersfeint! It pakje stie him goed, al wie ’t hwet

bilape en ’t konstitúsikoard al lang fen donkerbrún ta bleekgiel

forwosken en in fellemûtse mei earkleppen siet him sa ticht om ’e

earen, min seach allinne der ûnder út in moi greate noas en de mûle mei

syn waermreade lippen. Lyk ûnder ’e rânne fen ’e mûts laken heal biskûl

ek de heldere brune eagen en seagen frank en frij om hjar hinne, yn ’e

wite stille wrâld om, optheden it bisit fen him lykme allinne, hwent

fier en nei wie gjin minske to sjen. Mar yn ’e fierte krinkelde in

slangkje reek de loft yn en kefte in hountsje.

De lange reed fen ’e neinacht wie foarby. ’t Gyng al mear en mear op

hûs yn, der scoene nou al gefaren op ’e loer lizze kinne en hy tochte

ynienen om ’t âlde sechje fen syn heit: ho tichter by hûs, ho greater

de skea, sei de hazze en hy rekke tichte by ’t leger yn in

rottestap—mar gefaer—der hie hy noch noait foar omkrolle. In nuver

soarte fen wille wie ’t for him, om him der tsjinoer stelle to kinnen

en ’t op syn alderfynst út to fikelearjen hwer de goede kâns om to

ûntkommen to finen wêze scoe.

Foar de wyn ôf liet ’r him stadich glide, de soune skoudrige lea sêft

widzjend nei ’t forweech fen ’e stevige streek fen ’e skonken, de

hânnen yn ’e broeksbûsen, de eagen skerp stoarjend alle kanten út. It

wie noch fierst to betiid yn ’e moarn, ’t gefaer sliepte noch, allinne

by Blaufalleat wie folk warber. In âld man kapte in nij bit oan ’e

feartskant en it kefferke roan as in lytse gek oan board fen it skip om

en wie alhiel oerstjûr.

„Scilst’ stil wêze?” raesde de man mei de bile. Mar Bijke joech gjin

belies, tûmmele fen pûre razenheit fen it skip op it iis en hinge mei

feninige toskjes de reedrider oan ’e bokse. Dy bleau stean. It like

hjir net sa ongeskikt, om ris út te pûsten en nei ien en oar to

pinfiskjen, dy âld man mei syn gutige skreefkes fen eachjes en syn

fynlippige mûle like snoadernôch, om in petear wirdich to wêzen.

„Kâld, hwette?!” sei de reedrider en stie yn ’e smoute fen ’t skip nei

de bitmakker to sjen.

„Foaral for in gewant jongkearel, om loaikjend nei in âld man to sjen”,

gnyske de oare.

„Det hoecht gjin twaris sei”, en de reedrider naem him de bile út

hânnen en sloech der op as in flaljeklap op ’e telle. De skossen

stouden der nei en efkes letter lei it donkere wetter syn heimnisse

bleat. ’t Kefferke slobbere yn ’t wetter om, mar hâldde de frjemde man

dochs altyd yn ’t fesier. Syn kraleëachjes wykten net fen syn wegen.

„Kom”, sei de skipper rejael, „in kûmke kofje. ’t Wiif hat se brún. Den

kinst ús skûte en sa ek ris sjen. ’t Is in gnappen-ien. Hast licht wol

ris heard fen „De Vrouw Maria?”

„Nou né”, sei de reedrider, „ik bin fen de bûtefeart, Emden en

Hamburg”.

„Soune en skande, ik hie wol wirk for sa’n ien as dû en den om utens to

swalkjen.... Mar dy-t jong is, hat wyld hier en eart det net útfallen

is, wolle jimm’ ’t dochs net leauwe. De earen scill’ dy ek noch wol ris

bikauwe wirde der yn ’e frjemdte, det wik ik dy, jonkje....

Fortsjinnest oars goed?”

De reedrider wrotte krekt troch ’t lûk en do’t syn foetten wer groun

fielden, andere ’r: „’t Hat syn útfallen, sims in goudgoune en ek wol

ris fijfjes, ja dy wol it meast.”

„Min sjocht it dyn habyt wol oan”, en de skipper takseare it bilape

buis en ’e âld mûts en ’e hirde fetlearen skoen ûnder ’t

kofjeslobberjen wei en hy joech oarder oan ’t wiif, om in boltsje to

smarren en der in goede hompe tsiis op. En noch in kûmfol gleone

kofje.... De reedrider fielde him op dit stuit as in bidler, dy-t sa

mar ynienen in keningsmiel foarset wirdt.... Noch noait hie him eat sa

forkwikt as dit ienfâldige moarnsbyt.

d’Ald skipper hie de eagen net fen him ôf. „Dû bifalst my wûnder. Hast

fen ’t maitiid noch gjin tsjinst, freegje den mar by Visser’s folk to

Heech, hwer Jellema is mei „De Vrouw Maria”, dy witte altyd wol, hwer

ik tahâld, hwent myn jonges farre for hjar op Londen mei iel. En hwer

kin ik dy biskriûwe?.... So, wennet der folk fen dy to Ljouwert, yn ’e

Bûntebargesteech? As wy it roer der ris fêstsette, den siikje wy dy op

by gelegenheit.”

„Bêstich”, glimke de reedrider, „beide wolkom, hear”, en hja fûsken as

âlde kammeraten. Like wiis as ’r kaem wie, ried ’r wer foart en al wie

’r neat gjin nijs wys waen, licht wie ’t ek mar better sa. Hy seach

noch ris om nei de beide âlde minsken op hjar skip, nou al hiele lytse

swarte stipkes yn ’e greate, wite wrâld om hjar hinne. Scoene se inoar

ea werom sjen? En dochs foel dizze aerdige ontmoeting as in bliid

fonkje yn syn hert.... it makke syn hiele moarn goed.

