Ryklef Ripperda gyng de wei fan hûnderten oare jonge bazen, dy-t
hjithollich en rapmûllich, hjar to ûnderstean doarsten yn wird ef died
it nije gesach op ’t sear to kommen. En Oranje ôfswarre, det noait!
Syn strydlustige natuer, wend om him frij to uterjen, koe ’t net
útstean, det it near op syn tinzen en wirden lei wirde scoe, it
Sigeunereftige yn syn aerd hage it libben fol avonturen ek wol, al
bitsjutte it tagelyk ek in tobrekken fen alle Ljouwerter bânnen en dos
spile hy dizze Sneine, de 24ste fen Hjerstmoanne de wyk en liet syn
fijannen it neisjen.
It plan wie sá goed bitocht, det it koe net misse, it slagge. Alde,
sutrige klean leine klear yn it húske by de stedsgreft, do mei in
boatsje deroer en gjin healûre letter foun ’r de wite wringe, dy-t him
bitsjut wie en yn it lân der by, fêstboun oan ’e wriûwpeal, it moaije
jonge foshynsder, det him fierder bringe scoe. Syn klean wekken al
troch en for-’t earst yn syn libben bikroep him in gefoel fen
iensumheit der sa lykme allinne op ’e âld hearrewei yn ’e Tyttsjerkster
petten, hwer syn hynsder by tiden suver oan ’e fiterlokken ta yn ’e
modder weisakke en ’t wetter om him hinne brûze en bearde, as scoe ’t
him sa mar forswolchje.
Mar hy hâldde de moed deryn en do-t de dage noch net iens oer ’e loft
gyng, draeide hy de Harstewei op, de Iestrumer kant út. Der wie nearne
in minske to bikennen. De melkers wierne noch net yn ’t lân, de fûgels
swijden noch yn ’e wiete beammen, dy-t hjerstich roeken fen wyljende
bledden. De stoarm wie lizzen gien en forroan yn in rûzige hege wyn út
it Noard-Westen.
Noch in eintsje, der riisde út ’e flauwe dize fen ’e neinacht de
Iestrummer toer. Hy sette it hynsder oan.... efkes seach ’r in biwyske
fen ’e bakker syn nachtmûts oer in ûnderdoar, oars markbite ’r nimmen
en ’t frije fjild mei syn skadige beammen en forhoalene loantsjes naem
him wer yn syn hoede.
It earste skimerich moarnljocht weage nou as in teare sulverstream mei
sêfte deining oer ’e tsjustere wolkensé, forinnige him ta kleur en
djipte fen fyn opael, grien en fleiskleurich en bleek-blau. In pear
lânbreedten fen him ôf lei de mar, in tsjustere heimenis yn ’e
bislettenheit fen syn reidbigroeide bochtige iggen. En ûnder út det
tsjuster wei skeat ynienen in goudene streek.... waerde breed lutsen yn
’e greate ljochtleaze iensumheit fen it Easten en forbrede hjar o! sa
njonkenlytsen ta de tinende rounte fen ’e sinnebol.
De sinne kaem op.... en in set let stapte Ryklef Ripperda syn hynsder
hiel foarsichtich op ’e útslitene bâlstiennen fen Foppe Lieûwes syn
efterhûsstriette.
De bûthúsdoar gyng sunich op.... Foppe-om kipe om ’e hoeke.
„Alles goed, jonker?” lustere ’r. „Mar gau yn ’e hûs,” en in ûre letter
sakke Ripperda yn ’t goezzeplûmmen bêd fen ’e foarkeamer wei en hearde
noch heal yn ’e dod it lûd fen ’e tsjerne en it sleauwe geklos fen ’t
âld hynsder op ’t liem fen ’t tsjernpaed. Do rekke ’r yn ’e sliep.
De earste dei fen syn ballingsskip.
Ljocht en read gyng de dage oer ’e loft, de klysters setten op ’e
hagebeam ta by Foppe en dy ’s op ’e dyk, in lette fûgel bigoan to
fluitsjen.... jong en lokjend.
En nei in wrede dei fen rein libbe nou de wyn breed en fol yn
neisimmerrûzing oer ’e mar.
En dy wie as ien glinster fen goud.
„Hinneboer! hin-ne-boer!!” raesde in jonge Foppe-om efternei. Dy roan
deabidaerd troch mei syn pypkoer oan ’e earm, it antlit heal biskûle
ûnder it breedskadich hoedtsje. It lûd fen ’e bistoude fetlearen skoen
klonk op ’e stille striette.
