Ik seach for ’t lêst de fjilden oer,
Der yn ’e fierte stie d’ âld toer,
En by him lâns der streame it Wiid,
....O gouden jeugd! o bernetiid!
Der boarte in bern, der waerd’ hy great,
En wist fen leed en smerte neat;
Nou wit hy alles.... ’t hert waerd’ kâld,
Hy ken de minsken en ’e wrâld.
O koed er wêze noch sa ’s ’t bern!
Mei ’n berneëach dy wrâld bisjen!
Hy hie der skatten wol for oer,
Dat bernelok by d’ âlde toer!
1905.