Der waerde nou al mear folk warber. Hânnelsljue rieden him foarby nei

’t Grinzer wykmark, pearkes om in Lieksterblom to heljen, de famkes, de

moaije wangkjes blau fen ’e kjeld en de wiide rokjes as tontsjes om

hjar hinne fenwegen de wyn, stadichoan oanbôzjend út it Easten, sims in

slide, folladen mei sekken sied, trije kearels derfoar en ien der efter

en den wie ’t mar fen wyk-út en jow-rûmte.

Yn ’e lijte by in tropke wylgen-moezen en in jaskerke spanden se in

seil, der kaem in dis mei hjitte sealjemôlke en knapkoeken en der siet

me in âld wiif efter mei filekaenseagen, soksoartigen hy syn

libbensdagen noch noait sjoen hie.

Hy skrilde der fen en seach mar gau yn ’e oarre wei. Koe se him? wist

se hwet fen him? De geur fen ’e sealjemôlke lokke him oars wûnder,

suver mûltergjen wie ’t. Mar hy forwarde him der tsjin en kraste

hastich troch, de brede baen lâns. Einliks, noch omdize fen ’e fine

wintermoarnemist, seach ’r de stompe Stynsgeaër toer út ’e beambosken

fen Siccamaslot en Boelenshûs tinen en as in wife blinkert yn ’t

tsjuster fen dy bosken ien amerij de wite hege sydmûrre fen

Siccamaslot.

Hy bigoan nou ek syn lea to fielen. Sont fen ’e moarn fiif ûre op in

paed, syn ankels diene him sear fen ’e stiifboune riemmen en syn

skonken fen ’t hâlden en kearen op ’t kwalsterige en onbibane iis. In

tel mennich letter Mûntsjetille en lofts hwet fierder yette de beammen

fen Bouwekleaster, it noflik thús fen syn bigearte.

Hy ried de opfeart del en boun ’r him by ’t brêchje ôf. It spande, om

troch de sniedunen hinne to kommen en ien amerijke bleau ’r ris efkes

stean, om út to pûsten en om him hinne to sjen. Ho ’n hearlikheit wie

dizze wite, wiide iensumheit! Hy, de lytse, hymjende en wraemjende

minske, it swarte biweeglike stipke yn ’e stjurre wrâld fen froast en

snie, bidoar neat fen ’e majestieuse moaijens fen dizze oarde, sûnder

minsken en huzen. Hy wie ’r to lyts, to nietich ta. Al scoe ’r der nou

ek delfalle en nei in pear deadsetten stjerre, syn waerm jong lichem yn

pinekrimp ticht tsjin ’e âlde mem ierde oan.... hjar scoe der net iens

de lytste rille fen oer de lea gean, as der him wer hwa ef hwet

bijoech. Kaem it hjar elts jier net sels oer? As in swiere, droeve

weach fen in onneispeurlike Oceaen fielde se ommers elts jier itselde,

berte út hjar swiere, ripe skirte en dead, wer dead, it willeaze

oerjaen fen al hjar kostlikheden yn machteleaze opstân tsjin ’e dead,

de gnizer om ’e hoeke. Om de minske, de inkeling, bikroade hja hjar

likemin as om it fallende bled fen in beam ef in deade bij, fortiisd yn

’e webbe fen in spin.

Krekt as fielde ’r eat fen dit alles op dit stuit. Noch nea yn syn

libben wie him de iensumheit sa bikrûpt en ho bliid wie hy der ta,

einliks fêste groun ûnder de foetten to hawwen, de Stynsgeaër wei en

det opdraeije to kinnen nei ’t Bouwekleaster. Hjir wie ’r ienkear

earder lâns gien mei Anders ta maet. Do stie de wrâld yette yn ’e

pronk, apels blonken yn ’e hôven en blommen yn ’e túnen en moai fé

weide yn ’t lân, nou waeiden de toarre hopperanken op de diken en

hâlden noch yn alle earmoed de keale ikenstruwellen omklammere, yn

libben en stjerren jimmeroan ien! De tokken klapperen kâld hinne en

wer, bonkjes fen in geramte yn winterdeadedâns, de Eastewyn as spylman

en de froast as kâlde fryster de lange tsjustere winternacht. In heal

forhongere hazke sprong op út syn leger yn ’t rûch fen ’e dykswâl en

joech him stuiterich fen ellinde ôf, net fierder as stiensmiterslingte.

Der stie ’r wer, to swak om fierder to kommen. Det bigrutte him en hy

smiet him in timpe brea ta út syn knapsekje. Do-t hy efkes letter

omseach, siet it hazke der al by to knabbeljen. It earme dierke en hy

wisten beide, hwet honger wie, al wie hjar honger ek ongelikenser

soarte, swerflingen wierne se allebeide, frjemde hoalen ta hûs, jage

fen wrede hounen tiiden lang....

Einliks seach ’r as earste fen ’e trije Wolmoet hjar pleats, djip ûnder

de sniekape. Ho ’n skat, sa ’n honk, sa ’n thús yn it âlde Fryske lân,

it seine âlderserf, mei de ljeavjende hân oerjown fen âlder op bern en

fen bern op bernsbern!

Wobbe wie mei de feint oan ’t dongkroadzjen efterhûs en krige him al

fen fjirren yn ’t fesier.

„Hea”, sei ’r bidaerd wei tsjin de feint, „der komt de nije turfskipper

oan. Det treft mar goed, de frouljue woll’ noch graech hwet sponturf

ha. Is der noch plak yn ’e skûrre? En rin gau efkes nei Bindert en dy

’s, det dy optslach efkes komt, den kin dy ek noch hwet krije.”

De feint kroaske nei de skûrre en do troch ’t gat yn ’e hage nei

Bindert Japiks, de bûrman. ’t Paed wie rûm.

„Moarn boer,” sei de skipper dimmen en seach Wobbe mar net oan.... „hat

de frou ek turf brek?”