Twaris roan ’r de Wirdumer dyk op, mar slûpte do tomûk it Ayttasteechje
troch en roan de Weaze wer del oer ’e Brol, de Heechstriette yn, nei ’t
hûs fen Berdeau.
Berdeau siet great en breed op in skammel, in stik baelsek foar en
pluze de lêste fearrepylkjes út it fel fen in stikmennich sinze
petrizen. Dy-t him joun sjen scoe, it stemmich swart lekkens kammisoal
oan mei de sa fier weisniene pânnen, det it mear fen in swellestirt hie
as fen in fetsoenlike jas, de swartsidene doek yn in losse frânske
strûp ûnder it fette ûnderkin, de hoed mei de trijekleurde cocarde in
dripke skean op it roetswarte hier, in miniatuer guillotine oan ’t
horloazjeket.... scoe ’t net oan wolle, det dit ien en diselde man wie.
Mei de klean teach ’r in oar wezen oan, oare menearen, ja! selst in oar
lûd. Hy waerde smidich, liet mei him omfodzje as in jong kat, dy-t syn
neils noch net folgroeid binne en roan as in janefod for de hearen, ja,
as for boantsjelap liet ’r him brûke der yn ’t hege hûs[4] foar de
Waech oer, hwer se jouns forgearren ta eare fen Liberté, Egalité en
Fraternité.
[4] In ieuw letter biwenne fen notaris Albarda, nou fen B. Ph. baron
fen Harinxma, âld commisaris fen ’e Keningin.
In liipen-ien, brocht ’r it earst al dûkende wei yn nederichheit ta
oandrager, kleau do stadich—o min markbite de rukjes hast net! ta
skriûwer fen ’e hearen en wist it mei redsumens en gebektens al gau sa
fier to krijen, det ’r der hoatus en toatus waerde.
Helpers binn’ der oeral.... for in pong fol rinkeldaelders scoe ’r
selst syn frjeon nou wol forriede wolle, ast him sels mar op ’t
stoeltsje bringe koe.
„Ek nijs yn ’e Wâlden, húsman?” frege ’r mei in fyn gnyske.
„Nou né, andere Foppe-om en sette de pypkoer op ’e toanbank. „It nôt is
yn fensels en it fé noch net op ’e stâl. En de beane en earte jowe in
goed biskot.”
„Hwet male my beane en earte! De pollityk, man! der freegje ik nei!”
raesde Berdeau.
„Ja nou,” sei Foppe-om dimmen, „dy bouwe wy net,” en hy seach sneu en
helle bidachtsum de einefûgels ûnder ’t gêrs wei en telde: „trije,
fjouwer.... seis binn’ der, keapman. Is dy pollityk altomets in nije
frucht?” hifke ’r foarsichtich.
„De pollityk is gjin frucht, ezel,” skreauwde Berdeau, „it is de
staetkindige, ja einliks ek net, de bidoeling fen ’e staetkinde....”
„Keapman wit it likemin as ik-sels fen ’e moarn,” sei Foppe-om wiis,
striek syn jild op en sei goe-dei. Hy wist it nou, de greatste
speurhoun fen ’e patriotten wie thús, hjir hie hy fen ’e moarn neat fen
to duchten.
Op’t Waechsplein seach ’r al fen fierrens de wide mantel waeijen fen
Ulrich, de jeneveroaljekoop, drok oan ’t kjizzelûken ef
hoarnbrilpassen. It stie der fol, de ljue wrotten en krongen yn inoar
om as hoannebijen foar ’t nêst. Ulrich feile nou syn fleskes út mei gûd
for kjeldrige hânnen. Hja fochten der hast om.
Der ynienen foel syn each op ’e âld man mei syn wyt hier. Foppe-om sei
neat en hy ek net, ien amerij hâldden se inoar yn ’t fesier.... do
joech Foppe-om him wer ôf, de Piip oer, nei Falentijn’s ta, gyng troch
’t foarhús, oer ’e plaets en nei de weverij. Der stie ’t hinter troch
twinter, it like wol, as scoe hjir wer de wolle fen in hiele provinsje
to plak moatte. Yn in ynsprongkje fen ’e lange tsjustere gong stie
Falentijn op in âld stoel en rôp en telde mar wer oan, de hiele moarn
al en mei greate gjalpen streame de stream fen wolle ta ’t hûs yn,
biret en onbiret. It roek ’r fet en krûdrich en topkes wolle waeiden yn
’e foarein op en hingen yn ’t túntsje oan ’e roazebeammen. De fammen yn
’e spinnerij songen al wer fen „Sinte Severius, det ’s ús patroan,”
hwent wie ’t hast gjin 23 October, syn nammedei? Boppe alles út klonk
it doffe, ienlûdige geklos fen ’e weversspoellen, hûnderten, dy-t as
skuitsjes skearden troch de stiif spande skearings. It wie de sang fen
it libbene, jaende, fleur bringende wirk.