„Jonker!” hime Wobbe en stiek him de hân ta, „o! o!” en do ynienen hie

’r himsels wer yn ’e macht en sei lûd wei: „Turf?! ’k Scoe ’t al sizze.

As se net yn ’e hutte binne, den grif yn ’e molkenkelder”, en hy raesde

lûd om ’t hûs: „Der is in skipper for turf.” De feint hearde ’t, seach

nou net iens mear nei dy skipper om en gyng syn wegen. Sá goed spile

Wobbe syn rol, mar yn syn âld hert wie ’r raer gesteld. De jonker, o

goede guánt noch ta! Ho kaem ’r hjir? en hwer kaem ’r wei? en hwer

moast ’r hinne yn dizze slimme winter, dizze fûle kjeld, det se selst

de skiep binnedoar helle hiene en alle moarnen der fûgeltsjes dea ûnder

’t tek weifoelen. O hearink hwer moast dit hinne! en hy krige der sa ’n

bikrûping oer, det der ûntfoel him in trien. Hastich ôffeije mei de

mouwe, de feint mocht it oars ris sjen. Hwet scoe ’r graech yn ’e hûs

wolle en ris ôfloere, ho ’t Wolmoet en Lysbeth hjar postuere scoene, as

dizze fiere frjeon ynienen libbenliif foar hjar stie!

De tsjernmounle gyng en de wine bigoan to klapperjen, allegear ljeave

bikende heitelânske lûden, hertetreast for de swerver. Ho moai dit

fredige boerehiem by winterdei! de lege rûchbisnijde huzing, forside

krûpt ûnder de âlde linebeammen, de lange wite oesen oan it tek, nou as

fine sulveren franje yn it ljocht fen ’e moarnssinne, de greate reade

hoanne, fiktoarje kraeijend op ’e skerne tsjin in fiere oare strydheld

en den de heldere kâlde wintersinne hjar glinsters oer al dit wyt en it

bytsje kleurigs der yn forskerpjend ta grille bretale moaijens.

Sa kaem ’r om ’e hoeke en seach Wolmoet stean, dwaende om

spekswaerdtsjes, oan in touwke reauwn yn in beamke op to hingjen.

„O!” sei se en stoarre nei him as in skynsel. Hja sloech mei de hânnen

yn ’e loft, mar joech aldergeloks fjirders gjin lûd.

„Stil!” hjitten strang en flaeikjend syn moaije eagen, dy-t hjarres

frank en frij en o sa innige hertlik fen loaits moeten. Hy seach hjar

triljen en forslein der by stean en hy diich war, om sa gau mooglik dit

noedlik amerijke ta in goed ein to bringen.

„Bêste baelder brek?” frege ’r dimmen, mar de skalk kaem efkes om de

hoek yn ’t glimkjen fen ’e mûlshoeken.

„Gien mar mei en freegje Lysbeth,” sei se en makke, det se fen ruten

kaem, troch ’t gongkje nei de keamer. Der wie Lysbeth, oars nimmen, der

wie de feilichheit. En ’t âld sloof skriemde fen blydskip, do-t se him

seach en wist net, ho-t se him wol lette en sette scoe.

De waerme húslikens der fen dy âld keamer wie as in mantel fen smûkens

om him hinne. Der stie in oeribel great fjûr op ’e hird fen bêste

boekeblokken en de greate swietapelpot prottele heech oan ’t hael mei

geurige brimstigens. Roek min net de sjerp? en de bargerêch? en den de

oare goede dingen, dy-t der noch yn ’e stalpanne op ’t komfoar stiene?

De kat siet der by to noaskebarnen en heech yn ’e loft boppe de

bedsketsdoarren rôp de darteldou fen roekoekoe, do-t hy frjemd seach.

Hwet wierne se allegear bliid! Hja wisten net, hwet se him wol net

oandwaen scoene en tatriûwe. Lysbeth hie gjin sittend gat, dy toaide

mar oan, mar Wolmoet? dy siet der stil by en harke.... harke, it hiele

fine antlitke ien oandacht en démoed. En by it sjen fen hjar, de suvere

reinens fen hjar wezen, de teare fammigens, it oanminnige fen ’e lytse

blom yn útkommensmoaijens fen hjar wêzen, toraende alles as waeks, hwet

der hird wie yn it herte fen ’e kriichsman en waerde ’r fen sêfte

fielings dreauwn, om oan ljeave dingen to tinken. Ho nei wie ’r oan

hjar alle trije forkleefd as oan guont fen ’e alderbêsten út it Fryske

laech.

Al gaueftich kaem Bindert Japiks der ek oanstappen en skikte by. Hwet

waerde der hwet bipraet! yn in healûre tiid wist Ripperda fen al dit

ljeaf en leed fen ’e lêste tiiden en it leed hie fier de oerhân, ja wol

det! It folk kreunde ûnder it swiere jok, wierne it gjin frije

skouders, hwer nimmen noch ea in lêst op lizze doarst hie? sei Bindert

Japiks en nou sa?! Ljeaver dea as slaef! noait dûke! noait krûpe, as ’t

wêze moast op in healspyn lân frijman, eigen hear, Fries op frij Frysk

lân! En nou scoe Fryslân by Hollân komme en koe opdraeije for de greate

skilden, fen ’e oare provinzjes en ’e forkwistende steden makke.

Fryslân en Sélân stieken de hoarnen yn ’e wâl en de ôffirdige nei de

„Nationale Vergadering” scoe ’t boadskip meikrije, earst de oaren

offerje en den scoene de Friezen ’t laedtsje ek ris útlûke. It wie

altyd alweroan mar bitelje.... bitelje, suchte Bindert Japiks. En hja

rekken op ’e tekst fen ’e Optwizeler merkejoun o! o! en der bloeiden

reader roaskes op Wolmoet hjar ljeave wangkjes as ornaris en de jonker

hie der syn eachweiding oan en hy pinfiske krekt sa lang, it hege wird

moast der wol út fen Roanes, Lysbeth forklapte it. Sedich gyng it kopke

foardel, hy seach allinne mar mear it blonde hier skimerjen troch ’t

swarte haekte mûtske. En hy prize de man lokkich, dy-t dizze ienkear

winne scoe ta breid.

Nou skikten se allegear sa mar sûnder fratsen om de tafel. „De skipper

scil ek hwet meiite,” wie Lysbeth hjar bistel.... Wolmoet droech in

pantsje oan en in foarke en in leppel for de brij. Hy snie syn bargegûd

mei de sulveren knyft, dy-t ’r yn in moai biwirke ské op ’e side hie en

de greatfeint seach ’r stoarjend nei, de blauwe kealleëagen wiid op.

Hwet dy fjouwer minsken tochten ûnder iten, it wie in nuver grienmank.

Seisersum sieten se om ’e tafel, de great- en ’e lytsfeint tochten net,

dy ieten en wierne bliid, do-t it efter de knopen wie en hja gean koene

to terskjen. Dy frjemde kearel derby, hja hiene mar in skalk each op

him, licht woe hy him der wol bisteegje en reagje hjar fen ’t plak. En

Wobbe en Lysbeth en Wolmoet? Hja waerden ho langer ho stilder.... hjar

herte, yn wyld biweech fen blydskip en drôfenis, pakte sa swier mei it

nije en frjemde om, fen dizze dei brocht, det hja hiene gjin lust yn in

ôfwaeid praetsje en diene it swijen der ta, safolle as ’t mar koe,

sûnder each to jaen.

De middei kaem, de moaije fredige winterneimiddei. In winterkeningkje

song yn ’e hagebeam, in lette hin keakele op ’e matte. Klap! klap!

sûzen de flaljeklappen by tiiden.... den wie ’t wer efkes stil en

bigoan de wine to sûzjen. De greate reade hoanne kraeide nou op in

omkearde kroade fen fiktoarje, in stikmennich hinnen stiene ’r

biskieden en stil nei to harkjen. De kâlde wyn boarte in wrede dâns mei

hwet deade ikebledden, sa nou en den dûkele ’r noch ien op ’e snie. Wyt

en krêkerich lei dy der foar, nuver glinsterich fen fûle kjeld dagen

lang oanien. Read en gril sakke de sinne, it blau fen ’e loft wie sa

igael as in djip bergwetter sûnder ien faei steed. Der dreau gjin

wolken, gjin wynfear reepte pylkich yn ’t effene fen ’t stiifspande

blau.

„’t Friest joun wer in stientsje”, sei Wobbe en kroep âldmannich hast

wei yn ’t skurf buffeltsje. Min seach net folle fen him, de holle lyts

ûnder in greate klots, de hânnen yn greate skieppegrouwene wanten, de

meagere skonken yn twa pear wollene hoazzen en de klompen fol strie, hy

like hast gjin minske mear, suver de winter selme mei dy rym yn ’t

bird.

Mar de jonker? Nou foar de wyn ôf oer de Skalkepaden gyngen se en hy

snúfde de hearlike frisse loft op as lodderein! Der wie de geur wer yn

fen Fryslân, eltse beam, dy-t der waeide, eltse fûgel, dy-t der fleach,

elts húske, kipich ûnder syn reiten tek, makke him syn lân wer kenber

en sette ’r it eigene stimpel op fen heitelân. Syn mage wie wer stil en

syn skonken oanstevige en syn jonkheit seach noch de moaije roazereade

gazen fen blide forwachting en hope hingjen om alle ding. ’t Scoe noch

goed komme, alles noch wol. Mar yn eltse tins wie der dochs in sterke

ûndertoan fen langstme nei hûs, sa sterk, det ’r hjir ek al net langer

toeve as bislist nedich wie om hwet út to rêsten en de brieven mei to

krijen. Der wie eat det rôp.... sa rôp yn ’e fierte.

Sa batsten en wâdden hja troch de snie, hy in pear baelders ûnder de

earm en Wobbe mei in âld weinhoep, kwanskwiis om in boadskip to siikjen

by de Hamster smid, mar mear noch, om de jonker bihâlden troch de Ham

to loadsen nei it Kolonelsdjipt. Tomûk seach ’r him efternei.... Der

gyng ’r fearich fen stap op ’e Tille ta en in seinebea wâlle der op yn

syn âld hert for him, dy-t nou miskien yntkoart syn libben weagje scoe

for de goede saek.—

’t Wie stil op ’e mar, gjin minske to sjen fier en nei.... De

ienling-minske yn syn iensumheit biselskippe fen loft en wetter

allinne, kearde ta him sels yn en diich tomûk ris wer in doar op, tige

skoatele lang lyn.... Hy tochte noch ris wer om Anne.... om dy moaije

dei yn ’t Wetterlân.... Ho stil scoe ’t der nou wêze op it iensume

boerehiem fen Jelle boer ho hiel oars as do yn syn simmertoai! En Anne

sels? hwer scoene nou hjar lytse foetsjes hjar sêfte wegen gean? ja

hwerearne mei Popke?—

Ien sprong.... hy wie oer de kiste yn ’e mar, it klotsjende,

roofhymjende wetter deun oan him en in skoftsje letter ried ’r

Birgumerdaem foarby, der se dânsen, det it klapte.

It waerde noch iensumer om him hinne, de jaskers yn rêst, gjin huzen

mear en allinne in inkelde wylgenmoes, kapt en keal, ûntdien fen ’e

pronk fen syn krún, it ienichste markteiken fen ’e minske en syn

biwâld.