Foppe-om kaem der stadichwei oan en gyng do Falentijn foarby, wylt ’r
him stiif oanseach. Do bigriep dy, like goed as Ulrich it bigrepen hie,
Ripperda wie oer ’e grins yn feilichheit.—
Nou gyng Foppe-om stadich by ’t bolwirk op. Do-t ’r der wie, fielde ’r
yn ’e bûs. It rissele der noch.... do glimke ’r op syn egenaerdige
menear, de fine lytse mûle hwette spotsk, en sette de stap derûnder,
steechjes en strietsjes troch. Sims roan ’r itselde paed werom, om den
ynienen in frjemd krûpyn yn to swaeijen en wei to wirden efter in âld
hûs ef in hok, der min in barchje gnoarjen hearde. It wie hjir de
efterkant fen ’e stêd, smoarch, sutrich en earmmoedich. De huzen stiene
troch inoar, as wierne se út in doaze fen berneboartersgûd hjir sa
delsaeid.... sims sprong de bochtige lynje fen dy âlde gevels in foet
trije tobek.... min seach in hoekje grien, in blikje, in hinnehok en
derefter de greate sted mei hjar toerren en hege huzen, hjar geskrip en
geskreau.
En oan ’e oare kant, oer ’e stedsgreft it moaije, soune hjerstlibben
fen it fjild en der spande him in himel oer, sa blau, sa klear, as wie
’t yette simmer. En Wynmoanne wie ’t, de 16e fen Wynmoanne.
Foppe-om bleau ynienen stean, loerde tomûk alle kanten út en wie do mei
ien stap binnedoar, yn ’t great foarhús fen in âld hûs.
„Bin ’k hjir by Pytsjemoi?” sei ’r hiel sunich. „Pytsje!” rôp ’r do
hwet lûder en rattele efkes mei de klink.
„Kom mar harren,” waerde der andere, de keamersdoar gyng op en in âld
wyfke, in greate kaei yn ’e iene en ’t ierdappelskyldersmeske noch yn
’e oare hân, sei koartwei: „It wird, húsman?”
„Goudtsjeblom,” andere dy optslach.
„Och, ús mefrou wachtet al sa ’n skoft!” en ’t âld minske slofte foar
him út, de tsjustere gong lâns troch in leech bûthús en do kamen se
efterhûs op ’t hiem. It wie ien fen dy lytse boerkerijkes, dy-t min in
hopen fine koe binnen de mûrren fen ’e sted. Foppe-om hie de stallen
teld, acht koene der stean en ien hynsder, mar ’t wie allegear sa
binypt en lyts en tsjuster.... dy-t de romte wend wie, scoe hjir
omkomme moatte yn sa ’n krûpyn. Mar de groun wie hjir djûr en ’t
koumelkers-affearen smiet skoan op. Ornaris boerken se hjar ryk, waerd
der wol fen sei.
Hja kamen nou foar in hege túnmûrre mei in skerpe ôffreding fen stikken
flessen en glês der op. Hy seach al hwet skean, de jonker hie him alles
oars sa goed bitsjut, ho-t hy by heites komme koe, sûnder det de
patriotten der erch yn hiene, mar fen sa ’n mûrre hie ’r net praet. Syn
swijgsume paedwiister rearde hwet takkebosken en âlde planken oan kant
en draeide do in doarke fen ’t slot, det der efter biskûl siet en det
wie sa lyts, det Foppe-om koe him der amperoan trochwine. Do stie hy yn
’t greate tún fen Ripperda’s, der hy alle beammen al fen koe, sá hie de
jonker der fen sitten to fortellen. Wie ’t net it âldershûs? it tún fen
syn jonkheit? Nou syn foetten de paden net mear lâns gean koene,
biweefde in tear, sêft forlangst it as mei heimige hearlikheit yn syn
binnenst en forknotte it mei de moaijste tiid fen syn libben.