As in fjûrreade kûgel hinge de sinne yn ’t Súd-Westen, frjemd en wûndre

moai. In fine dize bispoan de fierte yn in heimsinnich net. As de

mesken in amerij ris hwet wider út inoar gyngen, seach min in boerehûs,

hwer de sinne yette yn ’e glêzen glimke ef yn in opfeart in âld skip

fêst fêrzen. En op it lêst, as yn in gloppe, seach ’r syn sted! syn

dierbere âlde sted! rizen yn ’e fierte! Like ljeaflik as hy se

forlitten hie, wonk se de swerfling ta in blide ynkomste.

Mar nou bigoan ek de swierrichheit en mei in skok bispeurde ’r ynienen

it wicht fen dizze. Alle poarten ticht en by de Túnster wetterpoarte de

poartfeint om nau ta to sjen, as der ek forkearde frachten al

slydtsjend ta de sted yn brocht waerden.

Hy tocht him hast staf. Eltse streek foarút brocht him tichter by ’t

gefaer. Hy ried nou al op Skilkampen yn. De baen wie fage en der kaem

mear folk, sliden en baentsjeriders, jongfolk en sutelers mei

knapkoeken en wiven mei oaljekoeken. It barnde nou op ’e neil, foarút

doarst ’r hast net mear, steanbliûwe koe ek net, den der mar dryst en

greatmoedich op yn.

Sa stoude ’r foart en hope op it lok for de weager. In lange slinger

wie foar him út, wol fjouwer feinten en fammen en hja songene it

heechste liet. Hy seach wol, de manljue hiene in hys, hwent de frouljue

preamkeskouwden, det it hwet diich en hy hie syn aerdichheit oan in

lyts ding, hielendal efteroan. Dy forsette nou suver gjin foet, dy liet

hjar mar glide. It kypske hinge al hwet skean, it sulveren earizerke

glinstere, in hiel lyts smel streekje. En út de swarte omslagdoek kaem

in fyn wyt halske.

De hiele smite bleau stean yn ’e lijte fen ’e pelmounle en elkmis krige

in kûmfol sealjemôlke for in sint: Ryklef Ripperda koft ek for in sint

en mei ien lodderich knypeachje forstiene it famke fen ’t swart kypske

en hy inoar.... en do-t it jongfolk wer foart ried, pakte ’r it hantsje

beet, det him hiel willich nimme liet en skoude op.

„Ha wy help?” hime de foarman.

„Nou!” sei de twadde en de waerme triûkjes fen ’t lyts famke foar him

makken Ripperda waerm en dryst yn alle lijen en kjeld.

Sa sûzen se it Fliet lâns, oer barsten en skûrren as ’t neat wie.... De

frouljue geiden fen wille en de manljue songene:

„Soete lieve peperkoek

Kussen is geen sonde!

Geef m’ een blozend meiske fijn,

Geef m’ een maatje brandewijn,

En ik dâns de ronde

Met de soete liefste mijn,

Die mijn hartebloem wil sijn!”

Der skimere de Túnsterpoarte. De poartwachter hinge ta ’t finster út,

syn âlde gichemertseagen loerden fel nei ’t jongfolk. Ald sûrpripper

hate ’r alles, hwet nei freugde en plaisier aerde en hy sloech mei in

klets syn finster ticht. Dy jeugd fen tsjinwirdich, wyldsang en

mâllens! Yn syn tiid wie ’t oars.

Under de poarte stie Simen, de poartfeint, in greate, grille lantearne

yn hânnen. Ryklef syn hân trille efkes. ’t Gefaer.... de dea deun by

him.... roerend oan him.... Yn in kramp fen eangstme knypte ’r it

waerme hantsje fen syn famke.

„Ek slûkwaer?” frege Simen en hâldde syn lantearne heech. Hy koe se

allegear wol en glimke.

„Dy wolstû wol ha, mar dy krigeste net”, songene se wer en raemden

oerdwealsk op him yn. De lantearne rekke út en Simen sprong út ’e wei

en hja laeitsjend foart, de Tunen del en de drokke baen fen ’e

Foarstreek op. De greep fen Ryklef waerde al losser en losser yn ’t

gewoel.... hja mirken ’t net iens, det ’r by hjar wei gyng, allinne it

famke seach efkes om. Hwer bleau hjar aerdige maet?

’t Wie tsjuster waen yn ’e twiskentiid en stil op ’e striette, hwent it

waerde tiid for de jounbrogge en alle ljue binnedoar. Kniep it wer net

finnich oan?

Hy ried nou stadich ûnder de piip troch en draeide de Ie op, it hiele

smelle farwetterke, hwer nou gjin skippen leine en allinne de

bernebaentsjes wierne. Suver útstoarn wie ’t hjir.... hy fielde yn

dizze stiltme de feilichheit nei ’t gefaer. O dy ljeave stille, smelle

Ie! ho faken hie hy as jonge der net op boatsjefard ef by sitten to

fiskjen op bearskes ef binnebot en noait! noait, tinke kind, op hokker

wûndere oare menear hja him ek noch ris fen profyt wêze kinne scoe!

By in tsiispakhús, mei stiennen treppen delstap oan dizze drokke feart,

boun hy him der ôf en do mei staesje troch steechjes en strietsjes op

hûs yn.... Yn al de freugde fen syn hert jage ’r in eangstme him, hwer

hy gjin reden for fine koe. Hy hie syn moed net, selst nou net, nou

alles sa goed slagge wie en syn wegen sûnder ien tsjinstuit feilich

roanen nei it heitehûs....

Regnerus Ripperda sloech it boek ticht, der hy yn sitten hie to lêzen

en eage nei de hoeke fen ’e smoute binnekeamer, hwer syn wiif lei yn it

ledikant, hiel stil, gjin forweech mear fen de meagere, kliene

fingerkes. Ho faken hie hy se hjoed net yn syn waerme greate knusten

hâlden, om se ek mar waerm to krijen, hja wierne sa kâld, sa kâld!

krekt as floeide der stadichoan alle bloed út. Dy ljeave lytse

fingerkes, ho lang kende hy se al! ho faek wierne se net kûstere fen

him! hwet hiene se net for him biskript yn in togearre-wêzen fen acht

en fjirtich jier! En nou hiel yntkoart, den soargen se net mear, den

waerden se ôfbrûkt ark, min garret it yn in kûle, dy-t min grêf neamt.