Hwet wierne dy âldeljue op ’t snjit! Einliks tynge.... Ryklef soun!
frij! yn feilige haven! Dy lange brief, sierlik steld yn ’t Frânsk, yn
’e kleurige styl fen in waerm, kinstsinnich minske as Ryklef Ripperda
wie, wol fjuchtersbaes, foaroanman earst, mar likegoed ek mei in iepen
each for alle moaijs fen ’e wrâld, noch sá jong yn syn eagen fen seis
en tweintich jier—ja dy lange brief wie hjar as in frisse lafenisse nei
in waerme binaude dei.
Mefrou Ripperda aeide efkes stil-wei oer ’t pompier, eart se bigoan to
lêzen fen ho-t syn reis west hie dy nachts en ho-t Foppe-om him let en
set hie tsjien dagen lang, deis op ’e kousouder en jouns, o! as de
skimer kaem en hy troch ’t lyts finsterke de sinne sinken seach yn ’e
mar! ho-t hy den by de ljerre delkaem en by Foppe-om syn hird siet. It
folk wie foart, gefaer wie der net en Poai, de húshâldster, Foppe-om sa
tagedien, det dy scoe neat forklappe. Hwent it hie Foppe-om syn
deafonnis beteikene. Ripperda stie op ’e list.... dy-t him dos
biharbarge, krige de kûgel.
En hja lies fierder, de âlde eagen hiel ticht op it stevige pompier....
ho-t det tsjien dagen oanhâlden hie, tsjien lange dagen fen eangstme en
freze, it libben sa to sizzen oan in fyn siden triedtsje en ho-t do op
in joune let, einliks yn ’e foarnacht al, Foppe-om en hy de iensume
paden lâns knoffele wierne nei ’t Bouwekleaster ta, nei Wolmoet en
dy’s. It wie der sa ’n wrâldforgetten hoekje, hjir foun him nimmen en
hwa scoe den ek noch sa ’n hege riddersman sykje yn ’t hûs fen twa
frouljue?
Hjir dijde it egentlike plan ta died. Hja hiene der gignút fen heard,
de hearrewei fen Ljouwert nei Grins, der roanen gâns oandragers op om,
allinne om ’e preemje to krijen, steld op syn holle, dy oproerkraeijer
sines, dy-t as ritmaster fen eren Syn Doorluchtigheits lyfregiment
Oranje-Fryslân nou de hoarnen yn ’e wâl stekke doarst hie en syn
soldaten oansette om ek nea trou to swarren oan it nije gesach. De
poartwachters to Grins krigen nije oarders en in pong mei goud yn ’t
útsicht, as se dy goocheme fûgel yn ’e knip krigen. To Delfsyl, der wie
gjin sprake fen, in boat to krijen nei Emden ta, it lân fen ’e
frijheit, der Ripperda hinne woe, om den syn tsjinsten oanbiede to
kinnen oan ’e kening fen Prusen.
It ware him nou ynienen hielendal net mear yn ’e kaert, alles roan wan
en hy waerde der al hwet mismoedich ûnder, do kaem Foppe mei twa helpen
opdaegjen, in nij plan waerde opset en dizze brief biwiisde it.... det
slagge.
Syn lange krollen, mem koe se, skreau ’r bizich, sneuvelen ûnder
Lysbeth hjar skjirre, hy waerde sa keal skeard as in jeneveroaljekoop
en do moast ’r syn antlit ynsmarre mei it ôfseane wetter fen
nutebeamsbledden.
„En de hânnen foaral,” sei Lysbeth, „dy wite hearehânnen moasten him
foaral en bilieven de dea net dwaen,” en ’t hipte nou nau. Allegear
stiene se der om hinne yn ’t âld binhús fen ’e boerkerij yn ’t
Bouwekleaster, Foppe-om en Lysbeth en Ulrich, de jeneveroaljekoop, dy-t
it earst mei ’t útstel for ’t ljocht kaem wie en Bindert Japiks, de
bûrman en Wolmoet, dy-t it einliks wol hwet moide, det hjar gast fen
trije dagen nou sa ynienen fen in hege hear him forminderesearje moast
yn in earme omrinder en yn in hoekje by de skerm, Anders, Anders fen
Twizel. De sucht nei aventúr waerde wer wekker yn him.... hy diich gjin
lichten, hy woe mei de jonker en bringe him oer de Eems. Foppe-om
abbeleare der wakker tsjin fensels, mar hy twong en flaeide en eamele
sa lang, det hy rette it en krige syn mem ek noch sa fier, det dy joech
’t tawird ek.