Hy bûgde syn holle foardel.... Regnerus Ripperda skriemde. Hy koe nou

ien amerij himsels wêze.... Doedte wie sont jister op forsyk fen doctor

Falentijn útfenhûs by Elske Baerdt.... hy koe nou it leed ûnder de

eagen sjen. En hy wist, it scoe freeslik wêze, hwet him nou to

wachtsjen stie. In stream fen ellinde scoe ’t wêze, dy-t him

forswolchje en miskien wol mei yn ’e bidelte slingerje scoe, hwent hy

wie ommers ek âld en it libben sûnder Hanne like him ta in wei to

wêzen, tsjuster en lang....

Minne Pjirkes kaem yn, in koerfol houtsjes ûnder de earm en snute de

kjersen. Hy seach bidrukt fen de iene op de oare en tocht om fen

middei, de siike sa roerich en onrêstich en det getipel mei de lekkens,

hwet hie ’t him oangriisd! en nou dizze stiltme, swier as in stik

lead.... En hy sette stil-wei in brochje foar minheare del. Dy hie sont

fen ’e moarn noch neat trochkrije kind.

O it hie sa ’n slimme dei west en nou de lange nacht! Doctor Falentijn

scoe noch komme en minhear Baerdt en syn wiif en âlde minhear

Falentijn, dy scoe wekje mei minheare. En mei de trouwe soarch fen de

âld gediende diich ’r in nije koal yn ’e plaetstove en lei twa pakken

kjersen op ’e skoarstienmantel, hwer it moaije forgulde

sinnependúltsje, der de frou sa wiis mei wie, omt se ’r de berteûre fen

al hjar bern op ôflêzen hie, krekt fiif ûre sloech.

„Regnerus!” rôp mefrou Ripperda ynienen en fleach rjucht oerein.

Mei in pear stappen wie hy by hjar en hâlde se sêft yn ’e earms. „Hwet

is der oan?”

„Ik....” hime se.... „ik hear.... de stap fen myn jonge.... myn

jonge.... O Ryklef!” en hja foel werom op bêd, yn ’e eagen noch de

wjerskyn fen blydskip. „De doar fen.... ’e steech.... op.... wiid op,

det ’r ynkomme kin,” flustere se.

En mei tsjinsin gyng ’r nei de gong en hjitte Minne Pjirkes om ’e

gongsdoar op to setten en ’e efterdoar en ’e útdoar nei de Bûnte

Bargesteech.

Hja hearde it en lei nou wer stil, it forfallene âldwyfke kopke

hielendal skean op it kjessen mei ’t gesicht op ’e keamersdoar. De

wangkjes sa biklonken en de eagen sa frjemd wûnderlik, Regnerus

Ripperda bispeurde ’r kenber al it mark op, hwer in frjemde, wrede gast

elts minske ienkear yn syn libben mei teikent. En hy biet him op ’e

tosken, om syn ellinde net útskreauwe to hoegen. Den machteleas to

stean! den net fechte to kinnen tsjin dizze geweldener!

Ynienen.... syn hert stie hast stil. Der wie it, it frjemde, it

bjusterbaerlike. Hy hearde ek it lûd fen hastige stappen fierôf yn ’e

hûs, it slaen fen ’e doarren, Minne syn bliid lûd, it oanslaen fen ’e

houn, al tichterby de stappen.... yn ’e foargong.... nou deun by

him....

En do in breed great skaed foar ’t bêd, mei alle gewelt it lytse

figuerke kearende, det der ôf woe en him nou yn ’e earms hinge.... In

skynseltsje fen alear.... in triljend swak skynseltsje.

„O myn jonge.... lytse jonge....” hearde ’r hjar snokkerjen. En do....

in stiltme, in blide sêdde stiltme.

Hy gyng der stil út. Hy hie syn wiif to ljeaf, om hjar dizze lêste

freugde op ierde net allinne to ginnen en hy joech him teantsjende ôf

nei syn opkeammerke ta, hwer ’r syn boeken en munten hie en skouwde in

greate stoel by ’t fjûr en lies de post, dy op ’e tafel lei al sont in

lyts wike en hwer hy noch net in each op slein hie.

Lokkich, ’t wie net folle sûnders. In pear brieven fen lânhierders en

ien fen in húsman, dy-t wol hwet jild ha woe for in nij steedtsje en

ien fen master Marten Joukes fen Driesum. Dy stiek ’r hânsum yn ’e bûs,

om joun let to lêzen as minhear Baerdt der ek wie. De syktme fen syn

wiif lei sa it near op alles, det selst de pollityk rekke op ’e

eftergroun. Hy koe him net mei soks bimoije, nou-t hja der hjar slimme

stryd oan ’t striden wie en hy neat foar hjar weinimme koe.... Hwet

hiene se togearre al net mei inoar trochmakke, trochwraksele sims,

inoar moed ynspritsen, as it leed sims hast oan ’e lippen ta stie en

togearre ek de freugden dield, dy-t houlik en de bern hjar ek sa ryklik

joegen. En faken, den hiene se ek togearre bidden.... Dy greate

binnekeamer, fier fen alle gewoel ôf, mei syn hege koekkoek, der in

stikje fen ’e loft to sjen wie ef sims in inkelde stjer, der hiene se

hjar eigentlyk libben yn libbe.... hjar ynderlik libben.... sims yn it

deisgewoel forside krûpt as in skruten bern, mar jouns, as de frede

kaem, makke it him namstomear kenber en leine se hjar sielen foar inoar

bleat as guont, dy gjin geheimen for inoar ha, mar frank en frij as man

en wiif inoar yn leed en wille tige nei bistanne.

Hiel sunich teante ’r troch de gong en harke oan de keamersdoar nei it

swiere, woldwaende lûd fen syn jonge. Ho ’n hearlikheit! ho ’n

treasting! krekt nou ’t hy him sa fenneden hie!

Der leine syn redens noch yn in hoeke fen ’e gong en de jachthoun

snuffele al op syn knapsekje om en haffele oan ’e strûp, om dy troch to

krijen. Syn skrandere eagen loerden skean nei de baes, as ’r ek kibjen

krije scoe. Mar dy seach yn ’e oarre-wei, hie syn stúdzje by hiele oare

dingen en tocht net om syn frjeonke en syn boarterij. Stadich gyng ’r

werom en nei de koken ta en hjitte Minne Pjirkes en ’e fammen it

stilswijen oer ’e jonker syn komste. Hja nikten, nimmen scoe ea in wird

út hjar krije, der koe minheare op oan en hy stjûrde Minne mei in

boadskip nei minhear Baerdt. En det wie in nuver boadskip, hwent Minne

hoechde neat oars to sizzen, as det ’r Lukas 15: fers 24 foartdaedliken

lêze moast. „En dû neamst noait derre in namme—ik warskôgje dy.... it

scoe de dea fen myn bern wêze kinne. De mûrren ha earen tsjinwirdich.”

En do koe hy it net langer daeije, hy moast en woe ek it genot ha fen

’t sjen fen syn jonge. En mei lange stappen kaem ’r op him ta en

biseach him op en del, syn bern.... syn dierber bern.... En hy loek him

nei ’t ljocht fen ’e kjers ta en striek him de krollen fen ’e foarholle

en seach him djip yn ’e eagen, hifkjende, soarchjende wei, o sa fol

noed. Ho krige ’r him wer thús? hoechde ’r syn eagen net foardel to

slaen foar dy fen syn âlde heit?

„Is ’t mei God en mei eare, detst hjir wer biste, jonge?”

„Det is ’t, heit,” klonk it der foars en lûd oerhinne út syn mûle.

Einliks fierst to lûd for in siikekeamer, mar hy diich ’t willemoeds.

Mem moast en scoe it hearre, dit tawird op dizze fraech.

En mem hearde ’t. Hja forheuvele hjar in bytsje en siet rjucht oerein

op bêd en seach nei de beide minsken, hjar it ljeafst op ierde en hjar

eagen, al omskimere fen in fine frjemde dize, as dânsen der tûzenen

michjes foar hjar om, stoarren stiif nei de kroeze brune holle fen hjar

jonge yn syn ienfâldich skippershabyt. En as in fisioen gyng ’t hjar

foarby, ho-t hy der nêst in set noch stien hie yn syn kleurige unifoarm

fen prinselike rutersman en de lange dagen fen it wachtsjen kamen hjar

foar de geest, de langen, de o sa langen....

Nou wie it allegearre dien, det wachtsjen ek.... Stadich sonk der in

nuvere rêst oer hjar hiele wezen, hja fielde hjar foetten dôf en kâld

wirden en hjar foarholle, der kobbele it klamme swit op. Hja woe hjar

noch nei de mûrre ta draeije en foel oerside op ’t kjessen del.

„Mem!” kriet Ryklef.... o memke!” Mei ien sprong wie ’r wer by hjar, de

earms om hjar hinne, de holle deun tsjin hjar oan. It teare lichemke

skokte noch in pear kear op en del, do ien lange syke.... hy wist it,

dit wie de ein.... En hy bigroef de holle yn ’e tekkens fen ’t bêd, om

it lûd fen syn snokken to smoaren....

Minhear Baerdt kaem dy joune en bleau de nachts, sei ’r en in set

letter kaem doctor Falentijn en syn komste allinne wie al in greate

treast. Hy bioardere âlde Ripperda op bêd en folgens bistel fen mefrou

Ripperda sels kamen mefrou Baerdt en mefrou de Witt en âlde Betteke út

it gasthús en leine se ôf. En do-t det alles foarby wie en de frjemde

stiltme fen in deade yn ’e hûs hjar kenber makke, kaem syn heit en

minhear Baerdt en mei hjar trijen wekken se mei Ryklef en wierne him ta

treast.

De oare middei, hast al tsjin de joun, ûndernaem mefrou Falentijn de

reis nei it hûs fen ’e Ripperda’s. It wie hast gjin waer, de strietten

onbigeanber fenwegen de snie en ’e kwalster en it snijde mei fine

flokken aloan en alwei. Sadwaende waerde se mei de greate sleep brocht

en der it boppestel fen it draechkoetske op. It waerde in slim eindsje

riden.

Freark fen minhear Falentijn hie de hânnen fol mei de hynsders, dy-t

der in hys oan krije scoene, foaral by de gledde pipen op en twa fen ’e

sterkste feinten fen Falentijn, Hjarke Ljimmes en Jan fen Proaijen,

hâldden elts oan in efterkant de draechhouten fêst, om it net kantelje

to litten. It siet oars fêst mei swiere izeren bouten yn stevige

pingatten en der wie forwrikken noch forwegen oan, mar min koe ’t net

witte.... En oare dingen koe min ek net witte....

François Falentijn, lyts en griis yn ’e kjeld, stie yn ’e útdoar en

seach de staesje efternei, do-t se fen ein set wie en nou wrottende wei

in paed sochte troch de snie. Hy wist der Pronica yn, de greate

skoudermantel fen hamsterbûnt om en in dikke swarte doek om ’e holle.

En hy wiste Jehannes neist hjar, stil en evenredich as altyd, miskien

wol syn hân yn hjarres.... En hy wist fen in tins, hwer hja nou

allebeide alhiel fen yn bislach naem waerden en it wie net mear om de

dea fen mefrou Ripperda, hwer hja om tochten.... De libbenen fregen om

oanpart yn hjar noed....