Hy hie in âld fioele en koe ek mei de fluit omgean en ’e triangel en as
sa ’n ien reisge yn ’t selskip fen in jeneveroaljekoop, peare det net
sa min. Reisbere ljue allebeide, dy-t hjar gewin fen ’e streek ha
moasten. De jonker paste Ulrich syn klean.... en do-t hy de lange
pelgrimsmantel om hie, de greate hoed op, dy-t hast it hiele gielbrune
antlit yn ’t skaed sette, de hege learzen oan en ’t masterkistje mei
medicamenten oan ’t seel oer ’t skouder, moast it al in bitûften
loaitser wêze, dy-t yn dizze goe-man in hege hear formoede.
Yn skimermoarn bigoan de reis. Foppe-om gyng earst noch foar yn ’t
gebet.... it moed wie him fol waen, skreau Ripperda, do-t der yn det
frjemde hûs troch dy man, dy-t him frjemd wie, mar allinne forboun
troch ien ljeafde, dy for Oranje, sa innich smeke waerd om him in
ginstige reize to jaen en in bihâldene thúskomst by syn folkes.
Swalkjende wei gyngen se do oer ’e greate heiden, de hearrewegen
mijende en de doarpen en oersetten en nei in biswierlike reis fen fiif
dagen stiene se twarissum foar ’t wetter, tichte oan ’e Eastergrins, to
Oterdum.
’t Geswalk yn rein en wyn, de lange dagen, it sliepen nachts yn in
blokje hea ef yn in âld hok, hie hjar ’t loaije fet wol fen ’e bonken
jage.... hja wierne nou in pear echte, earme landlopers. Hja loeken de
milriem al ris oan, mar de mage liet it hol-rotteljen net en omt se de
doarpen skou wierne, moasten se it ornaris fen jowne jeften ha en det
soppe ek al net sa rûm, hwent de Frânske bilêstings ûnderhâlden der de
ljue ek al as de tredde-deis koarts en hja doarsten ek net to folle to
keapjen, bang, de folle pong koe hjar ris forriede.
Hja hâldden der sahwet de hiele dei ta, gnúvden alles nei en wierne al
gaueftich wys waen, det der wenne yn in forfallich húske yn ’e
dyksherne sa’n âld sérobbe, Luitjen Klaes hiet ’r, dy-t it net folle
skille koe, ho-t ’r oan jild kaem, as hy ’t mar krige. De joune stieken
se ’r op los en in ûre letter, wylst de wyn oanboaze ta in
Súd-Westerstoarm en der koppen stiene op ’e Eems fen komsa, dobberen se
op it frije wetter en kamen de oare deis wolbihâlden to Emden.
Derfendinne gyng ’r mei de postwein oer Aurich en Bremen nei Hamburg en
nou scoe de earste tynge, dy-t se wer krigen, wol wêze út Potsdam.
Sa wie de ein fen syn brief en Foppe-om fortelde fierder, Anders hie
dit great brief fen ’e jonker noch meikrige, liet him oersette nei
Delfsyl ta en spile do ûnderweis op hûs ta alle jonge fammen ta de
huzen út. Hy mijde nou de doarpen net en roan gâns duiten op en
dûbbelstûren en sims wol fijfjes. En ’e lêste deis fen Grins nei hûs
hierde ’r in plak yn ’e postwein en sa kaem ’r wer thús en diselde
joune hiene se trijersum, Wibe Lubberts en Anders en hy in glêskefol mé
dronken op ’e bihâlden reize fen ’e jonker.
Mefrou Ripperda siet noch mei ’t brief yn ’e hân, yn wûnderlike
birêsting wie hjar herte stil. Alle skieding is ommers mar de ôfskading
fen in oare, greatere skieding en ho inniger it ien-wêzen, namsto
smertliker it hinnegean. Nou socht hjar jongste syn libbenspaed, strak
ansens scoe ’r him foegje by de fijannen fen ’e Frânsken en hja scoe
him yn lang net weromsjen, yn lang net en as ’r den weromkaem, scoe se
nei him útsitte to sjen hjir foar itselde finster, der se nou syn brief
lies, de brief fen hjar ljeafste bern.
Ja nou! al yn ’e smerte fen ’e skieding wie de hope ek al wer berne! Hy
libbe! wie frij! wie jong!—
Hwet waerde Foppe-om der dy deis let en set! Hy hie ’t der as in prins!
en diselde middeis kuiere ’r wer op hûs ta, in moaije silveren
snufdoaze riker, dy joegen se him as in forearinge for syn bystân en
Wolmoet krige in sierlike sulveren knipper en der in kralene tas oan.
En Anders en Ulrich? Dy rattelen for ’t earst yn hjar libben de
dûkaten[5] ris yn ’e bûs.—
[5] In dukaet: f 5.—.