En Falentijn, de bidaerde minhear Falentijn syn hert siddere fen

eangstme, nou ’t ’r der goed ynkaem. Mar hwet docht in mem net for hjar

bern? Hy wist, as ’t moast, den scoe Proan for hjar soan, doctor

Jehannes Falentijn yn ’e dead gean wolle mei blydskip! for him en

Doedte Ripperda. En nou dit diich se ek mei blydskip.... hja hinge der

net tsjin oan, gjin amerijke. Ho koe ’r syn ljeave goede Proan der ek

wer yn.... Hwet in rike seine wie him jown yn dit wiif....!

En hy tochte om ’e skieding fen ’e dea, der yn it greate hûs fen ’e

Ripperda’s. Sa scoe ’t ek ienkear mei hjar komme, ien waerde de earste

en de oare scoe der ek sa stean en sjogge de poarte tichtfallen en syn

ljeafs foartgean en stiene der allinne foar to klopjen. En nimmen diich

op en de geande gyng al fierder en fierder foart....

Sa yn ’e prakkesaesje wei seach ’r de sleep by de Piip op gean en der

wer by del en do in smel strietsje yndraeijen. Skoaljonges snieballen

him efternei, ien rekke de swarte klots fen Jan fen Proaijen en barste

der út inoar. Twa huzaren seagen it en joegen de jonges in wan op ’e

hûd, det ’r net om liichde, mar fiks fen rjuchts op lofts.

Hja sloegen oan, do-t se troch ’t gleske Proan en Jehannes seagen,

tocht him en gyngen do hjar gong, de hege learzens batsjende troch de

snie, de berefellene mûtsen oer ’e eagen. Forlittener as sa ’n dei fen

felle froast en snie wie de sted nea. Dy-t net nedich moast, joech him

net op in paed, sa om fjouweren hinne yn ’e winnende skimerjoun wie de

sted suver útstoarn, der hielendal gjin minsken mear, selst gjin houn

noch kat.

En dy tiid binuttige mefrou Falentijn om werom to kommen. Jehannes siet

net wer neist hjar. En hja wie dochs net allinne....

Trije dagen letter, in moaije sinneskyn winterdei, waerde mefrou

Ripperda to hôf brocht en bigroeven yn ’e Greate Tsjerke yn ’e

koarsein. Alle klokken fen ’e sted letten ta eare fen de deade en in

lange rige fen ryk en earm folge hjar nei. Nou diich it yetteris

bliken, ho heech de Ripperda’s yn oansjen stiene by de aristocratie en

it folk. Fen allebeide hiene se de ljeafde.—

Ryklef Ripperda seach se troch it dakfinster by minhear Falentijn it

Breed fen ’e Nijested lâns gean, de lange swarte staesje de wite wei

lâns. De measte lûken fen ’e huzen wierne ticht en do-t se by de

soosjeteit kamen, presenteare de skildwacht it gewear.

Stadich draeide de swarte slinger, hy seach se fierder gean oer it

pypke, de Sint Japiksstriette yn.... En einliks de lêsten, de

alderlêsten.... Hy snokte bitterlyk....

Wol fiif spionnen strúnden yn dy dagen om it hûs fen Ripperda en de

wacht by de poarten hie syn alderstrangste oarders.... Mar dy Ripperda,

dy gledde fûgel, kaem net thús. Dy bleau forsjille. Dea, sei in

inkelden ien, forlit yn ’e frjemdte, miende in oar to witten, op ’e

doele rekke mei in Sigeunerwiif, brocht in tredden-ien fol spot ûnder

de minsken en det wie ’t, hwet monsieur Poppéus fen Rhé syn wiif Anne

op in joun as in nijtsje fortelde. Hja siet to lêzen yn in boek en ho

skerp as ’r ek taseach, hy markbite gjin foroaring yn hjar antlit....

It wie yn syn slutenheit fen sa ’n reine, suvere ljeaflikens, det ’r

oanstryd krige om der mei ien fen syn skerpe neilen in skram yn to

klauwen en ’t to skeinen.... Om se jammerjen to hearren.... en him to

smeken om op to hâlden....

Det scoe minselik wêze.... mar dit.... O ho hate ’r dit iiskâlde panser

fen ’e aristocrate, hwer hy him altyd noch in lyts boargerman by

fielde. Nea scoe se him tastean, to kliûwen yn hjar sfear, for him

wierne de krûmmeltsjes ornearre, for in oaren ien de rike, hearlike

folle byt, loksillich fen goederjowskens jown. Mûltergjend hie ’t der

ticht oan ta west, mar hy hie ’t dochs woan. Kâld gnyskjend tocht ’r

noch ris om dy dagen en it opwinend geniet fen dy stryd.

Hy stie foar de spegel en striek mei de wite plodsige hân oer syn lang

hier. It hinge him suver yn ’e nekke en it makke him somtiden ta in

oanfluiting fen ’e ondogense stedsjonges. „Skareslyp, de skjirre is

stomp”, raesden se den, as hy yn al de gloarje fen syn lange rôk mei

gouden knopen, syn hege hoed en syn stok mei goudene knop foarby gyng.

En op in goede dei, do forfeelde him det. Optheden krekt op dit stuit,

kaem ’t him wer yn ’t sin. Nuver. Hy gnyske der efkes om en biseach him

sels wolgefallich yn it kleare glês.

En tochte der wer om.... It hie him sa forfeeld, det op in goede dei

liet ’r in pear jonges oppakke en yn ’t hounegat smite en der

traktearje op tsjien swypslaggen elts....

Sont hearde min nea mear fen skareslyp en as de jonges him mar seagen,

dûkten se hjar al, naeiden út mei de klompen yn ’e hân.—

Mar de heiten ballen de fûsten, it scoe him sûr opbrekke, ûnthjitten

hja. Hy hie twa fijannen mear. En ien fen dy wie Haeije Trompetter.

It Jubeljier · 第 12 / 32 题